| |
| |
| |
Haedstik VI
Nei de ielreagersnêsten
‘Hwat sille wy?’ freget Piter, as Hartman wer by de ploech is. ‘Nei sé, nei de ielreagers of nei it ikebosk?’
‘Foar it ikebosk is it fierstento waerm,’ ornearret Wessel.
‘En foar séslaggen ek,’ laket Sjoerd.
Hja binne it ridlik gau iens: Piter syn ielreagersaei moat helle wurde.
‘En ik, earme stakkert, sil dus nei boppen moatte,’ suchtet Hartman. ‘Noch fyftjin, tweintich meter tichter by de sinne! As ik it net úthâlde kin bigjin ik to krimmenearjen as in hin en moatte jimme mar helpers stjûre, om my fan boppen to heljen.’
‘Goed,’ seit Jolmer, ‘mar dan sil de Boskfûgel syn namme foroarje moatte yn Brodske Hin.’
De oare fjouwer laitsje sa, dat Jolmer fan de weromstuit sels ek mei bigjint.
Underweis nei it ielreagersbosk sjogge hja skerp út. Yn de Jan Jurjenssingel, foardat hja yn it jonge hout fordwine, wurdt rie hâlden. Sille hja as Yndianen gean of yn har gewoane klean? Piter fielt alles foar in Yndianepak en Sjoerd stimt him mei. Mar de oare trije, hoefolle sin as hja ek oan it stridershabyt hawwe, binne it der net mei iens. As hja trappearre wurde, is 't folle better, dat hja it pakje net oan hawwe. Oars soe har geheim forret wêze en dan wie it foargoed út mei de greate wille. Piter en Sjoerd stimme dat mei, dat hja sille sa mar gean.
‘Wachtsje jimme hjir in pear menuten yn de groppe,’ seit
| |
| |
Jolmer, ‘dan gean ik efkes nei ús arsenael, om to sjen oft alles noch yn syn hear en fear is.’
Jolmer bliuwt langer wei as ôfpraet is. Tsien menuten, wol in kertier al.
‘Dat doocht net,’ seit Hartman, ‘de Boskfûgel sil om ús haedman út. As der gefaer wankt, hearre jimme de houtdou koeren, trije kear en dan wer trije kear.’
Hartman giet en bliuwt ek wei. De trije jonges sjogge elkoarren forheard oan. Hja hearre ek gjin houtdou. Hwat mei dit dochs bitsjutte? Mar hark, dêr hearre hja lichte, hoedene trêdden. Ja, lokkich, dêr binne se allebeide. Jolmer hâldt lykwols de finger op 'e mûle en bitsjut harren, dat hja swije moatte. Dan winkt er mei de finger en hja folgje him. It jonge hout út, dwers it paed oer en oan de oare kant it bosk wer yn. Wer in sânreed oer en wer it bosk yn. Dat duorret sa wol hast in kertier.
‘Si-soa,’ seit Jolmer, ‘Bremers Wyldernis, hjir binne wy feilich.’
Piter en Sjoerd en Wessel brânt it yn fan nijsgjirrigens. Dan fortelt Jolmer. Yn it arsenael wie alles yn oarder, mar wylst er dêr yn de groppe siet, hearde hy stimmen, in pear ikkers oerdwers. En hwa wiene it? Swartburd en de Skierroek.
‘De Skierroek?’ freget Piter.
‘Meeuwsen,’ fordúdlikje de oaren.
Jolmer koe harren klear praten hearre: de swiere stimme fan Regeling en it hurde, kreakjende lûd fan Meeuwsen. Spitigernôch koed er lang net alles forstean, mar dochs hied er wol hwat fan har petear opheind. Der moast hwat bard wêze yn de ielreagerskoloanje.
‘Sokke stjonkerts!’ hied er Regeling brommen heard, ‘ik kin my bigripe, dat in jonge wolris in aei ophellet, ik ha sels eartiids ek wolris nei boppen west, mar dit is gjin jongesstreek mear, dit is wreed en gemien. De glûperts, dy't dit útheefd hawwe, ha nocht oan ûnnocht.’
