| |
| |
| |
Haedstik VI
Wiger komt mei in drommedaris
As Wiger de oare deis de Lemster dyk del trapet, om de feint en it beest op to heljen, glimket er yn him sels. Dit is in nij en great aventûr, dêr't er him frijhwat fan foarstelt. By it Sûndeler brechje moetsje hja elkoarren en dan nimt Wiger it tou fan de feint oer.
‘Hy is dochs mak?’ freget er. ‘Hwant sjoch, ik ha gâns lêst fan rimmetyk en soe 't mar min forneare kinne, as er my op 'e rêch sprong.’
It wurdt suver in segetocht foar Wiger. In bytsje rounrêgich, de eagen nei de groun, sa pandert er dêr hinne, wylst de greate woastynreizger efter him oan skommelt. Dit is hwat oars, as in bakje, dêr hat mynhear Renia gelyk oan.
Oan de oare kant de Sûndeler feart rint in keppel kij to weidzjen. Sa gau as hja it natuerforskynsel gewaer wurde, komme hja der oanstouwen en rinne snuvend, mei hege sturten, by it wetter lâns. Wiger skodhollet wiis en kuijert fierder, as hie er syn libben lang al yn in karavaen reizge. De drommedaris bikroadet him net oer mâltjirgjende kij en stapt lykmoedich efter syn nije baes oan.
By de mole arbeidet in ploech folk yn it lân. Hja lizze it ark del en komme op 'e dyk tasetten. De manlju bisjogge it beest fan alle kanten. Ien kloppet him ris op 'e nekke.
‘Foarsichtich minsken,’ seit Wiger. ‘As er lilk wurdt, dan is der gjin rie ta. Forline wike hat er yn Meppel immen yn 'e sûs slein mei syn greate poaten. Dy leit noch altyd yn 't sikehûs.’
It folk bifreget fan alles en Wiger leit út, lyk as wied er direk- | |
| |
teur fan Artis. De feint giet der mei de pet by lâns en dan tippelje hja op Sûndel oan.
Earst geane hja it hiem fan Jurjen Mulder op. Wiger tilt de klink op en ropt: ‘Folk!’ Hinke, de faem, komt mei de krollen om 'e eagen by de doar. As hja iepenlûkt, snúft de drommedaris, dy't nijsgjirrich skot en muorre birûkte, har lyk yn 't gesicht. Hja raest it út fan forheardens en ropt de frou. As dy heart, dat Warbere Wiger mei in ûnhuer beest, greater as in hynder, by de doar stiet, ropt hja de boer. Dy komt mei de feinten opdaegjen en fiifrisom bisjogge hja it beest en harkje nei Wiger syn preek. Hinke en de feinten forgrieme harren fan wille, de boer en de frou sjogge beide like noartsk. Hja kinne likemin ‘omstippers’ forneare as Rikele Rimmers Renia en skypje Wiger meastentiids ôf.
‘Hwat dochst hjir op it hiem mei sa'n skepsel?’ freget Mulder.
‘Ja, sjochris boer, jo en ik hawwe net folle gedoente meiinoar, mar ik miende dochs, dat ik dizkear jimme doar net foarbygean mocht. Dit beest is in drommedaris en komt út it hillige lân, ik tocht, dat jo as tsjerkfâd der wol niget oan hawwe soene. Sa'n kâns kriget men mar ienkear yn jins libben en dy moat men waernimme.’
Jurjen syn sin wurdt der net folle better op, as de buorren fan alle kanten opdaegjen komme en de fiif taskôgers fiif en tweintich wurde.
‘It liket hjir wol merke,’ suchtet Ymkje. Hja sjogge lykwols gjin kâns, om der in ein oan to meitsjen, hwant Wiger is yn syn elemint en sprekt mar foar 't faderlân wei, wylst it folk mei greate wille harket.
‘Hoe âld is er, Wiger?’ freget Arjen, de lytsfeint.
‘Sa'n foege tweintich jier, myn jonge. Mar hy hat al mear meimakke as dû en ik. Yn China is er to wrâld kommen en dêrwei dwers troch Azië hinne nei Palestina reizge, woastinen troch en bergen oer, mei sa'n fiif hûndert poun op syn rêch, de bult net meirekkene. Nou stiet sa'n beest, dat mank
| |
| |
de wyldste folken reizge hat, hjir yn syn hear en fear op Fryske groun en lit him geduldich fan jimme hannen aeije. It sil my swier falle, om ôfskied fan him to nimmen, hwant yn nije wike fordwynt er foargoed. It folk fan Gaesterlân, dat my sa nei is, hat, tinkt my, alle reden om tankber to wêzen en it soe moai wêze, as men soks ek dúdlik blike liet.’
