| |
| |
| |
Haedstik XIII
Winternocht yn trije bidriuwen
Dat is in forfaltsje foar it jongfolk: snie yn bigjin Desimber, en noch wol in foege heale foet. Snie, dy't plakke wol. In wide, wite wrâld, dy't skilders en dichters oan it dreamen bringt, dy't jonges en famkes útnoeget ta in wyld, útlitten winterfeest.
De bosken mei de wytbisnijde spjerretûken, dy't súntsjes forwege op 'e wyn, binne in mearke. Iikhoarntsjes sitte út har hege wenten wei ûnwennich to stoarjen nei dizze frjemde, nije wrâld en skodzje de snie, dy't fan de tûken falt, fan de lytse, brune kopkes. Kninen wippe hast ûnwêzentlik troch de stiltme en bigripe net, dat der gjin sprút mear to finen is yn de bosken. Oerbliuwende swartlysters wjukkelje swijend út 'e beammen. Hja witte sels net, hoe prachtich har slank, swart stâl bylket op 'e snie. Mar hja binne wol fan doel, de minskewenten op to sykjen, as dit nuvere wite gefal lang duorje mocht. In roek ropt somber út 'e spjerren, fljocht dan as in swart spoek de glinsterjende beammen oer. Springer en syn folk wâdzje forwûndere troch de snie en haffelje oan de bast fan jonge bjirken. It is mar goed, dat de jachttiid út is, hwant har kleare, smelle fuotprinten soene elke jager it paed wize, dêr't er harren fine moast.
It wyld en de fûgels binne net wiis mei dizze iete winterforrassing fan mem Natûr, mar it jongfolk geit fan wille. Piter Wildskut hat yn 'e skimer al yn de slach west mei syn bruorren, doe't hja de molke nei 't paed brocht hiene. Freark Roskaem joech raer guod op, doe't in sniebal fan twa stridende jonges, dy't net foar him ornearre wie, him de pet
| |
| |
fan de plasse reage. Oeral hat it jongfolk al smiten en rôllen makke, mar it greate feest komt fansels by skoalle.
As de maten opdaegjen komme, hawwe Hartman en Jolmer al in knaep fan in snieman makke, dy't yn syn hear en fear op it plein stiet, in biezem yn 'e hân, in âld hoed op 'e kop en in eintsje piip yn de mûle. De bern kloftsje baltend en nijsgjirrich om dit wite hearskip gear, wylst Jolmer en Hartman jit hwat oan him plakke en snoeije. It bliuwt by dit bidriuw noch aerdich fredich op it plein, oant Richt en Fouk en de kammeraetskes komme. Richt, mei in kleur fan opwining, bûcht har, bakt in fikse sniebal, dy't foar Jolmer syn hier ornearre is. Mar hja mist har doel en rekket de snieman syn piip, dy't Hartman op 'e holle truzelet.
Dat is it teken foar in algemiene fjildslach. Yn in amerij foarmje famkes en jonges twa stridende legers, dy't elkoarren wyld en forheftich bikûgelje. Jolmer seit, Richt moat finzen nommen en ynsjippe wurde fanwegen har ‘forriederlike oanfal’. Mar sizzen en dwaen is twa. Richt lit har sa maklik net fange, hja is sa fluch as in swel, hat in pear stevige earmen en is tsjin de grouwste jonge opwoechsen. It hier waeit har wyld om 'e holle, har wangen gloeije, har eagen fûnkje, as in keardel fiert hja it famkesleger, dat bisingele wurdt, oan. As hja it al to krap kriget, brekt hja hookstrooks mei in pear kammeraetskes troch in swak sté yn de ring fan de jonges hinne en spilet fan ruten. Hartman sit har deun op 'e hakken, mar as er, njonken de snieman, har gripe sil, jowt hja him sa'n forheftige dúst tsjin it boarst, dat er mei syn folle gewicht tsjin de wite man oanploft.
