| |
| |
| |
Haedstik III
De hazzen rugelje ut 'e beammen
Tsjin fjouweren is Hartman yn 'e singel, dêr't hja byinoar komme soene. It tilt dêr al fan jonges, dy't ûnforduldich op him wachtsje. Mei in jûchhei wurdt er bigroete. It waer is kostlik bleaun, de bosken binne jit ticht en grien en noegje ta wille en aventûr. It is gâns in skoft lyn, dat hja mei-inoar hazze en houn boarte hawwe. Us fiif maten, Jolmer, Hartman, Piter, Sjoerd en Wessel, dy't fan 'e simmer as mannen fan Uncas safolle bilibbe hawwe, ha ek wolris wer sin oan in massaspul. Hja binne de âldsten en tûksten, mar ek ûnder de lytsere jonges fan sa'n jier as tsien sitte bitûfte knapen, dy't frijhwat fergje sille fan jagers en hounen. Jolmer is grimmitich fan doel, om in great jager to wêzen, dêr't op 'en dûr gjin hazze oan ûntkomt. Hy wit wol, dat er klauwen krije sil oan syn freonen, binammen oan Hartman en Sjoerd, dy't as Yndianen troch it hout strûze, dy't de forhoalenste skûlhernen witte. Dit sil him lykwols nammersto mear oanfiterje, om alles op alles to setten. Hy hat in âlderwetske jagershoarn oan in koarde om it skouder hingjen, makke fan in echte kouwehoarn, sa't men se hast net mear sjocht. Winlik is 't in âld femylje-erfstik, dêr't heit tige wiis mei is. Thús hat er der faek mei boarte, hy hat 'm lykwols noait net meinommen de bosken yn. Hy wit net, oft heit dit wol lije wol, hy hat 'm mar stiltsjes út 'e kiste helle en joune sil er him der ûngemurken wer ynstopje. In pear kear hat er der niis op blaesd en de hiele kliber fan goed tweintich man harke mei de greatste biwûndering.
It is ûnder de bidriuwen troch fjouwer ûre wurden, de opper- | |
| |
jager jowt syn lêste ynstruksjes. It is in baes, dy Jolmer. As 't der op oankomt, as der greate plannen makke en útfierd wurde, dan is hy de lieder, dêr't de jonges hearich nei harkje, hwaens bifel hja opfolgje. Syn hannen wize, syn mûle praet rêd, syn eagen blinke. Rienk, dy't syn houn wêze sil, hat sin om to blaffen, it is ek mar gjin eare, om houn fan sa'n jager to wêzen. Douwe harket mei de mûle yn 't kier, hy is sa bliid as in protter, dat er yn de ploech meiboartet en net stymjend oan 'e kant stiet. Hy sil hjoed sjen litte, dat er mear as Domme Douwe is, dat er ek in jager wêze kin, dêr't hja ûntsach foar krije. Hartman lústeret mei in ûndogensk glimke om 'e mûle en Jolmer bigrypt al, dat der noch wol in útfal fan de Boskfûgel komme sil, foardat de hazzen de bosken yn stouwe.
‘Hiestu noch hwat to freegjen, Hartman?’ seit er, as er fierders útpraet is.
‘Nou né, dat net, mar in útstel ha 'k al.’
‘Hwat dan?’
‘As it dy slagget, om joune alle hazzen to fangen, bineame wy dy ta sultan fan Gaesterlân.’
De greaten laitsje, bihalven Douwe, dy't it suver ûnearbiedich fynt, om sokke earnstige bifellen mei de gek to bislaen. Syn forstân arbeidet swierder en stadiger as Hartman sines en hy kin de grappen fan de boartlike Boskfûgel sa goed net wurdearje as de maten.
‘Dû koest wol net wiis wêze,’ bromt er.
‘Fiif en tweintich knikkerts en in klute pik, Douwe, ast' my fangste,’ laket Hartman.
‘Ien ding jit,’ seit Jolmer, as de hazzen it jonge hout yn springe sille. ‘As de fijân ús oer't mat komme mocht, Swartburd en de Skierroek en oare glêdde-knope-dragers, dan foarsichtich wêze. Yn 'e groppen en ûnder de tûken glide, deastil lizzen bliuwe en mocht der immen yn har hannen falle, gjin gejammer en gemoart en gjin nammen neame.’