Wiger syn maet forstiet wol safolle Frysk, dat er bigrypt, dat it nou syn tiid is. Hy hâldt de pet op en giet mei freegjende en tagelyk twingende eagen by de rige lâns. De risping falt net ôf. It jongfolk hat wille en taest aerdich yn de bûse en Jurjen en Ymkje en oare tsjinakseljende lju fan de âlderein moatte ek wol meidwaen.
It spyt Wiger, dat er gjin tiid mear hat, hwant hy is noch lang net útpraet. Mar hja moatte noch oan Riis ta en it oare folk hat syn rjochten ek. As hja ôfsette, bromt Mulder noch: ‘Dû komst my mar net wer mei sokke merakels oan.’
Nou giet it yn optocht de buorren lâns, hwant de bern en opslûpen feintsjes sette der mei in hiele kloft efteroan. In pear hounen, dy't gâns fan 'e wize binne, tjirgje blaffend, mar op in feilige distânsje om 'e drommedaris hinne. Hwer't it folk by de hikken stiet, bliuwt it selskip stean, hjir en dêr geane hja in boerehiem op en oeral fortelt Wiger sterke stikken fan syn beest út it hillige lân.
Bûten de buorren komme hja Jouke Frankena tsjin. De âld man sit fredich op syn karre by de appels en parren to mimerjen, de trouwe kêdde fottelt lykmoedich fierder. Mar as er om 'e bocht hommels de drommedaris yn 't each kriget, springt er mei in raem fansiden en snúft fan de senuwen. Jouke, dy't soks fan Jan, de kêdde, allinne wend is, as der in auto oankomt, falt hast fan de karre en bigrypt der neat fan. It oare stuit lykwols kriget er Wiger en syn selskip yn 't fesier. Hy glydt de bank ôf en hâldt Jan, dy't noch mear fansiden wringt, by de bek.
Wiger freget, oft Frankena dit skoane beest ek effen bisjen wol. Jouke skoddet grimmitich fan né. Hy mei Wiger foar
| |
| |
syn eagen net mear sjen. Forline wike hat er syn wite hoanne yn 'e bek flybke en hjoed jaget er de kêdde suver op 'e rin mei sa'n ûnhuer beest.
Né, hy wol it net bisjen, mar hy gappet it dochs forbjustere nei. As de molkrider him tsjinkomt, freget er noch lilk:
‘Hwat foar in munster is dat, Rinke?’
‘In kamiel, Jouke,’ ropt Rinke laitsjend. ‘Warbere Wiger mei in kamiel, né, in drommedaris, leau 'k. Ik ha der yn Sûndel fan heard en moat der gau efteroan.’
Rinke leit de swipe oer de hynders, en Jouke bromt:
‘It moast by de wet forbean wêze.’
Rinke, dy't it selskip foarby rydt, fortelt op 'e Marder buorren, dat Warbere Wiger op kommende wei is mei in drommedaris.
It treft skoan, hwant by de smid en de weinmakker is gâns folk op 'e lappen. Meint Wildskut, Ipe Skotanus, Freark Roskaem en Feite Postma steane dêr mei hynders, dy't bislein wurde moatte. Teake de Jong en Age Sinnema binne mei weinen en reau by de weinmakker. Wander fan Midlum siket in pear nije snippestokken út, Sterke Thomas en Reade Ime binne oan 't bileslypjen. In pear rinteniers en buorfolk, dat in liddige ûre hat en om in praetsje forlegen is, strune der om.
As Rinke it nijs forteld hat, kloftsje hja gear en sjoqge de kant nei de Sûndeler beammen út. Ja, hear, dêr komt Wiger oantoffeljen, in bytsje roungear, mei de greate bultdrager efter him oan. Jentsje Noardenbos, de âld kloklieder, seit, dat men langer nuvere dingen bilibbet. Freark Roskaem warskôget, om op 'e hynders to passen, hwant der kinne ûngelokken fan komme, en hy forklearret, dat der nea earder sa'n labendich beest op 'e buorren west hat. Hy soe wolris witte wolle, oft Wiger permisje hat fan de boargemaster, om hjir mei sa'n skepsel to forskinen. It jongfolk formakket him al yn 't foar, minder om it beest sels as om hwat Wiger to fortellen hawwe sil.
| |
| |
As de drommedaris tusken harren yn stiet en de lange hals hinne en wer draeit, seit Thomas:
‘Dat is in knaep, Wiger, hwer hast dy opskopt?’
