| |
| |
| |
Haedstik VII
De boskwachter komt yn skoalle en master docht in nuver utstel
Ien fan de lêste Septimberdagen komt de boskwachter ûnder skoal'tiid by master fan der Mear. De heechste klassen sitte krekt to rekkenjen, as er op 'e doar kloppet.
‘Swartburd,’ lústeret Jolmer tsjin Hartman, ‘hwat soe dat bitsjutte?’
‘Hy siket grif in misdiediger foar it hounegat,’ mient Hartman. ‘In fûgelboal, dy't in mosk yn 'e flap fongen hat, of in dief, dy't yn in hynstesturt opkladde is, om hier foar lysterstrûpen. Of immen, dy't syn kninen útskeld hat...’
Jolmer boarst suver út fan laitsjen, mar master sjocht de klasse effen oer, wylst er nei de doar stapt, en freget:
‘Moatte de hearen fan der Mear en Tromp in oppasser hawwe, of is it fortroud, dat ik efkes mei Regeling praet?’ Jolmer kriget in lichte kaem, Hartman antwurdet mei earlike, ûndogenske eagen:
‘Fortroud, master.’
Master wit, dat er der op oan kin.
Dan steane de beide mannen gâns in skoft te petearjen. De jonges hearre it swiere lûd fan Swartburd troch de holle gong brommen, hoewol hja spitigernôch net forstean kinne, hwat er bipreket.
It liket lykwols wichtich to wêzen, hwant master harket earnstich en oandachtich. Hy knikt sa nou en dan ris en seit op it lêst, wylst er de doar wer iepen docht:
‘It komt yn oarder, Regeling, ik sil jou boadskip oan 'e hearen oerbringe. Mar faeks is it sa goed wol, dat jo it
| |
| |
harren sels efkes sizze, dan sil ik aensen noch wol in lytse neibitrachting hâlde.’
En wrampels, dêr stapt Swartburd yn syn griene amtsklean it lokael yn. Hy sjocht it hear ris oer, skout syn prûmke fan it lofter- nei it rjochterwang en seit:
‘Harkris, feinten! Jimme hawwe forline wike mei de heale skoalle hazze-en-houn boarte en yn 'e bosken húsholden as in keppel bargen, mar nou moat it út wêze! Oeral hingje de bûgels, fan 'e wike wurde de beijen opstutsen en bigjint it lysterfangen, safier as de Gaesterlânske bosken rikke. Al hwa't ik dizze wiken bûten de paden yn it hout trapearje, giet sûnder omtinken nei 't hounegat. Bigrepen?’
De preek is koart en op 'e man ôf. Suver hwat to rimpen en to brimstich, tinkt Regeling sels, as er it plein opstapt. Hy is dat jongfolk winlik net ûngenegen en hâldt sels net fan bolderjen, mar ja, as men hommels yn sa'n skoalle stiet en in taspraek hâlde moat! De masters binne soks fansels wend en hawwe der op it lêst ek foar leard. Hoewol, hy forgunt it harren net, om dei út, dei yn, mei dat folkje om to springen. Né, hy sit sa leaf wol efter kninen en roeken oan yn de rûzjende bosken. Hy moat lykwols tajaen, dat dy master fan der Mear net de earste de bêste droege skoalmaster is, dat er suver likefolle yn de natuer swalket as hysels en de geheimen fan de bosken better ken as party, dy't har hiele libben dêr trochbringe. Master moat it nou fierders mar mei de feinten forprate. Nou, dat bart ek wol.
‘Ik fortrou,’ seit er, ‘dat jimme it goed bigrepen hawwe en dat ik, salang as it lysterfangen duorret, gjin klachten krij.’ Hartman biklaget him lykwols oer de taspraek fan Swartburd:
‘Der is gjin sprake fan, master, dat wy as bargen húsholden hawwe yn 'e bosken. Wy hawwe yn alle ear en deugd boarte en de lysterreden mijd. Der is allinne mar ien foege wylgepôlle forrinnewearre, doe't Sjoerd as in stien út 'e grouwe beam plofte...’
| |
| |
As er fierder preekje wol, falt master him yn 'e reden:
‘Hwat wie dat mei Sjoerd?’
