‘Fynst it net in prachtdierke, Hartman?’ frege se fol fan ferwachtinge, wat Hartman der fan sizze soe.
Hartman syn each ljochte op, skerp meunstere hy 't foske wylst hy der stadich omhinne stoep en Eke him fernijde dat it ‘Trude’ hjitte, nei de boer, dêr't er weikaam syn famke neamd, en dat se beide op 'e tsiende april te wrâld kommen wiene.
‘Fanke, wat in pronkje!’ kaam Hartman fan herten. ‘De boer hie gjin moaier foar dy fine kinnen.’
‘Fynst dy twa wite sokjes ek net prachtich?’
‘Dit neamt men wite fuotten, Eke,’ wiisde Hartman guodlik. ‘No,’ en Eke seach ferhearlike by it froede kopke op. ‘En dat moaie wite bleske.’
‘In kylkol famke,’ pleage Hartman mar wat. ‘En hast ek mear oan 'm sjoen?’
‘Nee,’ en Eke har eagen ljochten der fan.
‘Sjoch,’ wiisde Hartman. ‘Boppe it loftereach in wyt stipke.’ Eke seach der nei. Doe kaam der, neat net flot: ‘J...j...a...’
‘Muoit dy dat?’
‘Nee, mar dàt hie 'k nea sjoen.’
‘In moai merkteken,’ sei Hartman. ‘En dyn Trude is der neat minder om, hear.’
‘Hast 'm alris draven sjoen?’ frege Eke.
‘Och fanke,’ klienearre Hartman, ‘soesto 'm drave litte?’
‘No!’ in bytsje rekke.
‘Lit 'm mar los,’ sei de feint. ‘Mûlk stapt er ús wol efternei. Sil wy ris sjen?’
Eke liet it foske los en soe mei Hartman nei de finnedaam ta, fol hope dat Trude meistappe soe. Mar Trude smiet it gat linich om en draafde nei de hikke dêr't de âldmerje stie te wachtsjen.
‘Dus de tsiende april kin se twa jier wurde,’ sei Hartman by it nei 't hiem ta gean wat swier.
‘Ja, en asto ûnder tsjinst wei komste, dan wurdt se trije,’ sei Eke fol moed.
‘Ja...’
Dêr bleauwen de feint syn tinzen by hingjen.
- Under tsjinst. -
Hartman seach der net tsjinoan om mei koarten ûnder tsjinst. En