| |
| |
| |
Haedstik IV
De noardmantsjes piipje yn septimber en sterke Thomas hat in houn op 'e rech
Om healwei seizen stiet it der sa foar, dat twa jagers en fyftsjin hounen harren ré meitsje foar de jacht op 'e lêste fiif hazzen. Dat wiist dos min foar de hazzen. Nôlle en Ike en Wander en party oare jonge hounen binne fan bitinken, dat it in maklike oerwinning wurdt, dat it spul yn in heal ûre birêdden is. Jager Douwe, dy't hjoed sa'n bêst sin hat, omdat er opnommen is yn de greate ploech fan maten, leaut ek, dat mei sa'n kliber hounen de hazzen gau fongen binne. Jolmer en Sjoerd en Wessel, dy't hwat mear ûnderfining hawwe, sjogge de saek sa licht net. Hja bigripe skoan, dat it in fûle striid wurdt. It jachtterrein is wol net ûnbigrinzge, mar bislacht dochs in lape bosk, fiersten to great, om it mei sawntjin man alhiel ôf to setten en de hazzen folslein to bisingeljen. Dêr komt by, dat ien fan de grinzen, de hege ikker, gefaerlik is. Jolmer warskôget mei klam, om dêr net deun by to kommen, hwant Sterke Thomas en de Foks út de Finkeflecht arbeidzje dêr yn it lysterbosk. Hy fortelt, dat Sjoerd en hy hast yn 'e hannen fan Thomas fallen binne. Douwe lûkt wyt wei, as er dizze namme heart en syn moed bilunet gâns. Sûnt Maeije is er deabinaud foar Sterke Thomas. Hy is noch net forgetten, hoe 't dy reus ynienen foar harren stie mei syn ûnbidige bile, en hoe 't er de Foks yn de strûken skopte. Dat Thomas winlik in goede keardel is, wol him net oan. Hy tinkt jit altyd, dat Thomas him siket en him nochris forgrieme sil. Dat Reade Ime, dy't doe fan Thomas sa op syn baitsje krige, nou by him arbeidet, dêr
| |
| |
bigrypt er neat fan. Soe de Reade, syn eardere maet, ek oan Thomas forteld hawwe, dat Douwe mei dien hie oan dy molestaesje fan pake Lyckle? Douwe kriget it der suver binaud fan, as er oan dy mooglikheit tinkt, en it kommende jagersaventûr forliest foar him frijhwat fan syn glâns.
Dat binne omstannichheden, yn 't foardiel fan de hazzen. De trije jonge hazzen, Klaes de Jong, Jan Keuning en Harmen Woudstra, dy ûntkomme grif net, mar Hartman en Piter, dat is hwat oars. It sprekt fansels, dat dy byinoar binne. It heucht Jolmer net, dat Hartman oait fongen is by it hazzeen hounboartsjen. Dy bitûfte Boskfûgel, dy't de hiele wrâld forrifelt mei syn lûden, is foar gjin gat to fangen. Hy ûntglûpt jin altyd op it stuit, dat men him gripe sil. Douwe wit ek net, hoe 't Hartman him fan 'e middei wol in ûre lang foar it soaltsje hawn hat en deun by him foar faisant en roek en ekster spile.
Der komt by, dat Jolmer en Sjoerd, de greatste jager en de gefaerlikste houn, de furt hwat út is. Dy wylde jacht fan niis hat hast to folle fan harren ferge. Ek is der kâns dat Swartburd, as er thús is en de jagershoarn heard hat, op 'en baen is, om it spul to forsteuren. Hawar, dat moatte hja aventûrje. En as hja it lok mei hawwe en fang Hartman, dat soe de greatste oerwinning fan de dei wurde.
De opperjager jowt syn oarders. Hy hat Douwe syn freze foar Thomas yn 'e gaten en stjûrt him mei fjouwer hounen de oare kant út. Njoggen hounen stjûrt er yn ploegen fan trije it bosk yn, hysels nimt Sjoerd en Rienk mei. Hy bliest jit ienris lang en lûd op syn hoarn en dan glûpe hja it jonge hout yn.
