| |
| |
| |
Haedstik XI
De klok let út him sels en de hoanne fan de toer bigjint to kraeijen
Tsien menuten letter steane de mannen fan Uncas tusken de swiere muorren fan de ieuwenâlde toer. Der leit in hege steapel útroege nêsten op 'e stiennen, de treppensdoar stiet yn 't kier en der efter, op 'e ûnderste trimen, is 't ek noch in bitizing fan prikken en wol en aeijedoppen. Noardenbos, bigripe hja wol, is der hommels by wei rekke en sil joun noch wol werom komme, om de boel op to romjen en de doarren to sluten.
‘In klacht yntsjinje by de boargemaster, dat de âldman net goed mear op 'e toer past,’ laket Sjoerd.
‘Né,’ seit Jolmer, ‘him in heal poun prûmkerstabak stjûre, omdat er de doar foar ús iepen stean lit.’
Hja reizgje daliks omheech, de úttrape stiennen draeitreppen op. Jolmer, as in goed haedman, foarop. It is piktsjuster op 'e treppen, safollesto moaijer. Hol klinke har trêdden op 'e stiennen. As Jolmer warskôget foar in nêst, dat noch midden yn 't paed leit, rôllet it lûd fan syn stimme dof en mei dûnkere echo's troch de tsjustere romte. Piter ropt hwat werom. Mar it is krekt, as wolle de wurden net omheech en falle se droanend wer op him del. Syn bloed bounzet fan wille en forwachting. Dit aventûr hawwe hja wer oan in ynfal fan de Boskfûgel to tankjen.
Ynienen lykwols rydbosket er en skreaut it út fan skrik. Mei syn taestende hân hat er in waerme flearmûs to pakken, dy't tsjin de muorre oan hinget to sliepen. Hartman, dy't deun efter him is, ropt nei boppen:
| |
| |
‘Piter stroffelt oer in flearmûs, mar 't rint goed ôf!’
Hja reizgje wer fierder omheech, de draeijende gongen fan de âlde treppen lâns. Roerend by har gesichten lâns wyndert in katûle mei syn sêfte wjukken, dy't hjoed al foar de twadde kear forsteurd wurdt yn syn lange deidream. Om 'e toersgatten swermje en âlje de swarte kaën, pûr op 'e minsken, dy't har hillichdom skeine en har nêsten forniele.
Nou binne hja op 'e earste souder, dêr't it ljocht fan de simmerdei troch de toersgatten skynt. Under harren leit it panorama fan Gaesterlân, huzen, doarpen, greiden, bosken, sé. Om der ûren nei to sjen. Aensens komme se hjir wer, mar earst wolle se fierder omheech. Fan de earste nei de twadde souder rint in lange houten ljedder, fan de twadde souder nei it dakfinster in koartenien.
De flier fan de twadde fordjipping is wrak en frij hwat formôge. Yn de krante is lêstendeis al skreaun, dêr moast nedich de timmerman by komme, foardat der ûngelokken barden. De jonges, dy't net foar de earste kear yn 'e toer binne, witte it en binne foarsichtich.
Jolmer is it lêste, wiffe ljedderke opklâdde en mei syn holle ta it dakfinster út sjocht er fier en frij de wrâld oer. Hy soe hjir wol in kertier stean bliuwe wolle, mar de oaren wachtsje. Piter is de lêste en dy kriget fiif menuten langer tiid. Hjirwei is it sicht noch helte moaijer as foar de galmgatten. In great stik fan Fryslân rôllet 'm hjir foar syn eagen út. Lofts fan him oer it Klif hinne de sé, dêr't lytse fiskersboaten yn in ûnwêzentlike fierte driuwe. Rjocht foar him út, oer de bosken fan Gaesterlân hinne, de sulveren marren, dy't fûnkelje yn de sinne. Dêrtusken greiden, pleatsen, tuorren, oan de tillende kimen ta. Hwat lykje dy keardels hjir yn it haeilân nêst it tsjerkhôf lyts. Piter hat greaten oanstriid om to skreauwen en to wiuwen. Jolmer ropt him wekker út syn dreamen:
‘Ast' net werom komste, geane wy nei ûnderen!’
Nou traepje hja de lange ljedder wer del. Op 'e earste fordjipping by de toersgatten sil de gearsit hâlden wurde. Hartman hat it útsicht op Noardenbos syn hûs. As dy it paed aen- | |
| |
sens delkomt, sille hja meitsje, dat hja ûnder komme, foardat hy op it tsjerkhôf is.
