| |
| |
| |
12
'Drinkst bier?' freget heit. Yn 'e iene hân hat er twa fleskes bier en yn 'e oare eilanner koeke.
'Lekker,' sis ik, al ha ik leaver cola. 'En koeke, hearlik!' De eilanner koeke ha ik mist.
Heit pakt ek in stuoltsje en set it tsjinoer mines. Wy ite en drinke en wachtsje op inoar. Ademleas sjocht er ta hoe't ik it fleske beet ha, hoe't ik drink, hoe't myn skonken, ien hjir en ien dêr, eins te lang binne foar it lege stuoltsje. It liket oft er it byld fan my op syn netflues fêstlizze wol: rec-rewind-play, rec-rewind-play.
Uteinlik hâld ik it net mear út en flústerje: 'It spyt my, heit.'
Hy skodhollet en seit: 'Dy hoecht neat te spiten, lit dat mar oan ús oer.'
Swijend drinke we en sjogge út oer it stikelige, woeste lânskip mei de dunen derachter, de blauwe loft mei no en dan in wite, opblaasde wolk dy't oersylt derboppe. Wylst heit fertelt oer it waar, oer de fûgels, oer de hutte en syn wurk ûntspan ik my. Ik hoech hast neat te sizzen, ik hoech der allinnich mar te wêzen en stadichoan fiel ik my fredich en teplak.
As alles op is, komt er oerein. Unrêstich rint er hinne en wer, pakt de fleskes op en freget: 'Noch ien?'
Sûnder myn antwurd ôf te wachtsjen, rint er nei de hutte ta. Ik freegje my ôf hoe't it fierder gean sil. Wy kinne dochs net hieltyd hjir sitte te bierdrinken, sûnder
| |
| |
it te hawwen oer wat my dwaande hâldt? Moat ik him freegje, wachtet er dêr op?
Hy sjocht my net oan as er my it folgjende fleske oerlanget. Hy giet wer sitten en mei de skonken wiid linet er foaroer. It fleske rôlet er tusken de hannen.
'Hoe faak ha ik yn myn tinzen dit petear hân,' seit er. Hy praat nei de grûn ta en ik moat myn bêst dwaan om him te ferstean. 'Allinnich wist ik noait wannear en wêr en hoe't it gean soe, hoe't ik begjinne moast.'
'Wat is der dan gebeurd?'
'Achterôf begryp ik dat ek net. Ik besocht te analysearjen wêr't it mis gie, mar der binne dingen dy't je oerkomme. Besikest der it bêste fan te meitsjen en soms giet dat ferkeard. Letter, doesto âlder waardst, woene wy dy der net mear mei lestich falle. Do fregest neat en it wie foarby.'
Ik herhelje: 'Mar wat is der dan gebeurd?'
Heit syn sucht komt omtrint út 'e teannen. Dan seit er: 'Nei myn stúdzje biology sollisitearre ik nei de mavo, want ik woe werom nei it eilân dêr't ik hikke en tein wie. Ik krige de baan, troude mei jim mem en wy wiene gelokkich. Allinnich spitich dat ik net foar learaar yn 'e widze lein wie. Ik woe de bern kennis bybringe, ik fielde my ferantwurdlik foar harren basis dêr't se de rest fan har libben wat oan ha soene. Dus moasten se alles witte fan planten en siedden en fûgels, fan it ûntstean fan de ierde, fan skiednis en ierdrykskunde. Ik woe har wat meijaan.'
Wat in geëamel, dêr bin ik net foar kaam. 'Heit lult der omhinne.'
Heit sjocht betrape. Wer in sucht.
'Ik koe gjin oarder hâlde. It wie geregeld in grutte binde by my en it waard hieltyd slimmer. Soms stjoerde ik in learling nei de direkteur, mar hy, noch ien fan de oare kollega's stuts in hân út om my te helpen. En ik frege neat.
Nei skoaltiid prebearren de learlinge my ek út. Dat
| |
| |
hast grif earder yn in lytse mienskip as yn in stêd. Omdat se fernamen dat my dat net in protte skele koe, pakten se my op myn meast kwetsbere punt, myn húshâlding. Doe hie ik gjin ferwar, ik wist net wat ik dwaan moast. En it rûn folslein út 'e hân doe't de famylje Stroetinga op ús eilân kaam te wenjen.'
'Pity,' mompelje ik.