‘Ja, Thomas, dit is in skoan beest, noch mear mânsk as dû en noch rounrêgiger as ik sels. Ik hie ek net dreamd, dat ik nochris sa'n maet bisette soe, om my to biselskipjen op myn iensume reizen. Sjoch him ris yn syn trouwe eagen, en hokker hynder hjir is sierd mei sokke lippen? En dan dy mânske buchel, dy't opboud is út klearebare smoar. Hoe't ik der oan slagge bin? Lyk as jimme witte, liz ik tsjintwurdich mei myn arke by Sleat. De boargemaster fan dy hannelsstêd is my tige genegen en hy hie alris útlitten, dat it him min nei 't sin wie, dat ik altiten moedersiel allinne de wrâld troch swalke. Hwat wol nou it gefal? Myn wiif en ik wiene fan 'e wike tritich jier troud. Doe't ik de moarns de arke út kaem, mei in roas op 'e Sneinske jas, om de femylje op to wachtsjen, stie der it muzykkorps foar de doar, en in optocht, langer as in bigraffenis. De muzyk spile it Fryske en it Arabyske folksliet, en doe kaem de boargemaster yn eigen persoan opdaegjen mei in drommedaris. De tankbre boargerij, sei er, hie my dizze maet tatocht, om myn fortsjinsten foar de mienskip to huldigjen. Sa't dy man sprutsen hat, minsken, de triennen komme my der noch fan yn de eagen. Sa sjocht men ek wer, hoe't goeddwaen bileanne wurdt.’
As it laitsjen fan it folk, dat ûnder Wiger syn preek ta in hiele kloft oanwoechsen is, bidarret, bromt Jentsje Noardenbos, dat Wiger yn syn earste leagen net smoard is. Mar Rimmer de Boer, in Gaesterlânner, dy't yn Súd-Afrika wennet en in pear moanne yn it heitelân útfanhûzet, hellet de beurs út de bûse en jowt Wiger in blinkende ryksdaelder. Wiger bilûkt der suver fan en hy sprekt de folle wierheit, as er forklearret:
‘Dat taest my noch djipper yn 't moed, de Boer, as de taspraek fan de boargemaster.’
| |
| |
Nei dit foarbyld fan de Boer bringt de kollekte yn 'e pet ek frijhwat op. Allinne Noardenbos rint protteljend fuort, hy fynt it in skandael, dat sok folk ek noch mei jild opwoegen wurdt.
Dan set Wiger mei de drommedaris ôf, syn mûle like earnstich as altyd, mar yn syn eagen in stille, greate blidens. Hja geane nou it skoalleplein op. De feint en it beest wachtsje op it plein, wylst Wiger de gong yn giet en by master fan der Mear oan 'e doar tikket. Master sjocht nuver op, hwant Wiger komt wol by him op it hiem, mar nea net yn skoalle.
‘Nou haw ik hwat seldsums by my, master, in drommedaris,’ seit Wiger.
‘Yn in bakje?’ laket master.
‘Né, master, in drommedaris yn syn hear en fear. Dêr stiet er, op it plein.’
Master is suver forbjustere, as er sjocht, dat dit gjin grap fan Wiger is.
‘Dit is de muoite wurdich,’ seit er, ‘dit moatte de bern ek sjen. Witte jo hwat, Wiger, it is nou alf ûre, as jo hjir fan 'e middei om twa ûre wer binne, sille wy in iepenbiere les yn de iepen loft hâlde. Ik sil de bern freegje, om elk in pear sinten mei to nimmen, en it publyk hat frije tagong. Dan moatte jo fortelle.’
Wiger nimt it útstel optein oan. Dan reizget er nei Aldemardum, om dêr syn slach to slaen.
Master giet nei de oare klassen en lústeret master Dykstra en juffer Hogeveen hwat yn it ear. Dy glimkje en knikke. Dan, tsjin dat de skoalle útgiet, fortelt er oan syn greate jonges en famkes:
‘Fan 'e middei om twa ure stiet der tael op it roaster, mar wy sille der in dierkundeles fan meitsje. Net oer giraffen en sebra's, mar oer in drommedaris. Hjir komt in man mei in drommedaris, en as jimme nou allegear in pear sinten meinimme - in dûbeltsje mei ek wol -,
komt er fan 'e middei
| |
| |
op it plein, om it beest sjen to litten en der fan to fortellen.’ Hartman hat earst effen twivele en tocht, dat master harren foar it soaltsje hie, mar as hja sjogge, dat it tinken is, boarste hja út yn oerstjûr hantsjeklappen en yn in jubeljend jûchhei. Op it skoalleplein, de middeis nei iten, hawwe hja fansels oars gjin praet. De lytse bern fortelle mei drokke meneuvels, dat it in beest is mei in hiele greate buchel, heit en mem hawwe him al sjoen. De greaten formeitsje harren binammen omdat de man mei de drommedaris Warbere Wiger is, dy't sels fortelle sil. Hartman stelt út, dat Piter, de Wylde Ruter, der op ride moat.
