Jonges fan Gaesterlân
(1960)–Inne de Jong– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 5]
| |
Haedstik I
| |
[pagina 6]
| |
en Piter laket him út. Maks jowt al ridlik gau bilies. Hy bliuwt in setsje op 'e dyk stean to razen, oant de wylde ruter om 'e hoeke swaeit en yn de griene leane fordwynt. Hwat is Gaesterlân moai! Piter wennet hjir krekt in wike, mar hy is fan de earste dei ôf al wend. Fiif jier hawwe hja yn de omkriten fan St. Nyk wenne, nou dizze maeijes binne hja forfearn nei Gaesterlân. Heit hat der lang tsjin oan hongen en koe earst net út 'e rie komme. Dat se forfarre soene, stie wol fêst. ‘Wy binne de lêste jierren aerdich foarútbuorke,’ hie heit sein, ‘en it spul is to lyts, om dy greate knapen oanslach to jaen.’ Dy greate knapen, dat binne Piter syn bruorren. Meint en Jelle, sawntjin en fyftjin jier âld. Beide binne hja yn 'e hûs en heit woe harren graech by him op 'e buorkerij hâlde, mar dan moast der in greater pleats komme. Forline hjerst wiene heit en Meint der togearre op út tein, forskate dagen. Heale Fryslân hiene hja ôfreizge om pleatsen to bisjen. Op it lêst gyng de kar tusken twa: ien ûnder Snits en ien yn Gaesterlân. Doe't Piter der fan hearde hied er gjin lichten dien en aloan twongen: ‘Heit lit ús nei Gaesterlân gean, by Snits wurd ik sa ûnwennich as in kat en jimme allegearre. Ik wol ek net yn 'e stêd nei skoalle, ik wól net!’ ‘Hâld dy stil, jonge,’ hie Heit sein, ‘wy geane nei de pleats dy't ús it bêste past en as it Snits wurdt, dan giest yn Snits nei skoalle. Dû rêdst dy wol maet, dû hoechst net bang to wêzen, datst net mei komme kinste tusken de stedtsjers, dat wize dyn sifers wol út.’ Dat wie 't him ek net, dêr't Piter bang foar wie. Yn St. Nyk wie er de foarste fan de sawnde klasse en de Snitsers soene him net foarby strûze, as it der al fan komme moast, mar hy seach tsjin de stêd oan as in dief tsjin 't hingjen, omdat er in doarpsjonge wie. In dei mei heit-en-dy nei de stêd, dat wie in feest, mar dêr wenje, of dêr nei skoalle ta, it like him nearne nei. Hoe soed | |
[pagina 7]
| |
er syn doarpsmaten misse en de bosken fan Hústerheide, dêr't hja sokke fiten útheefd en sa'n wille bilibbe hiene. Hwat moast men yn Snits bigjinne, as de skoalle út wie? Yn 'e strjitten swalkje en foar de winkels omhingje? En op 't moaist noch fan de stedske krompraters útgniisd wurde, omdat er Frysk praette en ek net oars woe? Hwat langer hy der oer neitocht, hwat slimmer like it him ta. Meint hie foar Snits pleite, omdat hja dêr fiif kij mear hâlde koene. En doe't it like, dat heit dêr it ear nei hingje liet, wie Piter der stil fan wurden. Op in nacht hied er der sels fan dreamd. Hy stie allinnich yn Snits op in tsjustere joun. En Snits wie sa great as Londen, hy roun en roun en koe der net wer útkomme. De minsken dy't er frege, hoe't er yn St. Nyk komme moast, laken him út. In polysjeman, dy't er oanklampte, skodholle en sei: ‘St. Nyk? Nea fan heard.’ In klok sloech tsien ûre en noch swalke hy yn Snits. Doe't er earne in brêge seach en dêrefter dûnkere beammen, koed er wol gûle fan blidens. Mar doe't er by de brêge kaem, stie dy ôfdraeid en hoe't er rôp en wachte, de brêge bleau ôf. Op it lêst, wylst er forwezen op in stoepe siet, kaem der in frachtwein oan, mei twa hynders der foar. In gystene fuorman helle de swipe oer de bisten. Dy fleagen as it spoar en sloegen it fjûr út de stiennen. Ynienen seach Piter, doe't it reau deun by wie, by it ljocht fan in lantearne, mei greate wite letters op e sydkant fan 'e wein stean: St. Nicolaasga. En de fuorman, dy't sa jage, wie Meint. ‘Meint! Meint!’ skreaude er, mar Meint hearde him net en jage troch. Hy efter de wein oan en drave út alle macht. Hy hime as in houn, it swit briek him út, mar hy kaem tichter by. De wein stie fan efteren iepen, noch trije tellen, dan koed er him beetgripe en der ynspringe. Mar op itselde stuit, dat er de hannen útstiek, stoude it spul in sydstrjitte yn. Piter taestte mis en plofte foaroer op 'e stiennen. ‘Meint, help, help my!’ skreaude er. Hy skreaude sa lûd, dat er der wekker fan waerd en Meint, dy't neist him sliepte ek. | |
[pagina 8]
| |
Dy wie oerein klaud, ûnder de tekkens wei en hie forheard frege: ‘Hwat is der oan, jonge, bist siik?’ Piter hie him skamme en neat sein en doe wie Meint ek protteljend wer yn 'e sliep rekke. De oare moarns hie dy him danich pleage. It wie mar in dream fansels en Piter hie der letter om lake, syn tsjinsin yn Snits wie der lykwols noch greater fan wurden. Lokkich, hy hie net allinnich stien. Maeike, syn tsienjierrige suster, woe likemin fan Snits witte. Jelle fielde ek alles foar Gaesterlân en, hwat mear sei, Mem net minder. Mem kaem dêr wei en hie dêr fiifentweintich jier wenne. De hiele húshâlding wist wol, dat Memme hert altiten noch loek nei it moaije lân tusken Sleat en it Rea Klif. Memme broer, omke Gerryt, wenne dêr op in koumelkersspultsje, djip yn 'e bosken en allegearre útfanhûzen hja dêr ienkear jiers. Dat, Gaesterlân wie harren winliken like eigen as de kontreijen fan Hústerheide. Dat hie, nei lang wifkjen, ek by Heit de trochslach jown. Meint hie noch in wike neiprottele, mar hwat tichter de dei fan it forfarren by kommen wie, hwat mear sin as ek hy oan 'e nije pleats krige.
Sa wie Rinke Wildskut dan forline wike mei wiif en fjouwer bern, mei weinfollen húsrie en reau, mei tritich koubisten, acht keallen, trije hynders, trije katten en in stikmennich kninen nei Gaesterlân tein, nei de Boskpleats by de sé. It forhúzjen hie suver in feest west. Doe't hja oankamen, hiene omke Gerryt en muoike Frouk al mei de nije faem op 'e pleats west en de kofje brún hawn. Fan alle kanten wiene de buorlju opsetten kommen, om in hantaest to helpen en harren wolkom to hjitten. Maeike wie de oare deis al nei skoalle gien, mar heit hie it mei master fan der Mear klear spile, om Piter in wike thús to hâlden. Nou wie de slimste drokte oan 'e kant en moarn soe Piter ek nei skoalle. Forskate jonges fan de buorren hied er al met, dêr soed er ek wol mei oer de wei kinne. Maeike | |
[pagina 9]
| |
die in steil wurd oer master fan der Mear, dat Piter hie bêst sin oan de nije skoalle.