Ferrast sjocht heit op. 'Ja, it lytse suske fan Miranda.' Hy docht de eagen ticht en seit: 'Frou Stroetinga, wat hate ik dat mins. Sy wie de katalysator. Sy en har húshâlding ha it úteinlik noch gjin jier op it eilân útholden, mar it is har wol slagge om my de fernieling yn te draaien. Mei help fan de jeugd dy't myn húshâlding peste en bedrige en mei help fan folwoeksenen. Guon diene aktyf mei yn in komitee om my fan 'e skoalle te krijen, mar de measten bleaune passive meirinners. Se lieten ta dat ús húshâlding narre waard en gjinien die wat doe't se de kwetsberste pakten. En dat wiesto.'
Heit komt oerein. Hy pakt de seine en strykt mei de tomme oer it blêd. Dan giet er nei de âld slypstien en jit der in amer wetter oerhinne. Stadich begjint er it hanfet te draaien en hâldt de seine tsjin de stien. Dat die er froeger ek, wit ik wer.
'Wat wie der mei in famke?' Ik moat it freegje.
'Ach, Miranda. Ja, dêr bin ik net grutsk op.'
Ik hâld de siken yn: no komt it.
'De klasse dêr't Miranda yn siet wie dreech en sy wie de oanfierster. Dy les jende en treitere se my it bloed ûnder de neilen wei en doe't ik har fersocht út 'e klasse te gean, wegere se dat. Se bleau deagewoan sitten en seach my sa gemien en brutaal oan, dat ik in read flues foar de eagen krige en har oan it hier ta it lokaal útsleepte. Doe wiene de rapen gear en ik knapte folslein ôf.'
'Wie dat alles? Heit ferdedige him dochs?'
'Tsjintwurdich komme learlingen en âlden mei honkbalkneppels, messen of pistoalen om ferhaal te hel- | |
| |
jen, doe gie it stikem, mar it wie net minder bedriigjend. Ik stoarte yn en ferstoppe my yn 'e hutte fan Steatsbos, mar jim mem bleau rjocht oerein. Pas doe't bliken die datsto it net folholdst en de húsdokter advisearre om dy tydlik nei de wâl te bringen, krige se it dreech. Se woe by dy bliuwe, do wiest ommers har bern. Omdat dokter bang wie dat ik “rare dingen” dwaan soe, is se bleaun, mar it foel har net maklik! It leafst woe se nei de wâl ferhúzje en dat wegere ik. It eilân is myn basis, dy lit ik my net ôfnimme.'
Heit syn lûd klinkt fûl.
'Boppedat wist ik dat it tydlik wie. Ik hie it earder sjoen, by oaren, dat de hiele mienskip him op in persoan of húshâlding stoarte, benammen yn 'e winter, en dat soks nei ferrin fan tiid wer ôfnaam. Ast gelok hiest, soene minsken letter sizze: och, sa hie it eins net moatten. Tsjin de tiid dat it simmer wie en elk it wer drok hie mei de toeristen, soe it fergetten wêze. Sa is it ek gien.'
Heit giet nochris mei de tomme oer de seine. Hy pakt in pot fet, smart in klodder op it blêd út en set de seine by it oare ark del.
'Do knaptest op by Simen en Lys. Do giest nei skoalle en do wiest net mear siik. Jim mem kaam sa no en dan by dy op besite en dat lietst ta, mar as ik belle, goaidest de tillefoan der op en as ik kaam, slutest dy op yn dyn keamer en wiest dagenlang oerstjoer.'
Ik wit der neat mear fan, al doch ik noch sa myn bêst. Ik konsintrearje my op heit, dy't no de gong fan it ferhaal te pakken hat.
'Yntusken wurke ik as frijwilliger by Steatsbos en dat die my goed. In protte bûten wêze, bealgje, net te folle kontakt mei oare minsken en geregeld petearen mei de húsdokter. Doe't it simmer wie, fielde ik my wer goed genôch om thús te kommen en de eagen fan de buorlju en oaren te stean, der oer te kinnen. Op skoalle die myn ferfanger it poerbêst, de Stroetinga's setten al ridlik gau ôf om't se har net thús fielden op it eilân en it waard
| |
| |
allegear better út te hâlden. Jim mem begûn mei de iennige freondinne dy't har hieltyd stipe hie in winkeltsje en ik koe fêst wurk by Steatsbos krije. Yn 'e simmerfakânsje kaamsto werom.'
Al sjoch ik nei myn skuon, ik fiel heit syn eagen.
'Tink net dat we net wisten hoe dreech it foar dy wie. Dyn maten wiene dyn maten net mear sûntsto wist wat se dy oandwaan koene. Se doarden it net mear oan om dy te pesten, de skoalle hold dat goed yn 'e gaten nei alles dat der bard wie, mar do boartest selden mei oaren. It leafst sietst by Renkema.