Earme snieman! Hy hat mei syn greate, swarte eagen warleas yn it trelit stien. De kûgels gounzen him om de earen, en hy koe neat werom dwaen, hy koe de biezem, dy't er yn 'e hannen hie, net iens brûke. Hoed en piip en ien earm hied er yn de slach al forlern. In healûre lyn stie er noch triomfantelik de wite wrâld oer to sjen, dêr't er út opriisd wie. Nou ploft der in grouwe jonge tsjin him op, en Hartman noch
| |
| |
wol, dy't him sels makke hat. Dat is de ein fan syn koart bistean. De kop rôllet him fan de rompe en leit mei holle, healwize eagen nei de grize loft to sjen. Syn fuotstik bliuwt allinne stean en Hartman leit to spinfuotsjen boppe op syn earme kniesde bealch, dy't fansels yninoar sakket fan sa'n libjende bom.
Ut it famkeskoar klinkt in oerwinningsskreau op, as hja Hartman syn brike sitewaesje sjogge. Dy is fansels gau oereinklaud, mar Richt en har kammeraetskes hawwe dochs in koarte foarsprong krige. Hja stouwe de strjitwei op, efterfolge fan Hartman en in kloft âljende maten. It wurdt in wylde flecht en in grimmitige forfolging. Richt kriget in pear greate snieballen yn de nekke fan de tûk sjittende Sjoerd. Hja wit lykwols, dat der hwat wankt, as hja har to grazen krije, dêrom bliuwt hja net stean, om werom to smiten. De holle mei it donkere hier yn 'e nekke, hymjend, mei gleone eagen, fljocht hja as in flechtsjend hart de wite wei oer, de oare famkes efter har oan. Dan de jonges en dan wer in kloft geijende famkes, dy't raze: ‘Toe Richt! Toe Richt! Fuort Richt!’
Hartman en Jolmer en Piter, de foarsten fan de jonges, winne op 'e famkes. Hartman set fansels alles op alles, hy wol him wreekje op dy moaije, sterke, ûndogenske Richt. Hy sil har oer de groun rôlje, ynsjipje, hier en nekke fol snie triuwe. De sitewaesje foroaret lykwols hookstrooks. Richt, dy't de forfolgers deun efter har heart, is mei trije oare famkes yn panyk by Freark Roskaem it hiem opstoud. Freark is krekt dwaende oan 'e hússide in paed to feijen, as er in ynvaesje fan skoalbern op it hiem kriget. Hwant de jonges binne dêr ek al en hawwe Richt hast to pakken. Freark stiet in amerij mei de mûle iepen, forbjustere fan safolle bretalens. Dan smyt er himsels midden yn de stridende ploech en meant as in wyld mei de biezem der yn om. In sniebal, alwer net foar him omearre, reaget him de pet fan de holle, in oarenien plakt syn mûle suver ticht. Nou is Freark bûten himsels fan
| |
| |
grime en grânzget as in lilke houn. De bern krije yn 'e gaten, dat dit gefaerlik wurdt en naeije der nei alle kanten út. Hwa't sa gau net by it hikje komme kin, knoffelet it stek oer. De beide stridende partijen binne nou ien flechtsjend leger wurden, efterfolge fan Freark, sûnder pet, mei de biezem swaeijend en âljend: ‘Ychels, apen, oerkommelingen!’ Syn sin wurdt der net better op as Max fan de molkrider en Moar fan de weinmakker, wyld wurden fan safolle gewelt, harren sûnder omtinken yn de striid smite. Oerstjûr blaffend stouwe en springe hja tusken de flechtsjende bern om. Mar as hja Freark mei de biezem sjogge, giselje hja him om 'e fuotten en fleane suver by him op. Freark docht in felle útfal en faget Moar mei ien feech yn domeny syn haech. Dy is nou al hwat skrutener wurden, mar folget bearend op in distânsje, wylst Max Freark noch om 'e fuotten springt.
Hwat tichter de optocht by skoalle komt, hwat greater wurdt er. Lytse famkes stouwe kjel oan de kant en litte it gefaer, yn de persoan fan Freark, foarby tsjen. De greateren slute har by de flechtelingen oan en wurde ek wyld fan wille en binaudens tagelyk. Richt, Hartman en Jolmer, solidair yn ien need en opwining, rinne foarop en efter harren oan wol fyftich tjirgjende jonges en famkes.
Domeny en mefrou steane foar it finster en ha wille. Mar goed, dat Freark, dy't krekt mei de biezem nei Max mept, harren net sjocht, hwant dan kaem er Snein grif net yn tsjerke.