Hartman hat gelyk: hjirre op 'e skimerige souder fan de âlde toer, dêr't flearmûzen hingje en katûlen nestelje, dêr't de swarte kaën skreauwend om hinne wjukje, hjir is 't in útsocht plak, om to praten oer in swart munster, dat de skiep yn de greide deabyt.
Yn 'e midden fan de souder hinget it klokketou. Se hawwe oanstriid, om der oan to lûken en de klok klippe to litten. Jonge, hwat in opskuor soe dat jaen, as it hiele doarp, efter Noardenbos oan, by de toer kaem en nearne de kloklieders ûntdekke koe. It moat mar net wêze, hja soene ommers kriichsrie hâlde.
De jonges sjogge der fuort en daliks gjin gat yn, hoe't hja helpe kinne, om de skieppemoardner to fangen en syn fortsjinne lean to jaen. Wol prate hja ôf, dat hja foarsoargen nimme sille. As hja it bosk of de lânnen yn geane, sille hja koarte, stevige iken kneppels meinimme. Fiif moedige jongesherten, fiif pear sterke hannen, yn it ikebosk hurde, fiif grouwe kneppels, dat binne foar sa'n rûge moardner gefaerliker tsjinstanners as warleaze skiep. Ek sille hja spikers yn de flearhouten dopkes fan har pylken dwaen. Mochten hja him, sa wapene, en as Yndianen klaeid, moetsje, dan sille hja oanfalle.
‘En nou de houn mei kaeijen,’ seit Piter. ‘Kin dit him ek wêze?’
De jonges laitsje, Piter sels ek en dochs is der in lichte skrik yn har eagen. Hjirre, heech yn de healtsjustere toer, mei allerhande heimige lûden, wylst dêr earne yn de bosken in houn as in keal húsmannet, dy't de skiep yn de greide forskuort, hjir bigjint de houn mei kaeijen yn har forbylding in wêzentliker foarm oan to nimmen.
‘De houn mei kaeijen,’ bigjint Jolmer stadich, ‘ja dat is in nuvere skiednis. Wy hawwe him noait sjoen en wy leauwe der ek net oan. En it gekke is, dû trefst ek noait in minske, dy't him sels sjoen hat. Mar wol fortelle de lju: dy-en-dy hat
| |
| |
de houn mei kaeijen sjoen. Altyd by nacht fansels en op in iensum plak. Der rint ien by neare nacht troch de singels. Dan heart er ynienen efter him in ûnhuer gerinkel fan stiel en it oare amerij stout him in swart munster foarby, in greate, rûge houn, mei in bosk kaeijen om 'e hals. Bite docht er net, mar jin healdea skrikke litte wol. Op him sjitte jowt neat, hwant to reitsjen is er net. Hy giet hurder as 't spoar, mar yn de fierte heart men noch it rinkeljen fan syn kaeijen.’
Piter laket, wylst de grize him oer de grouwe giet.
‘Hoechst der dy neat fan oan to tsjen, Piter,’ seit Hartman, ‘in libbene flearmûs is folle slimmer as in houn, dy't net bistiet....’
‘Mar de smearlap, dy't ús laem formoarde hat, bistiet wol!’ ‘De houn mei kaeijen is in optinksel fan bange minsken,’ forklearret Wessel.
‘Heit hat it al in bytsje oars sein,’ mimert Jolmer.
‘O ja, forline winter, op Jolmer syn jierdei, dêr wierstû net by, Wessel, mar doe ha wy master der nei frege,’ falt Sjoerd yn.
‘En hwat makke master der fan?’ freegje Wessel en Piter tagelyk.
‘De houn mei kaeijen wie in spoek út de heidenwrâld, dêr't de âlde Friezen, in pear tûzen jier lyn, bang fan wiene.’
‘Mear net?’
‘Freegje dêr master sels mar ris nei,’ seit Hartman. Hy wit noch wol frij goed, hwat master doe sein hat, mar dat krekt nei to fortellen, is wol hwat slim en miskien soene de jonges him ek wiis en oanstellerich fine. It giet Jolmer en Sjoerd krekt sa.
‘Ik haw it minder op dat kring sûnder kaeijen stean, dat wy hjoed heard hawwe,’ forklearret Wessel en dêr binne hja it allegear mei iens.
