| |
| |
| |
Haedstik XIV
Hwa is de brânstifter?
't Is al hast njoggen ûre, as Heit en Jolmer thúskomme. Mem is bliid, dat se harren sjocht. Hja wie al ûngerêst wurden. Ut 'e tún wei hie hja it bosk brânnen sjoen. Doe't de minsken werom kamen, hie buorfrou forteld, dat der praetsjes gyngen oer Jolmer en syn maten: dy soene de heide yn 'e brân stutsen hawwe. Mem hie al bang west, dat de polysje harren meinommen hie. Se soe har gjin rie witte as it wier wêze mocht: Jolmer in brânstifter en moarn miskien foar it forhoar.
‘Der wie dochs neat fan dy praetsjes oan?’ freget Mem. As hja Jolmer syn wyt gesicht sjocht en it dûnkere fortriet yn Heit syn eagen, ferget hja:
‘Toe, jimme swije mar, fortel my dan dochs, hwat der bard is.’
Dan fortelt Heit. Dat Jolmer de brân ûntdutsen hat, dat Thomas Yntema wol hûndert goune skea hat en dat de boskwachter Jolmer syn lúsjefers yn Thomas syn bosk foun. Mar dat Jolmer syn ûnskuld úthâldt en dat syn maten dat bifêstigje.
Mem sjocht Jolmer mei har waerme, earnstige eagen in skoft oan. Jolmer is wyt en syn lippen trilje, mar hy slacht syn eagen net del foar Mem harres.
Dan wit Mem genôch. Se nimt har jonge by de hân en seit: ‘It soe slim wêze, as Jolmer skuld oan de brân hie, mar ik soe it noch folle slimmer fine, as hy lef en gemien wie. Heit, ik kin net oannimme, dat Jolmer sa lige soe, ik leau him.’
| |
| |
‘Ik ek,’ seit Heit, ‘mar ik woe tige graech biwizen ha, hwant de minsken fortinke him en dat is ek slim.’
Jolmer byt op 'e lippen, hy wol net mear gûle. It wurdt him waerm om it hert, dat Heit en Mem him leauwe, mar hy fielt ek, hoe wier it is, hwat Heit seit: ûnskuldich to wêzen en dochs fan de minsken fortocht to wurden, dat is slim, dat is swier to dragen.
‘It moat lykwols út wêze,’ giet Heit fierder, ‘mei it fjurkestoken yn de bosken. Mear lok as wiisheit, dat der gjin rampen fan kommen binne. Ik haw jimme lêstendeis al sein: misbrûk jimme moaije frijdom net, dat bisnijt him.’
Heit seit der dy joune net mear fan. Hy bigrypt skoan, dat syn âldste soan al genôch to forarbeidzjen hat.
‘En nou ite en op bêd,’ moannet Mem.
Ite, dêr komt net folle fan. Mei muoite kriget Jolmer in pear stikken troch de kiel. Toarst hat er wol, in labendigen toarst. De beide kopkes thé, dy't Mem him ynskinkt, dêr hat er lang net genôch oan, der moat in great glêsfol kâld pompswetter oer hinne.
Dan jowt er Heit en Mem, mei in flau glimke, in hân foar de nacht en reizget nei boppen.
Foar it bêd bûcht er de knibbels en wol syn jounbea sizze. Mar it rûzet him troch de holle, hy kin syn tinzen der net byhâlde, hy kin de bikende wurden kwealik fine. Alles hwat er de lêste ûren bilibbe hat, komt as in hege weach opsetten en rôllet oer him hinne: syn forwoedene striid tsjin it fjûr, dêr't er de klean by skroeid hat, it leed fan Thomas en Dieuwke, de swiere fortinking, it ûnforklearbere en binearjende riedsel fan de lúsjefers. Langer as gewoanwei leit er mei de hannen gear, mar hy kin der oars net útbringe as in pear wurden:
‘Jo witte, Heare, dat ik it net dien ha...’