‘As 't nou in kamiel wie mei twa bulten,’ ornearret Piter, ‘dan graech, mar hoe moatst op ien bult sitten bliuwe?’
Ja, dat wurdt in probleem, mar as 't in bytsje kin, moat it al trochgean, ornearret Jolmer.
De earste healûre fortelt master, dy't wol bigrypt, dat der fan oar wurk neat torjochte komt, mei in plaet foar de klasse fan kamielen en drommedarissen. Om twa ûre, as hja, hast net to bidimjen, der út geane, stiet Wiger al mei syn beest, mank in ploech folk, op it plein.
Dan bigjint de foarstelling.
Yn in wide rounte steane hja om Wiger en syn maten hinne, de lytse bern foarst, de greaten der efter. De drommedaris draeit syn ûnsjogge kop op de lange hals ris fan lofts nei rjochts en fan rjochts nei lofts, mar niget sjocht er net, hy fielt him hjir like goed thús as yn Mekka.
Master hat in bak meinommen en leit dy foar Wiger del.
‘Sjoch, Wiger, as jo dêr nou ris op stean geane, dan kin de hiele skoalle jo sjen en forstean.’
Wiger stapt de preekstoel op, sjocht it hear ris oer en bigjint to fortellen. It wurdt wer in nuver forhael, dêr't master fan der Mear grif fan seit, dat it lang net allegear wier bard is, mar like spannend as in moai boek.
Wiger is sa tankber, seit er, dat er de bern nou sa'n skoan beest ris sjen litte kin, dat hiel hwat oars is as in hazze of
| |
| |
in knyn. Hja moatte fral ris nei dy ûnbidige bult sjen, dêr't allegear smoar yn sit, smoar fan de bêste kwaliteit. Yn Arabië is it sa djûr, dat allinne de rike lju it bitelje kinne. En it wûndere is, dat it beest der sels ek fan brûkt, as er oars gjin iten krije kin. Mar dan wiist it net sa bêst. Hwat greater bult, hwat better sin hat it beest. Hoe't er oan syn nuvere namme kommen is, wit Wiger ek net. Hy wol der de boargemaster fan Inkhuzen ris nei freegje, hwant dêr hawwe hja in toer, dy't ek Drommedaris hjit.
Sa't er hjir nou stiet, is er sa goed as bôlle en sa mak as in laem. Mar meitsje him net lilk, hwant dan is jins ûngelok net oer to sjen. Liuwen en tigers, dy't it op syn smoar forsjoen hawwe, fljocht er âljend oan en slacht er kroandea mei syn mânske poaten. En yn de oarloch klâdzje de Arabieren en oare wylde folken op syn bult en mei greate kloften drommedarissen jeije hja op 'e fijân yn. Wiger is bliid, dat er soks nea net meimakke hat, hwant dat moat in skriklik toaniel wêze. Dy wylden mei har swarte gesichten, boppe op dy greate beesten, dy't as hazzen de woastyn troch springe.
Sa fortelt Wiger, wylst de masters harren forgrieme, Jolmer en syn maten skodzje fan wille en de lytse bern mei greate earbied harkje.
‘Wurdt er ek molken, Wiger?’ freget Hartman.
‘Ja, myn jonge. Op dit stuit is er droech, mar as er nijmelk is, dan jowt er bêst. En heech fet. Dizze feint hjir is in Egyptner, dy't nou in pear jier yn Hollân tahâldt, en hjit fan Abdoel. Nou, dy is fan kamielemolke great wurden, lyk as trouwens de measte Mohammedanen.’
‘Wol Abdoel him ris efkes biride?’ freget er dan.
