| |
| |
| |
Haedstik XIV
Krystfeest
Mei de iere snie hie it jongfolk hope op iis yn Desimber, mar dat pakt oars út, De lêste helte fan de moanne jowt dagen mei sudewyn, dy't mear op maitiid as op winter wize. Dat de redens kinne to'n earsten yn 't fet bliuwe. De snieman op 'e sédyk kin it tsjin dit waer net úthâlde. Hy biklinkt ta in earmoedich heapke en teit dan alhiel wei.
Master fan der Mear is wol bliid, dat de winter noch hwat weibliuwt. Hy hat yn dizze dagen syn folkje en al har oandacht en aksje fanneden foar de tarissing fan it Krystfeest. Hy spandearret der alle jierren wer alle tiid en wurk oan, om it Krystfeest to fieren as it moaiste fan it jier, mei bern en âlden. Dat slagget ornaris skoan, de tsjerke is altyd grôtfol en mei greate niget harkje de minsken nei it sjongen en foardragen fan de bern.
De bern genietsje ek, fan de tarissing likegoed as fan it feest sels.
Bigjin Novimber binne hja al bigoun mei it oefenjen fan it sjongkoar, dêr't in tritich skoalbern en tsien âld-learlingen oan meidogge. Bihalven oare Krystlieten sille hja fan 't jier de cantate ‘Naar Bethlehem’ sjonge mei solo's, duo's, famkes- en jongeskoaren. Twa jounen yn 'e wike sjonge hja fan sawnen oant healwei njoggenen, en hja hawwe der nocht oan. Nel fan masters spilet op it oargel, master laet de sang.
Ien fan de earste sjongjounen lykwols hat der frijhwat spul west, hwant doe wiene de maten nei healwei njoggenen bolbjirken en hawwe hja gâns opskuor op 'e buorren makke. By Bakker en oaren hawwe hja rútsjetikke, by Noardenbos,
| |
| |
de âlde kloklieder, in bok oan 'e bûtendoar boun. Doe't de âld man op it rinkeljen fan de klink de doar iependie, wie it beest op him tasprongen en hie him hast fan de fuotten reage. Der binne fansels klachten by master kommen, en hy hat syn folk wol sa it mannewaer oplêzen, dat hja letter mak wiene.
‘As ik jitris klachten krij,’ hied er sein, ‘is it sjongkoar ûntboun.’
De maten wisten, dat dit tinken wie, en foar gjin noch safolle wolle hja har sjongkoar misse. Ek krigen hja foar it forstân, dat spul meitsje op 'e buorren in nuvere tarissing foar it Krystfeest is.
Hja hawwe nou wikenlang har bêst dien en master is tofreden. De generale repetysje justerjoun hat sa west, dat master alle hoop hat op in goede útfiering. Juffer Hogeveen, Richt en Hartman sjonge elk in solo, Richt en Hartman togearre in duo.
Hjoed meije Jolmer en syn maten mei de boskwachter, om in Krystbeam út to sykjen: ien fan de prachtige jonge spjerren út de Lycklamabosken. In jiermennich lyn hat der hwat ûnienichheit west, doe't master foar 't earst in Krystbeam hawwe woe. Net fanwegen de boskwachter, mar inkelde âlden wiene der op tsjin. Hja founen it Krystfeest to earnstich foar sa'n mearke-eftige fortoaning, hiene hja sein. Master hie der tsjinyn lein, dat de ivich griene beam mei syn brânnende blanke kearsen der by hearde as in teken fan freugde en as in ûnthjit fan Kristus' ryk. En hy hie trochset. Nou binne de lju der al lang oan wend en soe nimmen de krystbeam mear misse wolle.
Om ien ûre de middeis steane de feinten al op 'e boskwachter to wachtsjen. As er komt mei de greate, flymskerpe bile op 'e rêch, sette hja fleurich meiïnoar de bosken yn. Der is kar genôch yn de Lycklamabosken, jonge beammen binne der planteit. In jier of hwat lyn hat in Jannewaerjestoarm, sa swier as de âldste minsken net heucht, wol fyftich fan de
| |
| |
greatste boskreuzen út 'e groun skuord, mar folle mear jonge beammen binne der wer opwoechsen en stekke elk jier heger har sierlike koppen de loft yn.