Lytse, dikke Wander rydbosket efkes, as er oan dit gefaer
| |
| |
tinkt, mar Jolmer stelt him gerêst: ‘It is Sneon-to-joun, folle kâns is der net, dat dy lju op 'en baen binne.’
De hazzen wurde jit ienkear teld, achttjin mei-inoar, en dan strûze hja de bosken yn. Deade prikken kreakje, tûken wurde fan inoar bûgd, slane gysten wer tsjin elkoar oan, in gedraef en in gerissel, en in amerij letter is de hiele kliber yn it trijejierrige hout fordwoun.
Jagers en hounen rieplachtsje oer de bêste wize fan opjeijen en oanfallen. Rienk en Kees, de beide hounen, blaffe danich, mar hja moatte nei har bazen harkje. Der wurdt ôfpraet, Douwe en Kees sille hoeden de bou del rinne en in foech ein fierder it bosk yngean. Jolmer en Rienk geane daliks it bosk yn en rinne de oaren yn 'e mjitte. Der binne altyd in stikmennich hazzen, dy't by honk yn in groppe of efter in pôlle lizze, yn de hope, dat jagers en hounen harren foarby stouwe sille. Dy moatte hja opdriuwe en fange, dan kin der sa gau mooglik in fikse keppel hounen op útstjûrd wurde, om de greate hazzen to fangen, dy't soms yn gjin ûren to finen binne.
Jolmer set de hoarn oan 'e mûle en bliest in lange toan, dy't fier troch de bosken galmet. Nou witte alle hazzen, dat it spul bigjint, dat der gefaer wankt. Dy't deunby lizze, krûpe tichter ûnder de strûken, of djipper yn de groppen, rydboskjend fan wille en spanning. Oaren, op wei nei de fierste hernen en de forhoalenste plakjes, sette der noch mear faesje efter, ek al tinke hja, dat hja yn de earste opslach bûten alle gefaer binne. Men wit lykwols noait, hwat dy Jolmer úthevet. Hy koe ek ris mei syn houn de bou deljeije, om harren foar to kommen en op to kearen.
Né, Jolmer en Rienk lizze it oars oan. Hoeden, hast sûnder lûd, glûpe hja it hout troch, glide de groppen yn, steane stil en harkje, en teantsje dan wer fierder. Gjin hazze to bikennen lykwols, gjin lûd to hearren. Allinne in pear âld-roeken, dy't yn in spjerbeam sitte to âljen en fier fuort beart in goudfaisant. Dat kin Hartman fansels ek wêze, de slimme Bosk- | |
| |
fûgel, dy't mei syn lûden minsk en beest forrifelt. Jolmer freget himsels ôf, oft hja de Boskfûgel to pakken krije sille. It is noch gjin jager ea slagge, om him op 'e tiid to fangen, it soe al in sukses wêze, as hy it dizkear klear spile. Hawar, earst de oaren, om it houneleger sa great mooglik to meitsjen. Elk in ikker glide hja del, hy en Rienk, ûnder alle pôllen kypje hja, neat ûntkomt har skerpe eagen. Hja steane nou beide by in toarnbeistrûk, dêr't jit gâns soppige, swarte fruchten bylkje. Rienk freget mei de eagen, oft hy in pear plôkje mei. Jolmer knikt fan ja: it is gleonhjit yn it bosk, de jacht kin noch swier en waerm genôch wurde, in hânfol toarnbeijen sa nou en dan hâldt harren sterk en fris.
Hommels steane hja beide wach, forjitte de toarnbeijen, wize tagelyk deselde kant út. In meter of tsien fierder kaem in lûd út de groppe tusken de beide ikkers, in gerissel yn de deade blêdden. Stil as mûzjende katten slûpe hja der hinne. It kin fansels ek in knyn west hawwe, of in fûgel of in wezeling. Ynienen klinkt der in felle skreau út de groppe, dat is Wander, it kin net misse. Hwerom as hy sa dom is, om to skreauwen, dat bigripe hja net, mar as wylden, mei gleone eagen stouwe hja der op los. Rienk ploft daliks yn de djippe groppe del, Jolmer in trêdmennich fierder. De tûke houn bilet en grânzget en hat Wander al to pakken. Syn beide maten wolle by de wâl opklâdzje, om fuort to kommen, mar it is to let. Jolmer hat de iene rimpen yn de blêdden soald en grypt de oare noch krekt by it ankel, as er al op 'e wâl is en op hannen en fuotten fuortkrûpe sil. Dat is in skoane fangst, trije tagelyk. De beide maten, Nôlle ten Brink en Ike de Bear, binne wakker lilk op Wander, dy sûch, dy't bigoun to âljen, en dat om in deade slange.