In dûnkere, brûzjende stream oer de wite snie, sa weaget de optocht it skoalleplein op. Lokkigernôch steane de doarren wiid iepen, hwant master fan der Mear sil krekt syn folkje floitsje. Hy en master Dykstra en juffer Hogeveen sille trijerisom de jongelju by de bûtendoar opheine, om de measte snie fan de klompen bûten de lokalen to hâlden. Krekt sette hja op 'e doar ta, as de foarhoede de gong ynstoarmet en de masters suver fan de sokken rint. Master fan der Mear bilûkt wyt, soks is hy net wend, soks bart hjir nea net.
| |
| |
‘Werom!’, kommandearret er, koart, lilk, forheftich.
Foar de earste kear yn al de jierren, dat er hjir haed is, harket syn keppel net nei him, en wol tweintich, tritich bern kringe mei great trelit de gong yn.
‘Freark sit ús efternei, hy is razend!’ ropt Richt, as master har by de earm grypt. Dan kringt master nei de doar en fan it toaniel, dat er dêr sjocht, forjit er syn lilkens.
De efterhoede is nou op it plein en Freark komt krekt de hikke troch, wyt fan grime, de biezem omheech, de healwize Max om 'e teannen. Krekt, as er ien fan de jonges de biezem nei de holle smyt, stroffelet er oer de ruïne fan de snieman en ploft langút yn de snie. De snieman syn earme kop, dêr't Freark mei de brede lofterhân op falt, wurdt nou tobrizele en syn swarte eagen stoarje net langer nei de grize loft.
As Freark, beevjend fan oerstjûrens, oerein klaut, stiet master fan der Mear njonken him. Master moat suver wrakselje om de razende man, dy't de gong yn wol, om rjocht to dwaen, tsjin to kearen. Wylst master Dykstra en juffer Hogeveen yn skoalle oarder skeppe, slagget it master fan der Mear op it lêst om Freark hwat to bidimjen. Hy kin lykwols to'n earsten net rjocht wiis wurde út de stream fan wurden en drigeminten, dy't Freark út 'e mûle rôlje, noch minder, omdat de wylde Max, noch mear oerémis fan Freark syn fal, om harren hinne springt en blaft.
Freark jowt raer guod op.
Smychten, apekoppen, oerkommelingen binne it, skreaut er. In ivich skandael, sa't langer de bern great brocht wurde, thús en op skoalle! Dat wie yn syn tiid al oars. Nei it hounegat moatte se, de hiele binde! Mar as de âlden en de masters der gjin regaet mear yn hâlde, dan sil er him sels helpe. De skonken sil er se brekke.
Hwat mear Freark him opwynt, hwat mear bigjint Max oan to gean. Hommels sjit Freark foarút, skept him op 'e biezem en slingeret him in ein fuort. Dit giet Max stûf genôch en hy doar net mear sa deun by to kommen. Hy bliuwt yn 'e hikke
| |
| |
...de biezem omheech...
| |
| |
stean to blaffen, wylst Freark ûnthjit, dat er him deaslaen sil. ‘Hwat is der nou winlik bard, Roskaem?’ freget master, ‘hwant ik bin noch net folle wizer wurden.’
Dan docht Freark it forhael, net sa kalm en klear, mar master kriget nou dochs in foege foarstelling fan it drama.
Freark wie freedsum dwaende, om in paed troch de snie to feijen, doe kaem der in hiele binde, as in keppel hoklingen, syn hiem opstouwen. Doe't er harren fuortjeije woe, reagen hja him mei in sniebal de pet fan de holle en in oarenien krige er midden yn 't gesicht, dat hy wie der suver blyn fan.
Suver blyn, man! Master syn eigen jonge wie mei foarenoan! Ja, dat is ek in smakkert, in bretalen hont! As it Freark sines wie, dan soed er him to plak sette en net sunich! En dan in pear famkes. Dy wylde kat fan Rinse Baukema en dy healwize blei fan Klaes Doornspleet en dat ychel fan Feike Wearman. Mei in ein spantou moasten se omseame wurde. Freark sil harren opwachtsje, de hiele binde. Hja binne noch net klear mei him.
