| |
| |
| |
Haedstik X
Der bilet in houn by 't Klif
Midsimmer, woansdei-to-middei. Heech stiet de sinne oan in blauwe loft sûnder wolkens. Fan 'e moarn waeide der in lije wyn út it easten, mar dy is tsjin 'e middei lizzen gien. De kij binne oan 't poatsjebaeijen yn de heal útdroege sleatten, de bargen lizze yn de blabber to brieden, de protters sitte wurch en waerm op 'e nael fan de pleatsen. Sels de lysters hawwe gjin nocht om to sjongen. Se skarrelje hwat yn it koele skaed ûnder it lege hout, dêr't altyd iten by de rûs is. It leaf is sa ticht, dat de reade wikel, dy't yn wide rounten oer it bosk swevet, harren net gewaer wurde kin.
De mannen fan Uncas soene fan 'e middei oars mei Piter nei it bûtlân yn de Waren, dêr't it folk fan Wildskut oan it haeijen is. Hja hawwe it plan lykwols opjown, it is to waerm. As hja yn 't haeilân binne, wolle hja swylje, tymmenne, arbeidzje, kâlde thé drinke, brea mei spek ite. Mar it is nou waer, om stil yn 't bosk to lizzen, of yn it wetter to dûken.
‘Nei it kamp of nei it Klif?’ hat Jolmer frege.
Piter woe nei it Klif, hy hie der noch net west. Hartman en Wessel praetten fan it Hounsnêst, mar de oaren leine der tsjin yn, dêr wie it wetter sa leech, dat men in gesicht fier sé yn moast, foardat it oan 'e knibbels takaem.
Jolmer en Sjoerd hawwe foar it kamp pleite. Doe hat Hartman útsteld, om earst it Klif oan de Wylde Ruter sjen to litten en dan nei it kamp to gean. Hy wie bang, dat de mot yn de Yndianefearren komme soe.
Dat moast dan mar oangean: op 'e fyts nei 't Klif en dan noch in fuotreis nei it kamp.
| |
| |
It hat in traper west de droege sânreden lâns en de hege lânnen yn, ûnder sa'n gleone sinne.
De fytsen lizze nou yn de hege raeijen, dêr't it Klif mei bigroeid is, de jonges hawwe har der ek yn deljown. Aensens moatte de klean út, mar it leit hjir noflik en it sicht is klear en fier. Piter giet gau wer stean, as er hwat bikommen is fan de wylde fytstocht. Hy moat dizze nije hearlikheden fan Gaesterlân fan alle kanten yn him opnimme. Is dit itselde lân fan it ikebosk, fan Bremers Wyldernis en de Ielreagersspjerren? It liket wol, dat hja op in frjemde kust binne en hja hawwe noch net mear as tweintich menuten fytst. Op it hege punt, dêr't er stiet, riist it Klif sa'n meter as fjouwer, fiif, steil út sé. By de peallen leit it wetter flak, fierderop rinne der lichte rimfels oer. Séfûgels fan ûnderskate greatens en tekening binne sûnder in bulte lawaei oan it fiskjen, of litte har driuwe op 'e stream. In kurgoes, grif mei it krop fol fisk, strykt roerend by it wetter lâns, op reis nei it Riister bosk, dêr't syn roppige jongen wachtsje.
Swellen, dy't har nêsten yn it Klif hawwe, fleane ôf en oan. In inkelde lette brieder fordwynt yn ien fan de gatten. De greate, wite boat fan Starum, mei in licht reekplûmke derboppe, driuwt heech oer it wetter op Inkhuzen oan. De Hollânske kust is klear to sjen. Inkhuzen mei syn hege toer, en oare plakken lykje deunby. Rjochts fan Piter leit in wide, djippe kûm fan greiden, dêr't it boerefolk oan 't ûngetiidzjen is. De forheftige roppen fan de tymhâlders kin men yn de fierte hearre. Dêr wei rint de groun wer op nei de kling, dêr't it dûnkere Jolderenbosk op leit. Efter him Aldemardum, yn de beammen biskûle, dan rigen fan pleatsen, de ienlike âlde toer fan Nijemardum, en oare bikende kontreijen.
Wessel stiet nou nêst him en fortelt. Efter it Riisterbosk deun by sé, de kant nei Starum op, leit Murns, fierderop it Rea Klif, dêr't Willem IV fan Hollân yn 1345 fan de Friezen forslein is. Master hat der krekt fan forteld.