‘In libbene slange,’ ropt Wander, dy't noch wyt om 'e snút is. It wie ek noch wol in njirre en hy wie him lyk oer de hannen krûpt. ‘Ik hie wol dea wêze kind,’ suchtet er, wylst de grize him oer de grouwe giet.
De oaren ûntstride dat forheftich, hja hawwe beide syn giele
| |
| |
bân om 'e kop sjoen, it wie in deagewoane, ûnskuldige ringslange, dy't hja wol yn de bûse stekke doarsten. Wander hâldt lykwols stiif út, dat it in njirre wie en is oertsjûge, dat er mar jusjes oan in skriklike dea ûntkommen is. Hawar, de slange hat harren yn de earmen fan de jagers dreaun en hja binne nou yn hounen foroare. Wander is der sa bliid om, as 't mar kin, nou hoecht er net langer yn 'e blêdden to lizzen as in warleaze bút foar forgiftige njirren en alle mooglike ûnrant.
In foech ein fierder hearre hja Kees, Douwe syn houn, blaffen. Dy hat dus ek byt. En ja hear, efkes letter komme hja opdaegjen mei Freark Wearman. Dy hie yn in bitizing fan tichte strewellen lein, hast ûnsichtber. Kees syn waekse eagen hiene lykwols in giele klomp tusken it grien skimerjen sjoen en doe hie er de hazze fansels samar to grazen. Dat nou hat Douwe twa hounen en Jolmer fjouwer. De opperjager bliest jitris op syn hoarn en de fjirtjin hazzen, dy't jit fier en hein yn de bosken forspraet lizze, witte wol hwat dat bitsjut: dat der nou in hiele keppel spoarsiikjende hounen yn it hout omstrúnt.
Jolmer hâldt Rienk by him en stjûrt Wander en syn maten in oare rjochting út, mei it bifel, om alle hazzen, dy't hja fange, daliks op to bringen. Dan hâldt hy oersicht en kin er oan elk syn bifellen jaen. It giet goed, tinkt Jolmer: foar healwei fiven hawwe hja al fjouwer hazzen en de uterste tiid is steld op healwei sawnen, dat hja hawwe noch mear as twa ûren de tiid.
Stomme graech soe er mei eigen hân syn maten fange wolle, Hartman, Piter, Sjoerd en Wessel. Hja binne mei har fjouweren byinoar, of twaris twa, dat bigrypt er wol. Mar ja, it jachtterrein is in pear hûndert meter breed en in kilometer lang, dy feinten kenne it bosk, likegoed as hy sels en binne sa fluch as swellen. Harren fine bitsjut noch net harren fange. In amerij stiet er yn birie. Dan seit er tsjin Rienk: dy kant út, nei de dikke beam ta.
| |
| |
De dikke beam is ien fan de mânske iken, dy't yn 't jonge hout forspraet steane. De dikke beam, dat is suver in freon fan de jonges, dêr't hja in bulte mei bilibbe hawwe. As hja fiifrisom yn syn tûken sieten, elk mei in ekstersaei yn 'e pet, en har heechste liet songen, dan koe de Maeijewyn as in oargel yn syn blêdden spylje en wie it ien fleurich koar fan wyn en leaf en jongesstimmen. It wie alris bard, dat hja stil boppe yn 'e kop sieten, wylst Swartburd en de Skierroek, dy't harren op it spoar wiene, ûnder de beam stiene, wol in heal ûre lang, sûnder harren to fornimmen. Ja, de dikke beam soe frijhwat fortelle kinne, as er prate koe.
Jolmer en Rienk hawwe him krekt yn 't fesier, sa't er dêr stiet, syn brede kroan heech yn de blauwe loft, syn machtige tûken fier en wiid útspraet oer de strûken. In pear groppen oer en dan der rjocht op oan. Under syn tûken, dêr't in hiele simmer lang gjin sinnestriel trochkringt, is it ûnderhout iepen en tin en miswoechsen. Mar efkes fierder is in wylde bitizing fan toarnbeistrûken, wylgen- en bjirkenhout, sa ticht, dat men gjin tsien meter fier sjocht. Op in wink fan Jolmer jowt Rienk him plat op it liif del en krûpt as in slange ûnder de strûken troch. In pear menuten letter komt er werom, hy hat neat foun.