Al dizze dingen tinkt er jitris oer, wylst er op 'e brede rêch fan Fos roerdelings ûnder de sprutende, ikene tûken troch rydt. Fos sil in wike nei omke Gerryt to houtriden. It wie Mem tsjin it sin, dat Piter him der hinne brocht. ‘Sa'n jonge fan amper tolve jier allinnich op it hynder troch dy greate bosken to stjûren, hoe fortroust it!’ hie Mem sein. Piter hie lake en Heit hie antwurde: ‘Piter en Fos, dat binne maten Mem. De jonge rydt as in Arabier!’ Ja, dat hat Heit sein: de jonge rydt as in Arabier. Piter gloeit der fan en syn eagen ljochtsje, as er de wurden by him sels wer seit. As in Arabier! In Arabier en syn hynder, dat binne maten, trouwe kammeraten yn wille en gefaer. Dy ride togearre nei feest en slachfjild, bosken en woastinen troch en bergen oer. Rivieren swimme hja troch, steile paden lâns kliuwe hja omheech. Togearre sliepe hja ûnder de stjerren, ien fan doel, ien fan sin binne hja. It bist riedt hwat syn master wol, it wit de bitsjutting fan elk teken; it forstiet elk wurd, dat him yn 't ear lústere wurdt. De iene stiet noed fan de oare syn libben en hja forlitte elkoarren net. Piter jowt Fos, dy't er al trije jier biriden hat, in klapke op 'e waerme hals. Dy lûkt effen mei syn kop en forweecht de earen, as in teken, dat er forstiet. Like folle nocht as syn jonge baes hat er oan sa'n reed troch it moaije waer en de rûzjende wâlden. Hy hat fan 't winter frij hwat hjouwer yn 't liif krige en is sa fet as modder. Tsien jier is er, mar hy fielt him hjoed as in twinter. Syn hoeven sakje sûnder lûd yn it sêfte sân fan de leane, mar licht en feardich fearkje syn poaten op. Dizze wrâld is nij en frjemd foar him. Soms rydbosket er effen en wringt fan siden, as in goudfaisant bearend út it lege hout opfljocht, of as in knyn mei in wyt spegeltsje | |
[pagina 10]
| |
ûnder de sturt dwers oer it paed sjit. Mar in inkele lûk oan de leije is genôch, om him wer midden op 'e reed to bringen. ‘Hwat in lân!’ tinkt Piter, ‘hwat in wrâld!’ Hy fielt him wierliken in Arabier hjirre, mei Fos as syn iennichste maet, tusken de dûnkere spjerreboskenGa naar voetnoot* oan wjerskanten. De maeijewyn sjongt en boartet troch de swiere tûken, dy't hinne en wer, op en del swaeije en aloan rûzje, rûzje, rûzje. Ja wis, in Arabier is er: Ali el Rasjid, dêr't er krekt sa'n spannend boek fan lêzen hat. Ali el Rasjid, dy't focht tsjin rôvers en wylde bisten, hy mei syn hynder, en alle fijân en gefaer oerwoun. Piter Wildskut - Ali el Rasjid! En Piter skattert it út fan it laitsjen om syn eigen dreamen. Fos liket der ek hwat fan to fielen, hy skoddet mei de kop en smyt fan klearebare nocht it gat linich yn de hichte. ‘Hou âlde jonge!’ seit Piter, dy't efkes nei foaren glydt, ‘gjin kunsten. As 't gek moat, sil ik 't wol sizze. Dû hoechst dy net oan to stellen, liuwen en tigers binne hjir net.’ Ynienen, hwat is dat, dêrjinsen tusken dy beide hege spjerren? ‘Hou Fos,’ lústeret Piter en lûkt oan de leije. Fos stiet as in peal, syn baes forweecht him net. In stanbyld lykje hja. Piter mikeret oanienwei nei itselde iepene plak tusken dy beide ûnbidige beammen. Hy sjocht neat mear. Hat er him forsind? Dat kin hast net. Hy hat syn eagen klear iepen en sjocht skerp. In amerij mar seach er it, lykwols dúdlikernôch: in great brún bist, dat tusken de beammen trochskeat. Dat moat in hart west hawwe. Jonge, hwat spitich, dat er niis sa lûd lake hat. Harten, ja, dat wit er wol, dy moatte der by 't soad yn Gaesterlân wêze, mar sa faek as er by omke Gerryt útfanhûze hat, hat er nea ien sjoen. Fos bigjint al hwat ûngeduldich to wurden, hy skrabet mei syn foarpoat yn it sân en jaget de moude op. Piter streaket him ris ûnder de moannen en dêr stiet er wer as in laem. Piter wol wachtsje, al is 't ek in kertier. Dit moat hy net misse, as der in hart yn 'e buert | |
[pagina 11]
| |
is. Yn kampen hat hy se fakernôch sjoen, mar yn 't wyld, dat is hwat oars. Dy wylde kninen hjir yn paden en bosken, dat is ek folle echter as de bistkes, dy't er thús efter it rip hat. Jonge, hwat soed er opsnije tsjin Meint en Jelle, as hy op syn earste reed troch de Gaesterlânske bosken in hart mette. ...dan stiet dêr in prachtige rébok mei swieré hoarnen.
