| |
| |
| |
11
'Wat bisto in grutte kloat!' Jaike komt myn keamer ynbrûzjen.
'Hoe bedoelst?' Ik bliuw mei de rêch nei har tasitten en befjochtsje op 'e computer fijanlike legers.
'In egoïst, in jonkje dat allinnich mei himsels dwaande is. Hee, ik ha it tsjin dy!' Se jout my in dúst sadat ik hast fan 'e stoel fal. Ik stel it spultsje yn op pauze en draai de stoel in bytsje. As in blazende kat stiet se foar my oer, in pakje yn 'e hân. It boek, heit syn boek.
'En dat wylst it allegear om dy gie.'
'Om my? Wêr hast it oer, it wie dochs heit syn feestje?'
'Ja, en do wiest de belangrykste gast. Hy woe dy it earste eksimplaar oanbiede, stommeling! Oan dy, syn iennige soan! Oan de soan dy't der net wie, dy't syn heit op dit belangrike momint yn 'e steek liet omdat er it te drok hie mei syn eigen problemen. De ôfgong foar heit!' Jaike gûlt hast fan lilkens. 'Hjir is it dan!'
Se klapt it boek op myn buro en draaft de keamer út. Sleau rop ik har nei: 'Mar dat koe ik dochs net witte?'
Ferbjustere gean ik sitten. Ik hie it earste eksimplaar krije kind en ik wie der net. Ik slaan de hannen foar de eagen en skommelje hinne en wer: ik wie der net, ik wie der net. In oanfal fan seismeilijen lûkt troch my hinne oant it momint dat ik poer wurd. Wêrom ha se it net tsjin my sein? Se ha it ommers allegear witten? Yn gedachten sjoch ik Simen, Lys, Jaike en Brenda fuortriden. Doe wist
| |
| |
ik al dat der wat wie dat se my net ferteld hiene! It leafst soe ik de keamer yninoar slaan, de computer ta it rút út flikkerje, mei myn kop tsjin de muorre batse!
Ik jou my wer del achter de computer en gean fierder mei it oarlochsspul. De fingers rânselje it toetseboerd: dea, dea, elkenien moat dea, it kin neat skele hoe! En fansels win ik, gjinien kin tsjin my op. As ik even letter de computer ôfslút, ha ik folslein de lech út. Ik lit de holle op 'e earms sakje, ik ha heit stikke litten.
Dan sjoch ik nêst my it boek lizzen en ik gean wer rjochtop sitten. Ik streakje it sachte moaie papier. Grif út mem har winkel. Foarsichtich peuterje ik it der ôf. Ik doar der hast net nei te sjen. Heit syn boek, in fotoboek foar my. Wat sil der yn stean?
It papier falt op'e grûn en ik sjoch de foarplaat mei de foto dêr't ik wis fan bin dat heit him net makke hat. Op heite sterke skouders. Yn swart/wyt. 'Blik op see' stiet der ûnder en mei hiel lytse letters: Kees Jagersma. Ik hâld it boek op in ôfstân en bewûnderje it gehiel: it is ienfâldich, mar prachtich.
Doch iepen, sjoch mar, moedigje ik mysels oan. Der falt in brief út dy't ik net opkrij, want no wol ik earst sjen. Yn it wylde wei begjin ik te blêdzjen. Dunen mei wiuwend gers, see mei wytkroezjende brâning, strân nei de stoarm mei alles dat de weagen achterlitten ha, in âldere man dy't bûgd sit oer ark dêr't er mei dwaande is, in groepke bern by in feestje, in jonge frou, mem!, dy't in bolderwein fol mei strânguod lûkt. En oeral sjochst my, as lytse pop, pjut, beuker, skoalbern en puber, boartsjend, sliepend, harkjend, wylst ik gluorkje oer in dún of útsjoch oer de see. Myn libben yn in echt boek ferpakt! En ik bin selden allinne, want mem is by my of Jaike of Renkema en soms ien fan de eilânjonges. Boppedat moat heit der hieltyd west ha, oars wiene de foto's net makke. Heit, dy't ik hast noait sûnder fototastel seach. Dêrom reagearre ik der ek net mear op. As ik ris al te freonlik yn de kamera lake, wist ik dat heit dy foto fuortgoaie soe.
| |
| |
'Doch mar gewoan,' rôp er dan.