As er by syn baes komt, stiet dy glimkjend omheech to sjen. Jolmer hâldt de finger foar de mûle, knypeaget en wiist dan nei boppen. Rienk digeret yn de tichte krún op en skodhollet: hy sjocht neat. Mar dan folget er de rjochting fan Jolmer syn wizende finger en ja: heech yn de kop fan de beam, hast alhiel biskûle yn de blêdden, dêr sit in jonge. Nou wiist Jolmer yn in oare rjochting en in foech eintsje fansiden dêr sit in twadden.
‘Hwa binne it?’ freget er.
‘Sjoerd en Wessel.’
‘Binne der noch mear?’
‘Né, mear sjoch ik net.’
Ja, neffens de regels fan it spul meije de hazzen yn de beam- | |
| |
men klâdzje. En sa lang as hja net tikke binne, meije hja sitten bliuwe, al stiet der ek in leger fan jagers en hounen ûnder de beam to âljen.
De klimmende hazzen hjirre hawwe fansels al lang yn de gaten, dat hja ûntdutsen binne. Mei eagen en gebearten oerlizze hja, hwat harren to dwaen stiet. Hwant jager of houn, of faeks beide wol, sille sûnder mis de beam ynkomme. Hja kenne Jolmer, dy sil alles op alles sette, om harren to fangen. Tusken tûken en leaf troch kypje hja grimmitich nei ûnderen, elke biweging fan de fijân folgjend.
Jolmer wifket net lang, hy is gau biret. Syn eagen en wangen gloeije fan opwining, it jagersbloed polsket fûl troch syn ieren, syn hert slacht rêdder. Dit kin in great aventûr wurde, hjir is eare to biheljen. Hastich en koart jowt er Rienk syn oarders: dy moat hwat fansiden gean en Wessel yn 't each hâlde. De jager sels sil de beam yn, lyk op Sjoerd oan, dy't heech yn 'e top sit. Jonge, hwat soe dat in sukses wêze, as hja dizze gewykste hazzen beide fongen.
De dikke beam is sa'n foege sechstich jier âld, rjocht en mânsk en moai. Mar syn stamme is sa tsjok noch net, dat de tûkste klimmers der net mear yn komme kinne. Jolmer slacht de linige earmen út, omklammet de stamme en set mei in fikse hoart ôf. Al gau is er in meter as trije fan de groun, klauwend mei hannen en fuotten, om op 'e ûnderste tûke to kommen. Nou stiet er der op, ien hân om 'e stamme, mei de oare wiuwend nei Rienk, dy't mei bounzjend hert en reade wangen de kommende dingen ôfwachtet.
Hy sjocht nei boppen, nei Sjoerd, en tinkt: ûntkomme kin er my noait, hwer soed er hinne moatte? Ynienen skrillet er forheard op, hwat is dat? Sjoerd komt nei ûnderen, twa, trije, fjouwer stappen, bliuwt dan efkes stean. Hwat wol er? Wol er bisykje, de jager foarby op 'e groun to kommen? Mar dat is folslein ûnmooglik. Wol er him frijwillich oerjaen? Mar dêr ken er Sjoerd to goed foar. Jawisse, de Njirrejager sil sûnder striid yn de earmen fan de fijân rinne, dat moatst mar tinke!
| |
| |
Mar hwat dan yn 'e goedichheit? Giet er aensen wer omheech, de swypkjende top yn, as Jolmer tichter by komt? Dat kin in spannend, mar ek in gefaerlik aventûr wurde. Hawar, Jolmer sil foarsichtich wêze, him net rimpen opjeije, him net yn libbensgefaer driuwe, krije docht er him ommers dochs. De jager is altyd yn de gunstichste pesysje, dy hoecht allinne syn foet mar oan to reitsjen, dan is de hazze fongen. Jager en hazze sjogge elkoarren ris fiks yn de eagen en glimkje beide. Ja, dy Sjoerd glimket ek, al wied er wis fan syn saek. Hat er dan net foar 't forstân, dat er forlern is, forlern oer alle boegen?