Douwe en syn hounen stappe al ringen it bosk út en de bou lâns. Dat bitsjut tiidwinst, hwant hjir foarenoan is alles ôfsocht, dêr kin gjin hazze mear lizze. De hounen blaffe sa nou en dan, yn 'e hope, dat legerjende hazzen kjel wurde en opspringe sille. Nou't hja sels de bou oer geane, hearre hja de lûden yn it bosk safollesto skerper. It tilt hjir oan de bou- | |
| |
kant jit fan toarnbeijen, dêr 't hja yn 'e rin wei fan smulle. Hja hawwe lykwols earen en eagen iepen.
Op 'e ein fan de foarste bou komme hja op in reed tusken twa lapen bosk, dêr't jit gjin jagers en hounen omstrúnd hawwe. Der is alle kâns, dat hjir wyld húsmannet, dat hja hjir spoar fine sille. Hja geane de reed ôf en it hout yn, Douwe mei twa hounen nei rjochts, de oare beide nei lofts. Douwe syn eagen gloeije, as er oan de mooglikheit tinkt, dat hy Hartman fange sil, of lange Piter fan de nijboer. Dat soe in eare wêze. Hy hie it aventûr fan Jolmer en Sjoerd heard en suver mei earbied harke. Mar as hy nou ris... Sa net, hy en syn hounen hawwe al forskate hazzen fongen. It foldocht him wûnder goed, hjoed yn de kompe to boartsjen, as maet ûnder de maten. Hy moat tajaen, dat dit dochs folle moaijer is as dy ûndogenske en soms leffe streken, dy't er úthelle mei Reade Ime. De stymske tear om syn mûle is hjoed fordwoun, syn wurden binne noch ryklik rimpen en rûch, mar der is dochs in oare toan yn syn lûd, in nije glâns yn syn eagen. Hy hat oanstriid om to sjongen en to floitsjen, om to dounsjen as in keal yn 'e maitiid. Hy forjit op dit stuit Sterke Thomas en de Foks, hy forjit alle deilisskippen en gefaren en forfelende dagen, hjoed is er jager, dy't mei syn hounen troch de bosken strûst. Jager op great wyld, seit er yn himsels, as er oan Hartman en Piter tinkt. Hwant dat binne gjin gewoane hazzen, dat binne... Ja, lange Piter fan de nijboer, dat is in giraffe, sa'n ûnfoech beest, dêr't master fan forteld hat. Douwe glimket om syn eigen ynfal, wylst er ûnder alle strûken en toarnen loert en syn hounen oanfitert.
‘Stil!’ lústert Douwe hommels, en de hounen forwege harren net mear. Hwat wie dat, dêr yn de fierte? Hawwe de hounen it ek net heard, dravende fuotten en kreakjende prikken? Kees mient fan al. Dy kant út dan. Fiif menuten letter steane hja stil op in iepen plak en sjogge nei alle kanten út. Neat to bikennen en gjin lûd mear to hearren. Nou ja, allinne in strânljip, dy't beart en oangiet, dêr jinsen op 'e bou.
| |
| |
Hy prottelt as in âld wiif, tinkt Douwe, harkris, oanienwei troch. In oerbliuwer faeks, dy't om syn maten ropt, syn maten, dy't op reis binne nei de waerme lânnen.
As Douwe en syn hounen efkes letter oan 'e boskseame steane, ropt de strânljip noch altyd, as wie it midden yn Maeije. Hja kinne him lykwols nearne ûntdekke, hoe't hja de bou ek ôfsykje. Dan krije hja yn 'e gaten, dat it lûd net fan de groun, mar út in beam komt. Ut ien fan dy rjochte, jonge iken, dy't dêr sa'n hûndert meter fierder, op 'e kant fan de bou steane. Dat hawwe hja nea net earder meimakke, dat strânljippen yn 'e beammen sitte to sjongen, en dan noch wol yn it lêst fan Septimber.
Ynienen seit Kees, dy't oan de kraeijende hoanne fan de toer tinkt:
‘Soe 't dy blinderse Hartman ek wêze kinne?’