Yn it healtsjuster fan de âlde toer komme lykwols de forhalen hast fansels los. Der wurde sterke stikken forteld. Fan bange lju, dy't yn it Riisterbosk it wite wiif en yn de Sûndeler beammen de swarte dame sjoen hawwe. Fan de molkrider,
| |
| |
dy't de swarte dame mei in swipe omseame hie. Doe bliek it in jongfeint to wêzen, dy't mei in swart kleed oer de holle de molkrider bang meitsje woe. Mar foar de swipe wie it spoek skreauwend fuortflein en de molkrider hie noait gjin lêst mear hawn fan de dame.
Oaren hawwe yn Jilke' Hutte de klúzner sjoen en in feint moat lêstendeis útnaeid wêze foar in foalle mei in brijpot om 'e hals.
Sa sitte ús maten dêr heech en dreech to fortellen en de sinne is ûnder, foardat hja der erch yn hawwe.
‘Wy moatte nei ûnderen, jonges!’ moannet Jolmer.
Foarsichtich, mar frij fluch, sakje hja de draeijende stiennen treppen del. Under wachtet harren in forrassing: de doar is ticht en op slot. Forheard kringe hja foar de doar gear, triuwe, skoppe, sette de rêch der tsjin oan, mar der is gjin biweging yn to krijen. Hoe kin dat? Noardenbos moat der west ha, sûnder dat hja him heard of sjoen hawwe. Yn alle gefallen, se binne opsletten en sûnder help fan bûten komme se der net út. Nou binne de mannen fan Uncas gjin hazzen en der moat frij hwat barre, foardat se de moed forlieze, mar dit is harren dochs slimmernôch. Hwat moatte se dwaen? Piter lit him jitris mei in swiere bouns tsjin de doar oan falle, mar bigrypt ek wol, dat it him neat jaen sil.
‘Skreauwe!’ seit Sjoerd. ‘Krekt sa lûd en sa lang, dat der lju op los komme.’
Dêr hawwe se allegearre al oan tocht.
‘Mar it skandael?’ freget Hartman. ‘Dy lju roppe jong en âld byinoar, helje âlde Noardenbos op, dy komt mei de kaeijen en in hopen folk opsetten, wy komme der mei in biteutere gesicht útkrûpen, de âld man skelt en driget en it hiele doarp gniist ús út, oan de lytse famkes ta.’
Jolmer tinkt ek, dat moat net, mar hoe dan? Hwat hja ek útprakkesearje, it komt altiten hjir wer op del, dat hja safolle drokte meitsje moatte, dat in foarbygonger op 'e dyk harren heart. Sûnder dat it doarp yn opskuor rekket, giet it net. En
| |
| |
hja kinne ek net to lang mear wachtsje, hwant aensens is 't tsjuster.
‘Mei in mês it slot prebearje!’ riedt Piter. Hy hellet syn sterk knyft al út 'e bûse en peutert yn it slot om. Der is gjin forwrikken oan.
‘Tink der mar om,’ seit Wessel, ‘datst it slot net knoeiste, dan kinne se de doar ek fan bûten net mear iepen krije.’
Dêr steane se yn it nachtlik tsjuster fan it treppensgat en de menuten binne kostber.
‘Alje!’ fitert Sjoerd.
‘Né!’ ropt Hartman.
‘Wit de Boskfûgel in oare wei?’ freget Jolmer.
‘Ja. Opskuor, dêr ûntkomme wy net oan. Wy hawwe dizze slach forlern, mar ik wol net om help jammerje. As de minsken it dan dochs witte moatte, dat wy hjir sitte, litte se it dan goed witte. De mannen fan Uncas moatte harren oerjaen mei eare en as 't kin, der ek noch hwat wille fan bilibje.’
‘Mar hwat wolst dan?’
‘De klok liede.’
‘Dan komme der noch mear minsken op tasetten.’
‘Ja, en wy moatte grif sûnder iten op bêd, ikke tominsten, en âlde Noardenbos sil hwat lûder beare, mar gjinien stekt ús de gek oan.’
Jolmer bigjint der ek alles foar to fielen.
‘Wolle de Wylde Ruter, de Njirrejager en it Reade Fjûr dan jammerje en noch wiken útlake wurde fan âlde wyfkes en lytse famkes?’ freget er oan de oaren, dy't noch wifkje.
Né, dat wolle se net. Piter en Wessel, dy't efterst steane, klâdzje al omheech, folge fan de oaren. Efkes letter stappe hja alle fiif wer op 'e earste fordjipping.