Ik suchtsje, swier oerdondere, en begjin by it begjin. Dêr stiet op 'e earste side, yn moaie drukletters: 'Foar Willem, myn soan'. Elkenien dy't dit boek besjocht, kin it lêze. In knetterjende flok ûntsnapt my.
'Foar Willem, myn soan'. Hoe kin ik dit oait goedmeitsje? Ik lis it boek oan 'e kant en pak de brief op. Heit syn fine hânskrift, altyd mei deselde fulpinne.
'Myn leave soan,' lês ik. De eagen wurde fochtich. No net janke, suffert, dan komst der noait achter wat heit dy te fertellen hat, ek al wiest der net. Ik begjin op 'e nij.
'Myn leave soan,
Graach hie ik mei dy prate wold, want do hast it net maklik, hear ik hjir en dêr. Fansels soe ik de boat pakke moatte om nei dy ta te kommen, mar ik wol dy net oerfalle. Ik wol ek graach datsto safier bist.
It ferline driuwt ús hieltyd mear útinoar en dat is net noadich. Wat wy meimakke ha is slim en foar in lyts bern in ramp, mar no is it foarby. Der wie sa'n soad yn dyn bernetiid dat wol moai wie!
As mem en ik te lang swijd ha oer froeger, dan spyt my dat. As âlden wolst dyn bern beskermje tsjin de aaklike dingen yn it libben. Dat slagget net altyd. Boppedat meitsje folwoeksenen ek fouten en net minder stomme as wannearst jong bist!
Leave Willem, ik wol it dy graach allegear fertelle. Skriuwe is net myn sterkste kant. Hear ik fan dy?
Heit'
Ik lis de brief del en flean nei myn bêd. Dêr gûl ik en gûl ik en ik tink dat it noait mear ophâldt.
Ik doar my ûnder net te fertoanen, jûns net en moarns ek noch net. Dus wachtsje ik oant it lêste momint, slút my op yn 'e badkeamer en as ik my dûst en oanklaaid ha,
| |
| |
draaf ik nei ûnderen. Jaike, Simen en Lys binne al fuort. Brenda sit by de tafel bôle te smarren.
Se swijt, se hat grif ynstruksjes krigen want dit is neat foar har. Mar as se my even oansjocht, sizze har eagen alles: kloat, stommeling, leffert!
Mei in krintepofke yn myn tas naai ik út. Op skoalle skuor ik wol wat út 'e automaat.
'Wat prachtich,' seit Marij. It is skoft en we sitte mei syn trijen yllegaal op in stil plakje yn 'e gong. Sy en Liban ha it boek besjoen. Liban stoarret foar him út en mompelt:
'Hy moat wol in soad fan dy hâlde.'
'Wa?'
'Jim heit fansels.' Hy suchtet en ik skamje my. Ik ha ommers noch in heit dêr't ik hinne gean kin en dy't ik freegje kin wat ik witte wol, mei wa't ik útprate kin wat my dwers sit. Ik jou harren de brief oer.
'Meie wy dit wier lêze, Willem?' Liban sjocht my freegjend oan.
'Oars joech ik him net.'
Tegearre bûge se harren oer de brief. Ik ken al hast elk wurd.
'Tsss,' reagearret Marij, 'stom datst der net hinne gien bist. Echt stom, Willem!'
'Wêrom bist sneon net gien?' freget Liban.
'Marij en ik hiene in ôfspraakje, we ha út iten west en doe nei de film.'
'Mar hjir wist ik neat fan, Liban!' seit Marij, mar dan laket se nei my. Wat is se leaf! Ik bin echt smoarferlyfd op har en as ik har blik fang, kom dat grif fan beide kanten. Har hân krûpt yn mines.