Dan fortelt Jolmer it forhael yn geuren en kleuren. Master kin syn glimkjen hast net ynhâlde, mar warskôget:
‘Tink der mar om, dat jimme net de iene of oare kears mei stikkene skonken thúsbrocht wurde.’
Om healwei fjouweren moatte Jolmer en de maten efkes wachtsje, hwant master hat noch in boadskip.
‘Mei Douwe der ek by wêze?’ freget Piter.
Master sjocht efkes fornuvere op en Douwe syn eagen wurde great. Master hie al opmurken, dat der de lêste dagen hwat foroare wie. Douwe wie sa stymsk en sa dôfhûdich net mear, hy wie fleuriger en syn wurk waerd better. Maten hied er by skoalle nea net folle hawn, hy stie meastentiids hwat lêbbich oan 'e kant en as er al meiboarte, waerd it faek bargebiten. Nou freget Piter: mei Douwe der ek by wêze? Hiene de jonges him yn 'e ploech opnommen? Soe it harren yn in deimennich slagje, hwat Douwe syn âlden en master mar net klearspylje koene, om fan de noartske en ienkennige dogeneat in fleurige kammeraet to meitsjen? Nimmen soe blider wêze as master.
‘Hat Douwe ek mei hazze-en-houn boarte?’ freget er.
‘Ja, master,’ seit Piter, ‘hy wie sels jager en hy hat him sa ward, dat er syn klompen by it spul forlern hat.’
Douwe bromt hwat, mar syn eagen laitsje.
‘Hoe bist thús komd, Douwe, hoasfuotling?’ freget master. ‘Né, master, op in pear âlde trapers fan Hartman, mar dy wiene noch better as myn eigen.’
‘Hawar, as Douwe meidien hat, moat er aensen ek bliuwe,’ ornearret master.
‘Soene wy nou noch op ús dak krije foar de wille fan forline wike?’ lústeret Wessel.
Sjoerd lûkt oan de skouders, mar as er mei stúdzje nei master syn gesicht sjocht, dat net op swier waer stiet, skodhollet er.
| |
| |
As om healwei fjouweren de doarren iepen geane en de klassen nei bûten strûze, bliuwe hja seisrisom sitten. Master komt mei gauwens by harren en giet tusken harren yn boppe op in bank sitten, de hannen om 'e knibbels gear.
De jonges wachtsje mei niget ôf, hwat der komme sil.
‘Meije jimme de boskwachter graech lije?’ freget master hommels.
De jonges sjogge forheard op. Dat is in nuvere frage, dy't winlik net mei in koart ja of né to biantwurdzjen is. Hja fiele hoegenamt gjin hate tsjin Swartburd, it hat ek faken bliken dien, dat er harren net ûngenegen is, mar ja, hy draecht op it lêst glêdde knopen en hja binne avonturiers en as sadanich natuerlike tsjinstanners fan alle boskwachters en pelysje.
‘Dû mar earst, Douwe, meist de boskwachter graech lije?’ ‘Né,’ seit Douwe koart en biret. De mannen fan it gesach hawwe him noch alris efter de boksen sitten, hy kin yn Swartburd oars net sjen as de drager fan glêdde knopen, dêrom wifket er net.
‘Hartman?’
‘Ja en né, master.’
‘Forklearje dy neijer.’
‘It burd mei ik graech lije, mar it pakje net.’