Jolmer bliuwt rêstich stean en seit:
‘Kom mar by my, Sjoerd, dan hoech ik net nei boppen en kinst ús helpe, om de oaren to krijen.’
‘Kom dû mar by my,’ is it antwurd.
Goed, de jager trapet stadich omheech, ien, twa, trije tûken. Dan bliuwt er lykwols forbjustere stean, eagen en mûle wiid iepen fan forheardens. Sjoerd is ek yn biweging kommen, net nei boppen, mar nei ûnderen. Hy glydt suver by de stamme del, de jager yn 'e mjitte. Jolmer bigrypt der neat fan, wachtet mar wer ôf. In pear trêd noch, dan kin er him rikke. Safier komt it lykwols net. Op in mânske, hwat ôfhingjende tûke giet Sjoerd sitten, de fuotten elk oan in kant, as siet er op it hynder. Ja, hy makket de meneuvels fan hynsteriden en laket de jager oan. Dy sil der nou mar in ein oan meitsje en klâddet nei him ta. Nou skout Sjoerd lykwols fan 'e stamme ôf, de tûke op. Jolmer docht itselde, mei 't gesicht nei him ta. De hazze skout efterút, de jager foarút, op in pear meter distânsje. Aensen wurdt de tûke to tin, dan kin er net fierder, dan kom ik foarsichtich tichter by en haw ik him, tinkt Jolmer.
‘Kom dan, jager!’ narret de hazze. Jolmer wurdt der read fan, hwat wol dy fordealde Sjoerd dochs?
Nou, goed dan, hy sil komme. Stadich skout er fierder. Ynienen bliuwt it hert him suver stil stean fan kjeltme. Sjoerd
| |
| |
glydt as in iel de bugjende, swypkjende tûke lâns nei ûnderen. Jolmer klaut hastich werom en stiet it oare stuit mei de earm om 'e dikke stamme.
‘Bist stapelgek wurden, Sjoerd?’ skreaut er bang.
Sjoerd hinget nou oan de twigen, de fuotten noch wol fiif meter boppe de groun. In amerij skommelt er hinne en wer, siket mei de eagen om in gaedlik plak en lit dan los. Jolmer sjocht it spul oan, wyt as in deade, Rienk stiet oan de oare kant fan de beam mei de mûle wiid iepen en skreaut it út fan forbjustering. Mar Sjoerd hat de sprong masterlik birekkene. Midden yn in jonge bjirkene pôlle komt er tolânne, as in kat komt er op syn fearjende fuotten del. In bihoarlike skram op 'e iene knibbel, oars mankearret him neat.
‘Kom dan, jager,’ narret er jitris.
De jager is himsels wer, fljocht de tûken del, glydt by de stamme lâns en ploft yn de raeijen. As in wyld strûst er op 'e bjirkene pôlle oan, dêr't Sjoerd fansels al út is. Rienk forjit fan foralterearrens syn opdracht en fljocht ek efter de flechtsjende hazze oan.
‘Werom dû, werom!’ skreaut Jolmer, ‘oars ûntkomt Wessel ús ek noch!’
Rienk giet daliks werom en komt krekt by de beam, as Wessel by de stamme del glydt. De hazze komt suver yn de earmen fan de houn tolânne. Wessel is fongen en wurdt houn. In amerij biprate Wessel en Rienk it gefal fan de rokkeleaze Sjoerd.
‘Dy stiet foar neat,’ seit Wessel, ‘It sil my lykwols nij dwaen, oft er Jolmer ûntkomt, hwant gjinien fan ús kin tsjin Jolmer rinne. En beide binne hja sterk as in hynder en taei as in murd. It sil in wylde jacht wurde.’
Ja, it wurdt in wylde jacht. Jager en hazze binne oan inoar weage. Beide binne hja mannen fan Uncas, beide hawwe hja har spoaren fortsjinne as helten fan de bosken. Like fortroud as it wyld binne hja mei ikkers, paden en groppen, mei beammen en strûken en de heimichste skûlhernen. Hast like mak- | |
| |
lik as de fjouwerfuottige biwenners fan de wâlden glûpe hja troch it tichte hout. Bûden en skrammen en skuorde klean telle hja net yn de gleonens fan it aventûr. Hast altiten hawwe hja nêstinoar striden en boarte yn deselde ploech as trouwe maten, nammersto greater wurdt de spanning, nou't hja tsjin elkoar moatte. Yn drystens en moed jowe hja elkoarren neat ta. As it knypt hâldt de sterke Sjoerd mei syn breed boarst in gystene jacht faeks langer út, mar Jolmer is sa linich wol as hy. Hja witte, dat hja tsjininoar opwoechsen binne, dat hja op it uterste ferge wurde, om to winnen.