Liban sjocht donker en ik mompelje: 'Ik doarde net.'
'It is dyn heit, man!' Hy lit dúdlik fernimme dat er it stom fynt. 'Wannear giet de boat?'
'Hoe bedoelst?'
'Ik bedoel datst de earstfolgjende boat nimsten datst him alles seist watst op dyn lever hast.'
| |
| |
Freegjend sjoch ik nei Marij. Se knikt. 'Ja fansels, Liban hat gelyk.'
'Kom op dan!' Liban springt oerein. Ik pak myn tas yn en gean ek stean.
'Wy bringe dy,' seit Marij.
It is rêstich op 'e boat. Ik hingje oer de reling en wiuw nei it twatal dat sa mei my meilibbet. Ik tink werom oan de sachte, waarme lippen fan Marij. It koe har neat skele dat Liban der by wie.
De skipstoeter lit my skrikke: ien, twa, trije kear. Stadich makket de boat him los fan 'e wâl. Wy farre de haven út. Noch in swaai nei Liban en Marij en dan gean ik nei binnen ta. Al skynt de sinne, it is my te kâld om de hiele reis op it dek te sitten. Ik ynstallearje my oan in taffeltsje en sjoch om my hinne. It binne meast grize koppen en húshaldingen mei lytse bern dy't grif in midwike op fakânsje gean.
Ik helje in kopke kofje en ynstallearje my mei heit syn boek. Myn eagen bliuwe stykjen by de tekst 'Foar Willem, myn soan'. It stiet der grutsk en ik wurd der ferlegen fan. Achteryn, by de ferantwurding, stiet dat mem de foto fan it foarblêd makke hat. Blêdzjend sjoch ik alles wat sa bekend is. Dêr, in ploechje opslûpen jonges dat by it klimrek stiet. Ik sit op 'e glydbaan en ha der gjin erch yn dat heit in foto makket. Oars hie ik net sa bang west, al kinst dat sa net sjen.
Ik wie foaral bang foar Jehannes, ús buorjonge, de grutte broer fan Gerlof. Ik besjoch him fan tichtby, herken syn skeve gebit.
Hieltyd rydt it jonkje itselde rûntsje. Hy hat in nije fyts. Op 'e hoeke fan de strjitte, by it bushokje, stiet in groepke opslûpen jonges. In grutte jonge, mei brede skouders, pakt it stjoer fan it jonkje syn fytske beet.
'Dêr ha ik dy,' seit de jonge. 'Dus do hast in nije fyts. Hoe hytsto?' Hy hat in soad reade pûkels op it gesicht, krekt framboazen, en in grutte weake mûle. De kamera
| |
| |
swalket oer syn gesicht. Dan laket de jonge en syn gebit, mei ien skeve tosk, is fol yn byld. It jonkje swijt en slacht de eagen del.
'Ik freegje dy wat,' seit de grutte jonge en in oare jonge, noch grutter en hiel grou mei swarte eagen, tilt it achterein fan de fyts op. 'Antwurdzje!'
'Willem,' flústert it jonkje.
'Ik hear dy net,' seit de brede. Hy hat it stjoer safier optild dat de foarbân los fan 'e grûn komt.
'Willem,' seit it jonkje.
'Ik ferstean dy net!' ropt de lange. Hy begjint de fyts hinne en wer te slingerjen. De oare jonges steane der mei de hannen yn 'e bûsen om hinne. Se sjogge en laitsje.
'Willem!' raast it jonkje. De kamera zoomt yn op syn strakke snútsje.
'Dus Willem woe te fytsen. Fyts dan jong, fyts!'
Mei de eagen ticht begjint it jonkje stadich te traapjen.
'Sa komst der net jong, avenseare!'
De jonges hysje it lytse jonkje oan. Hurd, hieltyd hurder. De fyts slingert wyld fan foar nei achteren. Uteinlik raast it jonkje: 'Ik wol net mear, ik kin net mear!' Hy lit de skonken hingje. Ien traper klapt tsjin de skynbonke. Hy leit de earms op it stjoer en de holle op 'e earms. Syn hiele lichem skokt fan it gûlen.
