De Hoara's fan Hastings
(1992)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermdProduksjeDe Hoara's wie klear yn 1909, mar ferskynde earst tolve jier letter, yn 1921. Wêrom't it sa lang duorre hat, ear't de skriuwster mei sa'n belangryk boek foar it ljocht kaam, is net rjocht dúdlik. Ik ha earder alris skreaun dat se mooglik wachte hat oant har âlden wei wienen, omdat der nei alle gedachten frijwat persoanlike dingen oer de famylje yn steane, mar doe wist ik noch net dat se fuort yn 1909 al besocht hie om it manuskript yn ôfleveringen yn it Selskipstydskrift Swanneblommen te krijen. No tink ik earder dat it wachtsjen te krijen hân hat mei jild en sunichheid, om krekt te wêzen: mei har idee dat se eins fertsjinje moast op har publikaasjes en yn alle gefallen der gjin jild by ynsjitte woe. It hieltyd letter datearjen fan it ûntstean fan it boek, sa't se dat tusken 1909 en 1921 die, soe sa besjoen útlein | |
[pagina 217]
| |
wurde kinne as in besykjen om de yndruk wei te nimmen dat it boek al jierren lein hie ear't it publisearre waard. It publisearjen yn 1909 stuite ôf op de omfang en de priis. It Selskip joech altyd 50 sinten de side en woe dêr ek yn dit gefal net fan ôfwike, ek al hie se de 75 sinten dy't se frege, mei arguminten bepleite: ‘It scoe my moije, as dit nou for de twadde kear [skreau se yn 1910, doe 't se it nochris besocht om it yn Swanneblommen te krijen] wer op neat útdraeije scoe, mar ik kin 't ek net oer myn hert forkrije, stikken, der ik sa'n bulte wirk op dien ha, ôf to stean for diselde priis as de biskriûwing fen in reiske mei de fyts ef de boat, der min neat fen oerhâldt as det hja iiten en dronken en sliepten en oer ôfwaeide dingen praetten’. It oanbod om it wurk mei stipe fan it Selskip as boek út te jaan, gong se net op yn. Miskien hat dat gearhongen mei it feit, dat se ûnderwilens besletten hie om in kar út har earder al publisearre wurk út te jaan. Dy kaam as Ruth ek wier yn 1910 noch út. Dêr hie se sels jild ûnder, en ik gean der tenearsten fan út dat it gjin tafal is, dat se earst yn 1919, itselde jiers dat Ruth útferkocht rekke, risselwaasje makke om de Hoara's út te jaan. Se frege earst noch wol by útjouwers yn Fryslân nei de kondysjes, mar it waard wer de Bruorren Hoitsema yn Grins. Dy hie se kinnen leard doe't se yn 1910 Ruth by M.O. Jongbloed fan Ljouwert útjaan litten hie. Jongbloed hie nammentlik gjin parse en liet it boek yn oerlis mei har printsje by de Bruorren Hoitsema. Utjouwer yn de eigentlike sin fan it wurd hat Hoitsema nea west, hy printe allinne mar foar rekken fan Simke, dy't sels de ferkeap yn hannen naam en sels de prizen fêststelde. De Hoara's ferskynde yn in oplage fan 800 (of 850) eksimplaren. Der waarden twa útfieringen fan makke: ien yn wat wol mei rjocht neamd waard in prachtbân, dy't fiif gûne kostje moast, en ien ynnaaid en foar trijeëninheale gûne te krijen. It boek wie te keap by de skriuwster sels, by de boekhannel fan de Jongfryske Mienskip yn Ljouwert, en fierders yn alle gefallen ek by Osinga te Boalsert en by Van der Velde en by Meijer | |
[pagina 218]
| |
en Schaafsma te Ljouwert. It rûn hiel goed, want it rekke al yn 1926 útferkocht. Dat wie twa kear sa hurd as Ruth, en dêr wienen mar 300 fan printe. En wer, lykas yn 1919, makke se datselde jiers noch wurk fan it útjaan fan in nij boek, It Jubeljier, krekt as hie se wer salang wachte oant it oare útferkocht wie. Mar dat is dochs net sa wis, want dêr wie se wier doe noch mar krekt mei klear. By alle súkses dat de Hoara's hie, is it frjemd, dat it oant 1940 ta duorre, ear't in twadde printinge ferskynde. Douwe Kalma, dy't har foar 't neist better kinnen hat as ien oars, sil wol net fier mis west hawwe doe't er by it útkommen skreau: ‘Het heeft verwondering gewekt dat dit niet al veel eerder is geschied. Het in 1921 verschenen boek was met groote dankbaarheid ontvangen, en in korten tijd uitverkocht. Terwijl Brolsma's nog steeds meest representatieve werk It Heechhôf druk na druk beleefde, scheen de schrijfster van de Hoara's de mogelijkheid van een nieuwe uitgave van haar hoofdwerk met weinig geestdrift te beschouwen. Vermoedelijk heeft zij gevreesd dat een al te groote concentratie van de belangstelling op de Hoara's, haar latere werken een minder goede kans zou geven, maar de eigenlijke oorzaak van haar houding zal toch wel dieper gezocht moeten worden: zij was vervreemd, zonder tot een uitgesproken afwijzing te komen, van de levensbeschouwing, vooral van de maatschappij-waardeering die nog bij het schrijven der Hoara's de hare was geweest. Er is in de Hoara's nog een duidelijke socialistische tendenz, late nawerking der Friesche tachtiger jaren, die de schrijfster van It Jubeljier wel eenigszins moet hebben gehinderd’. De skriuwster mei dan net ta werútjaan beslute kinnen hawwe, ferbean hat se it ek net. Alhiel neffens de betingsten dy't de skriuwster har by testamint oplein hie, skreaunen de reginten fan de stichting dy't se nei har dea ynsteld hawwe woe, fuort yn 1939 trije útjouwers yn Fryslân oan, dat wa't fan har it heechste bod boppe de fjouwerhûndert gûne die, de rjochten | |
