‘Witst wol hoe't dy hjitte?’
De auto stie yn in bocht fan 'e wei.
‘Djerreblom?’
‘Ja. Sille wy 't lêste eintsje kuierje? 't Wurdt aanst in sânreed en do wolst hjir ek wol in eintsje gean, net?’
‘O, graach Heit.’
‘Moai sa.’
‘Hoe fier moatte wy noch?’
‘Oer de flapbrêge jinsen,’ wiisde Kuperus.
‘Sjoch ris wat in blommen, dêr moat 'k al guodden fan meinimme foar Mem.’
‘Wis, dan hat Mem ek in oantinken oan ús reis nei Trude, watte?’
‘Sjoch Heit, dêr leit in wenskip.’
‘Ja, dat moat yn 'e Alde Lune lizze.
‘Is Heit hjir dan wol bekend?’
‘Wol in bytsje,’ en de boer seach har ris oan.
Efkes wie Eke stil. Hea ja, Heit! Heit kaam oeral yn Fryslân mei dy... e... Har noaske ferloek. Och, hja wist dat net krekt, mar...
In lyts toarntsje gie se swijsum troch. De waarmte lei oer it wide fjild dat yn frede drôge. Eke jonge eagen stiene earnstich rjochtút. Dan, yn jubel: ‘Dêr stiet Trude, Heit!’
Al it fee op 'e Mûntslannen lei yn 'e rêst. Allinne Trude en de jonge rún wiene drok dwaande inoarren yn 'e moannen te kaardzjen.
Oer 'e flapbrêge stieken se it Mûntslân daalks yn. Eke' stap waard rêder. Hja wipte oer 'e greppels, wylst in blide laits oer har wêzen lei.
‘Trude!’ en Eke klapte yn 'e hannen.
Oars gjin beweech as fan it kaardzjen. Se stinden der oer. Dêr seach de twinterrún de twa oankommen. Skril stiek er de kop omheech. Skou trape er fansiden. Mei taastende stappen, de kop noch heger, de sturt wat op, gie er in healslach om 'e boer en syn dochter hinne.
Beide wiene se stil stean bleaun.
‘Och hea,’ sei Eke klienearjend nei de jonge gudzen.
‘No Trude,’ en hja stiek in hân noegjend foarút.
‘Hast net wat foar 'm meinommen?’ frege Kuperus.
Eke glimke en knikte. Mar de jonge fos sette de earkes spits foarút. Hoeden waard der in stapke efterút dien. Hoe no...?
‘Trude...’ en Eke eagen sochten hâld yn it donkere djip fan Trude harres. De noegjende hân kaam neierby. Trude niigde har kopke.