| |
| |
| |
8
Sytske hat my in hân jûn en in stoel wiisd oan 'e tafel. Ik sjoch om my hinne. Har wurkkeamer is krekt sa'n kâlde, saaklike romte as de oare kantoaren fan skoalle, mar se hat har bêst dien der wat gesellichs fan te meitsjen mei posters oan 'e muorre, hjir en dêr in plant en húslike gerdyntsjes foar de ruten.
'Dus dêr wiest al, Willem,' seit se. Se is jonger as mem en lytser en se hat har net opmakke. Ljochtbrún hier yn in sturt.
Ik knik en fiel my oplitten. Dan tink ik oan Liban. It helpt, wier, hat er krekt noch sein.
'Ik hjit dus Sytske Galama en ik bin maatskiplik wurkster. Witst wat in maatskiplik wurker sa al docht, Willem?'
'In bytsje.' Ik hoastje de kikker út de kiel wei. 'Ik ha wat fan Liban heard.'
'Moai. Foardat wy begjinne te praten oer fan alles en noch wat, is it miskien goed dat wy inoar in bytsje better kennen leare. Ik fertel wat oer mysels en ik freegje wat oer dy. Simpele dingen sa as dyn namme en wannear ast berne bist. Dat folje ik yn. En in oare kear geane wer wy fierder. Sil ik earst wat oer mysels fertelle?'
'Okee.' Ik fiel my hiel lyts en lullich.
'Hoe't ik hyt en wat ik doch, witst dus al. Op dizze skoalle wurkje ik twa dagen, op moandei en tongersdei en der is noch in skoalle dêr't ik twa dagen bin. Ik praat mei bern dy't problemen ha, soms op skoalle, soms thús. Foar sommige bern is it al genôch om oer de swierrich- | |
| |
heden te praten. Wat hjir besprutsen is, komt de keamer net út of it moat sa wêze dat it bern sels oanjout dat der mei oaren oer praten wurde moat. Mei âlden of de mentor of miskien in learaar dêr't er net mei oerwei kin. Mar dat doch ik noait achter de rêch fan ien om.'
Wylst Sytske praat, sjoch ik nei de knokkels fan myn fingers. Se sjogge der read en rau út. As ik senuweftich bin, begjin ik der op te biten.
It is stil. Hat se wat frege?
'Wolst ek wat fan my witte, Willem?'
Ik skodholje. Wat soe ik freegje moatte: bist troud, hast bern, in freon? Ik wol hjir wei, ik wol gjin 'gefal' wêze.
'Mei ik dy dan in pear dingen freegje?' Se sit mei it papier foar har, pinne klear. 'Wat is dyn folsleine namme?'
'Willem Jacob Jagersma.'
Se giet fierder mei bertedatum en plak. Yn augustus.
Yn it sikehûs. Ik fertel der net by dat mem mei de helikopter oerflein is omdat it net gie sa't it maast. Dat hat Lys oait ferteld.
'En wêr wennest?'
'By ús omke en tante.'
Fansels soe dizze fraach komme, dat hie ik witte kind.
Ik ha it gefoel dat ik it útlizze moat.
'Us heit en mem wenje op in eilân en dêr is gjin havo. Myn suske wennet sûnt augustus ek by ús omke en tante.' Ik kin my better stilhâlde.
Sytske wol de nammen fan Simen en Lys witte, wat se dogge, wêr 't wy wenje mei hoefolle bern. Ik jou antwurd, mar fertel der neat omhinne.
'En jim heit en mem, wat foar wurk dogge dy?'
'Us mem hat in winkeltsje mei keunstprodukten. Se weeft en skildert stoffen en naait dêr klean fan.'
'En jim heit?'
'Wurket by Steatsbosbehear.'
Sytske skriuwt, ik swij. De stilte smoart my hast en ik soe it leafst de keamer útdrave. Of alles fertelle wat ik net
| |
| |
wit. En wylst ik it net wol, begjin ik dochs: 'Ik kom noait mear op it eilân sûnt ik hjir wenje. Doe't ik acht wie, hat ús mem my nei ús omke en tante brocht en dêr moast ik in healjier bliuwe. Der is wat mei ús heit, mar ik wit net wat.'
'Hast noait nei de reden frege?'
Ik skodholje.
'Praatst der mei ien oer?'
'Soms mei myn suske.'
Al wol ik Jaike neat fertelle oer gedachten dêr't ik sels bang fan bin.
'As ik sliep, dan komme dy dreamen wer. Ik begryp it net.'
'Hokker dreamen?'
'Faak wit ik it net. Dan wurd ik benaud en mislik wekker.'
'En oare kearen, ast it wol witst?'
