Jonges fan Gaesterlân
(1960)–Inne de Jong– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 18]
| |
Haedstik II
| |
[pagina 19]
| |
leauwe, dêr lykje hja him fierstento earlik ta. De oaren ken er net, mar Jolmer soe soks nea dwaen, dêr is er wis fan. Wachtsje, hy sil ris floitsje. Hy set de fingers yn de mûle en it skerpe lûd skrillet fier de bosken troch. Hy wachtet in pear menuten. Dêr heart er tûken kreakjen, in pear groppen fierder, net fier fan it paed ôf. Hy rint dy kant út, mar dan is 't stil. Hat er him forsind? Jitris komme de fingers yn de mûle en feller en langer as de earste kear jaget it snerpjend lûd by de spjerren lâns. Nou hoecht er net lang mear to wachtsjen. Trêdden kreakje op it deade hout, tûken wurde fan inoar bûgd en dêr stiet foar him... né, gjin holle mei fearren, mar in greate keardel, mei in roetswart burd. ‘De boskwachter,’ tinkt Piter en hy skrikt al effen. Net, dat er hwat útheefd hat, dêr't er bang om wêze hoecht, mar dy man hat him fansels floitsjen heard en miskien him ek al lang yn 'e gaten hawn. Hwat moat er sizze, as er him útfreget? Mar ris sjen, hoe't it spul draeit. ‘Hwat hingest dû hjir nuver om, sikest immen of wachtest op guods?’ Piter is sa liep, dat er him der foar wei wynt: ‘Ik haw niis op 'e hinnereis in prachtige rébok sjoen, binne hjir in bulte harten?’ ‘In mannichte, mar se komme net by dy draven, ast op 'e fingers floitest.’ Piter kriget in kleur en moat earlik tajaen: ‘Ja, dat wie dom fan my.’ Hy heakket der lykwols daliks oan ta: ‘Mar it heart hjir sa moai tusken de beammen.’ En daliks oermoedich: ‘Harkje mar ris!’ Trije kear hurd efter inoar blaest er fûl op 'e fingers, trije koarte, felle signalen gûle troch de loft. ‘Sa kin it wol ta,’ bromt Ildert Regeling, ‘it snijt jin dwers troch de kop.’ Sjesa, tinkt Piter, dat hawwe myn Yndianen grif wol heard. As se hjir noch al yn de buert binne, dan witte se, dat se harren biskûl hâlde moatte. Ynwindich laket er, dat er Swartburd sa moai foar it soaltsje hat. | |
[pagina 20]
| |
‘Hwa bistû einliks, wennest hjir yn de omkriten?’ freget de boskwachter. ‘Piter Wildskut hjit ik, wy wenje...’ ‘O,’ falt Regeling yn, ‘dan bist in jonge fan de nijboer fan de Boskpleats. Wiestû dat dan ek dy't fan 'e middei op in fos troch de singels jage?’ ‘Ja, ik ha Fos nei it Jachthûs brocht, nei ús omke. Hawwe jo ús riden sjoen?’ ‘Ik ha jimme sjoen. Dû bist in baes ruter, dat moat ik sizze.’ Piter groeit. Dy boskwachter liket op it earste gesicht noartsk en strang, mar hy falt ta, it is gjin ûnaerdige keardel. ‘Mar dû hast gâns in omwei makke, om by jimme omke to kommen. By it Kanael lâns haw ik hynstestappen foun. Dy sille wol fan dyn fos wêze. Fan de trijesprong ôf hiest rjochts ôfslaen moatten, de kant nei Nij-Amearika op. Dat is de koartste wei nei it Jachthûs.’ Der ûntkomt him net folle, tinkt Piter. Uncas en syn mannen moatte wol op har iepenst wêze, as hy harren soms siket. ‘Binne de bosken hjir allegearre frij?’ freget er. ‘Singels en paden binne allegearre frij, de bosken sels kinst' better útbliuwe. Ik knyp wolris in eachje ticht, as de jonges harren bihoarlik hâlde en de beammen net knoeije. Mar rakkerts en glûperts, dy't it bosk forniele, geane in raer gat yn. Niis haw ik in forfike wylgepôlle foun, dêr binne fansels wer stokken útsnijd. As ik sokke maten trappearje, dan geane hja nei 't hounegat.’ ‘It hounegat? Hwer is dat?’ ‘Yn Balk. Ast dêr in nacht sliept haste, wolst wol yn goedens. Mar kom, ik sil myn fyts út 'e groppe helje, ik moat fierder.’ Wylst er opstapt, seit er noch tsjin Piter: ‘Siz mar tsjin jimme heit, dat ik ynkoarten ris op 'e Boskpleats kom.’ Piter sjocht syn brede griene rêch by de tûken lâns gliden, oant er om 'e hoeke fordwynt. Hwer soed er hinnegean? Piter rint dy kant ek út, stil neimimerjend oer de forskrikkingen fan it hounegat. As er by it Kanael is mikeret er nei alle kanten, mar Rege- | |
[pagina 21]
| |
ling is yn gjin fjilden en wegen mear to bikennen. Dochs fortrout er de saek net, it is hjir sa'n doalhôf fan paden en singels, hy kin hjir noch deun by him wêze, sûnder dat er der erch yn hat. Hark, dêr kwêket in ein, earne yn de rûchte by de hege wâl it Kanael lâns. Nou ja, einen binne hjir fansels by de bult. Mar dit bist giet noch al hwat oan. Net al to lûd, mar sahwat oan ien wei troch. Soed er dêr faeks mei in team piken sile? Dochs ris sjen. In wylde ein mei piken is de muoite wurdich. Piter moat nou op it plak wêze, dêr't it lûd weikaem, mar hy fynt neat. Né, dochs net, it lûd komt nou efter him wei en in pear ikkers it bosk yn. In nuver ynhâlden kwêkjen. Hy naeit der grif út mei syn piken. ‘Mar dan moatst tûk wêze, maet. Ik moat jimme al ris fan tichteby sjen.’ Piter is de boskwachter forgetten. Hy kringt troch de tichte strûken, springt oer in boskgroppe, bliuwt stean en harket. Gjin fûgel to bikennen en it lûd swijt. Dat liket mâl, tinkt ús maet. Sjen, hwa't it liepst is. Deastil bliuwt er op itselde plak stean, wol fiif, tsien menuten. Hy heart neat mear. Is er him dan dochs ûntkommen? Hy jowt it op en skout wer op it paed oan. Hy is der noch mar krekt, dan bigjint it sêfte, ienlûdige gekwêk wer. ‘Fordikke!’ tinkt Piter. Hy stapt it bosk wer yn en makket safolle lawaei, dat de ein wol opfleane moat. Der fljocht lykwols neat op en hy heart oars net mear as it núnderjen fan wyn en leaf. Piter wurdt der suver oars fan. Hy hat by omke Gerryt-en-dy safolle forhalen heard oer spoekerij en tsjoenderij, dat it giet him effen kâld by de rêch del. Mar hwat deale, hy forblikt net, ek net foar Gaesterlânske boskgeasten op ljochtskyndei. Hjir sit in einfûgel en hy sil him fine. Hy klapt yn 'e hannen, dat it davert. Gjin antwurd, gjin lûd. Hy springt oer de foarste groppe en stiet nou foar de twadde. Hy lichtet de tûken op, dy't der oerhingje. De groppe is droech, der kin fan alles yn húsmanje, mar as der in ein siet, dan moast dy al lang bearend opflein wêze. In eintsje fierder | |