‘Wy moatte en sille de dieders fine,’ hie Meeuwsen driigjend antwurde.
| |
| |
Doe wiene hja sêfter bigoun to praten. Jolmer en Hartman hiene der gjin wurd mear fan forstien.
De jonges rieplachtsje. Hwat sille hja dwaen? It is lang net fortroud, om nou nei de spjerren to gean en in aei út in nêst to heljen. Mar de mannen fan Uncas hawwe ienkear bisletten: Piter sil in ielreagersaei hawwe en dat moat trochgean, tsjin muoite en gefaer yn. En it moat hjoed ek noch, hwant oars bliuwt it der by. Der is dochs mar in lytse kâns, dat hja noch in klear aei fine en moarn wolle hja nei it ikebosk. Hartman stejt út: ‘Sille Wessel en ik nei de ielreagersspjerren gean, om ris to sjen hwat der bard is?’
‘Doare jimme?’ freget Jolmer. ‘Swartburd en Skierroek spoekje der grif noch om en as jimme sjoen wurde, tinke se, dat jimme de misdiedigers binne.’
‘De Boskfûgel en it Reade Fjûr sille foarsichtich wêze,’ antwurdet Hartman. ‘In knappenien, dy't harren sjocht en fangt.’
Wessel hat likefolle sin oan de gefaerlike reis as syn maet en in menút letter binne beide al om 'e hoeke fan it smelle paed wei wurden. Aerdich binnen de ûre binne hja werom en dogge forslach.
It is der in soarte fan slachfjild by de ielreagers. Wol in tweintich fûle aeijen mei al greate, giele piken deryn, binne nei ûnderen keild. It leit der bisiedde mei doppen en deade piken. Boppedat hiene de fûgelmoardners noch bisocht om brân to stiftsjen. Om ien fan de hege dinnen hinne lei in foege steapel houtskoal en jiske. De lôge wie heech by de beam opslein, oan 'e midden ta wiene der swarte plakken, dêr't it hars útbrând wie. ‘Sokke leffe kringen!’ bislút Wessel. ‘En se bidjerre de boel ek noch foar ús. Skielk binne alle bosken forbean.’
‘Ik woe wol, dat ik Fos oer harren hinne jeije koe,’ winsket Piter.
‘En ik woe se graech trije kear safolle djirre yn de falske gesichten slaen, as juster de Foks,’ seit Hartman.
| |
| |
De Foks... Soe dy der faeks mear fan witte? Hja lûke oan de skouders. It komt miskien noait út.
‘Mar,’ freget Jolmer, ‘hoe moat it nou? Sille wy noch in aei foar Piter helje?’
‘Né,’ seit Piter, ‘it is to nuodlik!’
‘De Wylde Ruter kriget ien fan myn doppen,’ ûnthjit Hartman, ‘wy hawwe thús wol twa fan ielreagersaeijen. Mar ik wol him dochs sjen litte, hoe't wy se helje. Kom mei, jonges!’ ‘Nei de ielreagersspjerren?’ freegje de oaren.
‘Né,’ seit Wessel, ‘Hartman en ik hawwe in nêst foun yn in tropke spjerren hjir folle tichter by. Deun by de Jan Jurjenssingel.’
Yn 'e fierte efter de bosken, rommelt it yn 'e loft. Gleije tongerkoppen skouwe yn it easten stadich omheech, dêr ûnder sit in laeiblauwe buije, dêr't sa nou en dan slangen fan fjûr troch hinne flikkerje.
‘Dan gau, wy krije swier waer,’ ornearret Sjoerd.
De wyn is lizzen gien, gjin sigentsje rint troch de krunen, gjin blêd forweecht mear. It is binaude matsk, it swit stiet ús maten op 'e foarholle, as hja hurd efter Hartman oanrinne nei it nije nêst.
Tsien menuten letter binne hja to plak. Hartman wiist omheech: dêr sit it.
‘Kollesael!’ seit Piter, ‘sa'n hege beam haw ik hjir noch net sjoen. Doarst der hinne?’
‘Ik doar hast net,’ glimket Hartman, ‘mar ik moat wol, oars soestû tinke, dat wy de ielreagersaeijen út it hinnehok helje.’