ûnder it lekken. Oars sliept er altiten sa gau as er it kjessen Mei de eagen wiid iepen en de hannen efter de holle leit er fielt, f'râl nei in bannige dei, mar joun is der gjin sprake fan. Hy wol trouwens ek net sliepe, hy fielt de stille nacht
| |
| |
suver as in freon, dy't him helpe kin, dy't him gelegenheit jowt, om fan foaren ôf alles nochris rêstich oer to tinken. Miskien fynt er aensens de oplossing fan it riedsel. Dan sil er fan 't bêd ôfspringe en nei ûnderen fleane en it Heit en Mem taroppe: ‘Ik wit it, ik wit, hwa't it bosk yn 'e brân stutsen hat.’ En dan, ja dan sil er sliepe, lyk as er noch noait sliept hat. Hwant hy fielt nou dochs, dat er wurch is, sa wurch as in maits. Einliks fierstento wurch, om skerp to tinken en de boel út inoar to hâlden. Syn holle arbeidet wol, mar hy kin ûnmûglik de dingen fêsthâlde. Se komme op him oansweevjen en glide sa wer fuort, de nacht yn, it iene byld nei it oare, de iene frage nei de oare.
Hwerom moast dit hjoed sa gean? De middei wie sa prachtich ynset. Se hiene sa'n berch hazzenuten en toarnbeijen foun, se hiene sa'n wille hawn by it kampfjûr... Ja, it kampfjûr.... en efkes letter dat oare fjûr, Thomas syn bosk.... Hwat brânden en knapten dy spjerren.... Hwat hiene hja swit en wrot, om it út to krijen... Hwa soe it dien hawwe? Hwa hat syn lúsjefers út it arsenael helle? Deselde, dy't se troch it bosk draven hearden? Soe Regeling it wol leauwe, dat se ien draven heard hiene? Regeling, Swartburd, soe dy him fortinke? En Thomas, Sterke Thomas, dy't er sa graech lije mocht? Sterke Thomas, dy't fan 'e maitiid de Foks... Jolmer giet hommels oerein sitten... de Foks... Ime de Foks út 'e Finkeflecht... Soe dy...? Hy is der falsk genôch foar, it gemienste kring fan Gaesterlân... Mar mei hy wol in oar fortinke? Hy hat der gjin inkel biwiis foar. Hy ûnderfynt sels, hoe slim as it is, ûnrjochtfeardich fortocht to wurden.. Soene alle minsken him fortinke...? Lokkich, Heit en Mem net... en de maten ek net... En Richt Baukema? Soe Richt ek leauwe, dat hy it dien hat? Dan sil er it har wol oars fortelle.. En lytse Rein? Lytse Rein Hylkema fan Rûchhuzen...? Hea, hoe komt er nou ynienen by lytse Rein? Hwat is 't in skoft lyn, dat se dy sjoen hawwe... De tiid fan it ikeboskjen... prachtich wie dat... Hwat soe greate Lubbert mei syn stille eagen, hwat soe dy fan 't droech spek sein ha...? Hwerom moast
| |
| |
lytse Rein sa earm wêze, en sa swier arbeidzje...? Hwerom wie syn suster sa slim siik...?
't Is de Heer, die 't recht der armen,
Der verdrukten gelden doet....
Hoe kaem dat psalmferske him nou sa yn 't sin? O ja, fan 'e moarn by 't oargel hiene se 't meiïnoar songen... Hwat in moai fers wie dat dochs... Soe it wier wêze.. ja fansels, mar der is hwat, dat men noait bigripe kin.. Lytse Rein.. nou dy soe him wol leauwe... en Richt, Richt ek wol.... Richt soe der wol om laitsje, dat hy der sa oer yn siet... Hy hat noch noait in fanke sjoen mei sokke moaije frissels... Heit en Mem, né... Rein... Richt...
Jolmer falt yn in fêste sliep sûnder dreamen.
Hy hat de oare moarns it brea noch mar krekt op, dan is Hartman al by him.
Togearre geane hja yn 'e tún en siikje de ripe prommen op, dy't fannacht fan de beam fallen binne. Op 'e bank wurde se oppluze en fansels prate se mar oer ien ding.
‘Hwat sizze jimme Heit en Mem?’ freget Hartman.
‘Hja leauwe my, mar Heit seit ek, hy woe sa graech witte, hwa't it dan wol dien hat, hwant nou fortinke de minsken ús, my tominsten.’