[pagina 22]
| |
springt er der oer. It is gâns in breden ien, hy komt der krekt mei de hakken oer en moat him oan in els beetgripe, om net efteroer to swaeijen. Op datselde stuit skreaut er it út fan skrik. Der grypt him hwat by syn rjochterfoet, boppe it ankel. Piter lit him foaroer yn de strûken ploffe en skuort mei in raem syn foet los. Dit wurdt him dochs to bot. Hy klaut oerein en wol fan ruten spylje. Mar dan heart er yn de groppe súntsjes gnizen. En in amerij letter riist der in reade kop mei fearren omheech: ien fan Uncas syn mannen. ‘Myn blanke broer kin better hynsteride as einejeije,’ seit er laitsjend. ‘Mar hy hat der in bulte sin oan, om de kop fan syn reade broer blau to slaen,’ antwurdet Piter grimmitich, wylst er de fûsten oprôllet. Hy is wyt fan lilkens. ‘As it wytgesicht fjochtsje wol, moat er earst in sabel snije. Dan hawwe wy gelikense wapens. Dat is earlik.’ ‘Smyt dû dines mar del, dan ha wy ek gelikense wapens. Ik kin 't mei de hannen wol rêdde.’ ‘Bist gek, Piter,’ seit ús Yndiaen nou, ‘dat wy elkoarren op 'e hûd slane. It wie mar in grapke, jonge!’ Piter is lykwols to kjel wurden, om samar wer moai waer to spyljen. ‘In moaije grap, om jin deaskrikke to litten. As dit jimme heltedieden binne, dan kinne jimme om my yn 'e knoop waeije.’ Dan wol er him omkeare en rin fuort. Mar op itselde stuit bitinkt er him. Nou fuortrinne, dat bitsjut, dat hja him altiten útgnize sille. Hy kriget dan de namme, dat er gjin grap forneare kin. De mannen fan Uncas sille him skouderje. Hy bliuwt foargoed bûten har ploech en dus bûten har aventûren. Hy sil dan oare maten sykje moatte. Mar dit binne krekt de jonges, dy't er hawwe moat en dêr't er by heart. Fan syn jierren en fan syn slach. En as er neitinkt moat er om it gefal al hast glimkje. Yn alle gefallen hat er biwûndering foar de slimmens en handigens fan dy knaep en foar | |
[pagina 23]
| |
syn seldsume kunst om in ein nei to bauwen. Sokke jonges, dêr kin men fansels ek de greatste wille en de hearlikste aventûren mei bilibje. Hy hat syn bislút nommen: hy bliuwt. Mar hy bigrypt ek: gjin stymskens, gjin stiifkopperij, dat is lyts en lef. As er bliuwt, dan rojael wêze. Krinterige freonskip is neffens Piter Wildskut in ûnding. Hy hat syn Yndiaen in amerij op en del bisjoen. Dy is lytser, bihindiger, smeller as Piter. Grif ek in jier jonger? Syn eigentlik gesicht kin men net sjen, hwant hy hat syn wangen read ynsmard en syn wynbrauwen swart makke. Mar ûnder dy swarte fegen blinke in pear kleare, blauwe eagen. Dy laitsje sa fleurich de wrâld yn, dy sjogge Piter sa waerm oan, dat syn lêste twivel fordwynt, syn lêste lilkens bisakket. ‘Hjir,’ seit er, ‘myn hân. Dû hast my skrikke litten, dat it hert sloech my as in lammesturt. En ik hie dy forgrieme wollen, mar ik leau dy, datst alhiel gjin gemienens yn 't sin hieste. Hoe hjitst einliks? Allebeide nammen mar: de Yndiaenske en de gewoane.’ ‘De mannen fan Uncas neame my de Boskfûgel. Heit en mem hawwe my de namme meijown fan Hartman Tromp.’ ‘De Boskfûgel, nou, dy namme fortsjinneste, ik kin noch hast net leauwe, dat dat gjin ein wie, dy't syn piken warskôge.’ Forheard sjocht Piter ynienen op, hwant nêst him bigjint de Boskfûgel to skatterjen as in ekster. Piter slacht de hannen yninoar en giet krom stean fan it laitsjen. Troch de eagen fan dy biis laket Hartman Tromp, troch syn mûle beart in ekster. De ka, de koekút en de faisant, de ljip en de strânljip roppe út syn kiel, de rauwe skreau fan in iensume ielreager baut er sa goed nei, dat men der hast kjel fan wurdt. Dan komt it Piter yn 't sin, dat de boskwachter niis yn de omkriten wie. ‘Hâld dy stil,’ seit er, en leit de Boskfûgel de hân op 'e mûle. ‘Swartburd spoeket hjir om, ik ha krekt mei him praet.’ ‘Gjin noed,’ antwurdet Hartman. ‘Wy hawwe dyn floitsjen heard en wiene warskôge. Doe hat Uncas my nei de seam fan it bosk stjûrd, om to weitsjen en, as it moast him to | |
[pagina 24]
| |
forrifeljen. Ik ha him fuortriden sjoen. Hy is nou nei hûs om kofje en joun komt er grif net wer: hy hat it to drok yn syn tún. Wy kinne wol sa'n bytsje útrekkenje, hwat foar ús de feilige tiid is.’ ‘It is oars gjin rare keardel,’ leit Piter yn, ‘hy is my genôch meifallen.’ Hartman is it dêr mei iens. Mar de boskwachter wol net altyd lyk as hja wolle en it giet der mar om, hwa't yn dizze kontreijen it heechste gesach hawwe sil: Swartburd of Uncas mei syn mannen. ‘Hy hat it burd en hy is machtich, wy hawwe de fearren en wy binne slim.’ Dan ropt er fiif kear: ‘Koekoek!’ Tichteby antwurdet it floitsje fan Uncas trije kear. In pear menuten letter komme hja oan by in iepen plak yn it bosk, bigroeid mei raeijen, heide en in inkeld, kwinend beamke. Oan 'e kanten tsjin it ûnderhout oan bloeit hjir en dêr in toarnbeistrûk boppe in sleat mei wetter, op 'e eftergroun stiet in wacht fan swiere dinnen. Yn 'e midden is in keal plak, dêr't de boskgroun in bytsje bleat komt. Op dat keale plak brânt in lyts fjûr fan droege prikken, dêr't Uncas en syn beide mannen omhinne sitte. Piter hâldt Hartman by de earm en bliuwt efkes stean, sa moai fynt er dit toanieltsje. Dan geane hja swijend yn de rounte sitten by it fjurke. It earste kertier wurdt der neat sein. Der binne gjin oare lûden as dy fan wyn en blêdden en fûgels en knappende deade prikken yn it fjûr. ‘Om nea wer to forjitten,’ tinkt Piter. Al sille hja in ûre swije, dan forfeelt it him noch net. Nêst Uncas leit in kalken eintsje en in pûdtsje mei tabak. Swijend kriget er de pipe en stoppet dy. Dan hellet er in brânnende prikke út it fjûr en stekt oan. Jitris twa dampen en dan rikt er de pipe oer oan syn buorman. Sa giet dy de rounte lâns. Piter blaest ek twaris in swiere reekwolk yn de suvere maitiidslucht. Earst tocht er, dat er it sûnder laitsjen | |
[pagina 25]
| |
Jitris twa dampen...