Piter hoecht gjin kertier to wachtsjen. Dêrre, yn de rjochting fan de beide spjerren, mar nou folle tichter by, heart er in licht gerissel yn de tûken, in hoedene sprong en dan stiet dêr, yn de folle sinne, op in ôfkappe ikker, in prachtige rébok mei swiere hoarnen foar him. Piter wol it wol útskreauwe fan opteinens. mar hy hâldt de siken yn. Dêr stiet de bok foar him úttekene tsjin it griene bjirkeleaf, fan de ranke ankels oant de fjouwerpuntige, felle hoarnen. De sinne oer de linige, glânzgjende lea, de kop mei | |
[pagina 12]
| |
de fine noasters heech yn de wyn, sjogge de waekse eagen foarsichtich nei alle kanten. Hookstrooks wurdt de bitsjoening brutsen: Fos smyt wer sân omheech en wrinzget sa forheftich, dat it lûd tsjin de spjerren opskattert en yn echo's weromslacht. ‘Stik!’ seit Piter. Mar jitteris wierret it him mei. Hwant de bok, dy't as de wjerljocht fuortstout, bliuwt op 'e keale ikker en fljocht deselde kant út as ús ruter moat. ‘Der efter oan,’ is Piter syn earste tins, ‘him sa deun mûglik bybliuwe.’ Mar foardat er Fos in fûle klets op it skoft jowt, bitinkt er him. Dat soe gekkewurk wêze, dan koed er ek wol bisykje, om tsjin de sneltrein to rinnen. Fan syn heech sitplak sjocht Piter it bist nei, dat as in skym ûnder de spjerren troch glydt. Groun skynt er net to roeren, gewicht liket er net to hawwen. Dêr swaeit er nei rjochts en fljocht it opgeande hout tomjitte. Ien sprong jit en hy wurdt wei yn de heimnis fan hazzenúten bjirkebosk. ‘Hè,’ seit Piter, mei in sucht, dy't hast by de teannen wei komt. En dan tsjin Fos: ‘Wolst nou fjouwerje, jonge, fuort dan mar! Sjen, hoe gau as wy op 'e ein fan 'e leane binne!’ Fos hoecht net mear oantrune to wurden. Hy slacht de sterke poaten út en dêr strûze hja ûnder it jonge grien troch, by de rûge stammen lâns. Hja kinne har wille net op. Hwa is lokkiger, de jonge of it bist? ‘It liket wol in mearke,’ tinkt Piter. Alles, hwat er ea oan moais yn 'e boeken lêzen hat, is nou wurklikheit wurden. Hjir hoecht men net mear to lêzen, hjir bilibbet men sels ommers alles. En de hiele wrâld docht mei oan dit frjemde feest. It fûgelguod yn 'e beammen floitet en skattert en ropt, de wyn sûzet yn syn earen en waeit troch syn ljochte prúk, de spjerren sjonge. Fos syn poaten ploffe evenredich yn it sân en jeije de moude oan de krunen fan de iken ta. It liket Piter | |
[pagina 13]
| |
ta, dat der gjin ein oan dizze bosken en dit feest komme sil. Aensens om 'e hoeke noegje trije heimige paden en wachtsje nije aventûren. Hy en Fos, trouwe kammeraten eangje neat en doare alles. Ali el Rasjid, de Arabier, en syn hynder! Ear't er der erch yn hat, is er de singel út. It is ommers ek wier, singels neame de Gaesterlânske jonges dizze leanen. Hy stiet nou op in trijesprong en oan beide kanten bûge der aensens wer paden nei it noarden ta. Mei de jonges fan omke Gerryt is er hjir wolris lâns swurven. Rjochtsom is de koartste wei nei de Rûchhúster kontreijen. De oare kant út is er minder bikend; wol wit er dat men dêr lâns mei in omwei ek by omke Gerryt komme kin. It nije en ûnbikende noeget sterk. Hwa wit, hwat der jit to ûntdekken of to bilibjen is. Al forsint er him ris yn it paed, hwat soe it lette? De hiele lange woansdei-to-middei leit jit foar him en it is wier gjin straf om hjir mei Fos yn de bosken to swalkjen. Fos kôget op 'e team en tilt al wer in foarpoat op. Stilstean noasket him mar min. Hjoed is 't in dei om to draven, to