Yn ien kear litte de grutte jonges syn fyts los en spatte alle kanten út. It lytse jonkje klapt mei de tosken tsjin it stjoer. Hy skaaft de knibbels en de earmtakken. Bloed. Helderread bloed.
De heit stiet foar him en seit: 'Kom mar, dan krigest in pleister en in tút.' Hy nimt it jonkje op 'e earm. Mei de oare hân pakt er de fyts. Tegearre rinne se it hiem op. It jonkje slacht de earms om de heit syn nekke en gluorket om him hinne. De jonges binne fuort, de strjitte is leech. Allinne de buorfrou lit hastich it gerdyntsje falle as it jonkje har rjocht yn 'e eagen sjocht.
Ik slok en wit noch hoe't it fielde. Hastich pak ik de
| |
| |
tas op en gean nei bûten ta, nei de frisse lucht en sprek mysels ta: it is foarby, Willem, it is allegear foarby. Stadich, fierste stadich, sjoch ik it eilân tichterby kommen.
Op 'e wâl steane minsken famylje of freonen op te wachtsjen. Foar my is der gjinien, mar dochs gean ik de gesichten bylâns om te sjen oft der ien by is dy't ik ken. Fansels net. Ik slingerje de sporttas oer it skouder en rin it doarp yn. Wêr sil ik hinne? Earst nei hûs om de tas te bringen, beslút ik en dan gean ik fierder nei heit dy't grif by de hut is.
Wat sjocht it doarp der kreas út. Oeral wapperje flaggen en steane pronkjende blombakken. Alles is al klear foar it seizoen. De earste terraskes rinne fol en sa mei de sinne en de wyn derby fiel ik my in toerist.
Sûnder der by nei te tinken stek ik in eintsje ôf, sadat ik gauwer thús bin. Us strjitte leit der stil hinne. By ús hûs oankaam, rin ik achterom. De doar is op slot. Ik ha de kaai by my en set de tas yn 'e keuken. Dan draai ik my om, no kin ik der net langer ûnderút. No gean ik nei heit.
Ik rin troch de set fan myn bernetiid. De rook fan it eilân, de taal dy't de minsken hjir brûke, har aksint en it razen tsjin de wyn yn, ik wurd der bliid fan. Mar ik bin bang fan de spilers, it meast fan de haadrolspiler dy't ik daliks moetsje sil. Sil heit lilk wêze?
De hutte stiet in eintsje bûten it doarp en it hat altyd heit syn twadde thús west. Mines letter trouwens ek.
Ut de fierte sjoch ik heit. Hy meant it gers mei in seine. Wat sil er sizze? Ik doar net!
As ik tichterby kom, hâldt heit op fan wurkjen en sjocht myn kant út. Hy knippert mei de eagen as kin er net leauwe wat er sjocht. Hy lit de seine út de hannen falle. Hy docht in pear stappen nei my ta. 'Willem?' freget er heas.
Hy hoasset de kikkert út 'e kiel en herhellet: 'Willem?'
| |
| |
Ik sjoch hoe't de hannen dy't er nei my útstekt, trilje. Ik knik en doar neat te sizzen. Hy docht noch in stap, pakt my by de skouders en sjocht nei my op. 'Jonge, och jonge. Dus dêr wiest.' Hy knippert wer mei de eagen. 'Ik sil even wat drinken foar dy helje.'
Hy flechtet de hutte yn en lit my stean.
Heit is net lilk! Foarsichtich sakje ik del op in klapstuoltsje. Ik sjoch syn blauwe eagen foar my, like blau as mines. Ik wit noch goed de kear dat er reade eagen hie, de kear dat er gûlde.