'Dan dream ik oer dat ik lyts wie en noch op it eilân wenne.'
'Wat ferwachtest fan my?'
'Ik wol witte wat der gebeurd is.' Stel dat heit net mei de hannen fan learlingen ôfbliuwe koe, wol ik dat echt witte?
'Der sjit my soms wat yn 't sin, mar it binne losse puzelstikjes en ik wol de hiele puzel sjen. Ik tink dat ik mear wit as ik my yn it sin bringe kin.' Ik gniis even. 'Klinkt stom no?'
'Hielendal net. Do kinst krekt oanjaan wêrom ast hjir komst en watst fan my ferwachtest. Dêr sille wy mei oan 'e slach, mar it kin wol even duorje. It sil in soad tiid en enerzjy freegje, mar as ik dy trochferwiis, komst op in wachtlist en dan duorret it noch langer. We prebearje it earst sa. Ik jou dy soms opdrachten mei dyst sa goed mooglik útfiere moatst.'
Ik knik.
'Sille wy in ôfspraak meitsje foar oer fjirtjin dagen? Miskien kinst dan yn de kommende twa wiken daliks ast
| |
| |
wekker bist dyn dreamen opskriuwe. Ek al binne it mar lytse stikjes dyst noch witst. Gewoan daliks noteare foardat it fuortsakket. Goed?'
'Okee.'
'Dit wie it,' seit se en se jout my in hân. Ferbjustere stean ik twa tellen letter op 'e gong.
Sûnt ik der oer skriuwe moat, wit ik net mear wat ik dream. Soms as ik wekker wurd, ha ik it gefoel dat der wat wie, mar it wol my net yn 't sin komme. It sangert my troch it liif en yn 'e holle. Mar wat? Pas nei in dei as tsien, ik sit oan 'e iterstafel, sjit der wat troch my hinne.
'Even nei boppen ta,' mompelje ik tsjin Lys. Se prottelt wat oer fierste meager en in jonge yn 'e groei. Op myn keamer helje ik pinne en papier út de tas, mar as ik by it buro sit, liket de dream yn ien kear oplost te wêzen. Toch skriuw ik op wat ik wit, ek al is it dizich.
Minsken. In hiel soad minsken. Se dogge oft ik der net bin. Sjogge dwers troch my hinne. Dêr rint heit! Ik draaf nei him ta en lûk him oan 'e mouwe. Hy reageart net. Ik rop: 'Heit, heit!' Wat ik ek doch, wat ik sis of skreau, heit rint fierder: 'Toe dan heit!' Even sjocht er myn kant út. Is it heit wol? Hy hat gjin gesicht.
Apart, om te dreamen oer heit en syn gesicht net te sjen.
Even letter sit ik op 'e fyts nei skoalle, tefreden dat der in begjin swart op wyt stiet.
'Moatst dy better skeare,' seit Lys jûns ûnder iten. 'It ljocht falt krekt op dyn snor.'
'Ha, ha, Willem mei in snor,' stekt Brenda my de gek oan.
'Kring!' Ik besykje my net opnaaie te litten en doch oft ik it o sa drok ha mei de bamy.
'En oan it kin hast ek in pear poddehierren,' giet Lys fierder.
'Poddehierren? Us Willem is gjin podde of in kikkert!'
| |
| |
Jaike moat har der ek mei bemuoie.
'Dy ha gjin hier, suffert!' ropt Brenda.
'Hâld dy de bek!'
'Kin it ek in bytsje minder, jongelju! Poddehier seist by it earste fine hier fan lytse poppen!'
'Ha, ha!'
Ik sis neat.
'En puberjonges ha it ek. It wurdt fansels steviger.'
'Mar ik skear my wol!'
'Net goed en net faak genôch. Sis Simen, kinsto it Willem net leare?'
'Hoecht net,' brom ik. Wat in gedonder om in pear hierren. Ik ha it mier oan dat triljen oan myn gesicht as ik my skear. Boppedat ha ik net iens in nij apparaat krigen, mar in âlden fan pake dy't dea is.
'Net seure. Simen, nei it iten geane jim oan 'e slach.' Simen seit neat en dat hat ek gjin sin, dat witte wy allebeide. Oer de tafel knypeaget er nei my en ik knik werom. Hoopje dat Lys it aanst ferjit. Mar ik ha de lêste hap fla amper trochslokt of se seit: 'Wylst wy de tafel opromje en de ôfwask yn 'e masjine sette, ha jim alle romte yn 'e badkeamer.'
As wy boppe binne, weagje ik: 'Moat dit no?'
'It sjocht der net út, Lys hat gelyk. Helje dyn apparaat mar op.'