fjouwerjen, hwat wol de baes? Och, Fos, de baes fynt it hjir sa moai ûnder de hege iken, dy't yn trijedûbelde rigen it paed lâns steane. De baes sit in toarn stil, eagen en earen wiid iepen, om dizze nije wrâld mei al syn lûden yn him op to nimmen. ‘De stille bossen van Gaasterland’, hie er earne lêzen yn in ierdrykskundeboek. Mar de man, dy't dat delskreaun hie, wist der neat fan. Stil? It tilt hjir ommers fan sang en libben en fleur. In houtekster mei bylkjende fearren skarrelt tusken de beammen om. In eintsje fierder giet er yn it topke fan in bjirk sitten, om syn rêstforsteurder to bigluorkjen. In pear bercheinen saeije op in kampke lân del, dat dêr samar tusken de bosken leit. Dy hawwe grif har nêst yn de hege boskwâl. ‘Skielk krûpt der in team moaije piken út 'e groun,’ tinkt Piter. Hy sil it plak ûnthâlde, hy komt hjir wolris wer. Lysters en allerhande lyts fûgelguod, dat er net thús bringe kin, | |
[pagina 14]
| |
wurde mar net wurch fan sjongen en floitsjen. En dêr yn de fierte, nei lofts, sit wrachtich immen yn it bosk to laitsjen. Gjin minske, mar in fûgel. ‘As dat gjin houtspjucht is,’ tinkt Piter, ‘dan wit ik it net.’ ‘Fuort Fos, dy kant út!’ Al ridlik gau steane hja oan in fjouwersprong. Mar Piter wit it nou wol: hy moat nei rjochts, de smelle leane yn, tusken de jonge bjirken en hazzenuten troch. Midden yn it leantsje stiet in peal by de yngong. Nuver, hwat soe dat bitsjutte? O, hjir meije fansels gjin weinen lâns. Mar in hynder dochs wol? In buordtsje mei ‘Verboden toegang’ is der net. Piter weaget it. ‘Mar nou stapfoets, hear Fos! Der mei ús neat ûntkomme.’ Heech op it hynder rikt er mei syn holle krekt boppe it lege hout út, dat er oan wjerskanten mei syn eagen ôfweidet. Lofts sjocht er, hiel yn de fierte, in blinkje fan in rea tek, fierders oars neat as bosk. Foar him út, dêr't it paed aensens in skerpe bocht makket, rize wer dûnkere spjerren op. Hy rydt der rjocht op oan, fol forwachting. Is dêrre de forneamde ielreagerskoloanje faeks? Dat soed er treffe, hwant hja moatte nou aeijen en jongen hawwe. Ynienen skrilje ruter en hoars beide op. Trije kear efter inoar snijt in skrep floitsjen de loft. Deun by harren komt it lûd wei, dêr earne yn de spjerren. Fos tilt de kop yn de wyn en set syn earen steil omheech. Piter hâldt de leije effen strakker. Dan sjocht er hwat forwegen yn de tûken. Dêr glydt hwat wei yn 't skaed fan de spjerren. In amerij letter stiet der in jonge midden op it paed. In nuvere forskining: it is in maet fan Piter syn jierren, hwat lytser en dûbelder, in krânse fan rindfear om 'e middel, in reade bân om 'e holle mei fearren der op, in pylkbôge oer it skouder, in skerpsnijde houten sabel op side. Foardat Piter by him is, springe der trije oare knapen fan forskillende kanten út it bosk, yn itselde habyt, bihalven dat hja minder fearren op 'e holle hawwe. De earste seit in pear hastige wurden tsjin syn maten. Dan | |
[pagina 15]
| |
