wer in stik lân ha wol, dan doar er it tsjin my wol opjeie, wat ik jo sis.’
‘Safier is it noch net, Feike. Dat moat allegearre noch bliken dwaan.’
‘No, toe dan mar, jo sille ris wat sjen.’
As Geeske by de breatafel komt leit der wer dy swym fan ûnoandwaanlikheid har op it wêzen. Dy mei in bytsje minskliker wurden wêze, in bytsje mylder en minder fier ôf, mar dan ek in bytsje.
‘Heit en mem, frou Gratama woe fanmiddei wol effen kennis meitsje mei jimme, hat se sein. Kin dat wol?’
‘Dat kin wol, net heit?’
‘Ja, dat kin wol. 't Is my goed. Mar dan wolle wy ek ris mei har allinne wêze, sûnder jimme derby, Geeske.’
Feike docht ien earnstige eachopslach nei syn dochter.
‘Is dat no wol freonlik, heit? Kin dat wol fan myn kant? As sy hjir is en ik gean derút?’
‘Mei Tako!’
‘No ja, fansels, as Tako it ek docht...’
‘Oars bring ik har in eintsje.’ Sa makket Houkje in ein oan dit lytse ferskeel.
De sneontemiddeis yntiids stiet de jonker al wer by Feikema's oer de flier.
‘Tako, jo hjirre no al! En jo mem?’
‘Dy komt om trije oere. Mar ik wol earst de hûn effen yn 't bad ha. Hy is net al te suver, leau ik. Wolle jo my helpe?’
‘Kin ik dat?’
‘Ja, wiswol. Jimme heit hat wol sa'n bak, dêr't er dan de skiep yn wasket, sei er tsjin my. Ik moast himsels mar fan de bûthússouder krije. Ik ha myn oerstrûper mar mei nomd.’
‘O, sis, wy ha hjirre noch wol ien fan Froukje. Dan doch ik dy oan.’
‘Ja, en dan moat ik effen in tsjettel siedend wetter ha, om it