‘Moai sein, mar ik woe graech hwat mear fan dy hearre.’ ‘Ja, sjoch, Swartburd is in goede keardel; ik soe bêst omke tsjin him sizze wolle, omke Swartburd, as er ús mar ús gong gean liet. Mar hy tinkt, dat er baes yn de bosken is, hy allinne, en dêrom moatte wy de frijheit tsjin him fordigenje.’ ‘Dy frijheitsstriid prate wy noch wol ris oer,’ seit master, ‘mar dat bigjin fan dyn rede, dêr bin ik it tige mei iens: Swartburd is in goede keardel. As er it net wie, soene jimme gâns mear lêst en minder frijdom ha en faeks alris in nacht yn it hounegat sliept hawwe. Hy bigrypt in bulte en sjocht frijhwat troch de fingers en jimme mochten, tinkt my, wolris in biwyske fan tankbrens jaen.’
Hokker kant wol master nou út?
| |
| |
‘In poun prûmkerstabak?’ freget Sjoerd.
‘Tabak kin er genôch en guodkeap krije, mar hy hat forlet fan frijwilligers.’
‘Om him to helpen tsjin de jonges en de streupers en de kninen en de harten?’ freget Hartman forûntweardige.
‘Né, tsjin 'e lysters.’
Dan leit master neijer út.
‘De saek sit sa, feinten. It is moarn ien Oktober en Regeling is noch lang net klear mei syn lysterbosk. Syn frou hat in skoft siik west, dat hat him de hannen boun en nou moast er forline wike noch trije dagen nei Gelderlân, nei de baron. Alle fangers binne ré, de bûgels hingje, de beijen binne opstutsen, mar de boskwachter moat noch twa tûzen strûpen draeije en tûzen bûgels ûthingje. As hjoed of moarn de wyn nei it easten draeit en de lysters saeije yn de bosken fan Gaesterlân del, dan kriget de boskwachter neat fan de bút. Folk hiere hat er gjin jild foar. Hy hat in hûs fol lytse bern en op dit stuit in hege doktersrekken. Hoe tinke jimme der oer?’
De jonges sjogge elkoarren freegjend en forheard oan. Hja binne altyd ré om in minske yn need to helpen, mar it idé, dat hja mei Swartburd yn 'e kompe sille, de man fan it gesach, dy't Jolmer alris deftich ‘ús natuerlike fijân’ neamd hie, dêr moatte hja al efkes oan wenne.
Piter brekt it swijen en freget:
‘Hat er master frege, oft wy him helpe woene?’
‘Hoegenamt net. Ek haw ik jimme net neamd, mar doe't ik hearde, hoe't hy der foarstiet, haw ik daliks oan jimme tocht. It moat lykwols folslein frijwillich en fan herten gean, oars moatte jimme der net oan bigjinne.’
‘Op my kin er rekkenje,’ seit Piter. De oaren falle him by, ûtsein Douwe, dy't dizze greate swaei ta bounmaet fan de glêdde knopen sa gau net meitsje kin.
‘It giet foar Douwe ek wol hwat min,’ seit master, ‘hy wennet fier fuort en it sil to'n earsten jounwurk wurde.’
| |
| |
‘Hwat moatte wy allegear dwaen?’ freget Jolmer.
‘Lysterstrûpen draeije. En joune daliks. Jolmer hoecht foar tsienen net thús to kommen. As de oaren dat ek mei har âlden klear krije, kinne jimme joune in stik wurk forsette.’
De jonges reitsje optein oer it plan.
‘Der daliks yn optocht hinne, om to sizzen, dat wy komme,’ ornearret Hartman. ‘Mar foar hwat heart hwat. Swartburd moat ús in greate lape bosk tawize, dêr't wy baes binne en dwaen en litte kinne, hwat wy wolle.’
‘Dat moatte jimme dan mar ris mei de boskwachter biprate,’ laket master. ‘Mar earst nei hûs, om heit en mem to freegjen, oft it goed is.’
It oare stuit binne de mannen al ûnderweis nei hûs. Douwe set allinne ôf, in bytsje stil. Hy is 't mei him sels net iens en moat der jitris tige oer neitinke. Joune giet er yn alle gefallen net mei.
