| |
| |
| |
9
Gakkende guozzen fleane oer. Yn v-foarmige formaasjes lûke se nei it suden ta. Sil it dan dochs noch begjinne te friezen? Liban hopet fan al, want hy wol graach reedriden leare. 'Hoe begjinst dêrmei?' freget er.
'Krekt as elkenien begjint, achter in stoel.'
'Mar dêr bin ik te grut foar!'
Dochs stiet er in wike letter yn it doarp op 'e iisbaan, by Jannemans boskje. Hy hat houtsjes fan Lys oan en laket breed.
'Geweldich, rinne op it wetter!' Foarsichtich besiket er foarút te kommen, mar al gau giet er ûnderút. 'Au!'
'Sjoch, dêr yn 'e midden steane in pear âlde keukenstuollen, dêr is it oefenterrein.'
'Dêr ride allinne lytse bern!' protesteart Liban.
'Omdat se it leare wolle.'
We skowe nei it midden ta en ik doch Liban foar hoe't it moat. 'Koarte slaggen meitsje, ast aanst de gong te pakken hast, wurde se fansels langer.'
Ik lit Liban allinne mei syn stoel en ryd in pear rûntsjes. It giet earst noch wat stiif, mar al gau krij ik de slach te pakken. It is gesellich drok op 'e iisbaan, mei muzyk en in diske dêrst fan alles krije kinst.
Jaike en Brenda binne der mei freondinnen en ik sjoch aardich wat klasgenoaten dy't yn 'e stêd wenje.
'Hee Willem, rydsto ek?' Marij remmet ôf.
'Dat sjochst. Mar wat dochsta op ús iisbaan?'
'Uzes is lek en ik hie heard dat it hjir altyd hiel gesel- | |
| |
lich is. Kom op, wa't it earst oan 'e oare kant is!'
Se sjit fuort. Gau ryd ik achter har oan. In moaie slach hat se, soe se traine? Ik kin har goed folgje en yn itselde ritme ride wy de bocht yn. Laitsjend sjocht se om. 'Kinst net hurder?'
'Wêrom soe ik?' Ik doch oft ik hiel relaxed bin, mar op 'e lêste meters sprint ik har foarby.
'Gemienerd!'
We glydzje tegearre út. Se sjocht der goed út, mei reade wangen en in tikje make-up om 'e eagen dy't blier de wrâld ynsjogge. In moaie Marij, realisearje ik my, ik soe wolris in jûntsje mei har út wolle. Fansels soe ik har bêst freegje kinne. Mar as se wegert?
Se sil my net foar gek sette, sa as Angelique en op Texel wie se hiel leaf foar my, dat wit ik noch.
'Wat stiest my no oan te gapjen?' freget se, 'ik wurd der ferlegen fan.' Sa sjocht se der absolút net út!
'Hast nocht om...,' begjin ik. Dan sjoch ik hoe't Liban achter syn stoel nei ús ta knoffeljen komt.
'Nocht om wat?'
'In bak waarme sûkelademolke te drinken? Mei Liban en my.'
'Liban?'
Ik wiis.
'Moat ik dit no moai fine?' ropt Liban. 'De skonken binne like stiif as dizze stoelpoaten en noch folle kâlder. Ik hâld op.'
'We sille wat drinke, dêr waarmest wer fan op.'
Mei Liban tusken ús yn gean we nei it diske dêr't de frou fan Janneman út in ûnbidich grutte panne selsmakke poeiermolke skept. Gelokkich is it yn it tintsje drok, sadat ik ûnopfallend ticht tsjin Marij oan stean kin. Se laket my ta. Jezus, dy mûle, dy wangen!
As Liban de molke op hat, seit er: 'Ik gean nei hûs ta, ik fyn it sa wol bêst, ride jim mar fierder.' Hy knypeaget nei my.
'Nim de redens mar mei, dan kinst moarn wer oefen je,' sis ik.
| |
| |
'Okee. Oant moarn.'
We sjogge Liban nei. 'Sille wy?' freegje ik.
'Noch ien rûntsje dan. Ik wurd kâld.'
'Ik sjoch it, dyn wangen wurde blau. Meist wol mei nei ús hûs ta om op te waarmjen.'