‘As de mannen fan Uncas der by west hiene, wie it him noch
| |
| |
minder ôfgien, dan hied er grif noait in foet oan wâl krige,’ seit Hartman.
‘Né, hwant dy sjitte mei houteksteraeijen,’ laket Jolmer.
‘Neffens master is it Klif ûnwittende âld en wennen hjir tûzen jier foar de âldste Friezen al oare minsken yn Gaesterlân,’ fortelt Sjoerd.
‘Net dom fan dy âlde wylden, om hjir hinne to gean,’ ornearret Piter.
‘Né, dy lju wiene net dom,’ seit Hartman. ‘Har jonges hiene altyd fakânsje en swommen as séhounen. Wy leare ús krûm en wy swimme as balstiennen. Mei har hantsjes bouden se hunebêdden yn it Riisterbosk en nou gûle al ús professors der om, dat se fornield binne....’
Hartman sil noch fierder preekje, mar in foech ein efter harren, yn de omkriten fan Ike Fisker, bilet en bromt in houn.
De jonges geane stean en harkje.
‘Dat is ek gjin takshountsje, dat dêr sjongt,’ ornearret Wessel.
‘'t Is ljochtskyndei,’ seit Jolmer, ‘mar oars soe 'k sizze: de houn mei kaeijen, dy't efter Ike syn katten oan sit.’
‘Jimme hawwe it altiten mar oer de houn mei kaeijen, hwat bitsjut dat dochs?’ freget Piter.
‘Dêr sille wy dy wolris fan fortelle,’ ûnthjit Hartman, ‘mar dat moat yn skimerjoun of op in tsjustere souder, by stoarmwaer, dan giet de grize dy oer de grouwe.’
Hja hearre nou neat mear en de jonges wolle yn sé. Wessel hinget al mei syn hannen oan it Klif en lit him yn it sân ploffe, de oaren folgje syn foarbyld. Gewoanwei klatterje hja de peallen oer en klaeije harren dêr efter, op 'e stiennen, út. Mar Sjoerd is fan bitinken, it kin dizz' kear wolris hwat deftiger. In eintsje fierder stiet it baeihúske fan Rinia-State. De doar sil wol op it slot sitte, mar se kinne harren dêrre op it gers útklaeije en dan kreas de treppen oer yn sé rinne. It buordtsje mei ‘Streng verboden toegang’ jildt allinnich foar gewoane minsken. As se op it Slot al gewaer wurde, dat de mannen fan
| |
| |
Uncas oer har treppen gien binne, dan sille se der greatsk genôch op wêze.
As Jolmer it himd oer de holle strûpt, steane de oaren al boppe de peallen op 'e treppen. Yn 'e fierte bilet de houn wer, nou mear de kant fan Sésicht, Doper syn pleats, út. Jolmer ropt de maten werom:
‘De klean meinimme efter de peallen,’ seit er, ‘se kinne ús ris oer it mad komme, dan binne wy to'n earsten ús klean al kwyt.’
‘Dan farre wy yn 't neaken mei Ike syn sloep nei Inkhuzen,’ sjongt Hartman. ‘Wy sizze dêrre, dat wy de mannen fan Uncas binne, dy't yn spelonken fan it Marder Klif wenje, dan helpe se ús allegearre.’
De mannen krije de klompen yn de hân en de klean ûnder de earm en bringe dy op in feilige distânsje fan it baeihúske efter de peallen. Dan litte se harren yn 'e sé glide. Jolmer en Wessel kinne aerdich swimme, de oare trije kinne harren sels mei skoppen en klauwen in eintsje driuwende hâlde. Hja hawwe lykwols allegearre de greatste wille. De sinne is waerm, de sé kalm, it wetter hearlik. Se eaze elkoarren hanfollen wetter yn 't gesicht, se litte elkoarren foaroer yn sé dûke, komme prústend en skodzjend wer boppe, sitte batsend en roppend efter elkoarren oan. It sêft dynjende wetter tsjin boarst en kin, de eineleas wide himel, de frisse rook fan de sé meitsje dizze soargeleaze knapen wyld en útlitten.
Jolmer en Wessel swimme in ein sé yn, de oare trije bliuwe hwat tichter by de peallen. De beide swimmers driuwe op 'e rêch en forjitte wrâld en tiid. De lûden fan de boartsjende maten klinke frjemd en ûnwêzentlik oer it núnderjende wetter.