‘As der nou in geskikt minske op 'e dyk rint, dy't de kaei foar ús helje wol, dat soe noch better wêze,’ ornearret Piter. Hja binne it der allegearre mei iens, mar der is nimmen to sjen.
Dan sit der neat oars mear op.
Hartman en Jolmer pakke it tou en lûke. Fiere litte en dan
| |
| |
wer lûke. Twa trije kear en dan falt de earste slach fan de klok dreunend op harren del. Allegear wurde se kjel, mar nou trochsette. In twadde slach mei swiere echo's. Earst hwat wyld en stjitterich, mar dan mei in evenredich: bim-bam! bim-bam! let de klok troch de frede fan de simmerjoun....
Jentsje Noardenbos hat in drokke dei hawn. Hy hie tocht, dat er in maklike dei hawwe soe: allinnich de nêsterommel út de toer helje. It pounsmiet hea, dat er lizzen hie, wie dochs noch net ryp. Mar nou wie it waer hjoed sa kostlik, it droege en ripe sa fûleindich, dat er der dochs yn bigoun wie to arbeidzjen. Om fjouwer ûre, doe't er yn de toer dwaende wie, hied er tocht: it moat ek noch mar yn oppers, nei sa'n smoarhjitte dei kin der wolris swier waer komme. Hy wie der sa mar útroun, aensens kaem er dochs wer en soed er de boel wol opromje en slute. Reizgjend folk wie der noch net, de doarpsjonges wiene allegear yn 't haeilân. Om sa'n ûre of sawn wie er wer nei de toer set, om de rommel efter de doar wei to heljen en dan doar en hikke to sluten. Yn in kertierke wie er klear. Jentsje is frijhwat staf, sadwaende hied er net fornommen, dat dêr boppe yn syn toer de mannen fan Uncas it wiffe ljedderke nei it dakfinster op en del klâdden.
Nou sit er yn skimerjoun mei Geeske, syn wiif, to kofjedrinken en to brea-iten. De iene kûm gleone kofje nei de oare giet troch de kiel. Nei sa'n bannige, hjitte dei, kin er wol in tsjettel fol oan. Krekt hat er syn wiif forteld, dat in frjemde forskuorrende houn hjoed twa skiep yn it lân deabiten hat: it bêste bist fan Ike Fisker by 't Klif, en in laem fan de nijboer. Geeske set har kopke del en sjocht him oer har bril hinne forheard oan:
‘Hwat seistû dêr, twa skiep yn 't lân deabiten? By ljochtskyndei?’
‘By ljochtskyndei!’
‘Mar dan is der bûten gjin skiep mear feilich. Soest ús bistke fannacht mar net ynhelje, Jentsje?’
‘Ik prakkesearje der wol oer.’
| |
| |
Geeske hat har kopke wer yn 'e hân, mar set it hommels, mei noch greater skrik, wer del en ropt:
‘Jentsje, hast de toer net sletten? De klok let!’
‘Hwat mankearret dy? Hikke en toer binne op slot, de klok kin net liede.’
‘Ik siz dy, de klok let! Dû meist wol sa dôf as in snip wêze, ast' it noch net hearste!’
‘En ik siz dy, de klok kin net liede, hikke en doar haw ik mei eigen hân op slot dien!’
‘Man gean dan dochs nei bûten, ik wurd der oars fan!’
Jentsje is sa staf net, of hy heart nou ek it swiere bim-bam, dat troch de stille joun oer bosk en lânnen galmet. Alle kleur lûkt út syn wangen wei, syn hannen skodzje.
‘Man bliuw dêr dochs net stil op 'e stoel sitten, dû moatst der hinne, it wurdt op ús forhelle!’ ferget Geeske.
‘Gees,’ seit Jentsje, wylst er, wyt as in doek, oerein giet, ‘ik bin der like wis fan, as datstû hjir foar my stieste, dat ik de hikke op slot dien ha. Dit doocht net, fanke, dit doocht net!’
‘De hikke seistû? Dû mienst dochs dy hege lattedoar fan de toer?’
‘De trije meter hege lattedoar bidoel ik. Dy haw ik my eigen hân op slot dien, dêr bin ik wis fan. Gjin minske kin sûnder ljedder yn de toer komme.’
Beide harkje wer. De klok let troch: lûd en klear dreune de metalen slaggen troch de hoare jounlucht.
Jentsje rint hastich nei bûten, siket in kneppel yn it hok en stapt it paed del.