Al hoopje ik dat Brenda der net is, want dan silst wat hearre!
'Nee, dêrnei gean ik nei hûs ta. Us mem hat leaver net dat ik troch it tsjuster fyts.'
'Ik wol dy wol bringe.'
'Hoecht net.' Se stroffelt yn in skuor en ik kin har krekt opfange. Ik hâld har hân beet: 'Kom op, it lêste rûntsje.'
'Hee Jai.' Se sjocht net op, bestudearret oandachtich de dûnspaskes fan har favorite groep yn de fideoclip.
'Wolst wat foar my dwaan?'
'Wat?'
'Ast oare wike nei hûs ta giest, wolst dan myn fotoboek meinimme?'
'Wêrom moatst dat ha? Kinst it sels net ophelje, dan sjogge heit en mem dy ek nochris. Do hast dochs ek foarjiersfakânsje?'
'Ik ha it drok mei skoalle en ik kin in pear dagen wurkje.'
'Komt dat goed út!' Jaike dy't sarkastysk docht.
'Asjeblyft?'
'Okee, it komt ynoarder.' En wylst har eagen it skerm net loslitte, hâldt se de holle justjes myn kant út en seit:
'Bist in stomme sek, Willem Jagersma!'
'Ik wit it, tankewol, suske.'
Foarjierfakânsje. Even ferlost fan skoalle. Ik bin bliid dat ik de measten in wike net sjen sil, hoewol't ik in inkeling wol mis, fansels. As de belle giet bin ik allinne thús. Jaike is by heit en mem, Simen en Lys wurkje en Brenda sil wol by in freondinne sitte. Dus draaf ik de trep ôf, want as it Marij ris is? Se die de lêste dagen op skoalle hartstikke
| |
| |
aardich tsjin my.
Gau doch ik de doar iepen. It is mem.
'Hè,' sis ik ûnbeleefd. Ik skrik der sels fan en lit har der yn. 'Is der wat mei Jaike? Dy is dochs by jim?'
'Goeie Willem,' seit mem kalm. 'Mei Jaike is alles bêst en mei heit ek.'
Ik fiel hoe't ik read oanrin omdat ik dat net frege ha.
Mem rint foar my út de keamer yn.
'Kofje?' freegje ik.
'Hast dat?'
'Nee, ik set it wol even.'
'Lit mar Willem, want foardatst wer útnaaist nei de keuken, nei dyn keamer of nei bûten ta wol ik mei dy prate. Kom, gean sitten.'
Ik kin gjin kant út, want mem hâldt myn hân beet. Se lûkt my op 'e bank en ik fiel hoe't ik noch waarmer wurd. Wat is der te rêden?
'Jaike frege nei it fotoboek fan dy en se fertelde dat jim it no en dan ha oer froeger.'
Famkes! Wêrom kinne se har net stilhâlde?
'Ik ha it derút lûke moatten, mar se siet dermei. Nim it har net kwea ôf, Willem.'
Ik sjoch nei de noazen fan 'e skuon, ik soe se wolris poetse meie.
'Der moatte dingen sein wurde, Willem, we ha lang wachte, miskien te lang.'
'Wêrop?'
'Op in teken fan dy, datst harkje woest, datst prate woest. Datst witte woest wat der froeger bard is.'
Liban syn skuon glimme altyd, dat fynt er in kwestje fan fatsoen.
'Wat witst sels noch, Willem?'
'Neat,' snau ik. It bloed bûnzet troch te krappe ieren en ik skuor de hân los. As ik oerein komme wol, seit mem: 'Kalm mar, Willem. Nim de tiid, ik oerfal dy hjirmei.'
Ik knyp de eagen ticht en besykje ûnder wurden te bringen wat ik my yn 't sin bringe kin. Even is it in swart
| |
| |
gapjend gat, mar ynienen wit ik wer wat.
'Dat de minsken frjemd tsjin ús diene en dat oare bern net mei my boartsje woene. Dat mem lilk wie en dat heit gûlde en dat ik spuide en fuort moast.'
In filmke helpt my fierder.