As se in ûre yn sé west hawwe, klauwe se meiïnoar wer by de stiennen op. De klean wurde oer de peallen smiten, op it gers klaeije se harren oan. Jonge, hwat hat dat hearlik west! ‘Alle dagen yn sé,’ stelt Hartman foar, ‘krekt salang en sa faek, dat wy allegearre like goed swimme kinne as Uncas en it Reade Fjûr. Foar de eare fan ús stamme.’
| |
| |
Se krije de fytsen út 'e raeijen en ride it lân del, fris fan bûten en fan binnen, hoewol de lucht fan waermte to triljen stiet boppe it gleone lân.
By Ike Fisker stiet oan 'e hússide in ploech mânlju lûdroftich en drok to praten. Ungetiders yn har ûnderklean binne der by. Hwat mei dat bitsjutte?
By de hikke moatte de jonges fan de fyts ôf, mar se binne to nijsgjirrich om daliks wer op to stappen.
‘It wie it bêste fan myn trije skiep,’ hearre hja Ike sizzen. ‘En in goed, mak bist! As er my mar yn de klompen skarreljen hearde, kaem er al bletterjend op my ta. As ik der op 'e tiid by west hie, dan hie 'k it munster de harsens ynslein!’
Hartman glimket. Hy sjocht it al: de goede, lytse Ike, dy't in munster de harsens ynslacht. Mar dan wint syn nijsgjirrigens it wer. De jonges sette de fytsen del en geane der hinne. Tagelyk komt ryksfjildwachter Meeuwsen om 'e hoeke fan 't hûs. De jonges skrikke effen, as de Skierroek sa ûnforwachts foar harren stiet. Se hawwe lykwols in frij gewisse, of.... de treppen, mar dêr wit hy neat fan.
‘Hwer komme jimme wei?’ freget Meeuwsen mei syn skerp lûd.
‘Wy hawwe nei sé west,’ seit Jolmer.
‘O... eh...., nou sjoch ik it, deselde rakkerts fan lêstendeis yn de Spjerren. Wer kattekwea úthelle?’
‘Né, baeijersnocht,’ seit Hartman.
Der is hwat yn Hartman syn eagen, dat de noartske polysjeman ûntwapenet. Hy rint by harren wei, wer nei de drok pratende mânlju ta.
De jonges skouwe hwat tichter by, nou sjogge hja mear: de mannen steane om in dea skiep hinne. Ha, dêr ûntdekke hja Rinke Doper yn de ploech, in jonge fan likernôch har eigen jierren. Dy kin harren mear fortelle.
‘Hwat is hjir bard, Rinke?’
Rinke, greatsk dat er oan fiif harkjende jonges it greate nijs meidiele kin, fortelt mei drokke wurden en meneuvels.
Ike syn bêste skiep is deabiten troch in houn. Troch in great
| |
| |
swart munster fan in houn. Gjinien wit, hwer't er weikaem en fan hwa't er wêze kin. Doe't Ike der by kaem, wie it kring al fuort. Hy, Rinke, hat der hiel yn de fierte in skym fan sjoen. Hy hearde de kij âljen, de kant nei it Jolderenbosk op. Doe't er dy kant útseach, fordwoun dêr krekt in greate, swarte houn yn it bosk, efternei sitten fan de kij, dy't bliezend en âljend foar it stek omfleagen. Dat moat 'm west hawwe.
‘Dan hawwe wy him heard,’ sizze de jonges. En se fortelle oan Rinke, dat se dizze kant út in houn swier blaffen heard hawwe. Se hiene der noch in pear tellen nei stien to harkjen. En in skoftke letter hie Jolmer him jitris heard.
Rinke fortelt it oan de mânlju. Dy keare harren om. Meeuwsen stapt strang freegjend op harren ta en dan docht Jolmer it forhael jitris. Hy moat it plak opjaen, dêr't hja stiene, de rjochting, dêr't it lûd weikaem, de tiid, dat hja it hearden. De fragen wurde sa krekt mûglik biantwurde. De jonges reitsje ek al yn fjûr. Se fiele it gewicht fan dit stuit: der is in skiep formoarde en hja moatte foar de polysje forklearje, hwat se fan de moardner witte. Spitich genôch, dat se 'm allinnich mar heard en net sjoen hawwe.
‘Dêr komme wy ek net folle fierder mei,’ seit Meeuwsen, mar hy hellet dochs syn boekje út 'e bûse en skriuwt der hwat yn op.
De mannen prate noch nei, skodholje, sprekke formoedens út, freegje, hwa't hjir yn de omkriten sa'n smearlap fan in houn hawwe mei.