Ik gean noch in trep heger, nei myn keamer. Soms skear ik my gau foar't ik nei de kroech gean, al doch ik dat it meast om it lekkere luchtsje dat ik neitiid oer de wangen sprinkelje.
'In poerbêst skearapparaat,' seit Simen even letter. 'Pake hat it noait brûkt. Hy skearde him leaver wiet, mei âlderwetske skearsjippe en in meske. Mar op 't lêst siet de hûd him sa los om it gesicht, dat er ûnder de snijwûnen siet. It bloed rûn er dan oan alle kanten út. Op syn lêste jierdei hat er dit elektrysk apparaat kado krigen. Hy wie der wakker wiis mei, mar fûn it te moai om te brûken foar sa'n âld fel. Syn wurden! De lêste wiken skearde ik
| |
| |
him, op sneintemoarn. Op sneon hie beppe altyd de smoar yn om't pake sa rûch wie.'
Yn 'e spegel laket Simen wat ferlegen nei my. Ik sjoch myn gesicht nêst dat fan him en ynienen bin ik poer. Ik soe hjir mei heit stean moatte! Wêrom is er hjir net, wêrom lit er dit oan in oar oer?
Ik raam de stekker út it stopkontakt en draaf nei boppen ta.
'Hee!' raast Simen my achternei, 'wat is der no?'
Ik sit op 'e râne fan it bêd en ûnferwacht komt de gedachte út 'e loft fallen: heit, ik wol nei heit, mar ik doar net.
Stadichoan krij ik grip op myn dreamen. It slagget my hieltyd better om se te ûnthâlden en op te skriuwen. It helpt my as ik my yntink dat it koarte filmkes binne dy't oer in lyts jonkje geane en net oer my. Sa skriuw ik se op en op sneintemoarn, de deis foardat ik nei Sytske moat, lês ik myn produkten oer.
In sliepend gesicht fan in jonkje. It lûd datst hearst is geknetter fan fjoer. Yn it skimertsjuster sjochst de oranjereade gloede fan flammen dy't oplôgje. It jonkje docht de eagen iepen, sjocht om him hinne en draaft nei it sliepkeamerrút.
Ynienen sit er op in stoel fêstbûn en sjoch ta hoe't bern en grutte ruinsken om de brânende readedendrum dûnsje. Muzyk derûnder dy't opjaget. Hy skuort oan 'e touwen en wipt mei de stoel op en del, hy raast, hy skreaut sadat de minsken him hearre sille.
It fjoer slûpt nei him ta, ynzoome op de flamkes tichtby de stoelpoaten en dan op syn gesicht, dêr't de switdripkes strieltsjes wurde.
De kamera kriget in man yn byld, dy't achter it stek stiet ta te sjen mei de harmen yn 'e bûsen. 'Heit!' raast it jonkje.
De man bliuwt ûnbeweechlik stean.
| |
| |
It lûd fan de brâning. In shot fan it brede strân. De man draaft oer it sachte sân nei it wetter, it jonkje sit heech op syn skouders. Hy hâldt syn heit stiif by it hier beet. De man galoppeart de see yn. Ynzoome en stadige bylden fan opspattend wetter. Hieltyd fierder giet de man; it jonkje gaait it út fan wille. Syn skonken, syn mul, alles wurdt wiet. Dan is de loft net mear blau, mar griis en de see kriget hege, swarte weagen. Wite skomkoppen tûmelje oer de holle fan it jonkje en wanhopich grypt er om him hinne. 'Wêr bisto, heit?' jammert er, 'wêr bisto?'
En de heit is fuort, samar.
It byld fan boppen ôf toant it hiele natoergebiet yn al syn pracht. Mei heech stikelich gers, hjir en dêr heide, in strúk en sompige slinken der tuskentroch. Hearst de fûgels sjongen, roppen, kriten. Stadichoan ynzoome nei de man en it jonkje dy't net fier fan in grutte skuorre ôf binne. De man bestudearret mei in kiker de fûgels dêr't de loft fol mei is.
'Dêr moat in nêst wêze,' seit er tsjin de jonge, 'kom, dan sjogge wy even.' Hy hat in stôk mei om de brutaalste kobben fan him ôf te hâlden. It bern besiket yn de fuotstappen fan de heit te rinnen, sadat er net útglidet yn 'e dridze. As se midden yn de wyldernis binne, wurdt de loft ynienen tsjuster. Fan alle kanten komme se, grutte sulverkobben dy't skreauwe en krite, hieltyd tichterby fleane, dûke en bite. De man swaait mei de stôk en ropt nei de jonge dat er itselde dwaan moat. Dy hat gjin stôk, hy hat neat om de fûgels op ôfstân te hâlden.