‘Witstû, hwat my ôfgriislik spyt,’ seit Hartman, ‘dat ik juster dy draver yn it bosk net langer efternei sitten ha. Ik hie him fansels wol ynhelle, as ik mar trochset hie. Hy kaem fan de kant fan Thomas syn bosk. As wy mar wisten, hwa't dat west hat.’
‘Ik soe graech ris by ús arsenael sjen,’ seit Jolmer. ‘As der ien by west hat, dan kinne wy dat fêst wol sjen, hwant dan sil er it spul wol oeral helle ha. Mar ik wol net leauwe, dat Heit it lije wol, dat wy der nou hinne geane.’
‘Hast de hazzenuten al teld?’ freget er efkes letter.
‘Né,’ seit Hartman. ‘Giest mei? Dan sille wy se telle. It
| |
| |
binne moaije, jonge! Ryp en grou! Der sitte grif wol in hûndert as acht yn 'e pûde, miskien wol tûzen. Toe, gean mei, dan helje wy Piter en Sjoerd en Wessel ek op.’
Wylst hja oerein geane, wurdt de efterdoar iependien en ropt Nel, Jolmer syn âldste suster: ‘Hartman en Jolmer, jimme moatte effen by Heit yn 'e keamer komme.’
As hja yn de gong binne, hearre hja, dat der immen by master sit to praten.
‘Swartburd!’ lústeret Hartman. ‘Hark mar ris, hoe't it tongert yn 'e keamer.’
Hy hat gelyk: Regeling en master sitte togearre by de tafel, as hja de keamer ynstappe.
De jonges moatte nou nochris kalm fortelle, hwat se juster útheefd en bilibbe ha, seit de boskwachter. Juster wiene hja to oerstjûr en koe hy der net al to folle út wiis wurde.
Jolmer docht it forhael jitris, sûnder opwining nou.
‘Fan hokker kant kaem dy fint, of hwat it dan ek mar west hat, dy't jimme draven hearden.’
‘Fan de kant fan Thomas syn bosk,’ anderet Hartman.
‘Kaem er deun by jimme lâns?’
‘Né, hy bleau noch al in eintsje ôf, mar wy hawwe him alle fiif dochs klear heard.’
‘Hwat wei út is er fordwoun?’
‘Efter de Roekespjerren lâns, de kant nei de Sminkefeart út.’ ‘Hoe witstû dat sa krekt?’
‘Ik bin in ein efter him oangien.’
‘Neat sjoen?’
‘Né, mar ik haw him noch mear as ien kear heard.’
‘Si-soa, dan moatte jimme nou mar ris mei nei it plak, dêr't jimme sitten ha. En dan wol ik jimme arsenael ek wol ris sjen. Jimme nimme it koartste paed mar, master en ik fytse der hinne. By de Roekespjerren wachtsje wy wol.’
De jonges sette daliks ôf. It giet harren tige oan, dat hja Swartburd har arsenael wize moatte en dat dy it, ûnder har eagen, mei syn greate hannen grif leechhelje sil. Nou is dan it geheim, dat se sa lang biwarre ha, fan har stamme, fan har
| |
| |
stridersklean en har wapens, oan de ‘fijân’ forret. Se fiele it as in delslach en as in skande. Mar der is yn dizze omstannichheden neat oan to dwaen. Boppe alles bigeare hja frij to wurden fan de swiere fortinking, dy't op harren leit. Dêr moat op dit stuit al it oare foar wike.
By de Roekespjerren sjogge se de fytsen al tsjin in beam stean. Master en de boskwachter sitte oan 'e kant yn 'e raeijen. In toarn letter steane se mei har fjouweren yn it hillichdom fan de mannen fan Uncas, dêr't juster noch it kampfjûr brânde. Hjir en dêr lizze hûlen en hazzenútdoppen en ek de spoaren fan it fjûr binne net alhiel wei. Se binne juster noch al hwat hastich fuortrekke.
‘Hjir hawwe de knapen dus har fjurke stookt,’ seit de boskwachter.
De jonges knikke.