‘Twa dingen wol ik graech fan jo witte,’ seit master. ‘Hawwe se mei opsetsin nei jo smiten, en hwa hawwe it dien?’
‘Mei opsetsin? Fansels, hwat oars!’ forklearret Freark mei oertsjûging. Hwa't it dien hawwe, hat er spitigernôch net sjoen, mar hy sil it útsykje en hja sille der spyt fan hawwe. Master wit wol, dat dat grif hwat tafalle sil. Freark is in bêsten keardel, mar hy is nou gâns fan de wize, en as it bard is, lyk as hy seit, dan is der ek alle reden ta.
Hy ûnthjit Freark, dat er it gefal strang ûndersykje en de skuldigen omraek straffe sil. Hy riedt Freark al oan, om de hannen thús to hâlden, oin slimmer spul foar to kommen.
Freark is op it lêst al hwat bikommen en reizget ôf, mei Max, dy't de skande fan de biezem sa maklik net forjit, op in distânsje blaffend efter him oan. En fansels is Moar dan ek wer fan de partij.
| |
| |
As master it lokael ynstapt, bilunet it trelit fan de keppel, dy't mei gleone hollen it gefal bipraet, ynienen. It wurdt deastil en fiif en fjirtich pear earmen falle oer inoar. Master giet efter de lessener, blêddet yn in steapel skriften, seit neat.
It is in pynlike stiltme, fiif menuten lykje wol in kertier.
Dan sjocht er it hear oer en freget mei in gefaerlik glimke:
‘In bulte wille hawn yn 'e snie?’
Der lûke al tearen om 'e mûlen, Hartman syn eagen ljochtsje, der komt lykwols gjin antwurd.
‘Jolmer,’ seit master, ‘helje in amer, in dweil en in biezem út it hok.’
En as Jolmer it spul op 'e flier set:
‘Dû en Hartman sjogge de klompen nei en as de snie jit net teid is, slane jimme se ôf op 'e drompel fan de bûtendoar. Binne jimme klear, dan daliks werom komme.’
As de feinten mei in kertier klear binne, moatte Richt en Fouk foar it front komme.
‘De mouwen mar opstrûpe en de gong opdweilje,’ hjit master.
Mei in kleur as fjûr komme de fammen werom. Master ynspektearret de gong. Dat is yn oarder.
De klasse, dy't ûnderwyls rekkene hat, sa stil, dat men it sykheljen suver hearde, forwachtet nou, dat de stoarm losbrekke sil, mar master pakt it to'n earsten hwat oars oan. Der stiet tael op it roaster, klasse fiif kriget in les út it boek en seis en sawn moatte in opstel meitsje.
‘Hweroer, master?’ freget Hartman.
‘Oer it drama fan fan 'e moarn. Sels de titel kieze en krekt opskriuwe, hwat der bard is.’
It jongfolk sjocht forheard op. Dit pakt al oars út as hja forwachte hiene, mar fansels, der sil aensen wol mear wanke.
Douwe Skram byt grimmitich op syn pinhâlder en fûtert yn him sels. Opstel meitsje bitsjut foar him in bloedigen wurk, hy tiist nuver yn de Hollânske tael om en knoffelet wûndere
| |
| |
sinnen gear. Der binne mear, dy't in glandigen hekel oan opstelmeitsjen hawwe, ek oaren lykwols, dy't it graech en maklik dogge.
It hiele hear bûcht him oer it pompier en skriuwt en skriuwt. Sa nou en dan rêste de hollen op 'e hannen en stoarje hja it finster út. Dan mar wer skriuwe. Richt is al mei de trêdde kant dwaende, Jolmer, Hartman en Piter hawwe ek al in lang forhael klear. Douwe hat noch mar in heale side en sjocht lilk en forlegen nei master en de maten. Mei Fouk eint it ek net, hja fynt it frijhwat ûnmooglik, om soks to biskriuwen. Hja kin de wurden en sinnen net fine, dy't al dy wille en opwining en binaudens uterje, dy't hja bilibbe hat. Douwe sit mei in kleur as fjûr. Dan skriuwt er biret syn lêste sin del en leit de pinne op 'e bank. Sjesa, hy is klear, wylst de oaren noch switte.