Oan it skokken fan de skouders is te sjen dat de man gûlt. De frou sit der by en stekt gjin hân nei him út. It iennige dat se docht is prate, prate, prate. Bylden fan hiel tichtby, mei gûlende eagen en in pratende mûle.
Folgjende shot. It jonkje sjocht nei it taferiel om 'e hoeke fan 'e doar. Hy hâldt de iene hân foar de mûle om it spuien te kearen en stoppet de oare hân by de piamabroek yn omdat er pisje moat, mar oan beide einen lit er yn ien kear alles rinne. Koarjend stroffelt er de gong yn en besiket sa gau mooglik op it húske te kommen.
'Sjochst no watst dochst?' systert de frou tsjin de man foardat se achter it jonkje oangiet.
Mem dy't lilk wie op heit. Wêrom? As ik deroan tink, begjint it te tinteljen yn 'e holle en rôlje de bylden en lûden oerinoar hinne. Ik kin se net pakke.
'Ik begryp net wêrom,' flústerje ik. 'Mar ik wit noch wol hoe. Dat it mistich wie, dy deis.'
Swiere doffe muzyk. Shot fan de boat ôf. Stadich lost it eilân op yn 'e mist. Mei beide hannen hâldt it jonkje de reling stiif beet, syn lytse fûsten wyt fan it knipen. Syn mem stiet achter him, mei syn suske op 'e earm. Yn 'e haven is net in soad te belibjen en op 'e boat binne mar in pear minsken.
'Kom,' seit de mem, 'we geane nei binnen ta, dan krije jim wat waarms.'
It jonkje slacht de earms om de reling, mar de mem sleept him mei nei it restaurant, dêr't it waarm en smûk is, dêr't de minsken genietsje fan kofje en gebak.
'Wolst waarme poeiermolke?' freget de mem, 'dêr knapst fan op. Mei in fulde koek der by. Sjochst blau fan
| |
| |
'e kjeld. Doch de jas mar los.'
Se helpt earst it jonkje, dan it famke út 'e jas.
'Datst dat noch witst,' seit mem. Ferskrikt sjoch ik op. Ik miende dat ik it allinnich mar tocht.
'De lêste tiid komt der fan alles boppe driuwen. Lytse stikjes dy't gjin gehiel foarmje. Ik begryp it net,' sis ik foar de safolste kear. 'Ik kin der net fan ite en fan sliepe.' Mem leit de hân op myn earm. Koarte neilen, gjin nagellak, wol fersoarge.
'Dat wie doe ek it probleem. Jim heit sei wolris: ien fikse stoarm en ús Willem waait sa de see yn. Do wiest te lyts om út te lizzen wat him ôfspile mei jim heit, mar do hiest goed yn 'e gaten dat der wat te rêden wie. Do spuidest as in ielreager, do ietst minder as in mûs en do waardst hieltyd faker siik. Wy seagen mar ien oplossing foar dy en dat wie om dy tydlik by Lys en Simen te bringen. Wy fûnen it ferskriklik.'
Ik sjoch it foar my.
Sachtrôze ljocht fan de opkommende wintersinne. Yn syn pyjama komt it jonkje fan 'e trep en freget oan 'e mem: 'Wêr is heit?'
'Nei de hutte.'
'Wêrom? Wannear komt heit werom?'
'Kom, dan krigest in brochje.'
De mem nimt de jonge mei nei de keuken en makket iten klear. Mei lijen slokt er in dobbelstientsje bôle troch.
Dan wit ik alles wer. Dat ik tocht dat heit lilk op my wie omdat ik sa faak spuide of omdat ik soms yn 'e broek pisse; wêrom wenne heit yn 'e hutte midden yn 'e winter? Dat de bern op skoalle my pesten en dat se seine dat heit net wiis wie. Dat ik op in moarn it iten der útjage en dêrnei fan 'e stoel rûgele fan 'e pineholle en dat master my thúsbrocht.
