It wreidet ûngelikens
Yn in jier tiid kin der hiel wat barre, as it der op wierret. Dat de jonge froulju fan de fetweider op it útfleanen stiene, wie bekend, mar dat it sa gau syn beslach krije soe, hiene hjasels net ienris tinke kinnen en Feike en Houkje jitte minder.
Fokje allinne is jitte net troud. Dy is wer yn 'e hûs komd, doe't Geeske derút gyng. Hja helpt mei yn 'e húshâlding en yn 'e buorkerij. Ferline winter is hja ûnder de kij rekke, hat it melken leard, en no is se folslein boerefaam op it spul fan har âlden. It wachtet der fansels op, dat se dêr boerinne wurdt, dat is sa klear as de dei. Keimpe tsjinnet by in boer net fier ôf. Hy komt no alle sneinen en soms ien, twa kear yn 'e wike. Dan buorket er mei de lytse sultan, tegearre geane hja by de kij en alle oare fee lâns.
Dêr kinne se it dan ek aardich oer iens wurde. Oer it brûken fan it lân tinke se net gelikens.
‘Do moatst skielk myn bêste finnen net útmoargelje, mei dyn keunstdongstruierij, heite,’ hat Feike yn 't foar alris te kennen jûn.
‘Ik sil goed op it lân passe, Feikema, en der wol noed foar stean.’
‘Wy sille it mar ôfwachtsje. Myn weidlân op it fjild krigest net. Dat wol ik sels hâlde.’
‘Oars gean ik ris nei de Tsjallema's om jitte in pear stikjes los lân. Wat tinkt jo dêrfan?’
‘Do kinst it besykje. Moatst har mei ferstân oankomme en dan kin it bêst losrinne. Mar it is fansels krekt sa't it falt.’
‘No, dan behelje ik earst ús Frouk en Sibbele deryn,’ seit Fokje. ‘As wy it dan net rêde...’
Dit binne har moaiste skoftsjes, as Keimpe jûns komt en hja en de âldelju beprate de dingen fan de takomst.