| |
| |
| |
Haedstik XVIII
Tusken dea en libben
Om healwei seizen de jouns wie Richt fordwaeld, hopeleas fordwaeld. Doe't hja op 'e wâl oan ried, hearde hja fan dy kant immen oankommen. Om op it lêste stuit net fongen to wurden, swaeide hja hommels om en stoude fuort, sé wer op. In menút letter stie hja stil to harkjen. Fan twa kanten miende hja skekken to hearren, dy't op har takamen. Dy fan de rjochterkant wie tichtst by. Hja woe yn in bôge om him hinne, wer op 'e wâl oan. It slagge har, om de forfolgers to ûntkommen, mar de wâl foun hja net. Hja ried wol tsien menuten, wol in kertier lang, al mar hurder. In amerij stie hja stil om to harkjen, hja hearde neat mear. En wer bigoun hja út alle macht to skekken, sûnder de wâl to finen. It waerd tsjuster en hja doarst gjin foet mear to forsetten. Wanhopich bigoun hja yn de goare nacht om help to roppen.
Doe't hja bigriep, dat de maten al fuort wiene, dat gjin stjerlik minske har hearre koe, wie hja wer bigoun to swalkjen. Opslokt yn in nacht sûnder teken, sûnder lûd, hie hja alle idé fan rjochting en tiid forlern. De earste tiid hie hja skriemd en bidden, nou waerd de holle har dôf, waerden de fuotten fan lead. Har reed skampte yn in barst, hja plofte del en rekke in amerij bûten westen. Hja kaem lykwols wer by en bigriep noch safolle, dat hja forlern, forgoed forlern wie, as hja hjir lizzen bleau. Hja klaude oerein mei pynlike lea en in swiere, sûzjende holle en ried en stroffele, oant hja op 't lêst earne tsjinoan botste en wer foel. Hja bigriep noch, dat it de peallen wiene, de wâl. Mei har lêste krêften klâdde hja der oer. Hoe't hja it lân en de dyk oer rekke is, wist hja letter net
| |
| |
mear. Doe't hja by de wâl fan de Sânfeart del op it iis foel, wiene har wil en har krêften brutsen. Dêr wie hja lizzen bleaun, oant Pluto har foun.
Nou leit hja op bêd, noch altyd bûten westen. Dokter hat har pols yn 'e hân en skôget oandachtich har gesicht. Om him hinne steane mem en heit en Jel en Geart. Hja hâlde de siken yn en sjogge nei dokter syn eagen, syn mûle, om in teken fan syn gesicht to lêzen. Hja doare neat to freegjen, wachtsje, wachtsje mar, twa, trije menuten. In ûre? It ûntkomt harren net, dat der efkes in tear yn syn foarholle lûkt.
Dan lit er Richt har hân los en seit:
‘Ik haw alle hope, dat hja it rêdde sil, mar ik wol der net om hinne wine: it is slim genôch. As hja dêr ûren yn de froastige mist lein hat, dan komt hja der sa net ôf.’
Dokter riedt harren oan, om op bêd to gean, op ien nei, dy't by Richt wekje moat. Hja hawwe safolle útstien en de kommende dagen kinne soargen genôch bringe. Hy wol noch in skoftke bliuwe, om to sjen, oft Richt by komt.
‘Sa lang as jo hjir binne, bliuwe wy ek op,’ seit Baukema. Om middennacht hinne hearre hja kreunen en steane hommels allegearre by 't bêd. Richt hat de eagen opslein. As se wer ticht falle, lústeret hja: ‘Net nei de iisbergen.’
Dokter is bliid, dat er lûd heart en biweging sjocht. Hy sprekt harren moed yn, as er fuortgiet, en seit, dat er moarnier wer komme sil.
Jel en Geart twinge beide om to wekjen, dan kin mem rêste, mar mem is net to biwegen.
