Oer skriuwer, boek en útjeften
De tritiger jierren
Yn 1915 kaam Douwe Kalma fanwegen mei syn biedwurd ‘Fryslân en de Wrâld’. Fryslân moast him net langer opslute en blynhâlde foar wat der yn 'e wrâld (en Fryslân sels) te rêden wie. It duorret lykwols oan 'e tritiger jierren ta foar't it safier is dat Kalma syn biedwurd yn 'e literatuer yn 'e praktyk brocht wurdt. Dan kundiget him in nije tiid oan. De skriuwers beheine har net langer ta de útbylding fan 'e typyske plattelânstafrieltsjes, mar begjinne utering te jaan oan 'e manifestaasjes fan it eigentiidske libben, sa't dy ek yn Fryslân út soarte te merkbiten wienen.
Dat bart noch net yn 'e romans. Sjocht men nei de roman-produksje fan 'e tritiger jierren, dan is der fan fernijing sa goed as neat te fernimmen. Men moat dêrfoar sjen nei de poëzij, it koarte proaza en nei de literêre diskusjes. Dat leit faaks ek wol foar de hân: in fernijing, in eksperimint yn it algemien, lit him makliker realisearje yn nei omfang lytsere wurken. It sil noch jierren duorje foar't der ek neffens foarm en ynhâld moderne romans komme, en noch wer langer ear't dy moderne romans it oansjen fan 'e literatuer beskiede en dêrmei de boereroman ta in skift fan minder betsjutting wurdt.
Mar yn 'e poëzij en it koartere proaza út 'e tritiger jierren kin men in nije geast merkbite. Al is Fryslân almeast noch wol de lokaasje dêr't it barren him ôfspilet, it is net mear it isolearre Fryslân, it ôfskettene harmoanyske en moai oersichtlike túntsje dêr't de dingen geane sa't it heart en foech jout.
Dat giet net sûnder striid. Oarsom, der is yn 'e tritiger jierren ek in tige krêftige literêre streaming dy't hielendal dy nije tiid net ynhelje wol, dy't dwars fan 'e wrâld ôfkeard in restauraasje