Trude
(1994)–Hoatse de Jong– Auteursrechtelijk beschermdYnhâldOp de pleats hiene de hynders yn it ferline gauris in apart plak, sawat tusken de minsken en it oare fee yn. Foar in boer dy't dêr gefoel foar hie wie syn hynder mear as in nuttich bist, dat foar him wurke.By sokke hynsteminsken kaam der hast wat magysk yn de omgong tusken minsk en dier. Dat jilde net allinne foar de boeren, der wiene ek boerefeinten en - fammen, boerinnen en boeredochters dy't it yn har hiene, dat hja goed mei hynders oer 'e wei koene. Yn mear as ien fan syn romans, hat Hoatse de Jong dêr oer skreaun. Mar yn Trude spilet it hynder fan dy namme sa'n wichtige rol, dat it boek as ûndertitel ‘roman fan in hynder’ krige hat. It hynder hat de haadrol, mar fansels komme der ek minsken yn it boek foar; der sit sels in leafdesferhaal yn, mar de jongelju krije each foar elkoar troch har mienskiplike leaf-de foar it hynder en it paad nei harren lok wurdt bepaald troch de aventoeren fan Trude. Dat it ferhaal foar it grutste part yn de oarloch spilet, makket, dat it bist hiel wat trochstean moat, foardat it wer thús komt op de pleats. Yn bepaalde aspekten fan it boek sjogge wy hoe't it de skriuwer slagge is eigen wjerfarren nuttich te brûken: sa kin er de hoeke om Parregea en Boalsert hinne, dêr't Trude te wrald komt, hiel goed út syn bernejierren en beskriuwt er dy like libben as de greidhoeke dêr't Trude letter ferkeart. Twinte sil er faaks fan reizen nei syn mem it ûnthâld fan meinommen hawwe. Fan syn wurk as opsichter by de fiedselfoarsjenning fine wy ek spoaren yn it boek werom. Yn ‘Neitinken oer fyftich jier’ skriuwt De Jong: Wy hiene doe as opsichter soms ek in nuvere baen. Wy moasten bytiden de Centrale Contrôle Dienst, de dútskers en soms de boeren forrifelje, hwêrfan yn ‘Trude’ noch in staeltsje yn it ljocht kommen is.’ | |
[pagina 191]
| |
UtjefteskiednisTroch in kommisje besteande út S.E. Wendelaar Bonga, dr. W. Kok en Sj. Rusticus is Trude útkeazen foar de rige fan de KFFB yn 1953. Hoatse de Jong hie it ynstjoerd foar de priisfraach ûnder it motto ‘Kimeljocht’. Yn datselde jier waard ek dr. G.A. Wumkes syn oersetting fan John Bunyan syn ‘Pylgerreize’ goedkard foar publikaasje. It bestjoer wie der wat mei oan, omdat it twa folslein ûnfergelykbere útjeften wurde soene en besleat de abonnees sels kieze te litten. Woene hja beide boeken hawwe, dan koe dat ek. Yn it bestjoer fregen hja har ôf oft Trude de leden wol oansprekke soe, omdat it net sasear in boek yn de kristlike sfear wie. Wa't him net oppenearre, krige allinne Wumkes syn oersetting thús, mar de belangstelling foar Trude wie sa grut, dat de KFFB dêrnei altyd twa titels jiers útbrocht hat. Op 24 febrewaris 1953 skreau De Jong oan útjouwer Osinga, dat er it hânskrift werom stjoerde, neidat er wat er noch feroarje woe, ynoarder brocht hie. Hy frege tagelyk, wannear't it boek útkomme koe. Op 27 augustus fan datselde jier stjoerde er de printkladden werom en op 7 oktober koed er syn tank útsprekke foar de presinteksimplaren. ‘It liket allegearre tige kreas, dat it syn wei nei de fryske lêzers fine mei.’ Neffens oantekeningen fan de útjouwer wie de oplaach 3000 eksimplaren (der wiene yn 1952 al 2856 leden fan de KFFB), de ferkeappriis ƒ2,20 (nei 16 oktober 1953: ƒ5,50) en it honorarium ƒ0,15 it ferkochte boek. Yn 1977 koste de tredde printinge yn de winkel ƒ13,50, wylst leden fan de KFFB it foar ƒ8,90 krije koene. Hoe grut de oplagen by de werprintingen west hawwe, is net goed mear nei te gean. Wierskynlik yn 1957 sa'n twatûzen en yn 1977 net mèàr, omdat it doe mei it bestellen fan boeken by de KFFB bûten de preemjeboeken om, al net folle mear foarstelde. Yn it argyf fan de KFFB is korrespondinsje bewarre, dêr't út bliken docht, dat it bestjoer yn 1953 in beleanning fan ƒ0,15 winliken te leech fûn foar Hoatse de Jong. It winnen fan de priis fan ƒ150,- foar it bêste ynkommen manuskript moast it sobere honorarium goedmeitsje. Yn in brief fan 8 maart 1952 hie De Jong nammers al oan it bestjoer witte litten (neidat er ynformaasje oer de betingsten ynwûn hie), dat de ynstruiing it ek net alhiel dwaan moast. ‘Hwat mysels oangiet, -men kin net bûten fortsjinst - mar it skriuwen sels jowt wol sa'n moaije | |
[pagina 192]
| |
bileanning dat er dan ek gjin tins oan in oare bileanning by tastien wurdt.’ | |
Wurdearring fan TrudeSa populêr as by de lezers hat Trude by de resinsinten net west. Hja priizgje De Jong syn beskriuwingskeunst, syn kennis fan saken, syn jefte om sekuer op te merken en syn ryk idioom, benammen wat wurden en útdrukkings foar it hynder en it hynstelibben oangiet, mar wize sûnder útsûndering op de frijwat swakke komposysje fan it ferhaal. Oars as yn oare streekromans binne de tiidsomstannichheden yn dit boek wol belangryk, mar it oarlochsbarren is mar foar in part goed yntegrearre yn it ferhaal. Foar safier't de oarloch it libbensferrin fan it hynder bepaalt, is dat ynoarder, mar de aventoeren fan de feint Hartman as ûnderdûker hingje der frijwat los by. E.B. Folkertsma ferguodlike de wat al te tafallige ôfrin fan it ferhaal yn De Tsjerne (1954) sa: ‘Wol binne de wegen dy't de skriuwer minske en bist lânsbringt, lang altyd net de sljocht-Fryske fan al den dei, mar faek dy fan in frjemdbochtsjende romantyk; lykwols, hy fiert syn figueren ek troch de bisettingsjierren foar in great diel, doe't folle ûnwierskynliks mar al to wierskynlik wie en folle tafal sa natuerlik mooglik yn it barren foel. Dy romantyske kânsen hat er dan ek mei in handige ienfâld to baet nommen om in forhael fol biweging en ôfwikseling to krijen en de libbens fan minsken en bist hieltyd wer byinoar to bringen, al giet dat op kosten fan 'e djipte fan it forbân en de inerlike needsaek fan it birin.’ It liket soms wol, as hat de skriuwer better begrepen, wat der yn Trude omgiet, as wat de emoasjes fan de minsken, fan Eke en Hartman yn it bysûnder, binne. Harren ferkearing as boeredochter en feint op de pleats wurdt stereotyp beskreaun, wêrby't de komplikaasjes fan in heit/boer dy't N.S.B.-er is en in feint dy't as wees min of te mear syn thús hat op de pleats allinne fariaasjes op it bekende tema biede. Wat de psychology oangiet is De Jong ek sterker yn it typearjen fan bepaalde soarten fan minsken as yn de subtile nuansearring fan de yndividuëen. De trije boerinnen, dy fan de marpleats yn 'e omkriten fan Parregea en Allingawier, dy ut de greidhoeke en dy út Twinte lykje út ien daai kliemd: hja foegje har timide nei de boer syn beslu- | |
[pagina 193]
| |
ten, hja besykje de frede te bewarjen tusken heit en bern en hja dogge har wurk. Allinne de Twintske kin har man mei de mûle wol oer, mar hja docht dat oars net as wannear't hy bekrongen wurdt. |
|