Op it stuit as Jolmer by de stamme delglydt, hat Sjoerd in fikse foarsprong. Fluch as in hazze fordwynt er tusken pôllen en strewellen, kringt it tichte hout troch, jaget in lange, rjochte ikker del. Hy stroffelt hast oer in jonge knyn, dy't foar him út hipt. In iikhoarntsje, dat yn de waerme middei oer hwat ikels gear wie, stout mei wynderjende sturt yn in spjerbeam op en sjocht út syn feilige hichte wei de oerkommeling nei, dy't him sa kjel makke. In faisantehoanne, rêstich oan 't miel, giet kraeijend op 'e wjuk. Alle kleuren fan de reinbôge bylkje yn syn fearren as er it beamte oer wjukkelt en in ikkermennich oerdwers wer delstrykt. Mar Sjoerd sjocht gjin knyn, gjin iikhoarntsje, gjin goudfaisant, hy wit allinne: de jager sit my op 'e hakken. In skerpe, útsteande toarne reept in winkelheak fan in decimeter yn syn broek, hy fornimt it net.
Nou stiet er efkes hymjend stil en harket. Soe Jolmer syn spoar kwyt wêze, is er feilich ûntkommen? Né, in foech ein efter him slane de tûken en kreakje de deade prikken: de jager is him op it spoar, is sels tichter by as er tocht hie. In amerij stiet er yn birie. Fierderop wurdt it hout skrieler, Jolmer sil him yn 't fesier krije en dy is op iepen terrein mear mânsk as hy. Sil er yn dy spjerbeam klâdzje? Né, dêr hat er gjin tiid mear foar, hy heart de rêdde fuotstappen fan de jager al. Hy glûpt in brede boskgroppe yn en krûpt ûnder de oerhingjende strûken. Nou fornimt er, dat er dweiltrochwiet
| |
| |
is, hwant ûnder de deade blêdden, dêr't er yn sprong, stiet jit in foege laech wetter en blabber. Mar hwat let dat, as de jager him mar foarby strûst.
Hymjend en mei bounzjend hert dûkt de hazze ûnder de tûken en harket. Dêr is de jager, deun by him. Hy fljocht foarby. Sjoerd sykhellet rommer, hy tinkt nei. Ien ding hat er al op 'e jager foar, hy kin efkes útpûste. Dizze jager is lykwols de earste de bêste net: it is Jolmer, en dy sil him net lang forrifelje litte. As er nou ris werom gyng, de groppe troch? Mar dan rint er Rienk en de oare hounen faeks yn 'e earmen. Earst mar ris ôfwachtsje, hwat Jolmer docht.
Ja, hwat docht Jolmer? As dy op it iepen terrein oankomt, fornimt er hommels, dat er it spoar kwyt is. Yn it tinne, lege hout hat er in goed ein sicht, hy rekt de hals en kipet tusken de pôllen troch, hy klimt yn in jonge bjirk en kuert nei alle kanten. Gjin hazze lykwols to bikennen. Hoe't er ek harket, hy heart gjin dravende fuotten, gjin kreakjende prikken mear. Sil er it opjaen en efter oare hazzen oan, dy't makliker to fangen binne? Noait, fansels! Hy wol Sjoerd ha en sil him krije ek.
Hark, hwat is dat? Hwat geane dy fûgels dêr jinsen oan. Houteksters en roeken, dy't skelle en tsiere. Fjochtsje hja miskien om in moaije sangfûgel, dy't ien fan harren to grazen hat? Moardners! tinkt Jolmer. As er Sjoerd net efter de boksen siet, as er net midden yn in opwinende jacht wie, soe er dêr hinne fleane en bisykje it slachtoffer to rêdden. Ynienen lykwols ljochtsje syn eagen op en bigjint er to glimkjen. Dat binne gjin fûgels, hwant har lûden beare net troch inoar, mar wikselje elkoarren hieltiten ôf. Dat is Hartman, de ûndogenske Boskfûgel, dy't him forfeelt en de jagers op syn spoar lokket. Sil er dêr hinne slûpe en him oer it mat komme? Né, earst wol er Sjoerd ha.