De strjitte leit der útstoarn by. Ut de bykeuken komt de man. Hy slofket nei de auto. Syn hiele lichem strielet mismoedichheid út. It jonkje bliuwt yn 'e doar stean. De man rint in slach om 'e auto hinne dy't folsmard is mei fet en bestruid is mei wat wyts. Blom of soks. De man sjocht om him hinne. Gjin mins te sjen. De kamera slûpt by de ruten fan de huzen lâns. Hjir stiet ien foar de glêzen te sjen, dêr gnúft ien om in gerdyntsje hinne. De mem komt ta it hûs útstowen; se lit in lyts famke yn har piama nêst de jonge stean. Oars as de heit, dy't swijend nei it keverke stiet te sjen, lit sy hearre hoe lilk se is.
'De rotsakken, de hufters, de skytsekken, de lammelingen.' Se triuwt har fûst tsjin de mûle. 'Ik skilje de plysje. Ik wol dit net mear.'
'It is wer it selde, Anne.' De man klinkt wurch. 'Der binne gjin bewizen en leau mar net dat ien wat sjoen of fernaam hat.'
Hy rint werom nei it hûs. Troch it hok en de keuken giet er nei de keamer. De mem folget mei de doar slaand en stampfuotsjend. De jonge hâldt it famke by de hân. Skou skowe se yn 'e âld skoalbank. De heit en de mem sitte by de tafel.
'Wat moatte wy dan?'
'Yn 'e slotten siet kaugom.' De heit praat oft it him neat skele kin.
| |
| |
'Wannear silsto no ris wekker wurde! Gean nei dyn direkteur, nei de fakbûn of nei de gemeente. Se meitsje dyn húshâlding stikken! Wêrom tinkst dat ús Willem de lêste tiid altyd yn 'e hûs omhinget? Hoe soe it komme dat er hast alle dagen spuie moat, gjin iten troch de kiel kriget en net sliepe kin? Dat er der like trochskinend útsjocht as in konsintraasjekampbern!'
De heit hâldt de holle foardel. Hy seit neat en docht neat.
'En hoe tinkst dat ik it fyn om mei de nekke oansjoen te wurden. Letterlik, Kees! Minsken dêr't ik jierren mei op it koar en yn it bestjoer fan de biblioteek sitten ha, dy't hjir op 'e kofje kamen, foar poppeslokjes, jierdeis en oare feestdagen, dy minsken draaie de hollen om as se my sjogge. It is dat der boadskippen dien wurde moatte, dat Jaike yn 'e frisse lucht moat, mar oars kaam ik der noait mear út. En wêrom? Net omdatsto sa'n minnenien bist, mar omdatst te goed bist en te fatsoenlik. Der komt in dei,' de mem giet stean en har lûd wurd driigjend, 'dan gean ik nei dy direkteur fan dy ta of nei dy flapdrol fan in wethâlder of nei ien fan dy achterbakse hufters dy't no har gong mar gean kinne. Dan lis ik de hannen om har grouwe dikhûdige halzen en knyp en knyp en knyp...' Har knokkels binne wyt.
Se sjocht de jonge en it famke sitten. Ferstive yn it bankje. Eagen wiidipen, mûltsjes ticht. De mem sykhellet in pear kear djip en seit dan, hiel sacht: 'Kom, ik sil jim op bêd bringe.' Se nimt de bern elk oan in hân en rint de keamer út. De heit bliuwt mei de earms om 'e holle yninoar dûkt sitten.
It is nacht. De auto stiet op 'e dyk as in iglo. De lantearne skynt der lyk op. Oranje. It jonkje leit mei de eagen iepen foar him út te sjen. Hy huvert en krûpt djip ûnder de tekkens. Even letter slacht er de tekken werom en slûpt nei ûnderen ta. Hy hâldt de hân foar syn broek.
De doar fan de trep stiet op in kier. Hy sjocht lyk yn 'e
| |
| |
keamer op de mem har rêch. Se sit foar de heit oer. De mem praat fûl. Hiel sêft, se is net te ferstean, mar sûnder ophâlden. De heit dûkt hieltyd mear yninoar wylst de triennen him oer de wangen streame.
|
|