| |
| |
| |
Oer skriuwer, boek en útjeften
De skriuwer
Doe't Hoatse de Jong op 12 juny 1976 in brief oan de Minister fan Underwiis en Wittenskippen stjoerde om te protestearjen tsjin de driig-jende feroaring fan de Fryske stavering, neamde er himsels by de ûndertekening 'de oudste der friese schrijvers'. In titel dêr't er mei syn 91 jier (en noch altyd warber) rjocht op jilde litte koe. Waling Dykstra is 92 jier wurden, Obe Postma omtrint 95, Hoatse de Jong hat beide ‘Nestors fan de Fryske literatuer yn har dagen’ efter him litten en is goed 97 wurden.
Mei in debút op 35-jierrige leeftiid hat syn skriuwerskip mear as 60 jier oerspand. Opmerkliker lykwols as de tiidsdoer fan syn literêre war-berens is, dat De Jong, hoewol't er libbe hat yn in tiidrek fan enoarme feroaringen, troch al dy jierren hinne, wat syn skriuwerij oangiet, wakker deselde bleaun is. Hy skreau fanút syn leafde foar it boerebe-stean oer it boerelibben en it boerewurk; dat wie yn de tweintiger jierren sa en dat wie yn syn lêste, postúm ferskynde romans noch sa.
| |
Libben
Hoatse (offisjeel Hotze) de Jong is op 6 oktober 1884 te Fiifhûs ûnder Wolsum berne as soan fan Pier Piters de Jong (1851-1919) en Mentha Carolina Noordenbos (1858-1949). Hy krige de namme fan de jongste broer fan syn heit, dy't yn 1883 ferstoarn wie. Hoatse hie ien (folle âldere) healbroer, Piter Piers de Jong, ien (âldere) broer en twa (jongere) susters; de fjouwer bern út it houlik fan syn âlden wiene hast jier oan jier te wrâld kommen.
Fan heitekant kaam er út in wolstelde boerefamylje. Syn heit hat sa'n tweintich jier buorke op in pleats dy't syn pake tabehearde en dy hie noch in buorkerij yn besit. Syn mem, de twadde frou fan syn heit, stamde ôf fan de 18e-ieuske dokter-boer Ulbe Noordenbos, de stamheit fan hast alle Fryske Noordenbossen, en fan de famylje Sluyterman, dêr't frijwat beropsmilitêren út fuortkommen binne. In gewis bewustwêzen fan fan goed komôf te wêzen - dat jin by Hoatse de
| |
| |
Jong wolris opfalt, as jo syn brieven lêze en de antwurden dy't er yn fraachpetearen jûn hat - is dêrmei ferklearre. Ek út de oantekeningen oer syn skriuwerskip (en benammen oer de kwestjes dy't der west hawwe mei útjouwers en Fryske organisaasjes) sa't er dy makke hat yn fjouwer skriften mei as titel ‘Neitinken oer Fyftich jier 1919-1969’ blykt, dat Hoatse de Jong der wol wêze doarst. Hy hie dy foech autobiografy fan syn skriuwerskip wol publisearje wollen, mar Marten K. Scholten hat him dat ôfret: der wie al striid genôch yn de Fryske Beweging! Sadwaande wurde dy skriften no op it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum bewarre mei de notysje fan de auteur der by: ‘Yn to sjen foar elk dy't op dit stik fan saken op ynformaesje út is.’
Hoatse de Jong syn heit wie der, doe't syn soan fan skoalle kaam, faaks fanút inselde boeregrutskens, op tsjin, dat er him as lytsfeintsje by in boer bestelle woe. De jonge sels hie wol nocht oan dat wurk en folle oare mooglikheden wiene der ek al net, trochdat syn âlden frijwat yn de nederklits rekke wiene.