Letter giest nei de havo-ûnderbou op it eilân en it lei foar de hân datst de skoalle oan 'e wâl ôfmeitsje soest omdat dat hjir net kin. By Simen en Lys ha we dy rap feroarjen sjoen. Kaamst de earste moannen noch wolris thús en dan diest lilk en ôfkearich, slutest dy op yn dysels. Ik fielde my machteleas en die krekt sa, weromlûke en ôfslute.'
Ik grom wat foar my út, fan stom en kloat, mar heit makket dúdlik dat ik my stilhâlde moat.
'Neat sizze, Willem. Do hiest alle reden om lilk te wêzen. Wy ha fouten makke, wy hiene mei dy prate moatten. No soene wy it grif oars oanpakke, mar ja...' Heit hâldt de hân foar de eagen en wriuwt der even yn. 'Sa is it rûn.'
Hy begjint wer hinne en wer te rinnen en sjocht op it horloazje. 'It is al healwei sânen! Mem sil net witte wêr't ik bliuw!'
Dan laket er nei my. 'Wat sil se bliid wêze! Kom, wy romje op en slute ôf.'
Even letter rinne wy nêst inoar de kant fan hûs út. Noch even trochgroeie en ik sjoch op heit syn keale plaske del.
'Willem!'
Mem moat ta it rút útsjoen ha, want se komt ús op 'e oprit temjitte. Se draaft nei my ta en slacht de earms om my hinne, ergens krekt boppe myn mul. It is in hiel oare
| |
| |
mem as de keurige dame dy't by Simen en Lys op besite komt. Se hat in spikerbroek oan en in siden bloeze en se laket en gûlt tagelyk. Se pakt myn holle en lûkt my nei ûnderen om myn beide wangen te tútsjen. 'Och, myn leave, leave Willem!'
'Hoi mem.' Ik skamje my dea en wit net wat ik sizze moat.
'Bliid datst der bist.' Se stekt har earm troch mines en sleept my mei, ús hûs yn. 'Hast honger of toarst? Kom, jou dy del, dan set ik kofje.'
Yn 'e keuken drukt se my op in stoel. Ik snúf de rook fan froeger op, fan iten, fan sjippe, fan thús.
Heit slacht de earms om har hinne. 'Kalm mar, Anne. Hy hat in pilske hân en koeke en no hat er grif sin oan iten. No Willem?'
Ik knik.
'In pilske? Mar Kees!'
'Hy is grut, Anne.'
'Ja, dat is er.' Se streaket my oer de stikeltjses.
'Ik helje even patat,' seit heit. 'En wat grilde hintsjes. Meist dat wol?'
'Hearlik,' sis ik.
As heit ôfsetten is, slacht de sfear yn ien kear om. Ik sit oan 'e tafel en mem stiet by it oanrjucht. Under de kraan spielt se kopkes ôf dy't net smoarch binne en dêrnei begjint se it oanrjucht, de kraan en alles dat se tsjinkomt te himmeljen. Se seit neat.
Ik ek net.
De stilte tusken ús groeit en groeit, it liket oft de muorren, de ruten en de doarren bol steane fan it swijen. Ik wol hjir wei, mar ik ha it gefoel as sit ik oan 'e stoel fêstlime.
No wit ik wêrom't ik net nei hûs ta woe! It wie net allinnich om it ferhaal fan heit dêr't ik bang fan wie, mar ek om mem dy't faak dwers troch my hinne sjocht.
Mei in doekje jout se noch in flinke haal oer it oanrjuchtblêd, dan suchtet se djip en draait har om. Se sjocht
| |
| |
my rjocht oan en seit: 'Heit fûn it knap lullich, sneontejûn. En ik ek.'
Ik slaan de eagen del. Yn ien stap is se by de tafel en giet oan 'e oare kant sitten. Se leit har hannen op mines. Ik byt my op 'e lippen.
'Willem?' freget se sêft. 'Wêrom bist net kaam?'
Se aait mei de tomme oer myn hân.
'Ik wie it fergetten,' flústerje ik. Stom dat ik net iens lige kin, net by mem. 'Ik hie in ôfspraakje.'
'Dan noch, Willem.'
'Ik wit it. It wie stom en hufterich en...'
'Lit mar, Willem. Ik bin bliid datst hjoed wol kaam bist.' Se giet rjochtoerein sitten en freget: 'Hoe hyt se? Of is it in hy?'
'It is in sy. Se hyt Marij.'
'Ja...'
'Se is leaf.'
'Fansels. En wat noch mear?'
'Sy hat my hjir hinne stjoerd. Of nee, dat wie eins Liban.'