Om fiif ûre is de ploech wer byinoar. It is de âlden goed, tomear, nou't master der op oanstien hat.
Sa sette hja dan fiif man sterk nei it húske fan de boskwachter. Dy is krekt efterhûs oan 't bûgelmeitsjen, as hja it hiem opstappe. Pluto, syn grouwe pelysjehoun, skuort forheftich oan 't keatling en giet oan as in wyld.
‘Hâld de bek, houn,’ bromt Swartburd. Mar dan sjocht er nuver op, as de fiif maten foar him steane.
‘Hwat sille wy nou bilibje?’ freget er.
‘Frijwilligers,’ antwurdet Hartman.
‘Frijwilligers!?’
‘Ja, as jo ús brûke kinne, wolle wy joune graech helpe to strûpedraeijen. Wy meije oan tsien ûre ta bliuwe.’
‘Is dat tinken?’ freget Regeling, wylst er mes en bûgels delleit.
‘Ja,’ antwurdzje de jonges yn koar. ‘Wy meije fan heit en dy en wy ha der sin oan.’
De boskwachter moat dit al efkes forarbeidzje. Hy mei dizze dogeneaten, dy't er sa faek efter de fodden sitten hat, yn syn
| |
| |
hert wol lije. Dit komt him lykwols oer 't mat. Mar lang hoecht er net nei to tinken. Hy arbeidet hast nacht en dei troch, om noch ré to kommen, foardat de wyn omheech giet. Fiif pear redsume hannen der by, trije ûren lang, en dan faeks noch wol in joun, dat is in útkomst.
Hy is der suver oars fan en ropt syn frou der by:
‘Frouk, moatst hjir ris komme.’
Ilderts Froukje, dy't wiken siik west hat, is noch hwat wyt om 'e noas, mar dochs wer op 'e lappen.
‘Wy krije joune bisyk,’ seit de boskwachter. ‘Dizze feinten hawwe my oanbean, om fan sawnen oant tsienen strûpen to draeijen. Dat nimme wy fansels mei beide hannen oan.’ ‘Fansels,’ seit Froukje. ‘En ik sil soargje, dat om sawn ûre it lytsguod oan 'e kant is en dat der in greate tsjettel sûkelademôlke ré stiet.’
‘Ofpraet, mannen,’ seit de boskwachter. ‘Wy forwachtsje jimme joune om sawn ûre.’
Pluto allinnich is 't net iens mei de saek. Hy wringt en skuort om los to kommen, oant de baes nei him tagiet en him rimpen hjit:
‘Nou dyn greate bek hâlde, of dû giest yn 't hok!’
Dan jowt er him del, súntsjes brommend en mei giseljende sturt, wylst er mei gleone eagen de ynkringers yn 't fesier hâldt. Sjoerd hat fan de steapel wylgefoarken dy't dêr lizze, al in bûgel draeid en lit him de boskwachter sjen.
‘Yn oarder,’ seit dy, ‘dû kinst it like goed as ik.’
Dan bigjinne de oaren ek. Piter hat it net folle dien, mar de hannen steane him net forkeard oan 't liif en hy hat de oaren de kunst ringen ôfsjoen. It farske wylgehout is bûchsum en taei, linich draeije de feinten de twigen om inoar hinne en snije de útstekkende einen der ôf. En sa groeit de steapel nije bûgels in ûre lang yn fiifdûbel tempo.
Pluto is ûnderwyls rêstich wurden. Hy hat bigrepen, dat dit gjin forkeard folk is en rekkent harren op dit stuit by de húshâlding. Hy bliuwt lykwols wach.
| |
| |
As de mannen om seis ûre ôfsette nei hûs to brea-iten, sjocht Regeling harren mei mylde eagen nei.
‘Al hwat ik forwachte hie, dit net,’ seit er tsjin Frouk, wylst er bigjint to breasnijen. ‘mar moai is 't.’
‘Ja,’ seit Frouk, ‘moai is 't.’
|
|