Hwat is 't hjir moai yn de bosken, ek winterdei, De spjerren bylkje mei har frisse kleuren, de wyn boartet yn de swiere tûken en de slanke krunen, dy't rûzje as de sé. It stjert yn de fierte wei en weaget dan wer oan, it sjongt en it rûst, heech, en fyn, of donker en swier, nacht en dei troch.
Hartman, de boskfûgel, dêr't it ek altiten yn sjongt, simmerdei en winterdei, sjocht omheech en seit:
‘De spjerren hâlde generale repetysje foar it Krystfeest.’
‘Dû bist in nuvere praetsjemakker,’ laket de boskwachter. ‘Mar hja sjonge moai, dêr hast gelyk oan, ik mei it ek stomme graech hearre.’
Sjoerd hat wyls al in moaije, jonge beam útsocht. De boskwachter taksearret him, mar skodhollet: hy is to heech.
‘In iikhoarntsje!’ ropt Wessel. En ja, dêr wynderet sa'n lytse, brune, springer by in mânske stamme op. Tige skou is er net, hwant hy bliuwt healwei sitten en kipet mei syn kraeleachjes nei dy minskekloft, dy't de rêst fan it winterbosk forsteurt.
Hartman hat oanstriid, om him efternei, mar de oaren ornearje, hja sykje in krystbeam en gjin iikhoarntsjes. Dat hja litte Plomsturt sitte en stappe fierder. Jolmer wiist nou in beam oan, hwat bihindiger as dy fan niis, net minder moai lykwols. Allegear falle hja him by, de boskwachter ek. Hja kinne noch wol langer sykje mar moaijer fine hja grif net. In suvere kegelfoarm, mei frisse, folle tûken. De beam foar it feest. Gjin beamke, lyk as men yn de stêd op 'e merken keapet en dat men ûnder de earm meinimt, mar in beam, dêr't hege treppens by brûkt wurde moatte, om him op to tugen.
De boskwachter nimt de bile, de jonges geane op in earbiedige distânsje der omhinne stean. It blanke izer blinkt in amerij boppe syn holle en falt dan mei in plof yn de jonge
| |
| |
stamme. De moaije beam trillet oant yn syn heechste tûken fan de swiere bileslaggen. Noch efkes, dan siicht er stadich en kreakjend nei de groun, de kant út, dêr't Swartburd him hawwe wol.
Hartman hâldt in foege taspraek, as de krystbeam der leit en syn stobbe mei de wite spuonnen jit it plak oanwiist, dêr't er niis yn de wyn to sjongen en to bloeijen stie.
‘Nou hast dan dyn sin, jonge,’ seit er. ‘Dû bist grif dy beam út it mearke, dat master forteld hat. Dû wiest net tofreden mei dyn lot. De fûgels en iikhoarntsjes, dy't yn dyn tûken boarten, forfeelden dy. De wyn en de sinne forfeelden dy, dû woest hwat oars. It sil dy noch wolris spite, mar dochs wachtet dy in greate eare. Dû komst fol wite, brânnende kearsen en wy sille ûnder dy sjonge op it Krystfeest.’
‘Wy sille dy oerein sette,’ forfettet Jolmer, ‘en op dyn heechste spits krigest in sulveren stjerre.’
‘Jimme binne nou al oan it foardragen, leau 'k,’ seit de boskwachter.
De beam leit op in gaedlik plak, hjir lizze dammen yn de groppen foar de houtriders, dat hja kinne dêr mei de wein deun by komme. De boskwachter moat noch efkes fierder, mei in ûre is er werom, dan moatte de jonges hjir ek wêze mei in hynder en wein fan Wildskut. Hwant Piter sil de beam helje mei Fos foar de wein, is ôfpraet.
As de jonges it bosk útstappe en nei it doarp sille, sjogge hja de oare kant út in jonge op it paed rinnen. Hy sjocht efkes om, as er harren heart en dan roppe hja yn koar:
‘Lytse Rein, lytse Rein Hylkema fan Rûchhuzen!’
It is lytse Rein, en hy fljocht op syn maten ta, as er gewaer wurdt, dat hja it binne. Hja pakke him hast tagelyk beet en Rein skoddet laitsjend, mei in kleur fan opteinens, fiif pear freonehannen. Hja bistoarmje him mei fragen, hy wit suver net, hwer't er earst of lêst op antwurdzje moat.