Se binne bliid, dat Swartburd nou sels sjen kin, dat se foarsichtich west en gjin skea oanrjochte hawwe.
‘It is hjir in feilich plak,’ weaget Hartman to sizzen.
‘Mar in forbean plak,’ bromt Regeling.
Dan geane de boskwachter en Hartman togearre itselde paed, dat juster de Boskfûgel lâns gien is, doe't er de draver efternei sette.
As se weromkomme, moatte de jonges him nei it arsenael bringe. Master giet ek mei de boskgroppen troch, ûnder de tûken lâns. De beide mannen hawwe der wol oan, om mei to kommen, hwant Uncas en de Boskfûgel hawwe út 'e gewoante wei wer de Yndianestap oannommen. As se by it plak binne, dêr't har skatten forhoalen lizze, seit de boskwachter: ‘Helje it spul der nou mar ris út.’
Jolmer giet op 'e knibbels en krûpt heal yn it gat. Hartman sil wapenreau en stridersklean fan him oankrije en foar de fuotten fan de ‘fijân’ dellizze. Hy winsket Swartburd op dit stuit yn de Sahara.
Jolmer hat noch mar ien hantaest dien, dan ropt er al:
‘Hjir hawwe frjemden west, ús boel is fornield!’
Hy rikt Hartman de bôgen en de pylken oer, dy't allegearre
| |
| |
brutsen binne. De gurdlen fan rindfear binne forskuord, de bannen mei fearren skeind. De lúsjefers binne fuort, it tabakspûdtsje is leech, it kalken-eintsje lykwols leit der noch en de doaskes mei read kryt en swartsel ek.
As Jolmer klear is, bûcht Regeling him, strykt in lúsjefers oan en ljochtet alle hoeken ôf. It arsenael is leech.
‘Kamen de hearen hjir ek om to smoken?’ freget master.
‘Dit wie ús fredepipe, master, dy brûkten wy by plechtige gelegenheden,’ forklearret Hartman.
Master byt him op 'e lippe, der twinkelt hwat yn syn eagen. De boskwachter kicht in pear kear.
Mei reade hollen en fûnkjende eagen bisjogge de jonges har fornielde wapens en skeinde spullen. Se forjitte hast, hwer't se hjir om kommen binne en hwa't hjir by harren steane.
Forheftich falle hja út yn drigeminten. As hja wisten, hwa't dit dien hie, hja soene him!
De boskwachter hat mei niget harren oanheard en bisjoen. ‘Smyt it spul der earst mar wer yn, dan geane wy nou nei Thomas syn bosk,’ seit er. ‘As master en Hartman de fytsen meinimme, dan giet Jolmer mei my itselde paedtsje lâns, dat er juster gien is.’
As hja de lêste groppe oerspringe op in kappe ikker fan Thomas syn bosk, freget de boskwachter:
‘Seachstû hjir de brân?’
‘Doe't ik noch foar de groppe stie, seach ik it al.’
‘Hwat hast' doe dien?’
‘De oare jonges hjir hinne floite.’
‘Op in floitsje of op 'e fingers?’
‘Op in floitsje, sjoch: ditte.’
‘Hiest dat yn 'e bûse ûnder de hazzenuten?’
‘Ja, Regeling.’
‘Dat tocht ik al...’
‘Hwerom tochten jo dat?’
‘Dû hast it noch al rimpen út 'e bûse helle en dêrmei in stik of hwat hazzenuten oer de groun struid.’
Jolmer sjocht oer de groppe: ja, dêr lizze hwat losse hazze- | |
| |
nuten en ek in pear troskes. Der ûntgiet Swartburd net folle, tinkt er. Hy is ek bliid, dat de boskwachter nou sjocht, dat it krekt útkomt, dat er net liicht.
‘Hoe let wie it, doestû de oare jonges floiteste?’
‘Dat moat fiif, tsien menuten oer sawnen west ha, hwant doe't wy byinoar wei gyngen, wie it op Piter syn horloazje tsjin sawnen... - Hwer hawwe jo myn lúsjefers foun?’ freget Jolmer.
‘Wol in ikker of tsien fierder, hast op 'e oare kant. Lokkich mar foar dy.’