Dat soe dochs al to bretael wêze, wylst twa jagers en fyftjin hounen om him sykje.
Ja, it is Hartman, dy't him lang genôch forfeeld hat en yn drystens en oermoed de spanning fan 't gefaer siket. Ut syn hege post wei hie er Douwe en syn hounen al in skoft yn 'e gaten hawn. As hja op 'e iken tasetten komme, ropt er troch de trompet fan syn hannen:
‘Fiif en tweintich knikkerts en in klute pik, Douwe, ast' my fangste!’
Dan glydt er as in iikhoarntsje út 'e beam en stiet nêst Piter, dy't út 'e strûken springt.
In amerij rieplachtsje de beide hazzen. Der wankt gefaer fan trije kanten: Douwe en syn maten binne gjin fyftich trêd mear fan harren ôf. Yn 'e bosk hearre hja oare hounen, dy't op Hartman syn lûd ôfkomme. En skean de bou oer komt de feint fan Walte Smink, dy't dêr oan 't ploegjen wie, op harren tatrêdzjen. Der is jit ien ûntwyk: nei de hege beamwâl tusken twa stikken bou. Mei kûgelsfeart stouwe hja dêrhinne, springe der op en fordwine oan de oare kant. Douwe en syn hounen jeije der efter oan. Yn de opwining fan de jacht
| |
| |
hawwe hja Siger, de feint fan Walte Smink, net ienris opmurken. Siger, mei in kneppel yn 'e hân, lûkt nou ek oan de efterste foet, om tagelyk mei harren by de wâl to wêzen. Siger is net sa'n minnen ien en harren oars ek net ûngenegen, mar hy hat der nocht oan, om dy biisfeinten, dy't bou en lysterbosk forrinnewearje, ris bihoarlik kjel to meitsjen.
‘Stean bliuwe, ychels!’ raest er, sabeare lilk en driigjend.
Jager en hounen hawwe nou foar 't forstân, dat hja sels forfolge wurde. De beide hounen slagget it, om de wâl oer to kommen, mar Douwe hinget der noch heal mei syn skonken by del, as Siger by de wâl is en tjirgjend op him oanfalt. Hy skreaut it út, as Siger him by de ankels grypt. Mei syn hannen om in ikene tûke leit er dêr to skoppen en to razen, en skuort sa forheftich, dat er los rekket. Hy knoffelt mear as dat er springt de oare kant de wâl del. Dêr komt er ta de ûntdekking, dat er syn klompen yn de wrakseling forlern hat. Hwat nou? Hy hat gjin tiid om nei to tinken. Der is mar ien mooglikheit: hoasfuotling der út naeije, sa hurd as er kin. Thús hat er noch wol in pear âlde klompen. Heit sil wol bromme, Mem sil wol prottelje, mar hy kin net oars. Sa stout er dan op sokken de ploege bou oer, efter syn hounen oan, it bosk yn. Siger set laitsjend en skodholjend wer nei de ploege ta, Douwe syn klompen yn 'e hân. It sil him nij dwaen, oft dy smakkert se ek ophelje sil.
Jager en hounen steane tusken de beammen in amerij út to pûsten. Douwe is syn klompen kwyt, dêr is neat mear oan to dwaen. Mar hwer binne Hartman en Piter, dy wearlichse hazzen? Hoe 't ús maten ek harkje en sykje, hja ûntdekke gjin spoar mear fan harren. Alle kanten út kinne hja yn it tichte beamte fordwoun wêze. Hja kinne wit-hoe-fier fuort wêze, en ek deun by yn in droege groppe lizze. Op goed gelok, mar mei gâns minder moed, sette Douwe en syn hounen de stap der wer yn, ikkers en groppen ôfsneupend. Douwe bigjint hjir yn de toarnen en prikken en stobben al ringen syn klompen to missen. Hy bromt in swiere forwins- | |
| |
king oan Siger syn adres, as er op in skerpe stobbe trapet. Hy bigrypt skoan, dat er by in forfolging nou in jammerdearlik figuer slaen soe. Ek bigjint er him minder wis to fielen, omdat hja dizze rjochting út stadichwei op 'e hege ikker oansette, dêr't Sterke Thomas faeks noch tahâldt.