As de tiid om is, hellet master it saekje op. Wylst de klassen rekkenje, sjocht hy it spul ris troch. Hy kriget nou in aerdich klear idé fan hwat der bard is, as er de tweintich bernetsjûgenissen meiïnoar forliket. Sa nou en dan byt er him op 'e lippen, om syn laitsjen yn to hâlden.
Douwe is sa eine:
‘Wij hebben een afgryslyken wille gehat en ik was doodbenaud voor Freerk.’
In sitaet fan Leendert Muzelaer:
‘Ik was een van de achtersten en toen plofte Freerk hals over de kop in de sneeuw en toen heb ik het gezien en de anderen niet.’
Fouk Doornspleet:
‘Het is jammer beteerd want het was zo mooi en Richt krijgen ze nooit. En toen kwam Roskam met de bezem en flogen wij als gekken de weg op en had ik pijn in de zijde van het draven.’
Piter Wildskut:
‘Toen gebeurde er een ramp, Freerk Roskam kreeg ineens een paar sneeuwballen tegen het hoofd. Wie het gedaan
| |
| |
heeft weet ik niet maar het was vast een ongeluk, dat durf ik eerlijk te verklaren.’
Wessel Diepenbos:
‘Toen Freerk als een wilde op ons afkwam met de bezem en toen zijn wij er allemaal uitgenaaid als de weerlicht.’
Hartman:
‘Het was zoals meester zei een drama. Wij hadden geen kwaad in 't zin, Richt was onverwacht aangevallen zoals je van haar verwachten kunt. Zij moest gestraft worden en zij had het verdiend. Zonder erg raakten wij bij Freerk Roskam op het erf. Wat er toen gebeurd is weet ik niet precies en niemand weet het maar Roskam kreeg een sneeuwbal in 't gezicht en werd zo woedend dat wij als wilden wegstoven. Wat er nu verder gebeuren zal moet je afwachten, de gang is in elk geval weer schoon.’
Richt:
‘Ik geloof dat ik de schuld van alles ben, ik heb de sneeuwman zijn pijp uit de mond gesmeten, ik heb die arme Hartman boven op de sneeuwman gegooid, ik ben het erf van Roskam opgevlogen. Maar ik heb niet op zijn pet gemikt en niemand, dat weet ik zeker. We wilden alleen maar pret maken maar dat kwam anders uit. En ik weet niet of ik Roskam zijn huis voorbij durf. Toch hebben de meisjes overwonnen, hoera!’
Sa lêst master in hiele karlêzing. Der binne bêste opstellen by en minne. It is him dizkear lykwols net to dwaen om in oefening yn Nederlânske tael, mar om de forklearringen fan de bern, elk foar him sels, sûnder mei de oaren praet to hawwen. En hy is der nou wis fan: it gefal mei Roskaem hat in ûngelok west en gjin opsetsin. In goed tweintich bern forklearje allegear itselde, swart op wyt, en sûnder ôfspraek. Jolmer hat skreaun:
Mijn sneeuwbal kan Roskam getroffen hebben, maar zeker weet ik het niet en het was in elk geval niet met opzet. Het is jammer dat de pret zo afliep.’
| |
| |
Master is bliid, dat it hwat tafalt, it sil lykwols in krewei wêze, om Roskaem fan de bern har goede bidoelingen to oertsjûgjen.
Tsjin healwei tolven freget er:
‘Hwa hawwe by Roskaem op it hiem west?’
Wol tsien jonges en famkes stekke de finger op en dy moatte bliuwe.
It gefal wurdt lang en breed bisprutsen, allegearre bliuwe hja lykwols by de forklearring, dat hja net op Freark mikt ha. ‘Ik moat einliken allinne straf ha, master, hwant ik bin it hiem opflein en doe kamen de oaren my fansels efternei,’ seit Richt.
Hartman forklearret him solidair mei Richt en sa dogge de oaren ek.
Master stelt út, hja moatte meiïnoar nei Roskaem ta om to sizzen, dat it harren spyt en dat der gjin opsetsin yn 't spul wie. Dêr hat nimmen sin oan: Freark is pûr en koe harren wolris mei it spantou fan 't hiem reagje.