‘Hoe giet it mei Rim? Hoe is 't mei jimme heit en de oaren? Hast dyn Flaemske reus noch? Is er noch greater wurden?
| |
| |
Bist noch by Sterke Thomas yn 't wurk?’
Rein laket mar en fortelt. Rim is noch siik, mar wurdt net minder. Hja sjocht lykwols al nei de maitiid út, as hja wer yn it hôf lizze kin. Ja, syn reus hat er jit, hy sil der skielk mei nei de tentoanstelling. Né, hy arbeidet net mear by Sterke Thomas.
‘Gean mei,’ seit Sjoerd, ‘wy sille de krystbeam ophelje mei hynder en wein. Mei Piter syn greate Fos. Sjoch, dêr leit de beam, efkes dêr hinne.’
Rein biwûnderet de moaije krystbeam. Hwat sil dat prachtich wêze, as dy optúgd is en fol kearsen stiet. Spitigernôch kin er net mei, om him to heljen, hy moat om healwei fjouweren thús wêze.
‘Dan wit ik hwat oars,’ seit Jolmer. ‘Dû komst op ús Krystfeest, twadde Krystdei, jouns om seis ûre.’
Rein kriget in kleur fan blydskip en forrassing.
‘Mei dat?’ freget er.
‘Dat mei en dat moat,’ seit Jolmer. ‘Ik sil it aensen daliks tsjin heit sizze, datstû komste en hy sil der wiis mei wêze.’
‘En dû giest de jouns let net mear nei Rûchhuzen, dû útfanhûzest by ús,’ seit Piter.
‘En dû nimst dyn harmoanika mei, dan spilest ûnder de krystbeam, en wy sjonge der by,’ ropt Hartman.
Rein is der forlegen ûnder. Mar as er sjocht, dat it allegear tinken is, ûnthjit er, dat er komme sil, as heit der neat op tsjin hat. En hy sil syn harmoanika meinimme.
Mei in hert fol blidens set er ôf, sjocht hyltiten om en swaeit mei de hân, sa lang as er de jonges sjen kin. Dy binne al sa bliid, dat hja har maet út it ikebosk met hawwe, en dat er op it feest komme sil. It Krystfeest wurdt der moaijer fan, as Rein op 'e harmoanika spilet. Hja hawwe allegear in swak foar lytse Rein, en foar de hiele húshâlding fan greate Lubbert, dêr't hja fan 't simmer sa'n seldsume middei trochbrocht hawwe. De útlittene Hartman docht syn hannen as in trompet foar de mûle en sjongt sa lûd as er kin: ‘Dit is ter
| |
| |
eare fan ús ikebosk!’ Rein forstiet it, hy sjocht om en swaeit mei beide hannen.
In ûre letter leit de krystbeam op 'e wein en bringe hja him fleurich by Wildskut yn de skuorre. It liket wol, dat Fos ek meinommen wurdt fan de algemiene blydskip, sa fearjend stapt er, sa heech hat er de kop.
De jouns fan de twadde Krystdei reizget it folk fan alle kanten op 'e greate, ljochte tsjerkefinsters oan. Hja komme út de buorren, út de bosken en de sânpaden wei, allegear mei ien doel en forwachting. De blide bern mei har heech lûd en laitsjende stimmen, hwant joune is it har feest, dêr't hja sa lang nei útsjoen hawwe. De lytse streuperts út de leechste klassen, dy't optein roppe en wize, as hja de ljochte finsters sjogge. Juf hat harren moaije ferskes leard fan it Bern fan Bethlehem, dy't hja sjonge sille ûnder de forsierde krystbeam.
En hja krije sûkelademolke en koeke en in sinesappel en in boek, en heit en mem binne der by en it wurdt tige let. Dat is hwat oars as om sawn ûre op bêd!
De greate jonges en famkes, dy't wiken lang oefene hawwe, mei in wûnder licht en fleurich moed. Sa'n joun as dizze is der mar ien kear yn 't jier. It sjongt nou al yn harren: Welkom, Kindje, wees gegroet. Hja hawwe de beam sjoen, doe't Piter him nei tsjerke ried. En de bern, dy't master fan 'e middei helpe mochten, fortelle, dat der wol tachtich greate kearsen yn steane en dat er ûnwitten moai is. Nou sille hja sels sjen en der ûnder sjonge.