Hy skopt in pear kear tsjin de stamme, wylst de oaren yn 'e hannen klappe. De briedende fûgel jowt him omheech en fljocht mei swiere stadige slaggen út 'e beam.
‘Wy sille dy dame net lang steure,’ seit Hartman. ‘Kom Piter, stean efkes ûnder, dû hast lange skonken.’
Piter giet mei de rêch tsjin de stamme stean, de hannen gear foar 't liif. Hartman stapt deryn, dan op Piter syn skouders, springt omheech en klâddet as in kat yn 'e rjochte stamme
| |
| |
op. Piter stoarret him nei, de eagen great fan biwûndering. Sok klimmen hat er nea earder sjoen. De earste tsien meter is der gjin tûke, dêr't de foet in amerij op rêste kin. Mar de Boskfûgel nimt dat lange ein maklik sûnder rêsten. Nou stiet er op 'e ûnderste tûke en ropt nei ûnderen: ‘Ik wurd al waerm.’ Dan reizget er fierder. It is nou omheech stappen. De stamme wurdt tinner en tinner, de kop fan de beam bigjint to forwegen ûnder syn gewicht, de boppeste tûke, dêr't er wêze moat, swypket hinne en wer. Fjouwer pear eagen folgje elke biweging yn greate spanning.
‘Nou moast sa'n tûke ris brekke,’ seit Piter.
‘Dan moatst my opheine,’ klinkt it fan boppen.
Hartman hat de hân al yn it nêst, dêr't fjouwer aeijen yn lizze.
‘Ik hear de piken yn de aeijen sjongen,’ ropt er nei ûnderen. Dan lit er harren in aei sjen.
‘As de Foks hjir stie, dan soe'k him noch ienkear traktearje,’ ropt Hartman noch en dan leit er it aei wer yn it nêst. Nei ûnderen ta giet it twaris sa gau as omheech. Stadich glydt er by de stamme del. Net to rimpen, hwant dan giet syn broek der oan. As er sahwat healwei it rjochte ein is, sa'n meter as fiif fan de groun, sjogge syn maten ynienen forheard om. Deunby harren kreakje de tûken en foardat hja tiid hawwe om fuort to kommen, steane der twa mannen nêst harren: Regeling en Meeuwsen. Op itselde stuit as Hartman syn fuotten de groun wer reitsje, grypt de fjildwachter him by de kraech, wylst de boskwachter tsjin de oaren boldert: ‘Stean bliuwe!’
In lange tongerslach rôllet oer de spjerren.
Uncas en syn mannen krije it nou dochs krap: boppe harren de driigjende loft, foar harren Swartburd en de Skierroek, yn hwaens macht hja binne.
‘Dit binne dus de fûgelmoardners en brânstifters!’ kreaket Meeuwsen, wylst er Hartman hinne en wer skoddet.
‘Né,’ skodholje hja allegearre. ‘Né,’ seit Jolmer, ‘wy hawwe gjin fûgels formoarde en gjin brân stifte.’
| |
| |
‘Ik hie soks fan jimme net forwachte,’ bromt Regeling boppe syn burd.
‘Au! Jo knipe my yn de earm!’ ropt Hartman, wylst de triennen him yn de eagen komme.
‘Gjin praetsjes, maet!’ driget Meeuwsen. ‘Dyn namme!’ ‘Hartman Tromp.’
‘Hwat diestû dêr yn dy beam?’
Hartman wurdt himsels wer en antwurdet frijmoedich: ‘Ik haw nei dat ielreagersnêst west.’
‘En leine der gjin aeijen yn, om stikken to slaen en gjin jonge fûgels om dea to meitsjen?’
‘Der lizze fjouwer fûle aeijen yn. Dy helje wy der noait út en wy formoardzje noait in fûgel.’
Hartman is hwat bleek wurden, mar syn iepene jongeseagen sjogge rjocht yn dy fan de fjildwachter. Meeuwsen bitaest syn jaske en fielt yn syn bûsen. Hy fynt gjin aei.
‘Ik tink, datst my hwat foarliichste, der leit fansels gjin aei yn dat nêst.’
