Hy seach it koaterspultsje sa't er yn dy omkriten safolle sjoen hie en hy betocht mei in tsjinsin, dat it libben syn gong wer gean soe.
Mar foar him...?
Muoisum riisde er út it hea omheech en folge de boerinne yn 'e hûs.
Syn revolver hong noch oan 'e riem.
Yn 'e keamer, efter de lytse rútsjes fan it âlde spultsje, kaam der, doe't er te stoel siet, sa'n grutte lomens en moedleazens oer him, dat hy, wylst er mei in hân troch syn bosk hier striek him ûntfalle liet: ‘Ik soe no fierders wol altyd trochsliepe wolle’ en nochris rydboske hy oer al syn lea.
Mar doe sei it koaterboerewyfke: ‘Nee jonge, dat is net wier!
Hjir!’ Hja skode him in kop kofje ta wêrfan de hearlike aroma net te wjerstean wie.
‘Drink dit earst mar ris op en dan,’ wiisde hja, ‘yn 'e oare keamer sil ik in tobbe wetter en skjin guod foar dy ree sette en ast dêr mei klear biste, haw ik hjir it iten foar dy smard. Goed?’ en mei har moaie eagen blierke hja ticht by him sa freonlik yn sines, dat hy wer begûn te fielen, dat er noch jong wie.
De kofje smakke hearlik en doe't er dy opdronken hie, noege it freonlike minske út it oare fertrek: ‘Klear hear,’ en ferdwûn.
Doe't Hartman him opfriske en yn in boerepakje lutsen hie, kaam er wer by de frou yn 'e keamer. Hy hie de riem en de revolver by him. ‘Kom, al klear?’ sei de boerinne en hâlde har mar oft hja neat seach. ‘Dan earst mar oan 't miel.’ En hja skode in stoel foar him teplak.
Lykwols, Hartman gie daalks net sitten, mar bleau in pear stappen fan de ree sette stoel ôf stean.
Freegjende eagen fan de freonlike frou.
‘Sjoch,’ sei er doe en hy hâlde syn revolver foarút, ‘dit is alles wat ik besit en as 'k hjir net mear oer beskik dan bìn 'k der sels ek net mear.’ Hiel kalm gie de frou op him ta, har gesicht stie net strang, net iens earnstich mar o sa ferguodlikjend en betrouwend lei hja in hân op elts fan syn skouders.
‘Jonge, jou dy hjir foarearst mar del, betroust my wol net?’ Eagen, dy't wer yn sines seagen.
‘Salang ik frij bin,’ sei er, ‘sil ik jo - jimme... of haw jo gjin...’ Hja knikte. ‘Sil ik jimme graach helpe safolle as ik kin; mar my finzen