Ek de âlden komme mei forwachting. Hja hawwe it boadskip fan de greate blydskiip juster en hjoed al twa, trije kear heard, mar dit feest binammen wolle hja net misse. Hja fiele der eat fan, dat it feest fan it Bern it feest foar de bern is, en dat hja joune allegearre bern mei wêze meije.
Lytse Rein wie fan 'e middei om trije ûre al by Wildskut. Hy hat holpen om de beam op to tugen. Nou rint er fleurich
| |
| |
tusken Piter en de maten yn, in kofferke yn 'e hân, dêr't syn harmoanika yn sit.
Sterke Thomas hat, lyk as de boeren, syn beesten ier birêdden joune, en doe syn broer Jetse ophelle. Togearre stappe hja, twa reuzen fan stobberoeijers, de bosken troch en de paden lâns, om Krystfeest to fieren mei de bern.
Reade Ime, de wylde foks út 'e Finkeflecht, komt joun foar 't earst sûnt syn skoallejierren. Thomas hie sein: ik rekkenje der op, datstû der biste. Hy hie lang wifke, mar syn heit hat him oanret: der hinne, jonge, dit feest is ek foar dy. Doe hat er it slûke hier útkjimd en Douwe, syn âld kammeraet, ophelle. Togearre hawwe hja faek op wyld aventûr út west en mennich ûndogenske streek úthelle. Nou fiele hja, sûnder dat hja it ûnder wurden bringe kinne, dat dit greater en moaijer aventûr wurdt, as hja de feestljochten sjogge.
Freark Roskaem hat lêstendeis sein, dat er fan 't jier net by dy apen op it feest kaem. Freark seit wol mear, as er lilk is. Mar der sit ek hwat oars yn Freark, hy is al lang foroare en stie al kreas forklaeid yn 't hikje op syn frou to wachtsjen, doe't de earste feestgongers opsetten kamen.
Noardenbos, de kloklieder, en syn frou, hiene pûr west, doe't dy ychels, op in sjongjoun noch wol, in bok oan har doar boun hiene. Dochs kinne hja joune net thúsbliuwe, as dyselde bern sjonge sille fan de Forlosser, dy't as berntsje to wrâld kaem.
Lupkjemuoi is stiif fan de drege reizen mei de krystkoer, mar hja is mei de buorfroulju op stap gien en fielt har jonger en sterker, as hja de noegjende ljochte finsters sjocht.
Postma, Sjoerd syn heit, komt mei in gast opsetten, dy't yn gjin fjirtich jier in bernekrystfeest meimakke hat: Warbere Wiger. Wiger koe it mei dit moaije waer gjin twa lange dagen úthâlde yn 'e arke by de Sleattemer mar, en is fan 'e moarn op 'e swalk gien. In bakje by him mei it skelet fan in fisk. In jonge haei, seit Wiger, dy't syn soannen by Ceylon fongen hawwe. Syn wiif hie prottele, mar Wiger hie har
| |
| |
treaste mei it útsicht op in goede deihier, omdat de lju mei Krysttiid wol rejaler wêze soene as ornaris. Sa is er fan 'e middei by Postma's oanlânne, dêr't er faek yn de golle of yn it bûthús sliept. En it is Postma slagge, om him mei to krijen nei it Krystfeest. Wiger hie earst tige tsjinaksele: it joech gjin foech, tocht him, dat in earme swalker lâns de wegen mei in geseten boer op stap gie en op in feest forskine soe. Hy paste net yn dat formidden, hy soe de lju mar kjel meitsje en har wille bidjerre. Postma hie sein: wy binne allegearre min of mear swalkers de wegen lâns, dêrom wol Kristus krekt, dat wy op syn feest komme sille. De Ingels hawwe op 'e Krystjoun yn de fjilden fan Efrata net songen foar de hegerein, mar foar swalkjende skieppehoeders. Doe is Wiger meigien.