By Ten Brink en Woudstra stiet de hiele famylje foar hûs, de mânlju yn 't boesgroentsje mei de mouwen opstrûpt.
‘Hwat sille wy nou bilibje, Jentsje?’ roppe se de kloklieder tomjitte.
‘Freegje dat noch mar ris,’ bromt Jentsje, ‘alles sit op slot en de klok let, as stie de wrâld yn 'e brân.’
Grouwe Frou ten Brink stiet hymjend foar Noardenbos.
‘Jo moatte ophâlde, man. Hwat sizze jo dêr, sit alles op slot?’
| |
| |
‘Lyk as ik jo siz, noch gjin twa ûren lyn haw ik mei eigen hân de doarren sletten.’
Noardenbos rint troch, Ten Brink en Woudstra siikje in stok efterhûs en stappe op in distânsje efter him oan.
De smid, de weinmakker en de frachtrider binne ek al ûnderweis, Tromp, de winkelman, siket om syn klompen, boeren komme it hiem del, froulju kloftsje op 'e dyk gear, fan it sépaed en yn de boskreed komme feinten op 'e fyts oanstrûzen. Freark Roskaem is it earst op it tsjerkhôf. Hy stiek syn âldste soan krekt it lêste foarkfol hea yn de golle ta, doe't it lieden bigoun. Hy wie daliks biret. ‘Kweajonges oan it kloklieden!’ hied er tocht. Hy hat de lêste tiid gâns lêst hawn fan dogeneaten, dy't efter de kij oansitte en de sleatswâllen útklúnje. De kop is Freark ek gjin jelne lang. Dit is in gelegenheit, om mei de rakkerts ôf to rekkenjen. Hy siket in spantou, springt mei in reade holle en yn de streke ûnderbroek oer it stek en draeft op it tsjerkhôf oan. Hoeden, op teantsjes, glûpt er om de toer hinne. As dat ûngelok fan Jouke' Feikje der by is, sil er him dounsje litte. Dy hat him lêstendeis de gek oanstutsen, doe't er harren fan it lân bande.
Mar as Freark foar de hege toershikke stiet en tusken de latten troch kipet, falt it spantou him út 'e hannen en riist it hier him oerein. De hikke op slot, gjin minske yn de toer to bikennen, it tou weaget stadich op en del en hinne en wer, en boppe syn holle galmet de klok.
Oan de iene kant is Freark it tsjerkhôf opkommen, oan de oare kant is hy der yn minder tiid wer ôf. Foardat er yn de strûken by de hege beammen fordwynt, sjocht er noch ienkear wyld om him hinne.
Op 'e ein fan it nauwe paedtsje by de dyk rint er tsjin Jentsje op. Freark stekt de hierrige earmen yn 'e loft en raest Jentsje foar it ear:
‘Dat doocht net, Jentsje, dat doocht net!’
‘Dû hoechst net sa to razen, ik bin net stokdôf!’ ropt Noardenbos like lûd.
| |
| |
‘Ik siz jo, dat doocht net!’ bâlt Freark. ‘Ik ha by de toer west en der is gjin minske to bikennen!’
Freark knikt forheftich en wiist mei de fingers nei de galmgatten, dêr't it lûd fan de klok út dreunt en in swerm swarte fûgels skreauwend omfljocht.
Noardenbos wifket, de stok trillet him yn 'e hân.
Freark rint de planke oer, de oankommende mânlju yn 'e mjitte. Mei forheftige gebearten docht er syn forhael, wylst de ûnderbroeksbannen op syn kuten bingelje.
‘Derhinne!’ seit de smid. ‘Al is 't de swarte dame sels, dy't dêr oan 't lieden is, dan helje wy har fan boppen.’
De smid foarop, Noardenbos der efter oan en dan noch in man of tsien, stappe hja it tsjerkhôf op, Freark efterst.
As hja by de toer binne, sjongt de lêste klokslach oer de beammen wei. It lieden hâldt op.
In amerij sjogge de mannen elkoarren forheard oan. Dan stekt Noardenbos de kaei yn 't slot fan de toershikke en de smid skuort 'm iepen. Mar hy lûkt de foet, dy't er al oer de drompel hat hommels werom, as der in nij frjemd lûd út de hichte falt. Dêr boppe yn de toer bigjint heech en bliid in hoanne to kraeijen.
