‘Jo hiene ferlet fan in hynder no?’ frege de kontroleur doe't er de boer seach.
‘Dat hàw ik, ja,’ knikte de boer droech.
‘No...?’ de kontroleur, dy't Trude beet hie, joech wat mear bod oan it heltertou en wiisde op moer en dochter. ‘Nei 't sin?’ Trude wrinzge noch.
‘Ja...’ kaam der swier, ‘mar... e...’
‘Moat hjir noch better hinne brocht wurde?’ frege de sjauffeur en lake.
‘Nee... dat net... mar...e... haw ik dy no foar taksaasjepriis?’
‘Nee... nee... Wrychtich net,’ foel de kontroleur út. ‘Jo meie dizze brûke en der goed op passe, dat is betingst, mar it bliuwt oarlochsbút fan de Kanadezen.’
‘Dus ik kin 'm net keapje?’
‘Dat kin net oangean. Yn 't fatsoenlike brûke en... dêr wurdt op tasjoen,’ kaam der efteroan.
‘Hm... lit 'm mar op 'e finne.’
‘Is der gjin plak yn 'e skuorre? De merje is wat oandien en waarm en de foalle noch gjin wike âld.’
‘No ja...’ net fan herten, ‘der moat ek mar plak foar wêze.’
De kontroleur naam de boer ris op dy't wat wrantelich nei de skuordoarren gie en ien doar mei gâns wramen iepen krige. De rook fan keallehokken walme nei bûten ta.
‘Maitiid,’ sei de kontroleur, wylst Trude him snúvjend en prûstend efternei stoep. De sjauffeur hie de foalle beet en fermakke him mei har krigel ferset.
By de skuorremuorre lâns sieten de sûpkealtsjes op it strie. Guodden stauwen oerein. De âldsten bleauwen lizzen te wjerkôgjen. Oan 'e oare kant trije leechgollen mei ien derfan heal ôfskaat foar keallehok.
Doe't se de skuorreed heal lâns wiene bleau de kontroleur stean en seach de boer freegjend oan, mar dy swei, trape yn 'e leechgolle, bleau der midden yn stean, sette it kin yn it boarst en it each sà strak op 'e lege helte njonken it keallehok as moast der wit wat útkomme.
Mar doe kaam de boerinne krekt op toffels de skuorreed del. In bliid ‘O... e... h!’ klonk yn 'e grutte romte en twa hannen klapten yninoar.
‘Heden... heden...! wat in leave merje en foalle, tinkt dy ek net, ju?’