Ezel, dy't ik bin, tinkt er hommels, dat ik net earder oan dy groppe tocht ha. Hy giet in trêdmennich werom en springt yn 'e groppe, gjin tsien meter fan Sjoerd ôf. Sjoerd wit, dat er
| |
| |
forlern is, as er stean bliuwt. Mei gysten gewelt klaut er by de wâl op. Jolmer batst troch de blêdden en de blabber, dy't him by de klean opspat. Hy is krekt in sekonde to let, om de hazze by 't ankel to gripen, dy't nou op hannen en fuotten ûnder in elzestrûk troch glûpt.
As Sjoerd wer op syn fuotten stiet, is Jolmer ek al op 'e wâl. Nou wurdt it in wylde jacht, it hout troch, de sleatten oer. De tûken fan de pôllen, dêr't Sjoerd trochhinne kringt, swypkje Jolmer yn 't gesicht, as er him net op 'e tiid dûkt. Hja binne gjin fiif meter fan inoar ôf en hymje as hounen, mar gjinien fan beiden jowt it op.
Dochs komt der noch ûnforwachts in ein oan de jacht.
Sjoerd fielt, dat it gefaer greater wurdt, hwant net al to fier fan him ôf heart er hounen blaffen, wol fan twa kanten. Aensen is er ynsletten. Hy hat jit ien kâns, al is 't in lytsen ien. Rjocht foar him riist de hege ikker op mei tsienjierrich hout, dêr't er lykwols net yn mei, hwant it is lysterbosk. Mar de brede, droege groppe troch, dy't de hege ikker fan de oaren skaet, kin er miskien ûntkomme, de kant fan Heabergen út. It liket him ta, dat er de lêste menuten in pear trêd op Jolmer woun hat. Dat jowt him nije moed. Ien, twa ikkers jit oerdwers, dan is er by 't hege hout en fordwynt mei in foarse sprong yn 'e groppe. Mar hy is der yn minder tiid wer út en stout suver by Jolmer op. Dy grypt him beet, himet:
‘Ik ha dy.’
Sjoerd skuort him los en skreaut:
‘Kom mei!’
Deun efter harren tongeret it lûd fan Sterke Thomas út 'e hege ikker:
‘Myn lysterbosk út, apen! Sil ik jimme de bile tusken de skouderblêdden lizze?!’
As hja jit ienris omsjogge springt der immen de hege ikker út en set harren efternei: it is de âlde fijân, Reade Ime út 'e Finkeflecht. Sterke Thomas en Reade Ime, dizze kombinaesje bigripe hja neat fan. Hja bigripe wol, dat hja fuort moatte,
| |
| |
as de wearljocht, al binne hja ek sa wurch as in maits. Jager en hazze binne beide hazzen wurden, opjage fan gefaerlike jagers. Lokkigernôch giet de Foks gau werom. In pear minuten letter, op in feilige distânsje, ploffe de beide maten yn de raeijen del. Hja binne sa ynein, dat hja yn de earste opslach gjin wurd útbringe kinne. Dan giet Jolmer oerein, grypt Sjoerd by de hân en seit:
‘Myn lokwinsk, âlde njirrejager, sûnder help fan Thomas en Ime hie ik dy net krige, hwant ik koe hast net mear.’ Sjoerd fortelt, dat er yn de groppe hookstrooks foar Thomas en Ime stie, dy't dêr by in wylgepôlle oan 't bûgelsnijen wiene. Hoe 't de Foks by Thomas yn 't wurk komt, dy 't him fan 'e maitiid sa ôfseame hat, is harren in great riedsel. Hawar, dêr prate se noch wolris oer, se hawwe nou gjin tiid. Hja sette ôf, de kant fan de dikke beam út. Dêr bliest Jolmer trijeris op syn hoarn endan komme de hounen fan alle kanten oanstrûzen. As se teld wurde, blykt it, dat der noch fiif hazzen misse. It is nou healwei seizen, hja hawwe noch in ûre tiid.
|
|