It is mei de yn it earstoan aardich wolstelde húshâlding dêr't Hoatse de Jong yn opwoechs, net goed ôfrûn. Troch spul mei de famylje koe heit yn 1894 de pleats yn Idzebuorren ûnder Hieslum dy't er doe bebuorke, net fannijs ynhiere. Hja ferfearen doe nei in boargerhûs yn Wûns, dêr't heit fiif jier lang as rintenier libbe. Doe ferlear er syn kaptaal troch it fallyt fan it kassierskantoar, dêr't er alles oan tabetroud hie. Fan maaie 1899 oant 1900 hie Heit noch in komelkerij op 'e Greate Trije Romers ûnder Reduzum. Dêr hat Hoatse doe it melken leard en is er ek fierder klearmakke foar it bestean as boerefeint, dat er yn 1900 yn Jelsum oangien is.
Hoatse hat troch dat alles net sa'n harmoanyske jongestiid hân. Der wie tusken syn heit en mem gjin ienriedigens. Letter binne hja by inoar wei gien en rekke heit nei Dútslân ta as arbeider. Hy is dêr yn 1919 stoarn. Hoatse syn mem fûn mei syn jongste suster nei gâns omswalkjen yn Hollân (as pensjonhâldster en filiaalhâldster fan in winkel) yn de oarloch in plak yn Boekelo, dêr't hja oant har dea (yn 1949) ta bleaun is.
Troch ferskillende ferhuzingen hat de jonge Hoatse skoalle gien yn efterinoar Parregea (iepenbiere skoalle), Wûns (kristlike skoalle fan master Hyltsje Pasma), Makkum (iepenbiere skoalle fan master Ger- | |
| |
branda) en as lêste yn Reduzum (wer in iepenbiere skoalle), dêr't doe de yn de Fryske beweging net ûnferneamde J.J. Hornstra Gs. haad fan wie.
De húshâlding wie frijsinnich, mar de bern fan De Jong reizgen yn Wûns sneins nei de orthodokse tsjerke, mear omdat de alden har dan in skoft kwyt wiene en hja net op 'e strjitte omdangelen, as omdat de stichting dy't fan de preek útgie, no sa wichtich achte waard.
Yn Tarzan hat De Jong him tige kritysk utere oer kristenminsken dy't har from foardiene, mar tagelyk, skynhillich, allinne op har eigen belang útwiene en ûnmeilydsum in oarstinkende yn syn bestean bedrigen. Dêr kin in poarsje rankune om âld sear efter sitte. As frijsinnige húshâlding hiene de De Jongs it yn Wûns net maklik.
Hoatse neamt himsels letter ‘bûtentsjerklik’. Hy bemuoide him net mei tsjerke en polityk. Fan it sosjalisme, dat yn syn jonge jierren grutte opgong makke, hat er net folle witte wollen, mar hy wie in bewûnderer fan Piter Jelles Troelstra. Op in fraach oft er it belangryk achte wat te fertsjinjen mei syn skriuwerij, hat er oait sein, fan Piter Jelles leard te hawwen, dat it wurk sels it lean wie.
Wylst er al yn tsjinst wie by Jehannes Linses van der Burg yn Jelsum hat De Jong noch twa jier it ûnderwiis oan de Ryks Lânbou Winter-skoalle yn Ljouwert folge en dêr mei moaie sifers yn 1917 syn diploma helle.
Underwilens wied er yn 1914 ek al troud mei Gryt Kooistra (1881-1957) fan Jelsum, mei wa't er yn 1915 in soan (Anne) en yn 1919 in dochter (Mentha Carolina) krige. Syn frou hie in oplieding ta ûnderwizeres hân. Hja wie in heale wees, de dochter fan de boerinne by wa't Hoatse in jiermannich feint west hat, foardat er by Van der Burg kaam.
Op grûn fan syn goede stúdzjeresultaten oan de RLWS waard him yn 1918 frege om op in laboratorium yn Leiden (letter Rijswijk) yn it wurk te kommen. Doe't dat bedriuw, dêr't feefoer makke waard, yn 1920 ophold, gie er werom nei Jelsum, dêr't syn húshâlding - fanwege de ûnwisse situaasje yn de mobilisaasjetiid - wenjen bleaun wie.
Hy kaam doe by de mem fan syn freon Pyt van der Burg, G. van der Burg-Keestra (de widdo fan Jan Linses, in broer fan syn eardere boer), yn it wurk.
