Nee, nearne oan tinke.
As Eke aanst...
Trude wrinzge.
Hy fielde de langstme fan 'e guds dy't er beried.
Dy gong.
‘Trude...’
It waard him te mânsk.
As Botsje him no mar net opmurk.
Hja seach him net. De hiele wei fan Simen' Botsje ôf oan 'e pleats ta lei stil en ferlitten.
It efterhûshiem fan Kuperus' pleats blonk fan fierren leech en Ijocht yn 'e felle sinnestrielen op dit simmersk oerdeisskoft. Sa, ja sa koed 'r dit al folle simmers lang. Hy rydboske.
‘... Eke...’ Ja, wat die er... Wat dreau him...
As hja...
Syn eagen stoarren... Hy winske, ferlange.
‘Trude...’
Mar hy beried de felle waarmbloedige Trude waans skerpe eagen de neiste omjouwing ferswolgen.
It spultsje oan 'e wei. De wide greiden dêr't hja op libbe hie.
It blinkende wetter. De pleats dy't al neier en neier kaam. Hja mjirke lâns de wei.
Skerp gûlde it yn in heftich prûsten troch it eale dier har hals.
Dêr, yn ljocht en simmerwielde, in faam op it efterhûshiem.’
‘Trude... kom, kom myn pop.’
Mar wat bate?
Hja dûnse oer 'e dykskant.
Púnstikken spatten mei geweld yn 't wetter.
‘Trude...’
Hja sloech de kop yn 't boarst, mar de feint betwong har. De bek stie iepen fan it hisende heltertou; de blij reade noasters blonken yn it simmerske ljocht.
‘Trude,’ oandien.