Togearre rinne hja nei it Heidepaed, dêr't master en Hartman by Thomas steane to praten.
‘Thomas,’ seit Regeling, ‘ik ha mei de hearen op ûndersiik út west en nou wol ik jo earlik sizze, dat ik net mear oan har skuld leau. Dat se mei opsetsin jou bosk forbrânne soene, haw ik net oannommen, mar juster tocht ik: de mannen hawwe in fjurke stookt, dat se net wer útkrije koene. En dan hiene se fansels ek nei it hounegat gien. Mar nou bin ik der wis fan, dat se de folle wierheit sprekke en gjin skuld hawwe. Mear noch: yn pleats fan straf, fortsjinje se lof foar it stûfe wurk, dat se dien hawwe, om it fjûr to stuitsjen.’
Hartman klapt yn 'e hannen en dounset. Jolmer wurdt hwat bleek, mar út syn eagen, dy't Swartburd tankber oansjogge, springt in greate blydskip.
‘En wolle Regeling en Yntema nou beide wol meihelpe,’ freget master, ‘om de praetsjes, dy't der geane, dat de jonges it àl dien hawwe, tsjin to sprekken?’
‘Wy sille dy praetsjes sa gau mûglik de wrâld úthelpe,’ ûnthjit de boskwachter en Yntema knikt.
De jonges fan har kant ûnthjitte, dat se gjin fjurkes wer yn it bosk stoke sille. Regeling sil it dizz' kear troch de fingers sjen, seit er, omdat se harren moedich hâlden hawwe, mar as se har wurd net hâlde en hy trappearret se, dan sil er harren net sparje.
Master stapt op 'e fyts en Jolmer en Hartman geane forromme nei hûs. Dat it nou út is mei har kampfjûr, dat it
| |
| |
arsenael plundere is fan in ‘misdiediger’, dat is slim, mar de tankbre blidens, dat Swartburd en Sterke Thomas harren net mear fortinke, giet op dit stuit boppe alles.
Hartman is suver út 'e skroeven. Hy floitet as in swartlyster, hy skattert as in ekster. De moaiste plannen sweevje al wer foar syn eagen, de mâlste ynfallen springe yn syn brein op. Hy neamt Swartburd in goede, eale reus. Se moatte him bineame ta Biskermhear fan de stamme en ta Omke fan alle mannen fan Uncas. Dan sil er harren ek wol permisje jaen, om op in feilich plak yn syn bosken it ‘hillige fjûr’ wer to brânnen.
Swartburd moast mar ris witte, sa giet er fierder, hwat hja fan 't simmer al foar him dien hawwe. Fan Kipenboarch oant de sé, fan Bremers Wyldernis oant de Sminkefeart hawwe hja de bosken fan banditen suvere en it wyld hoede. De Foks út 'e Finkeflecht hawwe hja ôfstraft, de wylde houn foar de gewearlopen jage, de einepykjes rêdden.
‘Ja,’ seit Jolmer, ‘en de hazzenuten hawwe hja foar him ôfsocht, in pear snies eine-aeijen foar him opfandele.’
Mar dan falle de jonges wer yn in earnstich petear oer de brân, oer de skea fan Thomas en pikerje hja oer de frage, hwa't dochs de skurk wêze mei, dy't har arsenael plundere en Thomas syn bosk delbrând hat.
As hja Piter en Sjoerd en Wessel ophelle hawwe, lizze hja in healûre letter yn sé. It waer is waerm, mar der stiet in fikse wyn. As de weagen oer har neakene lea spiele en de rook fan it sâlte wetter yn har noasters priket, binne soarch en leed forgetten. Brânnende spjerren en driigjende minsken, it liket in forhael út in fiere tiid. De blide jongesstimmen wurde opnommen yn it brûzjende koar fan de sé, dy't ûnder de middeisinne to fûnkjen leit.
Letter lizze hja op 'e sédyk. Fansels wurdt dan, mar yn alle kalmte, jitris de frage bisprutsen, dy't hja noch wiken, noch moannen lang, dwaen sille: hwa hat it dien? De jonges binne it nea gewaer wurden, mar Swartburd en Sterke Thomas wol.
|
|