Yn de minne tritiger jierren wied er los arbeider en siet er geregeld yn
| |
| |
de wurkferskaffing. It arbeidzjen bûtendyks as leiker mocht er graach oer.
Yn 1934 koed er in opsichtersbaantsje krije by de fiedselkommissaris fan Fryslân en oant de opheffing fan de fiedselfoarsjenningstsjinst yn 1949 ta hat er dêrby syn funksje hâlden. Ta syn taken hearde it keallesketsen en biggemerken. Sadwaande hat er (op 'e fyts) gâns in hoeke fan Fryslân ôfreizge en by mannich boer op it hiem west.
Fan syn pensjoen oant syn 81e wied er noch as los arbeider warber op deselde pleats yn it Jelsumer Aldlân, dêr't er as jongfeint syn frou fûn hie.
Nei in hertoanfal yn 1966 mocht er it boerewurk net mear dwaan en moast er him fierder fernuverje mei syn hobbys: skriuwen, einekoermeitsjen en houtsnijen.
| |
Skriuwerskip
Frysksinnigens
Kaam Hoatse de Jong sels net út in fermidden mei grutte literêre belangstelling, fan de famylje Van der Burg, mei wa't er yn Jelsum lange jierren ferkeard hat, binne ferskillende leden bekend wurden as skriuwer. Ien fan syn earste boeren, Johannes Linses van der Burg (1868-1958) publisearre yn 1949 de dichtbondel Fan 't eigen mêd. Jan Linses van der Burg (1864-1905) wie de dichter fan û.o. ‘It Heitelân’; fan dy syn soan Pyt (1893-1922) waard yn 1934 de bondel Fersen útjûn en Sjirk Johannes van der Burg (berne yn Jelsum yn 1911) publisearre yn 1991 in blomlêzing út syn dichtwurk ûnder de titel Wurk fan Sjirk. Men mei oannimme, dat der wol in stimulâns útgien is fan dat kultureel meilibjende boerefermidden op de feint, dy't himsels al jong it lêzen en skriuwen fan it Frysk eigen makke hie mei help fan de earste jiergong (1890) fan it wykblêd Sljucht en Rjucht, dêr't syn âlden in abonnemint op hiene. Frysksinnich wiene hja wol!
Doe't Pyt van der Burg yn 1912/13 yn Davos kuere moast, briefke er mei Hoatse de Jong yn it Frysk en der is in brief fan novimber 1912 bewarre bleaun, dêr't Van der Burg De Jong yn priizget foar syn hast flaterleaze stavering.
In soartgelikens komplimint krige er fan J.J. Hornstra yn 1914 doe't er dy frege hie om ynljochtings oer it lidmaatskip fan it Selskip foar
| |
| |
Fryske Tael- en Skriftekennisse. Syn âlde master skreau doe, dat er Hoatse de Jong net koe (Hoatse hie ek mar ien jier yn Reduzum skoal-legien), mar út syn flaterleaze Fryske brief de yndruk krige hie, dat de skriuwer dêrfan net allinne om ris in fleurige jûn te hawwen it lid-maatskip ambiearre. Fan sokken wie ferlet! Sûnt 1914 hat De Jong altyd lid west fan it ‘âld selskip’. Hy hat him yn 1948, doe't syn Op Wyldskar útkaam by De Fryske Bibleteek, by dy rûnte oansletten, mar út argewaasje om de flaters dy't Paulus Akkerman makke yn Hessel Ypma, wat de beskriuwing fan it boerewurk oangie, hat er gaueftich wer betanke. As sa'n skriuwer sels net better wist, hiene yn elts gefal de boeren/bestjoersleden yn De Fryske Bibleteek der foar soargje moatten, dat soks net foarkaam! Letter is er út sympaty foar de saak nochris op 'e nij lid wurden, mar doe trof it krekt sa, dat er wer in boek fan Akkerman krige, dat doe hat er fuortendaliks wer betanke. Nei it ferskinen fan Trude is Hoatse de Jong lid wurden fan de Kristlike Fryske Folks Bibleteek en dy is er fierder trou bleaun.