'Fang!' ropt de man en hy smyt de jonge syn stôk ta, wylst er sels mei de earms om him hinne meant. De kobben komme noch tichter op it bern ta, close-up fan har fûle eagen en de wjokken dy't him hast reitsje.
'Hâld op, gean hjir wei!' raast er en hy slacht wyld om him hinne. De fûgels jouwe der neat om.
'Heit, help my!'
Like ûnferwacht as se kaam binne, fleane de miuwen fuort. Mei de hiele groep sitte se te pikken yn in bult fleis;
| |
| |
fleis sûnder eagen, mei in ljocht tûfke hier en in kiker om 'e nekke. De linzen fan de kiker flikkerje yn 'e sinne.
Nei de lêste dream hearde ik de hiele dei dy rotfûgels skatterjen. En alle kearen, alle kearen lit heit my yn 'e steek, lit er my barste. As ik alles oerlês, wurd ik sa ôfgryslike lilk dat ik nocht ha om de hiele rotsoai yninoar te slaan. Ik moat nei bûten ta, út dizze benearjende keamer wei. Ik dinderje de trep ôf, raam myn jas fan de kapstok, hear noch hoe't Simen my wat neiropt mar ik reagearje net, pak de fyts út it hok en jakkerje fuort. Ik fyts en fyts, oft demoanen achter my oan sitte, tusken de greiden troch, hieltyd fierder nei it noarden ta, nei it Waad. Der stiet in straffe wyn, it reint in bytsje en it is kâld, mar it kin my neat skele. Uteinlik belânje ik dêr't ik wêze wol, by de seedyk. Ik lit myn fyts falle, doch it skeane stekje iepen en draaf de dyk op. Foar my leit bûtendyks lân en noch folle fierder fuort glinstert de Waadsee. Dêr, dêr ergens moat er wêze.
Mei de hannen foarmje ik in toeter foar de mûle en rop: 'Heit! Heit!' It lûd waait fuort, noch hast foardat it ta de mûle út is en noch lûder raas ik: 'Heit, heit, wêrom litst neat fan dy hearre? Heit, heit!' Ik raas en brul en skreau, ik rop dat ik heit haatsje en ik skel him út foar alles wat ik betinke kin, krekt salang oant ik hielendal leech bin. Dan lit ik my plat op 'e kâlde, wiete seedyk falle en snúf de rook fan gers en ierde op. Wêrom lit er neat fan him hearre?
'Ik tink dat ik him haatsje.'
As ik de wurden útsprutsen ha, skrik ik dat ik it tsjin in oar sein ha. Sytske swijt. It is stil yn it keammerke. Dêrbûten hear ik de lûden fan de skoalle. In pear famkes komme gibeljend foarby, in strieljager fljocht oer, in frachtauto lûkt op.
Se hat earst myn dreamen lêzen. It is de tredde kear dat ik hjir bin. Fjirtjin dagen lyn hie ik hast neat opskreaun en praten wy oer thús, oer it eilân en de
| |
| |
skoalle, hiel noflik, oft der gjin problemen wiene.
'Wêrom tinkst datst jim heit hatest?'
'Hy hat myn libben ferpest.'
Ik soe it daliks wer ynslokke wolle. Is dat net wat oerdreaun? Ik bin ommers pas sechtjin, dus sa'n ein libben is it noch net. Nukt neat, trochprate.
'Wêrom soe ik oars sa dreame? Hy hat my yn 'e steek litten.'
'Is dat sa?'
Ik besykje oan myn bernetiid werom te tinken, mar wit neat mear.
Dan hear ik yn gedachten Jaike har stim: 'Do hast noait tiid foar heit en mem.'
Ik hap nei lucht en sit op 'e stoel te triljen. Is alles oars as ik oant no ta oannaam ha?
'Se ha my fuortstjoerd.' Ik sis it mear tsjin mysels as tsjin har.
'Witst wêrom't jim heit en mem dy by jim omke en tante brochten?'
'Ik wie siik en ús heit ek. Yn myn dreamen sjoch ik syn gesicht noait. Hoe kin ik dat no fetjitte?'
'Hast foto's?'
Ik knik. Thús op it eilân ha wy albums fol. Heit is altyd mei syn fototastel dwaande. Achter syn wurkkeamer hat er in doka, dêr't er prachtige swart-wyt foto's sels ûntwikkelt.
'Dan ha ik in opdracht foar de oare kear. Sykje in foto op dyst moai fynst of dêrst noch wat fan witst en fertel my der oer. Goed?'
Ik knik wer.
'Skriuw mar op yn dyn aginda, dan fetjitst it net. Mei fjirtjin dagen, selde tiid?'
'Right.'
|
|