Hja skodhollet: ‘Fannacht wekje ik, jimme moatte sliepe.’ Dan geane de oaren op bêd en is frou Baukema allinne by Richt. It is har wûnder to moede. Hwat hja joune útstien hat, al dy ûren fan freze en ûnwissens, sil hja noait ûnder wurden bringe kinne. Hja eange soms, dat har hert him bijaen soe, dat hja dy lêst fan eangstme net langer drage koe. Mar fan it stuit ôf, dat hja Richt fan Sterke Thomas oernommen hie, fielde se har sa sterk, dat se alles oan koe. Hwat de kom- | |
| |
mende dagen bringe sille, hja wit it net. Hja hat der ek gjin forlet fan, om foarút to soargjen. Hja is allinne mar tankber, ûnwitten tankber, dat har fanke net iensum en forlitten omkommen is yn dy helske tsjusternis tusken de iisbergen. Dat se hjir nou leit, gefaerlik siik faeks, mar yn it birik fan memme hannen, ûnder de biskerming fan har eagen, yn de hoede fan har leafde. Sterk fielt se har nou, dizze mem, sterk om to weitsjen, om to striden, sterk ek om to dragen, hwat God biskikke sil. Yn har eagen is frede en bitrouwen, har hannen binne ré om to helpen, har mûle is ré om to glimkjen en to treasten.
Richt leit net langer stil en foar dea. Har siken geane rêd en ûnrêstich. Ynienen bigjint hja to roppen: ‘Se sitte my efternei!’ Hja giet oerein en falt wer yn de kjessens en sjocht mem, dy't de earm om har hinne hat, wyld en forheard oan. ‘Se krije dy noait, mem is by dy, leave.’
Jitris slacht Richt de eagen op yn greate forwûndering. It bigjint to daegjen yn har geast: hja is thús, hja leit op bêd, en Mem is deunby.
‘Mem, toarst,’ himet hja.
Mem lit har drinke, in pear swolchjes waerme anysmolke. In swakke, wurge glim lûkt oer har gesicht, dy't mem like djûr is as har earste glim yn de widze. Dan falt hja wer yn in ûnrêstige sliep. Hja ropt soms forheftich yn har dream, hwant yn 'e sliep komt de binearing jitris en jitris oer har.
It is in nacht fan soarch foar frou Baukema, mar fan stille blydskip teffens. Soms lûkt der in kramp fan neipine troch har eagen, as it oantinken oan de skriklike joun in amerij by har opkomt. Hja hat lykwols de krêft, om it fan har ôf to skodzjen. Dat is foarby, foarby, dat komt net werom.
Hja hellet de nije jurk, dy't hja foar Richt naeit, út 'e kast en fynt de moed, om der fierder oan to arbeidzjen. It is in koarnblauwen ien mei wyt tres. Har beuzige, feardige hannen naeije rêstich, wylst har eagen alle amerijen opsjogge nei it bedsté. En hja dreamt har dreamen, dizze mem, dy't by har
| |
| |
...leit in famke, kâld en wyt en stil...
(side 204)
| |
| |
siik bern wekket. Dreamen fan Peaske, as wite wolkens in blauwe loft lâns sile, as de himel fol stiet fan it oerwinnende ljocht, as de greiden fan grien flewiel binne en de wrâld tilt fan fûgelsang. En yn dy nije wrâld fan ljocht en liet sjocht hja Richt gean yn dizze koarnblauwe jurk. Richt is altiten sa optein en útlitten, as hja hwat nijs kriget en kin dounsje as in laem. Hja sjocht har famke yn feestpronk nêst har sitten yn tsjerke en heart har sjongen, heech en klear as in lyster:
Wees gegroet, gij eersteling der dagen,
Nuvere dreamen, wylst Richt, amper oan de dea ûntkommen, op bêd leit to kreunen. En it nuverste is noch, dat hja yn har dream leaut. Hja wit sels ek net, dizze mem, hwer't hja de moed weihellet, om sa to dreamen, om mei sa'n oerjefte oan Richt har feestklean to arbeidzjen. Sa kin allinnich in mem bitrouwe, dy't har bern út de klauwen fan in deadlike nacht werom krigen hat en dy't har nou mei har bern en mei al har soargen yn Gods hannen wit.
En hja hat wol moed en krêft fanneden, frou Baukema, hwant der komme minne dagen. Der komt in wike, dat dokter sneins en deis oer de flier is en soms twaris deis. Richt kriget in swiere longûntstekking, dy't it jonge libben forheftich oantaest. It binne bange nachten, as de temperatuer oprint oant oer de fjirtich, as Richt mei gleone wangen yn slopende koartsen leit to dwyljen. Al dy nachten wekket en soarget en helpt en treast mem. Wrakseljend en biddend en dochs mei in inerlike frede. Oerdei sliept hja in pear ûren, mar nachts kin nimmen har biwege, om op bêd to gean.