As de mannen sa in foech skoft socht en sneupt hawwe, moetsje hja Jolmer en Sjoerd en efkes letter komme der fan alle kanten hounen opdaegjen. Forskaten fan harren hawwe Hartman roppen heard, nimmen lykwols hat him sjoen.
‘Us kânsen wurde lyts,’ seit Jolmer, ‘Wy hawwe gjin heal ûre tiid mear, de sinne giet al ûnder en it bigjint gau to skimerjen yn 't bosk. Mei in kertier sjocht men gjin fiif meter de tsjustere groppen mear yn, en fynt men gjin hazze mear ûnder de strûken, as men der net oer stroffelt.’
Dochs sille hja in lêste raem dwaen. Nei alle kanten forspriede en sykje, oant Jolmer op syn hoarn bliest.
Jolmer en Sjoerd nimme de gefaerlikste kant, sa deun mooglik by de hege ikker lâns. As hja dêr yn 'e buert komme, hearre hja noch altiten de swiere stimmen fan Thomas en Ime. Hja arbeidzje nou net mear op 'e hege ikker, mar in foech eintsje fierder. Thomas hat trije perselen lysterbosk hierd en der moat skrept en klaud wurde, om de boel mei ien Oktober ré to hawwen.
It is sa hoar yn de stille Septimberjoun, dat Jolmer en Sjoerd it petear fan de boskers foar in part forsteane.
‘Ik bigryp der neat fan,’ bromt Thomas, ‘noardmantsjes yn Septimber, en dan mei dit stille, soele simmerwaer, dat haw ik nea earder meimakke.’
‘En dochs binne se hjir, harkje mar,’ seit Ime.
Jolmer en Sjoerd hearre it nou ek: de lange úthalen fan it noardmantsje, de lytse, fûle lyster, dy't ornaris mids Oktober mei de stoarmfleagen út it Noardwesten komt en yn greate kloften yn de bosken delstrykt. De jonges sjogge elkoarren forheard oan, mar dan ljochtsje har eagen op en fine hja de ienichste forklearring fan it riedsel. In foech eintsje
| |
| |
fierder, deun by de hege ikker, stiet in mânske spjerbeam mei in brede krún, dêr't hja wol ûren en hiele middagen yn dreamd en boarte hawwe. Dêr komt it lûd wei, en fansels net fan in noardmantsje, mar fan Hartman, de dryste Boskfûgel. Dêr moat er sitte, biskûle yn de tichte tûken, en mei syn klear piipjen, dat fan in lyster sines net to ûnderskieden is, rydt er Sterke Thomas en Reade Ime foar de kroade.
‘Dêr hinne,’ lústeret Sjoerd.
‘It is to let,’ seit Jolmer. ‘It is by healwei sawnen, en mei Thomas en de Foks deunby, kinne wy neat bigjinne. Wy moatte sa gau mooglik nei honk en de keppel byinoar blieze. Ik wol wedzje, dat hja yn de spjerbeam sitte. Dan ha wy harren foun, mar net fongen. De Boskfûgel fangt gjin minske.’ Fiif minuten letter klinkt Jolmer syn jagershoarn fier en klear troch de bosken. Fan alle kanten komme hounen oanstrûzen, en yn de hurd oanwinnende skimer kloftsje hja om de opperjager gear. Douwe springt protteljend de lêste groppe oer, de sokken oan flarden en de fuotten sear fan alle ikels en stobben, dêr't er op trape hat. Dochs weacht syn ûngelok net op tsjin it lok, dat er hjoed foun hat. Safolle wille en kammeraetskip, dêr hat er klompen en sokken en in stikmennich skrammen foar oer.
Jolmer is noch oan it tellen, dan komme Piter en Hartman opdaegjen, de kampioenen, dy't mei in jûchhei bigroete wurde. Ja, Jolmer en Sjoerd hiene wol gelyk hawn: har lêste en moaiste skûlplak hie de spjerbeam west. In dûnkere, droege groppe lâns wiene hja dêr hinne slûpt en hoeden der yn klâdde, mei Thomas en de Foks trije ikkers fierder yn it hege hout.
