... Hartman...
Har lippen wreauwen oerinoar en in trien foel yn it gers.
Nea, nea hie hja eat fan him heard. Hja wist neat fan him. As er noch libbe, yn Dútsklân siet, finzen wie, fusillearre, yn 'e oarloch fallen...
Têd rjochte hja de rêch en draaide har stadich om.
Har ôfmêde eagen stoarren doelleas op 'e grize pannen fan 'e grutte boereskuorre.
Hartman!
Hja woe, hja soe nei de boargemaster. Jûn noch. As dy har ek helpe koe. Der moasten dochs ynstânsjes wêze, dy wisten, witte moasten wêr't de feint...
Drôvich striek hja mei in hân oer har heech blanke foarholle en snokkere.
Doe kuiere hja by de skuorside lâns nei efterhûs.
Hja eage oer it ljochte efterhûshiem, oer de finne; seach de dyk út.
In man op in hynder.
In kylkol fos.
Hja huvere.
Ja, der soe in hynder komme as it wat slagje woe, mar wêrom...
Hja kearde har om, it die har sear. Nee, de keapman koe dit ek net witte en de hynders wiene d'r krap, mar wêrom no sa'n kylkol fos?
In bliid en lûd wrinzgjen sa't hja it yn tiden net heard hie klonk oer 'e wei.
Tel seach hja om. Wie dat...?
Har each ferskeat.
Trude...?
Nee... dat koe ommers net.
Net...? Dy kop... dy stap... sà... o... earme... earme Trude... Dan... Hja kaam in stap foarút.
Soe it dochs...
Wer wrinzge de fos, sloech de kop yn it boarst en wer omheech.
De rider hie wurk om de guds mei de heltertouwen yn de stap te krijen, en mei wat oars...
Yn 'e homeie nokkere de merje fan blidens en wille, spitste de earen nochris foarút en hâlde de heldere eagen op 'e faam efterhûs, dy't net foar-of efterút gean koe.
... Trude...? It wie sa!
Nokkerjend rûn de guds har hast om, treau de kop oan har boarst en