De mannen rinne efterút en sjogge nei boppen. Freark is al hast wer by it tsjerkhôf del. Noardenbos stiet deun nêst him. ‘Dit is in minne dei, Jentsje!’ raest er. ‘De skiep lizze forskuord yn 't lân, de klok let út him sels en de hoanne fan de toer bigjint to kraeijen. Ik siz, dit is in minne dei!’
Mar de sitewaesje foroaret al wer. Klok en hoanne swije nou en in gewoane, mar kleare jongesstimme ropt fan boppen: ‘Wy sitte hjir ûnskuldich yn de toer opsletten en wy wolle der graech wer út!’
‘Dat is Jolmer fan master fan der Mear,’ seit de weinmakker. ‘Ja, dat is ús Jolmer,’ knikt master, dy't krekt it tsjerkhôf opkomt.
Freark faget him it swit fan de foarholle.
‘Hwa binne der by dy, Jolmer?’ ropt master nei boppen.
‘Hartman en Wessel en Sjoerd en Piter!’ is it antwurd.
| |
| |
‘Dat doocht net, Jentsje, dat doocht net!’
| |
| |
‘Hwat tinkt jo, Noardenbos,’ freget master, ‘soene jo de doar mar net foar de dogeneaten iepen dwaen? Ik tink, dat se earlik genôch binne, om har kwea to bikennen. Hawwe jo se dêr foar straf opsletten?’
‘Welné man,’ seit Noardenbos, ‘ik wist der likemin fan as jo, dat dy apen yn de toer sieten.’
‘Hoe komme se der dan?’
De mannen kringe om Noardenbos gear. Der is de âld kloklieder in stien fan it hert fallen, mar oan de oare kant is er frij hwat mei 't gefal forlegen. Hy hie dy smychten graech in nacht yn de toer hâlde wollen, mar sels is er net ûnskuldich: hy hat de doar iepen stean litten. Hy fortelt, hoe't de saek him grif tadroegen hat.
‘Sille wy harren dan sels ek ris freegje?’ seit master.
‘Ja man, jo geane net frij út, jo moatte se loslitte,’ ferget de smid.
Mei tsjinsin stekt Jentsje de kaei yn it slot en lûkt de swiere treppensdoar iepen.
‘Kom der út!’ boldert er nei boppen.
Flugge fuotten rinne de treppen del en efkes letter komt de bisetting fan de toer, Jolmer foarst, ta de doar út.
Wol tritich minsken steane om harren hinne.
‘Jolmer, fortel op!’ seit master koart.
Jolmer fortelt, saeklik en wier.
‘Hwat tinkt jimme, minsken, moatte se fannacht foar straf yn de toer bliuwe?’ freget master.
‘Mar dan moat Jentsje derby, hwant dy hat ek skuld,’ seit de smid.
‘Bimuoi dû dy mei dyn eigen saken,’ bromt Jentsje.
‘Nei it hounegat mei sokke ychels!’ ropt Freark, dy't wer read om 'e holle wurdt. ‘Se hawwe net alles forteld! Hoe is it mei dy hoanne, dy't se nei boppen jage hawwe?’
‘Ja,’ roppe forskate stimmen, ‘hwêr is dy hoanne, dy't dêr niis kraeide?’
De jonges sjogge Hartman oan en bite harren op 'e lippen. Dan bigjint Hartman to kraeijen. In pear feinten klappe yn
| |
| |
'e hannen en in algemien laitsjen davert by de muorren fan de toer op.
En as de hoanne fan de smid, út syn earste sliep wekker songen fan in konkurrint, yn de fierte in nidich antwurd jowt, kin gjinien him goed hâlde en boldert it laitsjen fannijs los, Ek Jentsje Noardenbos kriget it krap. Hy glimket. Allinnich Freark bliuwt lilk:
‘Ik siz, nei 't hounegat, sokke apen, dy't in hiel doarp yn opskuor bringe!’
‘Och man,’ seit Sterke Thomas, ‘wês wizer, jo witte dochs wol, dat it ek forbean is om yn de ûnderbroek op it tsjerkhôf to kommen.’
Freark rint protteljend fuort. De ljochte streken fan syn broek komme klear út tsjin de reade jounloft.
Master nimt Jolmer, Tromp nimt Hartman, Dipenbosk nimt Wessel mei en stadichwei siket elk syn hûs wer op.
Op 'e hoanne fan de âlde toer, dy't al safolle bilibbe hat, boartsje de lêste flammen fan it jounsrea.
|
|