jaan koe, want, sei se: ‘wa soe dat better dwaan as do,’ en pleagjend seach hja him ris oan. En dit stie by har fêst: as hja yn 'e foarsimmer fan njoggenentritich lid fan de ruterklub waard, dan woe se dêr op har Trude ferskine.
‘Takomme simmer,’ jubele hja dy foarste winters al, ‘dan kinst har altyd wol wat beleare net?’
Mar hy bleau wat mijend mei beloften. Sa'n waarmbloed twinterke? Hy taksearre de jonge Trude waans bou noch gjin huzaar fan syn soarte drage mocht, mei kennerseach.
En Kuperus sels tocht der ek wat oars oer as syn oanfallige dochter. Fan sokke gefolgen, dat, doe't de maitiid yn 't lân kaam en Trude mei it jongfee wer har fertier op 'e greiden fûn, der op in oerdei wer in feewein kaam, dy't foar de homeie stil hâlde en de jonge Trude selskip krige oan in twinter rúntsje.
‘Dy twa wurde fan 'e maitiid ynskeard op 'e Mûntslannen,’ ferklearre de boer, doe't Eke en har mem efterhûs kamen, nijsgjirrich wurden troch it ynhâlden fan 'e auto.
Eke wie ferslein. Wêrom sa'n teloarstelling fan heit?
‘Kom, kom!’ bemoedige de boer. ‘Ast de fos thús hâldst dan pankoekest der de hiele simmer mei om. No wurdt him de romte en frijheid bean en do silst ris sjen, hokfoar twinter ast takomme hjerst wer thús krigest.’
‘Mei 'k Trude de hiele simmer dan net wer sjen?’ frege Eke wat spitich.
‘Wis wol. Wy kinne der tegearre wolris hinne; en do en Hartman ek wolris as er ferlof hat, om my sa faak as jimme wolle.’
Dat fergoede wol in bytsje. Mar hiel wat plannen fan Eke oangeande har en Trude yn 'e simmer dy't op hannen wie, foelen yn it neat. It bleau in slach.
Foar Eke. Net foar Trude.
Doe't de lêste op in heldermoaie maitiidsmoarn, nei in nacht fan sêfte rein mei har maat, de twinterrún, ûnder Suwâld ut 'e feeauto stapte, begroeten har jonge eagen mei in heimnisfolle glâns it wide rom dêr ûnder dy hege loften mei har fiere wolkegedriuw. Hja rûkte it jonge gers, dat gâns frisser wie as dat fan 'e âlde finnen dêr't hja fandinne kaam. Hja helle oer har fine trilderkes de geur fan fean en sân en hars en blêd en strûken yn, dy't op 'e lichte wyntsjes har wide noasters aaiden. En yn in lichte dûns, dy't de wjerskyn joech fan it