Ek op skoalle binne it minne dagen, salang as Richt tusken dea en libben swevet. De greate bern fan seis en sawn libje forheftich mei. Elke moarn foar skoalletiid fytst master nei Baukema's, om to freegjen hoe't it liket. It is deastil yn de
| |
| |
klasse, as er mei sobere wurden fortelt, hwat er heard hat.
It is, oft de glâns en de tier fan it libben der ôf binne yn skoalle. De spannendste boeken hawwe gjin aventûr, it wurk jowt gjin freugde mear. Sels yn it winnende ljocht fan de Maertmoanne, dat oars sa'n forwachting yn it jonge bloed tsjoent, lykje de dingen somber en drôvich. Bern kinne sa'n binearing min fordrage, hja bisykje to forjitten, mar binammen de jonges en famkes fan sawn slagget dat net. Alle amerijen is der in oanlieding, dy't harren de wurklikheit yn 't sin bringt. As hja skriften en boeken útparte of ophelje, as hja sjonge of tekenje. As hja mar efkes opsjogge en de eagen, sûnder dat hja it wolle, in amerij op Richt har leech plak rêste. Hartman syn gesicht stiet earnstich. Hy tinkt oan gjin kwinkslaggen, hy hat gjin wylde fantasijen, hy dreamt fan gjin aventûr mear. Hy tinkt oan it slimste, dat der barre kin en dan hat er sin noch wille langer. Syn maten binne like mismoedich. Fouk, Richt har kammeraetske, dy't by har yn de bank siet, dy't altyd mei har op- en útgie, hat it al sa krap. Hja forbyt har en is suver mar koart en brimstich, as men har hwat freget, ynwindich lykwols sit hja yn greate noed en is hja dea-ûnwennich. Soms blêddet hja efkes yn in skrift fan Richt, dan giet hja wer mei opinoar knypte lippen oan 't wurk.
Jolmer lykwols lijt der it slimst ûnder. De skiednis fan dy bange joun is him nei gien, hy hat de oare deis sels op bêd lein, sa wurch en oerstjûr en ûngedien wied er. En nou dizze gefaerlike sykte fan Richt der oerhinne. Elke moarn dat birjocht fan heit, dêr't er mei bounzjend hert op wachtet. Elke moarn de toloarstelling, dy't him as in klap op 'e holle treft, as er heart, dat de koarts noch like slim is. En dat machteleaze gefoel, dat er net helpe kin, dat er neat, neat foar Richt dwaen kin. Heit en mem sjogge wol, dat er it him to folle oantsjocht. Hy sjocht der wyt en biklonken út, hy kin syn wenstich poarsje iten der amper troch krije. Hy bisiket wol, neat skine
| |
| |
to litten en wol soms in deuntsje floitsje, mar it giet him min ôf.
Fouk en Rink geane út skoalle wei daliks nei hûs, hja tinke oan gjin fleurich boartsjen. Jolmer en de maten knikkerje in spul, mar wille hawwe hja net. It sin oan kriich en aventûr is fuort. Hja witte it sûnder wurden fan elkoar, dizze fiif trouwe maten, dat de soarch om Richt harren ynwindich bihearsket. Hartman allinne is ienkear útboarst. It wie him ynienen oanflein en hy hie raek en skerp alle need fan himsels en de maten utere yn dy inkele wurden: de klasse is skeind! Hja wiene der suver kjel fan wurden, hy hie sein, hwat hja allegear op 'en djipsten fielden: de klasse is skeind! De dagen krûpe om. En elke dei wurdt de spanning greater, hwant it giet mei Richt har sykte nei de krisis.
Ien fan de slimste dagen giet master ek middeis nei Baukema, as dokter der krekt west hat. Baukema sels hat de moed forlern, de koartsen binne sa swier, hy kin dat wylde dwyljen fan syn famke net langer oanhearre. Master stiet in amerij by Richt har bêd. Syn lippen trilje, as er libben en dea wrakseljen sjocht om ien fan syn leafste learlingen. Mar hwat him ek treft, nou like goed as oare dagen: de wûndere rêst en frede fan Richt har mem. Nimmen, dy't mear wrakselet en ynliker bidt om it libben fan har bern, mar ek nimmen, dy't it leed sa sterk draecht en sa'n great bitrouwen hat.
As master har hân in amerij fêsthâldt en sûnder wurden syn meilibjen bitsjûget, seit hja:
‘Ik kin it oerjaen, master. Sûnt ik har werom krigen ha út de forskrikking fan dy nacht, kin ik it oerjaen. Dokter hat my ek moed ynsprutsen. Ik kin net foarút tinke, ik libje by de ûre en hoopje by de ûre.’
