Doe't de merkereizgers mei har drommedaris de hoeke omgyngen, hie Renia, dy't it mar min forneare koe, dat de lju sa laken om Wiger syn grappen, by him sels tocht: ik sil Warbere Wiger hjoed ris foar de kroade ride, dat er stil is.
‘Hea, Wiger,’ sei er, ‘soe dat net hwat foar jo wêze, sa'n drommedaris? Dat is gâns better as in bakje, jo hiene dan altyd noflik selskip en jo soene der in aerdige stûr mei fortsjinje kinne. Ik ha mei de lju praet en foar in bihoarlik pryske wolle se him wol forkeapje.’
‘Jo sizze dêr sa hwat, mynhear Renia. Ik haw it ek al ris yn my omgean litten, mar ik wurd de lêste tiid sa heech oanslein yn de personele bilêsting, dat it my min past, om sa'n grou beest to biteljen. Dêr komt by, in drommedaris is pûr op hounen, en it soe my spite, as ik ris by jo kaem, dat er jou hiemdogge deasloech, dy't jo spultsje sa trou biwekket.’
De heareboer krige in lichte kaem, mar hold him great.
‘Om it jild hoecht it net oer to gean, Wiger,’ sei er. ‘It beest is net jong mear, as jo him foar hûndert ryksdaelders krije kinne, dan wol ik jo der wol mei skewiele. Jo jowe my tsien persint fan de fortsjinst, en dêrmei is alles yn oarder.’
Wiger seach de rike boer skerp en ûndogensk oan en frege: ‘Miene jo dat, mynhear Renia?’
‘Ik stean foar myn wurd, Wiger, al myn freonen hjir binne tsjûgen.’
‘Hwerre en hwannear kin ik jo hjoed fine, mynhear Renia, as ik dy knaep kocht ha?’
‘Om twa ûre, Wiger, yn café Spoarsicht.’
Wiger tocht: ik ha der neat by to forliezen en as Rikele Rimmers Renia my soms to grazen nimt, dan prate wy noch efkes. Sa socht er dan de eigners fan de drommedaris op, dy't in ein fierder yn in herberchje sieten, wylst it beest op strjitte stie ûnder de hoede fan in feintsje.
Wiger gyng der yn, makke in gemoedlik praetsje en frege