‘Dan earst mar ris in ûre strafwurk meitsje,’ ornearret master. ‘Jimme hawwe de buorren yn opskuor brocht en de frede wyld forsteurd. Moarnier acht ûre allegearre wer presint wêze en oan 't wurk, dan hawwe jimme gjin kâns, om foar skoaltiid de boel yn de bulten to jeijen. En ik sil dwaen, hwat jimme net doare: Roskaem ús ûntskuldiging oanbiede.’
Hja fiele net folle foar in ûre strafwurk. Op Woansdei oant ien ûre yn skoalle sitte, wylst bûten de sinne op 'e snie skynt, dat is al hwat. En dan moarnier wer! Hawar, hja komme der net foar wei, hoe't Douwe ek súntsjes yn him sels prottelt. De measten lykwols bigripe, dat master dit net troch de fingers sjen koe. Hja binne al fan doel, om tonei Roskaem syn hiem to mijen.
‘Dat wie it earste bidriuw fan ús winternocht,’ seit Hartman, as hja om ien ûre middeis wer yn de snie steane.
It twadde bidriuw folget de middeis. Mei in foege tweintich
| |
| |
man binne hja oan 't sniebaljen op Ottema's lân. It giet der heil om seil oan wei, Jolmer fiert de iene, Sjoerd de oare ploech oan, en gjin ien fan beiden jowt bilies. Hja sitte fan it hier oant de teannen ûnder de snie. It gounzjen fan de wite kûgels om de earen is in wyld geniet, dat harren hwat langer hwat mear opwynt. Ynienen stekt Sjoerd de hân op en boldert:
‘Ho, ophâlde!’
Hwat bitsjut dat, jowt Sjoerd bilies? Né, mar de ballen fan in pear forheftige smiters sûzje de strjitwei oer en dêr rint âlde Lupkjemuoi mei de Sinteklaeskuorren. Al twaris hat hja de holle bûgd en nou stroffelet hja suver ûnder it jok, as der wer in tsjokke sniebal foar har eagen lâns wisket. It falt har dochs al swier, om op 'e fuotten to bliuwen op 'e glêdde, wite wei. Hja trillet fan eangst en argewaesje en protestearret, mar de bolbjirken knapen hiene har swak lûd net heard yn it gewelt fan de striid. Op Sjoerd syn bifel hâldt it gefjocht lykwols op en allegear steane hja nei it âld minske to sjen, dy't dêr warleas mei har fracht yn de snie skaeit. Nou doar Lupkjemuoi wer fuotsje foar fuotsje fierder to skoffeljen. Hja bigrypt, dat dy jonges net mei opsetsin nei har goaiden en dat docht har goed. It hat hjoed in swiere dei foar har west. Hja jowt de moed net gau op, mar nou is hja skjin ynein en hja sil bliid wêze, as hja thús is en útrêste kin by de waerme kachel. Mei dizze minne wegen hat hja lykwols noch likernôch in heal ûre rinnen. De buorfroulju hiene har fan 'e moarn al warskôge: ‘Wês wizer, Lupkjemuoi, en gean mei dit waer net mei de kuorren op stap, jo kinne wol ûnder it jok biswike.’ Mar Lupkjemuoi hie der gjin earen nei. Fjirtich jier lang hat hja mei de Sinteklaeskoer roun, hja fielt har op har sawntichste jier jit hecht en sterk, soe hja dan thúsbliuwe om hwat snie? Dizze fortsjinst bitsjut in wintertarring foar har. Hja moast hjoed nei de Heaberchster boeren, dy't fan 't jier bêst buorke hawwe en dy't har tige genegen en sljocht op har spul binne. Taei, sûkerguod en marsepynletters fan de forneamde firma Veen út Snits, dat
| |
| |
liicht der net om. Hat hja gjin jierren hawn, dat hja op ien dei mear as fyftich goune barde op Heabergen? Né, sa'n ynstruijing foar de winter koe hja net misse, hja hat wol mei slimmer waer op 'en baen west. Dat hja is fan 'e moarn ôfset en hat bêst forkocht. De kuorren binne gâns lichter wurden, nou op 'e weromreis lykwols wurdt dat skouwen troch de snie har mânskernôch. Hja hat hjoed ek gâns lêst fan har side, dat hja komt mar stadich, stadich foarút.