Adam en Eva hiene der tige tsjin oanhongen, dagen lang. Eva hie der sa'n sin oan, om der hinne. Der sit muzyk yn har en hja mei dy bern sa graech sjongen hearre. Mar hja hat lêst fan rimmetyk, it ein wie har to fier. Nou't it waer hjoed sa myld en stil wie, gie it har al oan. Doe hie Klaes Atses fan 'e middei sein: ik gean mei de wein en slaen by Ottema út, dan is it noch mar in pear stappen nei tsjerke. Jimme kinne mei my ride. Eva wie daliks biret en sa ride hja joune op 'e bolderwein by de spjerren lâns, de singels troch, Eva, yn doeken biwuolle, tusken in pear blide famkes fan Klaes yn. It is in bûnt selskip, dat dêr om seis ûre yn de grôtfolle tsjerke sit: bern en masters en âlden, feinten en fammen, âlde wyfkes en jonge, sterke stobberoeijers, boeren en swalkers. En allegearre, bern fan sawn oant sawntich, hawwe likefolle niget oan de greate krystbeam, dy't dêr yn sulveren feestpronk stiet, mei wol tachtich stille flammen op blanke kearsen. Kleurd spul wol master noait yn de beam hawwe: allinne wite kearsen, sulveren klokjes, blinkende wite spjerrekegels, wite slingers.
It is in nuver koar, mar de hiele mennichte sjongt yn ien blydskip by it jubeljende oargel it âlde krystliet: Ere zij God!
| |
| |
De hege bernestimmen en de suvere sopranen fan juffer Hogeveen en Nel fan der Mear klinke der klear boppe út. Mar Gods wolbihagen giet likegoed oer en de Ingels harkje mei likefolle freugde nei it daverjend lûd fan Sterke Thomas, nei it draeijen fan Eva en Lupkjemuoi, nei it brommen fan Ime en Wiger, dy't tsjin wil en tank meisjonge.
Der wurdt stil en mei ynmoed harke, as master fan der Mear de Krystskiednis fortelt by it sêfte ljocht fan de kearsen. Hy fortelt sa waerm en bliid, dat men de hillige nacht mei bilibbet. Sels lytse Jan, master syn omkesizzer en útfanhûzer fan fjouwer jier, dy't joune meimocht en syn nocht net krige fan de bitsjoenende krystbeam, sels lytse Jan stekt syn krollekopke mei de blauwe eagen foarút en harket mei de mûle iepen. Binammen as master fortelt fan de wize keningen, dy't op kamielen de wegen lâns widzje, efter in blinkende stjerre oan, oant hja it Bern fine en har skatten oan syn fuotten lizze. Hwat hie 'k dêr graech by wêze wollen, tinkt Jan. Op sa'n great beest troch de nacht ride, nei Bethlehem ta, noch fierder as Balk. En dan syn moaije, nije spyltop meinimme en dy oan de lytse Jezus yn de krêbbe jaen. Foaral dy ûnfoege beesten mei de nuvere namme, dêr't omke fan praet, spoekje him troch de holle. Ynienen giet syn hân omheech en falt er omke yn de reden. Master wol him noch bidimje, mar yn syn opteinens flapt er it der samar út, dat it troch de hiele tsjerke klinkt:
‘Ik ha sa'n kamiel sjoen, omke, mar der siet gjinien op, en Wiger hie him by it tou!’
Master ûnderbrekt syn fortelling in amerij, hwant it folk laket, en hy laket sels mei. Ek Wiger glimket, wylst er sedich foardel sjocht.
‘Dêr moat er omke moarn mar ris fan fortelle, feint, en nou wer stil harkje,’ seit master.
Lytse Jan bigrypt net, hwer't de lju om laitsje. Hy hat de earmen al wer oer inoar en harket mei greate niget, al bigrypt er net alles, hwat omke fortelt.
| |
| |
‘Doe't hja Him foun hiene, de wize keningen,’ seit master, ‘doe wìene hja út 'e skroeven fan blydskip, Doe hiene hja it greate lok en de greate frede foun en dêr hawwe hja fan songen, lyk as de Ingels, lyk as de skepers, lyk as Maria. En it giet ús allegearre as de wizen út it Easten: oft wy yn it bûthús steane, of de wegen lâns swalkje, oft wy mei de kuorren rinne of op 'e skoalbanken sitte, oft wy dom binne of geleard, earm of ryk, jong of âld: de greate blydskip komt yn ús libben, as wy Jezus fine. Dêr moatte wy altyd wer fan sjonge, dêr sjonge wy nou fan, op dit blide feest, by it ljocht fan de Krystbeam:
Mijn hart zal 't feestkleed dragen
Van altijd jeugdig groen,
Zoveel mijn lied kan doen.