‘En doe hast foar noardmantsje spile,’ laket Sjoerd.
‘Ik forgriemde my fan wille en 'k wie tagelyk binaud,’ seit Piter. ‘Hy pipe en pipe mar en Thomas en de Foks sochten de loft ôf om noardmantsjes yn de soele Septimberjoun.’
‘Hawwe se jimme fornommen, doe't jimm' de beam útkamen?’ freget Jolmer.
| |
| |
‘Ik leau it net,’ seit Hartman. ‘Mar doe't wy ôfsetten, hearde ik Thomas sizzen: wy geane nei hûs, it wurdt tsjuster.’
Wylst hja it gefal biprate, ropt Sjoerd:
‘Der mist ien, ik ha wol trijeris teld en ik kom mar oan ien en tweintich ta.’
‘Stil stean bliuwe,’ seit Jolmer.
Hy giet de rige lâns en telt: ‘Ien en tweintich.’ Dan ropt er: ‘Rienk mist der, myn houn, lytse Rienk Ottema!’
Algemiene konsternaesje. De lytsen wolle bigjinne to balten: Rienk, Rienk!, mar Jolmer leit harren it swijen op. Hy set syn hoarn oan 'e mûle en bliest trije kear, sa fûl as er kin. It lûd galmet de bosken troch, de echo's rôlje ûnder de hege iken lâns. Wachtsje en wachtsje en jitris blieze, mar gjin antwurd en gjin Rienk.
Dan fortelt Nôlle ten Brink: hy hie, in heal ûre lyn, mei Rienk efter Harmen Woudstra oansitten. Om him tusken harren yn to krijen, wiene hja skaet. Hy, Nôlle, hie Harmen op it lêst fongen, mar Rienk net wer sjoen. Hy hie tocht, dat dy him by de oaren oansletten hie.
‘Der is mar ien forklearring,’ mient Sjoerd: ‘Rienk hat gau thúskomme moatten en is nei hûs gien, doe 't er de hoarn hearde.’
‘Neat foar Rienk,’ seit Jolmer, ‘mar wy sille it ûndersykje.’ De hiele kloft, ien en tweintich man sterk, set op 'e buorren oan.
Jolmer en Sjoerd geane by Ottema it hiem op, de oaren wachtsje by it hikje.
‘Folk!’ ropt Jolmer by de doar. En as der iepen dien wurdt, freget er: ‘Is Rienk al thús, frou Ottema!’
‘Rienk? Wolné, ik sykje al in ûre lang om dy smoarge jonge, mar hy is nearne to finen. Hwat woene jimme mei him?’
‘Ja, sjoch, wy hawwe hazze-en-houn boarte en doe't wy niis it folk telden, miste Rienk der. Wy tochten, dat er nei hûs gien wie.’
Frou Ottema ropt har man.
| |
| |
‘Hwat is hjir to rêdden?’ freget Douwe Ottema, as er mei de krante yn 'e hân by de doar komt.
Skruten dogge de jonges jitris har forhael. Lytse Pytsje, Rienk syn suske, bigjint to gûlen:
‘Us Rienk is fuort!’
‘Gjin gemoart!’ bromt heit, wylst er de krante delleit en syn klompen siket. By it hikje seit er de feinten it mannewaer op: ‘Oerkommelingen, dat jimm' binne, om by healtsjuster yn de bosken om to strunen en dan ien fan de lytste jonges oan syn lot oer to litten.’
Yn 'e groun fielt Ottema wol, dat er ûnreedlik is, dat hjir gjin opsetsin yn 't spul is. Sels hied er as jonge in pykjesetter west en in oanfierder yn mennich aventûr. Hy gunt de mannen har wille graech, mar hy hie joune forlet fan Rienk hawn en hy makket him nou suver ûngerêst. It leit net yn Rienk syn aerd, om by de keppel wei to swalkjen, hwat kin him oerkommen wêze?