Mem stoppe my op bêd, die de gerdinen ticht. It healtsjuster en de stilte makken de pine draachliker. Dokter kaam en seach my yn 'e eagen en fielde myn búk.
| |
| |
Hy gong mei har nei de oerloop en prate sêft en in hiel skoft oant mem begong te gûlen. Op 't lêst kaam se myn keammerke wer yn en fertelde dat ik útfanhûs soe nei omke Simen en tante Lys. Dat wie gesellich foar Brenda, ik koe dêr yn it doarp nei skoalle ta en soe net mear mislik wêze en net mear spuie. Ik harke nei mem har stim, hoe fleurich as se it fertelde, ik seach hoe 't se senuweftich op 'e neilen biet. Ik woe net fan it eilân ôf, net by de dunen, de see wei.
Ik wie bang om de mûle iepen te dwaan en te sizzen dat ik net woe. Dan soe ik wer spuie, soer en bitter. It hoegde ek net mear, want mem wie oerein kaam en begûn klean út myn kast te heljen.
'Moarn giest fuort,' sei se. 'Mei de earste boat.' Se skrepte yn myn keamer om mei koffers en boartersguod, boeken en myn ezel, ferve, potleaden en stiften. Ik koe it net oansjen en draaide my om, it gesicht nei de muorre, myn bear yn 'e earms. Ik hold de mûle ticht, ek doe't mem nochris op 'e râne fan it bêd sitten gie en sei: 'Mar wat se ek fan dyn heit sizze, it is net wier. Silst dat noait ferjitte?' It gûnze en stoarme my yn 'e holle en ik waard lilk op heit omdat er my yn 'e steek litten hie. En ik waard poer op mem omdat ik fuort moast wylst ik neat dien hie. Reade pylken skeaten my troch de eagen en lûd knallend fjoerwurk ûntplofte yn 'e holle, sadat ik it útraasde fan de pine en de holle waard in kop dy't tsjin de muorre sloech, hieltyd wer, hieltyd wer oant it bloed my yn 'e eagen rûn.
Mem kaam der oan draven: 'Hâld op, hâld op!' Se hold myn holle beet en ik die de hannen foar de eagen.
'No stil lizzen bliuwe,' sei se. 'Hiel stil, dan helje ik wat fan dokter.'
Mei de earm foar it gesicht lei ik ûnbeweechlik, besocht net te tinken oan heit of oan mem of oan pine of oan skoalbern oant mem werom kaam. Se strûpte de piamabroek nei ûnderen en stoppe my wat yn 'e kont.
'Sa, in setpil,' sei se, 'no sil it aanst wol better gean.'
| |
| |
De oare deis brocht se my nei Simen en Lys en pas nei de simmerfakânsje mocht ik weromkomme.
Ik suchtsje en skrik op fan 'e stilte. Mem hâldt my yn 'e gaten as bin ik in aai dat op útkommen stiet. Freegje, ik sil freegje moatte.
'Wêrom ferhuzen jim net mei?' As se wiis mei my wiene, wie dat dochs normaal?
'Jim heit wie swier oerspand, koe de skoalle hielendal net mear oan. En al spilen de swierrichheden har op it eilân ôf, as er fuortgien wie, hiest him it hert út it liif snien. Hy kin net sûnder it eilân en de see, de dunen en de fûgels.'
Ik knik, want ik wit hoe't it fielde doe't ik op Texel oan it strân rûn. As kaam ik thús.
Dan rop ik mysels ta: der is gjinien dy't dy tsjinhâldt om wer nei it eilân ta te gean, dat dochst sels!
'Dêrom luts er him werom yn 'e hutte, want hy koe dyn fertriet en ellinde net oansjen. Ik tocht dat jim heit gek wurde soe fan skuld en skamte, fan ûnmacht en pine, ek al koe er der neat oan dwaan. Gelokkich hiene wy in skat fan in húsdokter dy't him hiel goed opfange koe. Hy advisearre om dy in skoftsje by Lys en Simen te bringen, sadatst ta rêst komme soest.'
Stilte.
Sacht seit se: 'Ik woe graach by dy bliuwe, mar ik wie bang dat jim heit himsels wat oandwaan soe. Do waardst wer dysels by Lys en Simen en doe't de simmer foarby wie, koest weromkomme. Heit knapte stadichoan op en krige oar wurk, do koest nei dyn âlde skoalle.'