‘It kin Nurks dochs net wêze, Nurks fan it Slot?’ freget ien. ‘Gjin sprake fan,’ sizze de oaren. ‘Nurks beart wol, mar is net kwea. Boppedien, dy rint noait los. Dêr soarget Mefrou wol foar.’
Rinke seit ek, dat it Nurks net wie. Nurks is in baes, mar de houn, dy't hy sjoen hat, wie noch folle mear mânsk.
‘Wy sille sjen, dat wy houn en eigner fine,’ seit Meeuwsen, wylst er op 'e fyts stapt. De oaren sette ek ôf, it ripe hea wachtet. De jonges kloftsje noch in amerij om it skiep hinne, dat in gapjende woune oan 'e hals hat.
| |
| |
‘Dat skoandere bist,’ skodhollet lytse Ike. Hy sil joun syn oare beide skiep yn 'e hûs helje. En hy sil syn jachtgewear neisjen. Mar dat lêste seit er net lûdop, dat tinkt er allinnich. De jonges bisprekke it gefal forheftich ûnder it nei hûs fytsen. Se hawwe it gefoel, dat se ek meidwaen moatte, om it misdiedige bist op to spoaren. Mar hoe en hwat? Mei wille soene se sa'n smearlap, dy't ûnskuldige skiep formoardet, deaslaen wolle.
Hartman brekt efkes de earnst fan it petear:
‘De Skierroek seach ús oan, krekt as hiene wy dat earme bist deabiten....’
Piter leit de holle yn 'e nekke fan 't laitsjen.
Se prate ôf: earst nei hûs, om to iten en to drinken en om seis ûre wer byinoar komme. Dit gefal moat neijer bisprutsen wurde.
Foar seizen, as Jolmer krekt it hikje útkomt, stiet Piter al hymjend en pûstend foar him. Hy kin hast net prate, sa hat er draefd. Mar it komt der dan dochs mei in stjit út:
‘Ien fan ús lammen is fan 'e middei deabiten!’
‘Nei de oaren ta,’ seit Jolmer, ‘ûnderweis kinst my wol mear fortelle.’
Op in suteldrafke sette hja nei de singel ta, dêr't hja elkoarren moetsje soene. Piter himet it nijs der by biten en brokken út. As er by de singel, dêr't de oaren al wachtsje, hwat útpûst is, komt der hwat mear tried yn syn forhael. Sa net, it is mar koart.
In fisker út it Hounsnêst hie Meint, dy't yn 'e jister siet to melken, taroppen:
‘Dêr leit in laem dea yn 't lân, dat koe wolris ien fan jimmes wêze.’
Meint soe der krekt hinne, doe't Piter thúskaem. Hy fansels mei. En ja, dêr lei it bist, stiif, deabiten. It seach der folle slimmer út as Ike syn skiep. De hals wie suver útfretten.
Piter byt dat lêste wurd der forwoeden út. De oaren knipe de lippen op inoar en binne like grimmitich as hy. It is deselde moardner fansels. Hwa wit, hat er hjoed noch net mear
| |
| |
skiep deabiten. Hwa wit, hwat der fannacht barre sil. De jonges wine harren al pratend op. It bigreatet harren om de goede bisten, formoarde troch in wreed ûndier, om lytse Ike, dy't syn bêste skiep, om Wildskut-en-dy, dy't in moai laem forlern ha. Mar hjir is ek aventûr, spanning, gefaer, dy't harren alhiel yn bislach nimme, dy't it jonge bloed fûlder troch de ieren jeije.
‘Nei it kamp,’ seit Jolmer, ‘en kriichsrie hâlde yn ús stridersklean.’
‘Goed, mar dan earst elk in ikene kneppel snije, dy't sterker is as de hurdste hounekop,’ riedt Wessel.
Allegearre bigripe him en lûke de messen al iepen.
Hartman bitinkt him effen.
‘Jonges,’ seit er dan, ‘it is al hast healwei sawnen, is 't de muoite noch wol wurdich, om ús gesichten read to meitsjen? Ik leau, dat wy better op in oar plak kriichsrie hâlde kinne.’ ‘Hwêrre dan?’
‘Boppe yn de toer.’
‘Hoe woest dêr komme?’
‘Doe't wy fan 't Klif kamen, stie de hikke iepen. Noardenbos is dwaende mei de nêsten fan de treppen to heljen en dan lit er de doar wolris in ûrke los stean. Hy is nou op 'e pôlle oan 't opperjen; as de doar net op slot is, kinne wy ûngemurken boppe komme.’
|
|