De jonges sille de striid wer forfetsje, dan seit Hartman tsjin Sjoerd:
‘As wy Lupkjemuoi ris holpen, it âld minske kin suver net mear.’
‘Hwat woest dan?’ freget Sjoerd.
‘De kuorren foar har sjouwe fansels.’
‘Wolstû dan ûnder it jok?’
‘Ja, hwerom net? Dû kinst it lykwols noch better dwaen, hwant dû bist in foet langer as ik.’
Sjoerd moat him dizze sitewaesje al efkes yntinke, dat hy mei de Sinteklaeskuorren it doarp troch traepje sil.
Dan seit Jolmer, dy't der ek by komt:
‘Ik wit noch better, wy freegje Ottema om syn greate slide, dan sette wy Lupkjemuoi dêr op mei har kuorren en komt hja noch makliker thús.’
‘Ottema, meije wy jou greate slide efkes brûke?’ ropt er tsjin 'e boer, dy't op 'e dongbult stiet.
‘It liket der my net nei,’ ropt Ottema, ‘sniebalje jimme mar!’ Jolmer set nei him ta en forklearret syn forsyk. It giet om âlde Lupkjemuoi, sjoch.
As Ottema it âld minske troch de snie skouwen sjocht, seit er: ‘Dat is in stomme aerdich idé, jonge, dat moat altyd trochgean. Ik sil har efkes warskôgje.’
In amerij letter stiet er al by har.
‘De frou hat de thé klear, Lupkjemuoi,’ seit er, ‘en hja hat ek noch forlet fan in pear greate taeimannen, jo woene ús dochs net oerslaen?’
| |
| |
‘Né, jonge, mar ik bin hwat wurch en ha in bytsje lêst fan myn side, ik moat nou earst mar op hûs oan, dan kom ik moarn by jimmes. It bêste spul is der trouwens út.’
‘Dan earst efkes útrêste, en dy feinten bringe jo aensen thús op 'e slide.’
‘Op 'e slide? My thúsbringe? Dy jonges? Dat is my noch noait oerkommen.’
‘Ien kear moat de earste kear wêze, kom mei,’ laket Ottema. Lupkjemuoi lit har meitroaije, en in kertier letter stiet de greate slide ré, dêr't Ottema yn fûle winters it hynder wol foar spant, om hout en turf to heljen. It is in baes slide mei bihoarlik hege sydkanten ek noch. Lupkjemuoi stapt der yn, kuorren en jok steane njonken har en der is jit plak oer. Dan sette hja ôf, Hartman en Sjoerd yn 'e touwen, Jolmer en Piter der efter.
‘Dit giet my mâl genôch minsken, ik skamje my der suver oer,’ seit Lupkjemuoi.
Mar hja glydt wol sa prinshearlik, mei in keep om 'e skouders, de wite wrâld troch. En hja moat tajaen, dat dit dochs better is as noch in healûre mei de kuorren troch de snie to wrotten. Mei fjouwer sterke knapen, dy't skouwe en lûke, glydt it gefal sa licht de glêdde wei oer, dat it boartsjen foar harren is. Underweis komme hja Richt en Fauk en Rink Wearman tsjin, dy't it útskatterje.
‘Meije wy mei?’ ropt Richt.
‘Der yn!’ kommandearret Sjoerd en it oare stuit sit Lupkjemuoi tusken trije laitsjende en geijende famkes yn.
‘Si soa, nou luke de touwen stiif,’ seit Hartman.
Dan bigjint er to sjongen:
‘Daar ginds komt de stoomboot uit Spanje weer aan,’ en de hiele kloft sjongt mei.
It iene Sinteklaesliet nei it oare wurdt ophelle. Hartman en Richt mei har sterke, suvere stimmen hawwe fansels de lieding. Hja sjonge de thédrinkende minsken fan de stuollen ôf, oeral komme laitsjende koppen foar de finsters, as de
| |
| |
fleurige stoet foarby tsjocht. Lupkjemuoi skodhollet, mar bigjint hwat langer hwat mear nocht oan it gefal to krijen. Sokke jonges dochs, en hja tocht noch wol, dat hja har mei snieballen goaiden.