Ik wit noch hoe't alles feroare wie: heit joech gjin les mear, mar wurke by Steatsbos en ik wie altyd allinnich. Gerlof, myn maat fan de basisskoalle, liet my links lizze en ik stie der op skoalle meast bûten. De bern klierden my net, mar ik hearde der gewoan net mear by. Meastal gie ik nei skoaltiid ek nei de hutte. Net nei heit, mar nei syn baas, Renkema, dy't sa moai fertelle koe oer it eilân en de see.
| |
| |
Mem hellet de noas op: se gûlt. Mem gûlt noait! Wat moat ik dwaan? Wetter helje? Dat dogge se yn films ek altyd.
Ik rin nei de keuken om in glês wetter. Unhandich jou ik it har. Helje noch in doaze tissues.
Hastich slacht se it wetter achteroer en dan begjint se wakker de noas te snuten en har eagen te droegjen.
'Sorry,' seit se, 'we sitte der al sa lang mei. We woene der noait oer begjinne omdat it sa goed mei dy like te gean.'
We suchtsje tagelyk djip en sjogge inoar oan.
'En no?' freegje ik.
'Tsja, it is dyn kar. Wy hoopje datst wer ris thús komst. Miskien dat dit in goede oanlieding is.'
Se jout my in slúf.
'Wat sit der yn?'
'Sjoch mar.'
Hastich ferskuor ik it papier. It is in kaart, mei foarop in foto fan in each. In berne-each.
'Wat is dit?'
'Lês dan.'
Ik slaan de kaart iepen en lit de eagen gau oer de tekst gean. Der komt in boek fan heit út, in fotoboek. 'Gaaf mem!'
'Heit wol graach datst by de presintaasje bist.'
'Wier?'
'Och, myn leave jonge,' mem giet stean en komt nei my ta. Se streaket my oer de rêch. 'Der sil noait in dei wêze dat er net oan dy tinkt.'
Ik suchtsje djip. Heftich is dit. Dan fernim ik dat ik net mislik bin.
'Ik ha sin oan wat,' sis ik.
'Prachtich,' seit mem. Se giet op 'e teannen stean en se jout my in tút op it wang. 'Dan sette wy no kofje, dêr binne wy wol oan ta.'
As mem fuort is, gean ik nei myn keamer en slaan it fotoalbum iepen dat se ek meinommen hat. Heit. Dat is
| |
| |
heit. Sa sil ik der oer tsien, fyftjin jier út sjen as ik dan in burd ha soe. Hy sjocht heal yn 'e kamera, mar eins hat er mear each foar mem. Wat is se moai en jong. Se hat in hiel wide jurk oan en se hat in grou liif. Se laket nei heit. Ik krij der pikefel fan, want it lok slacht der ôf. Ik hoech my noait mear ôf te freegjen oft ik winske wie, want as ik de siden omslaan, fertelle alle foto's my it selde. Oeral steane heit en mem lokkich op, mei in lyts protsje mins. Dat moat ik west ha. Fintsje yn 't bad, oan it boarst, sliepend yn 'e bernewein, gûlend yn it loophek, by heit foarop de fyts, yn 'e buggy, by beppe of by in jonge Lys op 'e skoat en bûten yn 'e sânbak. Moaie plaatsjes, mar it kin elk lyts bern wêze.
Hjir bin ik wat âlder. In skoalfoto. Ik laitsje nei de fotograaf. It hier netsjes kjimd, in fleurich bloeske oan. Op 'e oare side in klassefoto.
It wie in moaie hjerstdei doe't dizze foto makke waard. Ik sjoch it oan 'e beamen ik wit it noch. Neidat wy ien foar ien by de fotograaf west hienen, moasten wy nei bûten ta. Richard en Roelof en Gerlof sieten daliks boppe yn it klimrek en it koste juf Karin in protte gedonder om it hiele stel kreas op te stellen. Juf stie nêst it klimrek achter de groep by de grutste bern. Ik stean ergens yn 'e midden.
It gefaar kaam fan achteren. Dêr stie Roelof dy't my gemien op 'e hakken trape, krekt doe't de fotograaf knipte. De twadde kear kniep er my yn 'e kont, sadat ik de loft ynsprong: wer in foto bedoarn. Ik naam my foar rjocht foar my út te sjen, wat der ek gebeurde, want dat Roelof wer in streek mei my úthelje soe, wie wis. Sjochst allinne in tûfke hier fan my om't er my yn 'e knibbelholten skopte, sadat ik hast foel.
