wjersteanbre legers fan Hitler mei swiere ferliezen yn 'e rjochting fan Berlyn.
De dage ferriisde. De befrijing wie yn 't sicht.
Men wachte en beharke de radio, - tige temûk, want yn de wrake wie de oerwinner wreed, no't de fijân syn ferneatiging temjitte gie.
De spanning wie grut en by mannich fan de troanje ôf te lêzen: de besetter ferslein, d'r bleau gjin kâns mear foar him oer...
Mar de maitiid fan '45 pronke tsjin al 't wrâldske wanbedriuw yn; en op tiisdei, de tsiende fan gêrsmoanne, stoep dêr in brúnbleske merjefoalle op fjouwer wite fuotten foar it earst op it fintsje efter de pleats by it fleanfjild om in noedfolle leavjende mem hinne. Mei 'n nea te beskriuwen gloede, sa sêft en myld yn har jonge eagen, it kopke heech by it memmeliif optreaun, ûnwis op 'e noch wat hege skonken, frijde en leave hja om de nokkerjende mem, dy't al har lea foege nei in rynske jefte tate oan 'e leafste dy't har poande.
‘Trude’ - ‘de fos’ - ‘Fräulein’ - ‘Margriet’ - wat sei in namme. Hja rûn mei har foaltsje: in wrâld fan wille en leafde apart! En dat net allinne. It wie ek in ferrassing, in iepenbiering, in feest, dat sicht op it jonge finnegrien dêr efterhûs foar harren, dy't oars hast net mear wisten, as fan in wreed fernielde wrâld, fol hate en wraak.
Fleanmasinen fleagen driigjend oer it Fryske lân.
Legerauto's - dêr't de likwidaasje al ôfstrielde - mei stroefhurde troanjeminten der yn, rieden fan en nei it fleanfjild. Skyldwachten hiene strange ynstruksjes en wa't de besetter hjir as hantlanger tsjinnen, hiene rommer tiden kennen.
Mar de blide mem ‘Margriet’ appele yn 'e aprilsinne en it brune bleske op fjouwer wite poaten hapte en snúfde de frisse loften yn en dûnse op ûnwisse skonken fan klearebare leafde, lok en libbenstier.
Freed de trettsjinde fan gersmoanne.
De loften wiene berûn, mar yn it westen ljochten de kimen fier en breed.
De spanning wie op it heechste.
Men wist it: de Kanadezen wiene al yn Fryslân.
Sa't yn maaie fan '40 de Dútskers oer alle wegen en lâns binnepaden Fryslân ynfoelen, sa kamen de Kanadezen yn gersmoanne fan '45 it âlde lân yn en dreauwen de besetter foar harren út.
Hoe soe it gean? Hoe om Ljouwert hinne, dêr't it grutte fleanfjild lei en hoe te Ljouwert sels? Elts wie fol spanning. Men wist fan de ûnder-