| |
[pagina 27]
| |
net rêdde soe, mar hy komt alhiel ûnder de bitsjoening en smookt de fredepipe weardich en earnstich. Nou nimt Uncas it wurd: ‘Hat ús broer syn striidhynst efterlitten op it Jachthûs? En is dy dêr yn goede hannen?’ ‘Fos is op it Jachthûs. It binne dêr goede minsken, dy't trou foar him soargje sille.’ ‘Mei hy gau wer by ús broer werom komme. Dan kin hy der wer op ride, dat it sân opstout nei de krunen fan de iken.’ In toarn letter: ‘Wy koene ús broer net op 'e tiid helje, omdat de reus Swartburd de streek ûnfeilich makke. Wy tankje him, dat er ús warskôge hat mei syn floitsjen. Dat klonk it hiele bosk troch. As ús broer ea yn gefaer komt, dan sille Uncas en syn mannen, de Boskfûgel, it Reade Fjûr en de Njirrejager oer him weitsje en foar him stride. Syn freonen binne ús freonen, syn fijânnen, ús fijânnen.’ Piter seit, dat er bliid is mei dizze freonskip. Hy fan syn kant sil de mannen fan Uncas helpe, safaek en safolle him mûglik is. En hy heakket der yn ien sike oan ta, dat er neat leaver wol as opnommen wurde yn de Yndianestamme. Nei dy taspraek fan Uncas, tinkt er, kin hy dat sûnder biswier freegje. Uncas antwurdet, dat hy en syn mannen al bisletten hiene Piter to freegjen. En dan: ‘Wolle de Njirrejager en de Boskfûgel de klean en it ark helje, dat al foar ús broer ré leit? Dan sille wy him opnimme yn ús stamme en ynwije yn ús geheimen.’ Beide mannen fordwine daliks yn it tichte hout. Piter en it Reade Fjûr geane togearre in oare kant út, dan kin de nije Yndiaen ek mei dizze maet yn de kunde komme en de neiste omkriten fan it kamp kennen leare. Hy wurdt gewaer dat Wessel Dipenbosk de Fryske namme is fan it Reade Fjûr en dat de Njirrejager gewoanwei Sjoerd Postma hjit. Sjoerd hat ienkear sa'n forgiftige slange, in njirre, dy't deun by harren lâns krûpte, doe't hja meiïnoar | |
[pagina 28]
| |
yn 't bosk leine, mei in stik hout deakneppele. Hy fortsjinnet dus syn heltenamme wol. ‘En om myn namme hoegden wy net lang to sykjen,’ laket Wessel, ‘ik ha tsjin de jonges sein, dy stiet mei kleare letters op myn plasse skreaun.’ Ek foar Piter hat Uncas al in passende namme foun, mar dy mei er net earder witte, as dat er it stridershabyt oan hat. Lang tiid to praten hawwe hja lykwols net, hwant út it kamp klinkt in klear en noegjend: ‘Koekoek!’ fan de Boskfûgel. ‘Aensens sille wy dy noch wol fortelle, hwatst witte moatste,’ seit Wessel. En dan skreppe hja, om wer yn it kamp to kommen. As hja der binne, sjocht Piter mei glânzgjende eagen, dat der in hiele stridersútris foar him ré leit: in reade bân mei lange fearren, in krânse fan rindfearGa naar voetnoot* en in koker mei pylken, in houten sabel en in foarse pylkbôge. Hy brânt fan nijsgjirrigens: hwer, yn de goedichheit, hawwe hja dat spul dochs weihelle, freget er him ôf. Hawar, aensens sil er wol mear gewaer wurde, hy sil ommers ynwijd wurde yn de geheimen. De haedman sels klaeit Piter oan en hinget him de bôge oer it skouder, de Njirrejager bismart syn wangen mei read kryt, de Boskfûgel jowt him in pear fikse swarte fegen boppe syn eagen. Nou geane hja om it fjûr stean en stekke de sabels omheech, dat de fiif punten elkoarren reitsje, rjocht boppe de lôge. De haedman sprekt: ‘Uncas en syn mannen: it Reade Fjûr, de Boskfûgel en de Njirrejager, hjitte de nije strider wolkom. Op syn greate Fos hawwe wy him troch ús bosken jeijen sjoen: Wylde Ruter sil ûnder ús syn namme wêze. Lyk as dizze swurden, sa binne ús herten foriene. Lyk as dit fjûr, sa waerm is ús freonskip.’ Jit ienkear geane hja dan swijend sitten om it fjûr. Uncas hellet in keallepoat út in papier en snijt der in hompe | |