'Liban? Wa is dat?'
'Liban is myn freon.' Ik hear sels hoe grutsk dat klinkt. Ik ha in freon en in freondinne!
'Se ha my tegearre op 'e soademiter jûn.' No doar ik mem rjocht oan te sjen.
'Dat klinkt as echte freonskip.'
'Se sitte beide by my yn de klasse. Liban komt út Afrika en hat gjin âlden en suskes mear. Wy kinne goed mei inoar.'
'En Marij?'
Ik sit grif stom te gnizen, want mem begjint súntsjes te laitsjen.
'We ha sneon út te iten west en dêrnei nei de bioskoop. Doe't ik har thús brocht, ha ik ferteld wêr't ik eins wêze soe. Se fûn it stom dat ik net gien wie. En doe't ik Liban en Marij fan 'e moarn it boek sjen liet, fûnen se my noch stommer. Se ha my tegearre op 'e boat bracht.'
| |
| |
'En no bist hjir.'
'Ja. Ik ha mei heit praten.'
'Dêr bin ik bliid om.' Se komt oerein, krûpt my oan en jout my in tút. 'Och Willem, ast ris wist hoe bliid ik dêr om bin.'
Ik lit my tsjin har oanhingje. Even fiel ik my lyts en feilich. 'It spyt my, mem.'
''t Is bêst, jonge, no is it goed.' Noch in tút en dan seit se: 'Kom, ik sil de tafel klearmeitsje. Witte Simen en Lys datst hjir bist?'
Ik skrik. 'Hielendal fergetten!'
'Belje mar even.'
Ik krij Jaike oan 'e tillefoan. 'Bist thús, no? Ik hearde it fan Liban. Hy kaam del om it te sizzen. Wannear komst werom?'
'Hjoed net mear.'
'Ja, dat snap ik ek.'
'Moarn dus.'
'Okee.'
Under it iten fertel ik, fan skoalle, fan Liban, fan Marij, fan alles wat ik betinke kin. En nei it iten, as ik net hoech ôf te waskjen, freegje ik: 'Mei ik heit syn fyts liene? Ik wol graach nei see.'
'Jawis jonge, jawis.' Heit giet my foar nei it hok en pakt syn fyts. Hy wrikt it sadel omheech. 'Is it sa goed?'
'Bêst genôch, heit, it is ommers mar in eintsje.'
'Dat is sa.' Even leit er de hân op myn earm en sjocht nei my. Syn eagen binne wietich. Dan rjochtet er de rêch en knikt, tefreden liket it wol. Dit is myn heit, tink ik, en hy is gjin sloppeling, want hy is net flechte, foar gjinien! Omdat ik net wit wat ik sizze moat, stap ik gau op. 'Oant aanst.'
'It is samar tsjuster, hear.'
'Ik wit it heit. Makket net út, ik wit it paad.'
It liket as kiest de fyts hast automatysk de wei nei see. Achter it doarp lâns, troch de dunen. Underweis kom ik
| |
| |
gjinien tsjin. It kin my ek neat skele, want ik bin net bang mear.
It sjongt my yn 'e holle. Oer in nij begjin mei heit en mem, Jaike en my, oer grutsk op heit omdat er op it eilân bleau en grutsk op mysels omdat ik werom gien bin en no alles wit.
Ik nim my foar om Marij jûn op te beljen sadat ik fertelle kin dat heit en ik meiïnoar praat ha, dat ik neat ferkeard dien ha doe't ik lyts wie en heit ek net.
Unskuldich, ûnskuldich, ûnskuldich traapje ik yn in hieltyd flugger ritme.
As ik dizze simmer ris in baantsje nim op it eilân? Tegearre mei Marij, dat soe fantastysk wêze! Liban kin ek meikomme, dan lit ik him it eilân sjen en stel him foar oan heit en mem. Mei syn trijen kinne we te fytsen troch de bosk en nei it strân en...
Dan bin ik by it hege dún.
Yn gedachten nim ik de kamera, net om in treurich, benauwend filmke te meitsjen út it ferline, mar in film yn it hjir en it no.
Achter it lêste dún smyt er de fyts yn 'e boskjes. Mei grutte stappen draaft er yn it mulle sân omheech. As er boppe is, bliuwt er stean, de earmen wiid, de eagen ticht en de mûle iepen. En hy raast, hy raast en hy raast sa lûd as er kin. De kamera lûkt him werom, it figuerke op it dún wurdt lytser, see en loft rinne yninoar oer. It ljocht lost stadich de kleuren op en de muzyk stjert wei. Ien stipke bliuwt oer.
|
|