De oare deis giet der in sucht fan forromming troch de klasse, as master fortelt:
‘Richt hat in rêstiger nacht hawn, de koarts is minder as juster.’
| |
| |
En as er in pear dagen letter it bliid boadskip bringe kin: ‘It gefaer is foarby, ik haw efkes mei Richt praet en moast jimme allegear de groetenis dwaen,’ dan springe de herten op fan freugde. It ljocht yn de klasse hat in oare kleur krigen, oer de banken en de boeken, oer de buorden en de platen leit in nije glâns. Der is in blydskip, dy't him net utert yn trelit en oerstjûrens, mar dy't sjongt yn master syn lûd, dy't strielet út fjirtich pear berne-eagen.
Fouk en Rink komme dy middeis toudounsjend by skoalle, de jonges giselje har toppen mei fûle slaggen it plein oer, of litte se sierlik út 'e touwen saeije. Der sjongt hwat yn harren, dat har hannen en fuotten ta aksje priket. Hartman springt oer hege stekken en floitet wer mei de fûgels, dy't de maitiid yn 't bloed fiele. Piter en Wessel en Sjoerd hawwe drege forhalen en greate plannen, Jolmer spilet fleurige wyskes op it oargel en yt as in wolf.
Dy deis om healwei fjouweren seit master tsjin harren:
‘Dit is foar jimme en my wol ien fan de lokkichste dagen. Jonges, wy hawwe forskate blide feesten meiïnoar fierd, mar dizze dei slute wy mei in liet, dêr't wy al ús tank en blydskip yn lizze.’
Dan lêst er it twadde fers fan psalm 103 foar en giet efter it oargel. Der hoecht fierders gjin útliz en forklearring by. Fol en spontaen sjongt it op nei de himel út fjirtich jonge herten, dy't har leafste boartersmaet foar de poarten fan de dea wei weromkrije.
In wike letter kriget Richt bisite fan de maten fan de sawnde klasse. Hja komme opsetten mei boeken en repen en nuten en sinesappels en mei strieljende eagen. Earst wurde hja dochs noch kjel, as hja Richt sjogge. De folle, bloeijende wangen fan alearen binne noch sa wyt en smel. Mar yn de eagen boartet wer de âlde glâns, en yn har laits sjongt wer de âlde libbensmoed.
By de doar hat frou Baukema harren warskôge: net langer as in heal ûre bliuwe en mei gjin wurd oer dy bange joun prate.
| |
| |
It is mar goed, dat harren dit yndruid wurdt, hwant Sjoerd en Fouk hiene al fan doel west, om nou ris út to fiskjein, hoe't Richt sa hommels fordwaeld rekke wie.
Ien kear hat Richt oan mem forteld, hwat der bard wie, mar nou wol hja der noait wer oer prate. In huvering giet der oer har lea en har eagen wurde noch great fan ûntsetting, as hja der in amerij oan tinkt. Dêrom hat hja dizze prakkesaesjes út har sin band. Nou brûzet it libben wer troch har bloed. Nou wol hja dreame fan de fûgels en de blommen, it liet, it aventûr, it feest. Ien ding lykwols sit hja tige oer yn en hja fortelt it oan de maten:
‘Nou kom ik net wer by jimme op skoalle, hwant it is samar ien April, dan geane wy der allegear ôf. Dat spyt my ôfgryslik, mar dokter en heit en mem wolle der gjin praet fan hearre, dat ik yn nije wike noch in pear dagen kom. Nou kin 'k net iens by 't ôfskied wêze.’
‘Ja fanke, dat is slim,’ seit Hartman. ‘Ik soe noch sa graech ris in kear mei dy sjonge wolle by it oargel. En Jolmer hat alhiel gjin wille, astû der net by biste.’
‘De Boskfûgel komt wer los,’ laket Richt, wylst har wangen efkes oangloeije.
Dan fortelt Jolmer in nijtsje, dat harren allegear optein makket. Der hat justerjoun in gearkomste fan it skoalbistjûr west en dêr is bisletten, om de ôfskiedsjoun fan 't jier net yn it lêst fan Maert, mar op 15 April to hâlden. Dan kin Richt der by wêze.
As hja ôfsette, wylst Richt foar it finster stiet to wiuwen, brulloftsje de protters yn de beammen en floitet in swartlyster tsjin de sinne.
|
|