| |
Debút, tydskrifte- en krantepublikaasjes
By syn trouwen yn 1914 is er sels ek abonnee wurden fan Sljucht en Rjucht. Doe't er ta skriuwen kaam, hat er earst by dat blêd besocht syn stikken pleatst te krijen. Under it pseudonym ‘In lêzer fen “Sljucht en Rjucht”’ stie syn earste bydrage, ‘Heger op’ yn nûmer 51 fan jiergong 1919, útkommen op 3 jannewaris 1920. Faaks hat it feit, dat Sjirk Linses van der Burg fan Makkum (1863-1932, in broer fan syn boer) fêst meiwurker fan Sljucht en Rjucht wie, der sines ta dien. Der waard nochal ris wat fan syn hân opnommen oant de ein fan Sljucht en Rjucht yn 1941 ta. In skoftlang lykwols, joech De Jong de foarkar oan It Heitelân, dêr't er tusken 1922 en 1928 gâns bydragen oan levere hat. Yn 1924 debutearre er yn dat blêd as dichter mei it fers ‘Yn 't bosk’. Troch spul mei R.W.Canne is der in ein kommen oan syn meiwurking.
Underwilens wie De Jong ek begûn mei it skriuwen fan toanielwurk en revues foar de ferneamde toanielferiening ‘Vriendenkring’ fan Jelsum/Koarnjum. En doe't de Krystklok lette is printe yn 1929. Yn de Leeuwarder Courant skreau er ûnder it pseudonym ‘Swalker’ de rubryk ‘Fan it Fryske hiem’ fan 1928 oant de krante yn de oarloch yn ferkearde hannen kaam. Doe't syn lêste haadredakteur S.D. de Jong
| |
| |
frege oft er ek meiwurkje woe oan (it ‘foute’) It Fryske Folk, hat er dat résolút wegere. Negatyf beskie krigen ek S.J. van der Molen en R. Brolsma doe't hja him mei itselde oankamen.
Onno Harmens Sytstra achte De Jong syn ferhalen net ‘pittich’ genôch om se yn Fryslân (mei ûnderbrekkingen it Selskipstydskrift fan 1914 oant 1941) op te nimmen. Tusken 1932 en 1935 hat Hoatse de Jong ûnder it redaksjonele bewâld fan û.o. Simke Kloosterman wol ferhalen pleatst krige yn Frisia, it blêd fan de Jongfryske Mienskip. Nei de oarloch skreau er gâns foar Frysk en Frij en it Fries Landbouwblad. Oan syn earste boekpublikaasjes gongen feuilletons yn Sljucht en Rjucht foarôf: yn 1930/ 1931: Yn 't sicht fan de Aldehou, yn 1933: Brandt Doedessoan en yn 1941: En de tijen komme en gean...
| |
Boeken
Yn de samling Fryske sketsen (A J. Osinga, Boalsert, 1934, yn de rige fan De Fryske Bibleteek) is fan him opnommen it ferhaal ‘It fanke’ mids wurk fan R.Brolsma, D. Kalma, F. Schurer, U. van Houten, B.S. Pollema, E. Zandstra, S.D. de Jong, D.H. Kiestra, R.P. Sybesma, J.H. Brouwer en B. Tuinstra, in moai ‘tableau de la troupe’ fan Fryske prozaïsten út ûnderskate fermiddens! Yn de oarlochsjierren hie Hoatse de Jong In simmer op Wyldskar en it autobiografyske Yn en om 'e skoalle skreaun. It lêstneamde manuskript is noait útjûn, likemin as syn op skrift stelde yndrukken fan in reis nei Kanada yn 1957. It earste waard yn 1948 troch De Fryske Bibleteek yn har rige opnommen as Op Wyldskar Sa seach de auteur foar it earst in eigen boek útkommen, doe't er omtrint oan syn pinsjoen ta wie. It belibbe yn 1970 in twadde printinge. Op dat lette romandebút folgen: Hester Holkema (1950, 1976/2), Trude (1953, 1957/2, 1977/3), Tarzan(1960), En de tijen komme en gean... (1966), Yn it sicht fan de Aldehou (1970), Dieke Oevering (1972), Kar út 'e romte (ferhalen sammele troch E.S. de Jong, mei in biografyske ynlieding, 1973), Rudmer Deinum (1978), Ear't de sinne ûndergiet (1981, 1982/2), Yn it lij fan 'e dyk (1981), Ruerd Romkes (1983), Gabe (1987) en De tiid holp mei/Skaadkant fan it libben (dûbelroman yn 1989). Yn 1965 publisearre De Jong Jelsum troch de tiden hinne yn de rige ‘Doarpsskied-nissen’ fan de Fryske Akademy, yn 1974 in berneboek, De reis fan Tyske, dat yn 1981 in twadde printinge belibbe.