‘Mei ik daliks wer nei boppen ta, dan sil ik se jo sjen litte...’
‘Ik leau net, dat er liicht, Meeuwsen, ik ken him,’ seit Regeling. Fiif pear tankbere jongeseagen sjogge de boskwachter oan. In goede keardel, dy Swartburd, tinke se by harsels. ‘Dat sille wy dan mar oannimme,’ anderet de Skierroek, mar oan syn eagen en syn hiele gesicht is to sjen, dat er it net stiet.
It wjerljochtet tusken de beammen. In telmennich letter droant der, mei lange en lûde echo's, in tongerslach oer it bosk.
De jonges sjogge elkoarren oan. Swier waer ûnder de beammen, dêr hawwe hja it net op. En thús sille heit en mem dea-ûngerêst wurde.
‘Soed er oerkomme?’ freget Meeuwsen oan de boskwachter. ‘Né,’ skodhollet dy, ‘in flap wetter miskien, mar de buije giet it suden lâns, de sé lûkt 'm.’
‘Lokkich!’ tinke de jonges.
| |
| |
‘Witte jimme, hwat der yn de ielreagerskoloanje bard is?’ freget Meeuwsen.
‘Ja, wy hawwe it sjoen,’ seit Hartman.
‘Dat tocht ik al. Jimme sille der ek wol hwat mear fan witte. Ik soe sizze, stap mar ris mei nei Balk, dêr kinne jimme dan alles oan de boargemaster en oan my fortelle en fannacht yn it hounegat sliepe. De boskwachter wol jimme âlden wol warskôgje.’
‘Wy hawwe it net dien! Wy hawwe der gjin skuld oan!’ roppe de jonges troch-inoar.
‘Dat sille wy wolris sjen!’ driget Meeuwsen.
Dan springt Jolmer nei foaren en pleitet foar syn maten, lyk as yn Egypte Juda foar syn bruorren. Hy fortelt, dat hja fan doel west hiene, in aei foar Piter to heljen, ien aei mar, ien klear aei. Mar doe't hja seagen, hwat gemiene kringen yn de koloanje útheefd hiene, woe Piter gjin aei mear hawwe. Hartman hie allinnich mar foar aerdichheit yn de beam west, omdat er graech ris nei boppen woe. As Meeuwsen it net leauwe woe, dan woe hy, Jolmer, allinnich wol mei nei Balk, om it oan de boargemaster to fortellen.
‘Dan gean ik ek mei!’ ropt Hartman mei in reade kleur. In frjemd fjûr komt der yn de herten fan de jonges.
‘Dan geane wy allegearre!’ forklearje de oaren mei oertsjûging.
Yn de boskwachter syn swarte eagen twinkelt in sêft, bliid ljocht. De jonges sjogge it en witte, dat er harren leaut.
‘Sille wy in pear tellen prate?’ freget er Meeuwsen.
‘Jimme wachtsje hjir!’ hjit er de jonges en dan geane de beide mannen in stapmennich it bosk yn.
As hja werom komme, nimt de fjildwachter jitris it wurd: ‘Ik bin noch net sa wis fan jimme ûnskuld,’ seit er, ‘wy sille de saek neijer ûndersiikje. Meitsje nou joun mar, dat jimme thúskomme. As it bliken docht, dat jimme dochs de dieders binne, dan is 't net bêst. Ruk op!’
De jonges geane, mei in forromme moed en mei in goed gewisse.
| |
| |
Der wurdt earst net folle praet. Mar dan boarst Piter nuver los:
‘Hwat in prachtige middei! Hwat in gelok, dat ik hjir wenje en net yn Snits!’
It gefal wurdt nou fansels drok bisprutsen.
‘Regeling is in goede man!’ seit Piter. ‘As heit it lije wol, bring ik him fan 't simmer in kuorfol jutteparren!’
‘Wy moatte him freegje, om de fredepipe mei ús to smoken!’ stelt Hartman út. ‘Mar de Skierroek is falsk! De Skierroek hat my yn de earm knypt, hy leaut ús net! De Boskfûgel sil him noch wolris krije!’
Yn de fierte beart en flikkert it swiere waer nei, dat boppe Urk delsakket.
|
|