Nôlle ten Brink fortelt wer, hoe't hy en Rienk by inoar wei rekke binne en dan seit Ottema:
‘Kom mei, it bosk yn, as er dêr jit is, moatte wy him fine.’ Sa set de hiele nuvere optocht de buorren del, op 'e bosken oan. Ottema en de greate jonges foarop, de oaren dêr drok petearjend efter oan. De smid stiet kreas forklaeid foar hûs, mei in gleone segaer yn 'e holle. As er heart, hwat der to rêdden is, slút er him daliks by de keppel oan. Freark Roskaem sit foar 't finster to skimerjen en stoppet krekt de pipe, as er it trelit op 'e strjitwei heart en de optocht sjocht. Freark fljocht nei syn klompen en stiet yn in omsjoch by it hikje. ‘Hwat sille wy nou bilibje?’ ropt er.
‘Us Rienk is fuort, hy moat earne yn de bosken sitte,’ seit Ottema.
Freark giet daliks yn 'e hûs en in amerij letter fottelt er efter de kliber oan, in brânnende lantearne yn 'e hân. As er harren ynhelle hat, ropt er it skandael út oer dy kweajonges, dy't ivich en erflik de boel yn 'e bulten jeije. Ja, Freark kin
| |
| |
tige beare, mar hwa't help fanneden hat, kin altyd op him rekkenje.
Yn 't easten kliuwt in greate, reade moanne út 'e kimen wei en spraet syn sêfte glâns oer pleatsen, greiden en bosken. De wrâld leit yn in stille frede to dreamen, in lette sjonger ûnder de fûgels floitet noch yn de iken, mar de wei lâns trêdzje hastich trije manlju en ien en tweintich jonges, yn noed om lytse Rienk. Wander brekt it swit suver út, sa ûngerêst is er. Sels is er mar krekt oan in forgiftige njirre ûntkommen, hwa wit, hwat der mei Rienk bard is. Jolmer is wyt om 'e noas: as Rienk in ûngelok oerkommen is, sille se him swiere forwiten dwaen, om't er de âldste en de lieder is. Hartman sjocht de gouden moanne troch de beammen blinken en tinkt oan ‘De reis nei de moanne’ fan Jules Verne, dat er krekt lêzen hat. Mar dan geane syn tinzen wer nei Rienk en ien ding is er wis fan: hja geane net nei hûs, salang as Rienk net foun is. Douwe is it nuver to moede, wylst er hoasfuotling yn de ploech swalket: it wie hjoed sa'n seldsum moaije dei, fol opwining en brike aventûren, moat nou dit gefal mei Rienk de hiele boel bidjerre? Sjoerd, de dryste springer en tûke sjitter, de Njirrejager, dy't nea net forblikt, knypt de lippen stiif op inoar. Hy bigrypt it net, dat sa'n rêdsume knaep as Rienk yn de bosken, dêr't er sa goed thús is, sa mar wei wurde kin. En dan noch wol yn de Reidpôlle, op it lêst ek mar in foege lape, dêr't men gauwernôch nei alle kanten útkomme kin.
Sa arbeidzje de jonges allegearre mei har eigen prakkesaesjes, wylst hja efter de trêdzjende manlju oanstappe, de eagen op Freark syn lantearne, dy't yn syn rjochterhân hinne en wer swaeit.
Ringen binne hja op it sté, dêr't de jonges fan 'e middei de bosken yngyngen. Nôlle wiist de kant út en tsjut it plak oan, dêr't er Rienk foar it lêst sjoen hat.
‘It bosk yn,’ seit Freark en tagelyk springt er de groppe al oer mei de lantearne yn 'e hân.
| |
| |
...in amerij skommelt er hinne en wer...
(side 34)
| |
| |
...mei Rienk op 'e rêch...
| |
| |
‘As de smid nou mei in stikmennich jonges de bou lâns giet en Freark en ik elk mei in oare ploech de boskikkers delsette, dat liket my it gaedlikst,’ seit Ottema. Dan sil er Freark efternei, dy't al mei syn lantearne troch de foarste strûken kringt. Hommels lykwols bliuwt er stean en ropt: ‘Wachtsje ris, Freark, ik hear hwat yn 't bosk!’ Freark bliuwt stean, de smid bliuwt stean, allegear steane hja deastil to harkjen, yn fûle spanning. Jolmer nimt, hast sûnder der by nei to tinken, syn hoarn yn 'e hân. Nou hearre hja it allegearre: kreakjende prikken en in swiere stim.