| |
| |
| |
Wurdearring
Anne Wadman hat Hoatse de Jong yn syn besprek fan Tarzan foar de RONO yn 1960 in ‘zuiver en markant vertegenwoordiger van het schrijversras’ neamd, ‘in natuertalint mei in oanberne en amper troch yntellektuele ûntwikkelingen oantaast skriuwerskip. Lykas streekromanskriuwers dat dogge, hat er it measte omtinken foar de uterlike dingen en net folle psychologyske nuansearring of taspiling op it maatskiplike en histoaryske barren. Tsjinoer in frijwat swak konsept en in net alhiel befredigjende komposysje stiet in sterk byldzjende ferteltrant.’ Letterlik sei Wadman: ‘Hotze de Jong beschikt over een grote kennis van de Friese volkstaal en hij beschikt ook over het geduld en de toewijding om dit taalmateriaal in artistieke zin te verwerken: hij heeft wat men noemt taalcultuur.’
Oare kritisi steurden har oan De Jong syn ‘moaiskriuwerij’ en de wiidweidigens yn syn beskriuwingen. ‘Prikke’ fan it Friesch Dagblad (G. Mulder) beneamt syn beswier datoangeande yn Trude, tige kearneftich mei: ‘It is sa weakke-bôlle-eftich.’
Wadman beskôget De Jong yn mannich opsicht as in fuortsetter fan it wurk fan Reinder Brolsma: ‘Bij De Jong vindt men dezelfde rake en plastische visie op het leven van de mens, de dorpsmens, hetzelfde vermogen om in enkele suggestieve lijnen een situatie te schetsen en een effect van humor aan te brengen, dezelfde kennis van zaken en toestanden in beroep en bedrijf.’ Lykas Brolsma hat er ek in satiryske trek. Dy komt yn Tarzan mei syn krityk op fine skynhilligens mear nei foaren as yn it oare wurk fan De Jong.
De Jong hat Wadman en oaren dy't itselde suggerearren, ûntstriden, dat er in neifolger fan Brolsma wie. Hy wie al lang dwaande mei skriuwen, ear't er it wurk fan Brolsma kennen learde. De ferneamde auteur fan boereromans hie wol wurdearring foar it wurk fan De Jong en hat him ek wol oantrune om troch te gean mei skriuwen, mar doe hied er sels syn foarm al fûn. Brolsma hat ien fan it hiele lytse tal kolle-ga-skriuwers west, mei wa't De Jong persoanlik kontakt hie. Yn it lêst fan syn libben briefke er mei Abe Brouwer, mei wa't er him - ek as skriuwer - wol besibbe fielde.
Ferlet fan kontakt mei kollega's hied er ek net folle, al is ien fan de pseudonimen dy't er yn It Heitelân brûkt hat ‘in skriuwer ûnder skriuwers’. Hy hie wol gauris it gefoel, dat ‘de pommeranten’ út syn
| |
| |
jonge jierren, O.H. Sytstra, Douwe Kalma, Jan Jelles Hof, him bûten keare woene, omdat er net ‘leard’ hie. Jelle Brouwer dêrfoaroer hat him altyd oantrune en stipe jûn.
|
|