[pagina 219]
| |
fan it útjaan foar ien kear krije soe. Kamminga fan Dokkum liken de betingsten wol nei fleanen, en hy koe net litte om te sizzen dat neffens oaren de Hoara's net helje koe by De sûnde fan Haitze Holwerda fan Ulbe van Houten. Brandenburgh fan Snits griisde ek tsjin de priis oan, mar naam it foar fjouwerhûndert gûne oan doe't er wissichheid hie dat de KFFB it boek yn syn rige opnimme woe. Dat hie noch wol even in punt fan diskusje yn it bestjoer west, benammen foar A.M. Wybenga, dy't fûn dat it boek net paste yn de doelstelling fan de KFFB om wurk ‘fan eigen folk foar eigen folk’ út te jaan. Mar der siet ek net folle oars op as de Hoara's te nimmen, want der wie oars gjin kopij. De útjefte, dy't yn 1940 ferskynde, waard wer in súkses. Hoe grut oft de oplage west hat, is net bekend (de KFFB naam seishûndert ôf), mar al nei twa jier wie it boek wer útferkocht, dat yn 1943 folge de tredde printing, ek wer by Brandenburgh. Fan in oersetting yn it Nederlânsk, dy't Brandenburgh ûnderwilens troch Sjoerd Leiker meitsje litten hie, kaam neat, omdat de reginten mei Douwe Kalma fûnen dat dy de skriuwster gjin eare oandwaan soe. Nei de oarloch brocht Brandenburgh earst It Jubeljier wer út en pas yn 1950 kaam er mei de fjirde printing fan de Hoara's. Dêr krige er spul oer mei de reginten (it gong om it al of net tasizzen dat er it boek wer foar fjouwerhûndert gûne útjaan soe), dat by de fyfte printing waard hy passearre en gongen de reginten mei de KFFB yn see. Alhiel fan herten dienen se dat net, want it nivo wie har eins wat te min foar de Hoara's. It wie 1962 en de KFFB hie doe gâns krityk te ferduorjen op de literêre kwaliteit fan syn útjeften. Mar dy koe derop wize dat it roer omgong: net allinnich de Hoara's, mar ek wurk fan guodden as Teatske Alzum, E.B. Folkertsma en J.J. Kalma stie foar 1963 op it útjefteprogramma. Der waarden 3250 eksimplaren printe, 1750 foar de KFFB en 1500 foar de printer-útjouwer Osinga. De Simke Kloostermanstichting barde gjin bedrach yn ien kear mear, mar krige fan elk ferkocht eksimplaar sechstich sinten. | |
[pagina 220]
| |
Osinga brocht mei subsydzje fan it FúF yn 1978 en yn in oplage fan tûzen eksimplaren in fotomeganyske werprinting fan de fyfte printing út, dy't yn 1984 útferkocht rekke. No ferskynt it boek dan - yn 2000 eksimplaren - foar de sande kear, wer mei subsydzje, mar bûten de Kloostermanstichting om, want auteursrjochten ferfalle fyftich jier nei de dea fan in skriuwer. | |
EdysjeLykas yn har eardere kontrakten mei útjouwers, liet de skriuwster yn har testamint fêstlizze dat neat yn nije útjeften feroare wurde mocht, útsein yn de stavering en dat it wurdsje ‘laei’ ynstee fan ‘lei’ net brûkt wurde mocht (dat lêste wie bard yn Frisia 1919). Dêr hawwe Douwe Kalma, en letter dûmny A.D. Wumkes, dy't se as tekstbesoargers oanwiisde, har fansels oan holden, en dat is no wer dien. Ek as it net yn it testamint stien hie, soe de redaksjekommisje fan dizze rige net oars wollen hawwe. Dizze útjefte is in werútjefte fan de earste printing. As der twifel bestie oft in foarm al of net in printflater is, waard it hânskrift rieplachte. Utgongspunt by it omstaverjen hat hanthavenjen fan de útspraak west. Yn twifelgefallen (dy't har foaral foar dienen by ynsidintele staveringen) is neifrege wat tsjintwurdich de útspraak yn Twizel is. Om't by ‘der’, dat de skriuwster allinnich mar brûkt, ek as se grif ‘dêr’ (lang of koart) sein hat, net yn alle gefallen út te meitsjen wêze soe wat de útspraak west hat, is dat wurd net feroare. Farianten, ek yn fierders gelikense wurden, binne stean bleaun as se net ûndûbelsinnich as flaters op te fetsjen wienen (ont/ûnt, ea/ê, egen/eigen en sa). Stomme letters binne ynbrocht (nepes- is neperts- wurden), mar gjin letters binne tafoege as dy ta staveringsútspraak liede kinne soenen. Dat lêste soe foaral by frjemde wurden foarkom- | |
[pagina 221]
| |
me kinne. Sa is fan ‘reslút’ gjin ‘resolút’ makke. Foarmen fan ûnbekende wurden, dy't net yn it Wurdboek fan de Fryske taal steane, binne foar it gemak fan de lêzer omstavere nei de foarm dy't dêr al yn te finen is. Dat docht him in hiel inkelde kear by frjemde wurden foar, lykas by ‘pysjon’, dêr't fan de s in z makke is. Om de lêsberheid binne grutte oergongen binnen haadstikken troch in rigele wyt oanjûn, sa't ek al yn de eardere printingen bard is.
Ph.H. Breuker |
|