It oargel set yn en de brûzjende sang fan dit Krystliet is it moaiste antwurd op master syn fortelling. Hartman en syn maten sjonge, lyk as hja it in jier lang net dien hawwe. It is Krystfeest! Der is in sfear fan greate blydskip, dy joun, dy't ek yn 'e skoften, ûnder it skinken en traktearjen, net troch trelit of healwizens brutsen wurdt.
Master Dykstra fortelt in Krystforhael fan in fioelspylder, in earme, ûndogenske jonge, dy't de wrâld yntsjocht en nei lange jierren fan swalkjen forneamd wurdt om syn kunst. Tweintich jier letter, op in rûzige winterjoun, komt er werom yn syn bertedoarp yn Hongarije. Heit is wei, mar mei syn âlde mem, dy't sa lang op him wachte hat, giet er op Krystjoun nei tsjerke. Dêr spilet er foar de boeren en foar syn âlde maten op syn wûndere fioele de âlde Krystlieten, sa't de minsken it nea earder heard hawwe.
| |
| |
Master fortelt sa, dat men it allegear mei bilibbet, dat men suver de fioele spyljen heart. Lupkjemuoi, dy't in soan yn Amearika hat, lûsteret tsjin buorfrou:
‘Ik wurd der oars fan, minske.’
De measte niget lykwols hawwe de lju oan it sjongen en foardragen fan de bern. Master hat de gedichten mei soarch útkeazen en syn folkje hat sa lang en sa goed oefene, dat hja bêst en natuerlik foardrage. Sa't Richt Baukema, de bêste lêzer fan de hiele skoalle, in diel fan Jesaja XI seit en sa't it folk harket nei dy jubeljende profesije fan it Kristusryk, dêr sjocht sels domeny fan op. Hy hat it grif ek nea sa goed foarlêzen.
De útfiering fan de Krystcantate duorret gâns in skoft, der wurdt lykwols mei oerjefte songen, der is rju ôfwikseling fan famkes- en jongeskoaren, fan sopranen en duo's, dat it forfeelt de minsken gjin amerij.
Sterke Thomas sjocht syn broer oan en ornearret:
‘Sa goed hiene dû en ik it der net ôfbrocht.’
‘Yn gjin tsien jier,’ bromt Jetse.
‘Ik ha myn nocht noch lang net, minsken,’ seit master, ‘mar it wurdt bêdtiid foar it jongfolk. Is der faeks immen fan it bistjûr, dy't noch in wurdtsje sizze wol?’
It jongfolk protestearret, hja tinke oan gjin sliep, hja wolle wol oan middennacht ta feestfiere. Underwyls stapt Bauke Rienstra, de skriuwer fan it bistjûr, foar it buordtsje.
‘Bauke fan Minke,’ seit Roskaem tsjin 'e frou, ‘nou ha wy de ein noch net, as dy loskomt.’
Hy is lykwols mis. Ja, Bauke kin sprekke as in advokaet en debattearje as in keamerlid, mar hy makket it joune koart.
‘Minsken,’ seit er, ‘hwat soe ik noch sizze moatte, nei dat ús bern sprutsen en songen hawwe? Ik wol allinne myn greate blydskip ûtsprekke, dat ik dizze joun meimakke ha, dy't my dagen lang by bliuwe sil. En dizze winsk uterje, foar mysels en foar allegearre: de wûndere krystfreugde, dy't wy joun bilibben, lit dy net as in kearse útdôvje, lit ús der hwat fan
| |
| |
meinimme nei hûs, nei de winkel, nei it bûthús, nei de bosken, dan wurdt it in goede winter foar ús doarp.’
Roskaem knikt, hy hat it noch nea sa goed mei Bauke fan Minke iens west. Ek it burd fan de boskwachter giet op en del. En lytse Jan, dy't oan syn sinesappel tocht, doe't Bauke praette fan hwat meinimme nei hûs ta, ropt lûd en mei oertsjûging: ‘Ja!’
‘Dan krije wy nou it lêste nûmer fan ús feestprogram,’ seit master. ‘In lytse forrassing. Wy hawwe in gast út Rûchhuzen, dy't noch hwat to fortellen hat. Wol Rein Hylkema mei syn selskip mar yn it hek komme?’