Freark Roskaem en Folkert, syn soan, sitte ek oan 'e thé, as de jonges de hoeke om komme. Hy sjocht it finster út en set syn kopke del. Hy bilûkt: dat binne deselde apen fan fan 'e moarn. Master fan der Mear hat fan 'e middei by him west, om de saek yn 't lyk to praten; Freark is lykwols mar heal foldien. Hwat helje dy ychels nou wer út?
Hy fortrout suver syn eagen net, as er sjocht, dat Lupkjemuoi dêr mei har kuorren en trije sjongende fammen yn de slide sit. Binne dat dy bleijen net fan Baukema en Doornspleet en Wearman? En dy jonges? Allegearre deselde smakkerts, dy't him snieballen yn 't gesicht keilden. Soe Lupkjemuoi siik wêze? ‘Né, man,’ seit Folkert, ‘sjoch mar, hja hat wille.’
Roskaem bigrypt der neat fan. Fan 'e moarn opskuor meitsje by him op it hiem en nou skouwe hja Lupkjemuoi as in prinsesse troch de snie.
Hy skodhollet, syn frou glimket, Folkert laket.
Master fan der Mear en syn frou steane ek efter it finster to laitsjen. De jonges swaeije harren in opteine groet ta en sjonge dan wer as lysters.
‘Prachtige dogeneaten,’ seit master.
Sa komt Lupkjemuoi thús.
De jonges helpe har út 'e slide en drage de kuorren yn 'e hûs. Hja binne sa goed net, of hja moatte wachtsje op in kopke sûkelademolke en in taeimantsje opite.
Dan sette hja wer op hûs oan. Nou moatte Richt en Fouk yn 'e touwen en Rink efter de slide en de jonges der yn. Sjongend komme hja yn de skimerjoun thús.
‘It twadde bidriuw,’ seit Hartman.
‘Hwat moat it trêdde wêze?’ freget Piter.
‘Us snieman is sneuvele, wy moatte in nijenien meitsje, heger, mânsker, moaijer.’
| |
| |
‘Dan doch ik mei,’ ropt Richt, ‘hwant ik ha dy oare lytsman makke.’
Fouk en Rink wolle ek graech fan de partij wêze.
De jonges hawwe der neat op tsjin: Richt yn 'e ploech, dat bitsjut altyd dûbele wille.
‘Hwêr sil it wêze?’ freget Jolmer.
‘Op 'e sédyk!’ seit Hartman biret.
De oaren sjogge him forheard oan. Krekt wer in idé foar Hartman. It is al healwei fiven, en hwat hat men nou oan in snieman op 'e sédyk?
Hartman is lykwols ûnwjersteanber, as er aventûr siket. It is ljochtmoanne, seit er, en hja hoege foar seizen net thús to wêzen. De snieman sil der feilich stean, heech en frij en iensum, alleman sil him moarnier sjen, de sélju ek.
Yn in amerij hat er de oaren oertsjûge, en meiïnoar sette hja op 'e sédyk ta, trije famkes en fiif jonges. Piter hellet in koekebak út 'e skuorre, dan kinne hja heger rikke. En ek in âld haeijershoed, in biezem en in bûnte lape.
In ûre letter is de snieman ré, de moaiste en greatste, dy't hja ea makke hawwe, wol twa meter heech.
De oare moarns steane de lju nei 't suden to wizen. As in wyt stânbyld tsjin de grize loft stiet dêr in mânske snieman op 'e dyk, de stok mei de bûnte lape as in findel heech boppe syn kop. Dagen lang stiet er dêr, hwant it is hwat froastich. En ek as it ûntlittend wurdt, hâldt er it noch lang út mei syn hurdbiferzen lea. Dan stiet er frjemd en ûnwezentlik to glinsterjen op 'e griene groun en tsjin de blauwe loft.
De skippers op sé wize nei him, in mok giet iensum op syn hoed sitten en skôget dêrwei lân en wetter oer.
In fékeapman út Sleat, dy't op in joun mei ljochtmoanne by Wildskut komt, om in bolle to keapjen, sjocht him stean yn it sulveren ljocht en bilûkt der suver fan.
‘Stiet dêr in spoek op 'e dyk?’ freget er.
Fan dit lêste bidriuw fan in moaije winterdei hawwe de maten noch lang wille hawn.
|
|