Mar... Eke, Trude, de pleats en... ek de boer!
Wêre soe er dat ferjitte?
Nearne. Hjirre ek ûnder 'e Gysbertstêd nea!
Dan mar fuort. Fuort sa fier as er komme koe.
Súd Amearika - Argentinië -. Unbestimde bylden begûnen foar syn eagen te skimerjen...
Mei har trijen sieten hja fol ynspanning nei de radio te harkjen. De boer wie belutsen. Elts fernaam wol dat it spul op boarsten stie. Hy biet op 'e kiezzen en it fel siet strak om syn troanje. De frou harke, betiisd yn noed en soarch. Hartman wachte ôf. ‘Ik haw 't al heard,’ en hy stoep oerein.
‘Wachtsje,’ gebea de boer. ‘Ik wol earst witte...’
‘Ik wit it al. Mobilisaasje, boer,’ en hy rekte him út.
‘Och, leave jonge!’ krite de frou ynienen en skriemde: ‘Moatsto no opkomme? Wy hawwe dochs gjin oarloch?’
‘Nee frou, mar dat ik opkomme moat, is wis.’
Op 'e Dylakker woed 'r leafst sa min mooglik prate en dêrom fytste er dyselde jûns hookstrooks hinne en wer om syn soldatespullen op te heljen.
De oare jûns stiek er fuort nei melken yn unifoarm ôf.
‘Jonge, wêrom,’ aksele de frou tsjin. ‘Bliuw no tenacht dochs noch by ús.’
‘Frou, bêst bedoeld’ en hy joech har in hân. ‘Mar ik moat fan myn âlde waskfrou en har man ôfskie nimme, en dan fannacht noch nei Ljouwert. Ik rêd my siker wol, frou. Farwol!’
‘Farwol Hartman en ast...’ Mar hy ried al en hearde net wat hja him efternei rôp. Tankber dàt er it net hearde.
Hy jage troch de stêd. Hy wòe hurd. Diskear de Grutte Dylakker lâns. It hûs fan syn nift oan 'e oare kant seach er. Mear net. Hy woe ek net mear sjen.
‘Kyk in huzaar!’ rôpen in pear bern him efternei, doe't er oer 'e brêge by de Sint Janspoarte jage.
De jûn wie kostlik moai.
Glêd en effen lei de âlde Ljouwerter feart te glinsterjen ûnder it hege blau, in inkeld ljocht wolkjen wjerspegele der yn. Hy seach it. En hy hearde in fleanmasine heech yn 'e loft, iensum en allinne fan east nei west. Ferbiten sette er noch mear ta. Hurd woed 'r.