[pagina 29]
| |
ôf. Piter kriget it oare ein en snijt der mei itselde mês in stik ôf. Sa dogge hja alle fiif. De koeke is al in deimannich âld, mar it smakket de mannen as huning. Ut in greate kofjekom mei klear sleatswetter nimme hja elk in pear slokken en dêrmei is it bounsmiel bihimmele en de plechtige ynwijing ôfroun. Uncas springt oerein. ‘It feest is út, jonges,’ seit er. ‘Ik bin wer Jolmer en jimme Piter en Sjoerd en Hartman en Wessel. Wy moatte ús reade hûd gau útstrûpe, de sinne sit efter de ielreagersspjerren. Underweis fortelle wy Piter noch wol it iene en oare. It fjurke wurdt úttrape, houtskoal en jiske bidobbe, om de boskwachter gjin spoar to wizen. Hja hingje de bôge oer it skouder, nimme it oare ark mei en skouwe dan rêd en linich tusken it maitiidsgriene kaphout troch. Jolmer foarst, Piter lêst. Piter moat oan syn efterste foet lûke om mei to kommen. ‘Jimme jeije as rébokken,’ seit er hymjend. ‘Wy hawwe gjin meilijen mei dy, jonkje, dû rêdst dy wol,’ antwurdet Hartman. ‘Op 'e fos hast de gek mei ús allegearre,’ ropt Jolmer foare wei, ‘hjoed moatst leare om as in Reahûd troch de bosken to glûpen.’ Piter lit it fansels net sitte. Hy set de tosken opinoar en hâldt harren by. Mar syn klean komme der sa goed net foar wei as dy oaren harres. It is ek suver in wylde tocht by metershege toarnbeistrûken lâns, troch it tichte ûnderhout fan elzen en iken, bjirken en hazzenuten en wylgen, oer stobben, spjerrenuddels en groppen, smelle en brede. De fjouwer bilearde Yndianen rêdde it sûnder kleanskuorren, mar Piter syn mouwen en boksen drage gâns spoaren fan feninige toarnen. Jolmer glydt yn in brede, droege groppe, de oaren glide him nei. De foet moat al hwat wenne oan de sêfte, fearjende blêddelaech, mar oars sjit it hjir wol op. Jinsen lykwols hingje swierladene tûken deun boppe de groppe. Dêr is it bûgen | |
[pagina 30]
| |
en krûpen. Piter tinkt efkes oan de njirre, dy't Sjoerd deaslein hat. Hwa wit, hwat hjir ûnder it leaf húsmannet. Hy rydbosket efkes. ‘Hou,’ seit Jolmer, ‘ús arsenael!’ Piter kringt nei foaren om to sjen. Yn de mei moas bigroeide sleatswâl, biskerme troch oerhingjende wylgen, dy't it ljocht tsjinhâlde, is in soarte fan natuerlike grot, dêr't wol in pear jonges tagelyk yn kinne. Jolmer krûpt deryn en seit: ‘Jow oer, jonges, jimme spul.’ Gurdlen, bannen, fearren, wapens en alle ark wurde der kreas opburgen en it moat in liep fijân wêze, dy't dit arsenael ûntdekt. ‘Goed en wol,’ seit Piter, ‘mar ús gesichten. Moatte wy nou mei ynsmarde koppen oer de wei en thúskomme?’ ‘Geduld, Wylde Ruter!’ seit Wessel. In eintsje fierder op in lege ikker is in dobbe, dêr't gâns wetter yn stiet. Ut it arsenael hat Jolmer in stik sjippe en hwat âlde lapen skûteldoek meinommen. Hja waskje en rosse salang, dat de lêste spoaren fan kryt en swartsel fordwoun binne. Dan wachtsje hja noch in setsje op Wessel, dy't sjippe en lapen nei it oare ark yn de groppe bringt. Oan de Jan Jurjenssingel ta sil Hartman allinnich foarút gean, hja sille him op in distânsje folgje. Regeling mocht hjir noch ris omstrune, men kin 't noait witte. Dy is trouwens de minste net. Der is in ryksfjildwachter, in Hollânner: Meeuwsen hjit er. Dat is in wrikkert, dy't hja ienriedich haetsje. Dy sjocht neat troch de fingers en kin ek fan de jonges neat forneare. Hoefolle earme en earlike stropers hat er al net proses makke! Hoefolle aisykjende jonges binne net yn syn gemien boekje kommen! En lêstendeis moat er sels in âld wyfke fan de Skou, dat oer in paed mei ‘Verboden toegang’ roun, opskreaun hawwe. Gewoan in skandael! Mei Regeling binne hja wolris deilis, dat kin hast net oars: in boskwachter mei glêdde knopen en de bysfeinten fan Uncas | |
[pagina 31]
| |
syn ploech kinne nou altyd net yn frede meiïnoar libje. Dochs meije hja him wol lije. Hja soene dat machtige burd en dy swiere stimme hjir net ienris misse wolie. Mar de smelle troanje fan Meeuwsen, dy eangje en haetsje hja. Hartman, de Boskfûgel, giet oan de singel ta foarút. As it lân ûnfeilich is, sil hy de rop fan de houtdou hearre litte. Is de saek ynoarder, dan giet er ek allinnich nei hûs, de Jeneverdyk lâns. De oaren geane twa by twa, Jolmer mei Piter, Wessel mei Sjoerd. Sa kriget gjinien fortinking tsjin harren. As Hartman neat hearre lit, binne hja mei gauwens allegearre op wei nei hûs. Jolmer neamt Piter de nammen fan bosken, paden en kontreijen, allegearre frjemd en moai, mar to folle om to ûnthâlden. Fan it ‘Paradys’ binammen sjocht er forheard op. Dat moat in hôf wêze mei in tún en in lyts húske, earne yn de omkriten fan Bremers Wyldernis. Dêr wenje ‘Adam en Eva’, dy't de grouste apels en parren en de hearlikste ierdbeijen fan Gaesterlân kweke. ‘Ik helje der altiten ierdbeijen,’ seit er, ‘de oare moanne binne se ryp, dan kinst wol ris mei.’ Fierder bisiket er Piter oan to tsjutten, hoe great it gebiet fan Uncas en syn mannen wol is. Mear as in ûre yn 't fjouwerkant, mei ûnbidige bosken, dêr't men dagen yn swalkje kin, sûnder dat men oeral west hat. It kamp, dêr't hja nou wei komme, en it arsenael lizze einliken bûten har eigen grounen. ‘It is biset gebiet,’ forklearret Jolmer. Swartburd syn skuld, dat hja der hinne gien binne. De ‘Reidpôlle’, dêr't hja aeijen sochten, hat er harren de foarige moanne útband, út wraek hawwe hja de greate bosken by Kipenboarch yn bisit nommen. Fan it bistean fan de Yndianestamme mei nimmen eat witte, ek thús net. ‘It is ús great geheim,’ seit Jolmer. Piter ûnthjit, dat er swije sil. As Piter thúskomt is de sinne al hast ûnder. Mem prottelt, omdat er sa lang bleaun is. Hja hie bang west, dat er in ûnge- | |
[pagina 32]
| |
lok krige hie mei Fos. It waer wurdt der net better op, as hja syn forplokke boksen sjocht. Mar as Piter forklearret, dat er maten troffen en yn it bosk boarte hat en dat dit de moaiste dei fan syn libben wie, wit Mem net better to dwaen, as in boardtsje mei in steapel brea en bôlle nei him ta to skouwen. Piter yt as in wolf! |
|