getten op 'e fos. Doe smiet hja linich har rjochterskonk oer kop en hals fan Trude en liet har mei in wipke fan har waarme sit glide.
‘Fanke,’ suchten de âlden nochris, mar no as in ferromming. ‘Och, wat witte jimme fan Trude ôf,’ negearre Eke oermoedich âldernoed, slingere koart oanbûn om 'e hikke, sloech Trude nochris de earms om 'e hals, kroep har o sa ynlik oan, flústere deun oan de heldere moaie eagen: ‘Pop,’ en stode doe nei de opkeamer dêr't har sliepkeammerke wachte.
Miskien kaam it omdat de jonge Trude har neinokkere, dat se der yn in oerstjoer snokkerjen op har ledikant delfoel...
De oare deis stie Eke' foarnimmen fêst: Hja soe net mear ride yn 'e ruterklub no't Hartman foargoed fuorttein wie. Trude soe fan no ôf oan foar har, en foar har allinne wêze.
Wis - en mei sa'n spitigens betocht se dit, dat se der wol mislik fan wurde koe - no koe Jinne Wytfean Hartman syn plak by de ruters mar ynnimme. Moast hja net witte - oertocht se klienearjend - dat dy Hartman, om har, net útstean koe. Stumper. No soe hy de man wurde by de ruterklub, no't Hartman mobilisearre wie. Nee, hy hoegde net op te kommen. Hy, de man mei goed en fan komôf, hy wie ôfkard. - Net neame, net oan tinke iens, om him en syn stâm 't Is dochs altyd... Hawar, om syn manearen, hâlding en stal, soe nimmen it ek sizze. Mar Hartman, de boerefeint?
Lokkich! Eke wist dat er kant en sûn fan liif en lea wie. Dan mar huzaar en mobilisearre.
Doe't it melkerstiid wie dy deis, kaam Eke yn rydkostúm efterhûs. Hja hie it seal mei de leie oer 'e earm, smiet dat op 'e kolksbarten del, gie nei de finnehikke, fierde dy wiid iepen, klapte yn 'e hannen en rôp: ‘Trude!’
De fos, rêstich weidzjend mank it jongfee yn 'e finne, sette de kop omheech en harke... Dy stimme...
Eke seach it. Hja glimke, stoep de reed in eintsje op, klapte heech yn 'e hannen en lûd klonk it fan foar út 'e finne wei: ‘Trude!’ In skok foer troch de lea fan 'e jonge guds, de eagen glinsteren fan begripen en noft, en út in fjouwerjen stau de fos de finnereed oer, rjocht op 'e wiidútsprate earms fan de jongfaam ta, dy't 'm drystmoedich yn dy felle foarsje opheinde mei in: ‘Kom wiest dêr.’ Oars neat. Daalks