By de folgjende foto moat ik my ynhâlde om it boek net yn stikken te skuorren. Gerlof en ik. Mei de earms ominoar hinne sjogge wy blier de kamera yn. Wy laitsje beide de fytserekjes bleat. Wy wiene buorjonkjes en freonen, fan de tiid ôf dat wy rinne koene oant altyd, altyd ta.
| |
| |
Wy swarden der op, net mei bloed, mar wy pissen yn itselde kûltsje en bedobben dat. En krekt as yn 'e spannende boeken dy't wy liezen, seine wy plechtich: 'Ik swar dat ik myn hiele libben dyn bêste maat bliuw.'
Juf sette ús byinoar wei omdat wy te folle praten, mar as it even koe, sochten wy inoar wer op. Ik wit net wannear't it feroare, ik tink yn groep fjouwer. Ynienen wie Gerlof faak net thús as ik him ophelle. Syn mem sei: 'Spitich jong, hy is al fuort mei Richard of Roelof of Sipke.' As ik pech hie, kaam Jehannes, de grutte broer fan Gerlof, dy't by heit op 'e mavo siet by de doar: 'Tinkst dat Gerlof mei dy boartsje wol? Sa'n jonkje fan in mislearre mavolearaar! Kees Kultsje!' Hurde eagen hie er en ik wie der bang fan. Ik begriep net wêrom't er dat sei. Ik hie dochs neat dien? En wat hie heit der mei te meitsjen? Ik besocht op skoalle ôfspraken mei Gerlof te meitsjen, mar dy betocht alle kearen wat oars. Doe kaam de dei dat it syn jierdei wie, op in woansdei. Yn 'e klasse praten se oer it feest. Ik wie net frege, mar dat hie ik net tsjin ús heit en mem sein. Nei it middeisiten pakte ik de fyts en sei dat ik nei Gerlof syn feestje gie. Mem wie bliid en woe bôle foar my ynpakke. 'Hoecht net,' sei ik, 'wy ite jûn patat.' Dat die ik ek, fan it bûsjild dat ik útsparre omdat ik gjin kadootsje hoegde te keapjen. De hiele middei seach ik út de fierte wat de jonges op it strân diene: fuotbalje, yn see boartsje, wedstriid kastiel bouwe, alles wat wy by de measte jierdeis dienen as it moai waar wie. Tsjin iterstiid fytste ik nei in oare strânopgong en kocht dêr patat en letter in ijsko. Thús fertelde ik oer it machtich moaie feest en dat ik earder nei hûs ta gie omdat ik te folle iten hie. Ik draafde nei it húske en jage de hiele boel der út. En ik wist dat de freonskip mei Gerlof foarby wie.
Ik blêdzje werom. Och, hjir sit ik by mem op 'e skoat. Mei de tomme yn 'e mûle hingje ik tsjin har oan. Wurch grif. Ik wit noch dat mem op 'e râne fan it bêd ferskes en ferhaaltsjes fertelde foar 't ik sliepe moast. As se fuortgie,
| |
| |
streake se my oer it hier. Se kroep my oan en joech my alle soarten fan tuten: flintertútsjes oer myn hiele gesicht, dy't my amper rekken, klaptuten - leafst op it ear -, zbrtuten - mei de lippen wiet en en los b-b-b-b tsjin it wang of noch ysliker yn 'e hals -, wiete lebbertuten of lange streeksliktuten oer it wang of op 'e noas.
Fan de folgjende foto skrik ik. Ik bin in jier as trije en sit op heit syn skouders. We sjogge út oer it strân, de see achter ús. Mem hat der nêst skreaun 'Willem op heite sterke skouders'.
Mei in klap slaan ik it album ticht, ik wol neat mear sjen en neat mear fiele.
Ik set de computer oan en sykje it meast agressive sjitspul dat ik fine kin, al wit ik dat ik de lêste foto net ferjitte sil. 'Op heite sterke skouders'.
Ik jei op de fijân, ik sjit en sjit en sjit en de skoare spat omheech.
|
|