Abdoel makket hwat meneuvels, aeit en bikloppet it beest, sprekt him freonlik, mar twingend oan, en dan giet de drommedaris op 'e knibbels. As er him oerein jowt en mei de bitûfte feint it plein oer stapt, hawwe de bern djip ûntsach en greate wille. Hja bigripe der neat fan, hoe't sa'n knaep it lykwicht hâldt en der net ôfrollet.
| |
| |
...heech yn 'e loft tusken de haffeljende lippen...
| |
| |
Lytse Ruerd Bakker, dy't mei in wein mei strie op 'e wei stiet en de bynamme hat fan ‘gocheme Ruerd,’ ropt:
‘Nou moatte jo der ris op, Wiger.’
‘Ik soe der oars wol op de buorren troch ride,’ seit Wiger, ‘mar ik haw in minne mage en bin net frij fan hichtefreze en dan moat men soks net oanhelje.’
‘Moat sa'n beest de hiele dei hongerlapje?’ ropt Ruerd wer. ‘As 't knypt kin er wol in wike sûnder iten,’ antwurdet Wiger.
‘En as jo faeks in bosk strie oer hawwe, dan koed er nou ek wolris efkes plúzje.’
Lytse Ruerd heakket it âld hynder út en komt mei in bosk strie oandragen. Hy kloppet it beest op 'e nekke en strykt him oer de snút, as hied er elke dei in drommedaris foar de wein. De drommedaris fan syn kant is ek familjaer, hwant as Ruerd him bûcht, om de bân los to meitsjen, birûkt er him nijsgjitrich. Dan nimt er hommels syn âlde haeijershoed to grazen en as Ruerd opspringt en nei syn keale plasse grypt, hinget de hoed heech yn 'e loft tusken de haffeljende lippen. ‘Dû smearlap!’ raest Ruerd, mar syn lûd wurdt wei yn it oerstjûre laitsjen fan de mannichte. It slagget Abdoel op it lêst, de hoed wer to pakken to krijen, dy is lykwols frijhwat tamtearre.
De lju boarste fannijs út, as Wiger seit:
‘Dat hie ik jo wol sizze kinnen man, dy beesten frette yn haedsaek oaljekoeken en âlde striehuodden, en boppedien binne hja sljocht op 'e folle moanne, dêrom woed er jo efkes ûnder de hoed sjen.’
As it trelit bidarre is, freget Jolmer:
‘Mei Piter Wildskut ek ris op 'e drommedaris ride?’
Mar Wiger seit, der komme deaden fan, hwant it beest is mankennich.
Oan alle dingen komt in ein, ek oan dizze seldsume iepenbiere les, dy't de jonges noch lang heuge sil. De masters hawwe suver spul, om it jongfolk wer yn skoalle to krijen. Hja
| |
| |
woene leaver Wiger en syn drommedaris mei de hiele kloft nei Sûndel ta bringe. Master seit lykwols, dat it nou moai genôch is. As hja sitte, giet master noch efkes nei Wiger ta. Hy hat fan de bern mear as fjouwer goune ophelle en master makket der fiif fan. Wiger nimt it tankber oan en sprekt de winsk út, dat master syn bern noch lang yn it goede foargean mei.
Dan sette hja ôf, hwant Wiger, dy't yn gjin jierren sa'n bêste deihier hawn hat, wol noch nei Sleat. Master fan der Mear sjocht harren glimkjend nei, sa't hja as pylgers de moudige wei deltraepje, oant hja om 'e hoeke fan it tsjerkhôf fordwine. As master wer yn skoalle komt, kloftsje de jonges om Douwe gear. Douwe syn rekkenjen kin gjin sprekken ha, mar as er in goed sin hat, is er in baes-tekener, de bêste fan de klasse. Douwe hat in pûrbêst sin en is dwaende mei in drommedaris to tekenjen, neffens it foarbyld, dat foar de klasse hinget. ‘Dat is in goed idé, Douwe!’ seit master. ‘Allegearre noch in healûre tekenje en de bêste drommedaris komt oan 'e muorre to hingjen.’
Party sjogge net folle kâns, mar hwat hja fan 'e middei bilibbe hawwe, fitert harren oan, dat allegearre dogge hja har bêst. Master stiet glimkjend efter Douwe. Dy is mei in drommedaris net tofreden, mar wol der ek in man op hawwe, hwat him lykwols net nei 't sin slagget. Dan giet master, dy't tige tekenje kin, yn 'e bank sitten en helpt him. Om healwei fjouweren wurdt de tekening foar de klasse hongen: in skoane drommedaris, mei in man der op, dy't sa goed liket, dat de bern yn koar roppe:
‘Wiger!’
‘Ja,’ seit master, ‘nou rydt Wiger dochs, mei syn minne mage en syn hichtefreze.’
|
|