Lytse Rein wurdt suver kjel, as master him sa plechtich oankundiget, as it folk de halzen rekt en nijsgjirrich ôfwachtet. Fjouwer hûndert pear eagen sjogge nei him, wylst er, gâns wyt om 'e noas, syn harmoanika út 'e koffer hellet. Dat is him nea net oerkommen, dat er foar in tsjerke fol folk spylje moast. It rûzet him yn 'e holle, as er it paed lâns stapt, mei it spyltúch foar it boarst, en in geroft fan stimmen om him hinne twirret.
‘Dat is Rein, ús boskersmaet,’ seit Thomas, ‘Rein fan Greate Lubbert. Dat sil my nij dwaen.’
Reade Ime, dy't op 'e efterste bank by de muorre sit, giet oerein, om better sjen to kinnen. Oare feinten yn 'e buert folgje syn foarbyld. De boeren forskikke yn 'e banken. Freark Roskaem is yn drok petear mei syn wiif. Hy bigrypt der neat fan, dat sa'n streupert it oandoar en spylje foar in tsjerkefol folk. As dit mar net misbiteart.
Rein sit op in stoel yn 't hek, de harmoanika op 'e knibbel. Suver yn in dream is er der hinne stapt, yn in dream stoarret er de tsjerke oer. As it deastil yn tsjerke wurdt, bilûkt er noch mear. Nou moat it ris mis gean! It hert slacht him tsjin de kiel oan. Mar ynienen wurdt er gewaer, dat er net allinne is. Fiif jonges steane njonken him, de fiif trouwe maten út it ikebosk. Hy sjocht Hartman yn de twinkeljende eagen, der lûkt in glim om syn mûle. Syn ynstremint bigjint to libjen en
| |
| |
lit in pear skrutene toanen hearre. Dan bigjint it yn Rein to sjongen. Alles hwat er joune heard en bilibbe hat, sjongt yn him. Hy knikt de maten ta en dan set er yn. Nea hat er sa goed spile. Hy spilet mei in moed en in kriich, dat er him om gjin tûzen minsken bikroadzje soe. En de maten sjonge, mei Hartman syn prachtich lûd heech en klear boppe alles út:
Nu sijt wellecome, Jesu, lieven Heer,
Gij komt van also hooge, van also veer,
Nu sijt wellecome van den hoogen hemel neer,
Hier al op dit aerdrijck sijt Gij gesien nooit meer.
As it lêste fers fan dit âlde krystliet mei syn meinimmende wize út is, wurdt de stiltme allinne brutsen fan it lûd fan de bakkersfeint, dy't efter út de tsjerke wei ropt:
‘Noch in nûmer!’
Dan spilet Rein en sjonge de jonges:
It wide fjild leit djip yn sliep,
Allinne skepers mei har skiep,
Dy weitsje wol, dy hâlde wacht,
It is de stille Krysttiidsnacht.
Nei dit liet freget Rein master mei syn eagen, oft hja nou ophâlde moatte. Ear't er antwurd kriget, droanet lykwols de stim fan Sterke Thomas út it folk wei:
‘Noch ien, Rein!’
Master lústeret Rein hwat yn 't ear en as lêste liet spylje en sjonge hja:
Hoort gij ginds die eng'lenstem,
Die ons roept naar Bethlehem?
Van een maagd, door God verkoren,
Werd een heilig Kind geboren.
| |
| |
As de lju op hûs oansette, ûnder in loft fol stjerren, de wegen en de boskpaden lâns, sjongt it nei yn mennich hert: Gloria, gloria!
Lytse Jan kin syn eagen net mear iepen hâlde, as muoike him bistoppet, mar hy wol syn sinesappel mei ha op bêd en seit noch, dat er ek sa'n moai spylding hawwe wol as dy jonge út Rûchhuzen.
Eva rydt op 'e bolderwein de donkere spjerren troch. Hja leaut, dat hja dizze joun yn it sjongen fan de bern in stikje himel bilibbe hat.
Warbere Wiger sliept dy nachts yn it bûthúsbêdsté fan Postma's, by de stinnende kij, en it is him wûnder to moede. Hy dreamt, dat er op in kamiel troch de nacht rydt, mei de wize keningen, efter in greate stjerre oan. Ien spilet op in harmoanika en de oaren sjonge: Nu sijt wellecome, Jesu, lieven Heer.
Wiger hat syn libben lang sa'n moaije reis net makke, as dy nachts yn syn dream.
|
|