stekt er de houten sabel yn 'e hichte en ropt mei in foars lûd: ‘Hou!’ Fos lûkt forheftich oan de leije en wol fan foaren omheech gean. Mar Piter hat him stevich fêst. It bloed fljocht him nei de holle. Hwa sil him twinge om to stopjen? Binne jimme Yndianen, tinkt er, dan ik in Arabier. Fos kriget in klap op 'e rêch, stegeret en springt dan biret op 'e ploech ta. Alle fjouwer stouwe hja oan 'e kant yn 'e strûken en litte de ruter foarbystrûze. Piter hâldt nou daliks yn: hja moatte net tinke, dat er bang is. Tagelyk heart er twa fan harren roppen: ‘It is Piter, Piter fan de nijboer!’ ‘Hou!’ seit Piter. Hy sjocht om en dêr komme de fjouwer striders oanstappen, de foarste mei in wite lape op 'e sabel: it teken, dat hja prate en net fjochtsje wolle. Piter syn lilkens sakket alhiel wei, hy bigjint it gefal fordeald aerdich to finen. Soks heart der ommers by yn dizze dûnkere bosken: earst in rébok en nou in ploech Yndianen. As hja tichteby binne, sjocht er, dat er de oanfierder wol ken, al is syn gesicht read ynsmard; it is Jolmer fan master fan der Mear, dy't fan 'e wike al by harren op 'e pleats west hat. Mar Jolmer is alhiel wer yn syn rolle en freget plechtich: ‘Hwer komt ús blanke broer wei en hwer moat er hinne?’ Piter ken dy tael ek en anderet: ‘Ik kom fan de Boskpleats, ticht by de sé, en bin op reis nei de lânnen fan Rûchhuzen.’ ‘Hwerom hat it wytgesicht syn striidhynst op syn reade bruorren ynjage?’ ‘It wytgesicht tocht, dat syn reade bruorren fjochtsje woene.’ ‘De mannen fan Uncas fjochtsje net mei goede lju, dy't frede wolle. Mar yn har eigen bosken hawwe hja it rjocht, om elke reizger to freegjen, hwer't er wei komt, en hwer't er hinne giet.’ ‘Is dit it bosk fan de mannen fan Uncas?’ De oanfierder swaeit wizend syn sabel yn de rounte en antwurdet: | |
[pagina 16]
| |
‘Alle bosken tusken de sé en de Jan Jurjenssingel, tusken Bremers Wyldernis en de Boegen binne fan Uncas en syn mannen.’ ‘It wytgesicht wennet noch mar sawn dagen yn dizze lânnen, graech soe hy ris mei de mannen fan Uncas troch har bosken swalkje, om to sjen, hoe great en hoe moai dy binne,’ seit Piter. ‘Wol de blanke man de fredepipe mei syn reade bruorren smoke? Ien fan myn mannen, it Reade Fjûr, sil dan wol sa lang op syn prachtich striidhynder passe.’ Piter sjocht nei de knaep, dy't him oanwiisd wurdt. As er dy syn fjûrreade prúk merkbyt, bigrypt er, hoe't dizze strider oan syn lôgjende namme komt. Hy kin syn laitsjen hast net mear ynhâlde. Mar as hy Jolmer syn earnstige snút sjocht, twingt er himsels, om yn de rolle to bliuwen, dy't er nammers ek stomme moai fynt. Hy hellet syn horloazje út 'e bûse en seit dan: ‘It wytgesicht wol tige graech de fredepipe smoke mei syn reade bruorren, mar hy hat it nou net oan tiid. Hy moat mei syn hynder, de Greate Fos, nei in blanke omke dy't yn de Rûchhúster fjilden wennet.’ ‘Op 'e weromreis dan?’ freget Uncas. ‘Wy wolle wachtsje yn de Jan Jurjenssingel, oant de sinne efter it Ielreagersbosk sakket. En nou sille wy ús broer nei de Jan Jurjenssingel bringe.’ Uncas en it Reade Fjûr rinne mei rêdde stappen foar Fos út, de beide oaren foarmje de efterhoede. Piter sit op syn hynder to weven fan wille en hat al lang foar him nommen, om him by de ploech oan to sluten, as hja him der yn hawwe wolle. Yn de oanwiisde leane kommen, freget Uncas noch oan Piter: ‘Hat it wytgesicht ûnderweis de reus Swartburd ek sjoen? Sels neamt er him boskwachter en hy draecht griene klean mei blinkende knopen. Soms libje wy yn frede mei him, mar it is ek wolris oars. Hy is sterk en machtich, mar de mannen fan Uncas binne him meastentiids to fluch en to slim.’ | |
[pagina 17]
| |
‘Jou blanke broer hat Swartburd net sjoen. Mar as er him aensens treft yn de omkriten, sil er lûd op 'e fingers floitsje.’ Dan nimme hja yn earsten ôfskied. De Yndianen fordwine yn in sydpaed en ús Arabier lit Fos yn tsien menuten nei it Jachthûs rinne, it pleatske fan omke Gerryt. |
|