‘Sterke Thomas!’ ropt Hartman.
Freark kin net langer wachtsje.
‘Binne jo dat, Thomas?’ ropt er. ‘Binne jo dat, Thomas? Hawwe jo Rienk ek sjoen, lytse Rienk fan Douwe en Gryt?’
Thomas bromt in ûnforsteanber antwurd, wylst er op Freark syn lantearne tatrêddet. In amerij letter stapt er it bosk út, mei Rienk op 'e rêch.
De jonges raze it út fan blydskip. Jolmer bliest fan wille op 'e hoarn, Hartman dounset as in laem, Wander klapt yn 'e hannen. Freark Roskaem biljochtet Rienk syn gesicht, dat spierwyt is, mar dochs glimket, as er syn blide maten sjocht. Thomas fortelt. Ut it lysterbosk wei hied er efkes nei de boskwachter west, dêr't er in boadskip oan hie. It jachtpaed lâns woed er nei de singel en sa op hûs oan. Dêr hied er Rienk foun, dy't oan 'e kant yn 'e raeijen siet to stinnen. Hy koe net rinne, hwant hy hie syn ankel forkloft.
‘En fierders moat er sels mar fortelle,’ seit Thomas, wylst er Rienk by syn heit op 'e rêch set.
Rienk fortelt by stikken en brokken, mei in pynlike tear om 'e mûle. Hy wie, doe't er efter Harmen oansiet, oer in stobbe stroffele en hie suver yn 'e sûs lein fan de pine. Rinne koed er net mear en doe't Jolmer op 'e hoarn bloes, hied er bisocht om nei honk to krûpen. Doe wied er foar in djippe dwersgroppe kommen, dêr't er mei gjin mooglikheit oer komme koe.
| |
| |
Yn 'e fierte hied er de jonges wol heard, mar moartsje woed er net. Doe't er einlings dochs om help bigoun to roppen, wiene de maten al fier fuort. Krûpend en hinkjend wied er op it jachtpaed slagge en dêr hie Thomas him foun.
As de ploech mei romme herten op hûs oan sil, hat Thomas earst noch hwat to sizzen. Swier en driigjend, lyk as fan in brommende bear, klinkt syn lûd, wylst syn ûnbidich stâl ôftekene stiet tsjin de kleare moanne. Douwe is efter de oaren krûpt, yn it skaed fan de iken, en harket mei freze en earbied.
‘De hiele middei,’ seit Thomas, ‘hawwe de bosken tild fan lawaei. Ik warskôgje jimme, smakkerts, dat jimme gjin foet mear yn it hout sette. De bûgels hingje, mei in deimennich wurde de beijen opstutsen, dan is 't Oktober. Hwa't ik fan moarn ôf jitris yn de bosken trappearje, dy brek ik de rêch.’ Douwe trillet op syn skonken en is bliid, as er de reus yn de singel fordwinen sjocht.
Fleurich sette hja nou op 'e buorren oan, allinne Freark prottelt op dy ychels, dy't altiten wer de rêst fan it doarp forsteure.
Douwe' Gryt stiet by it hikje to wachtsjen en suchtet fan forromming as hja har jonge sjocht. Hja fûtert wol op him en de maten, mar is bliid genôch, dat it mei in forkloft ankel ôfroun is.
Hartman nimt Douwe mei en bisoarget him in pear âlde klompen, dêr't er op thús komme kin.
Yn forskate húshâldings wurde de jonges útprottele, om't hja sa let binne. Mar hja hawwe honger as in wolf en sjogge de protteljende memmen tankber oan, as dy harren in steapel broggen taskouwe. Binammen dy timpen roggebrea mei raspe tsiis, dêr binne hja stil fan.
|
|