| |
| |
| |
7
It is al middei sjoch ik as ik ûnder kom. Der leit in briefke op 'e tafel, dat Simen en Lys it doarp yn binne. Dat komt goed út. Ik yt wat bôle, hoewol't it my net smakket en drink in bakje kofje om wekker te wurden. Twa paracetamoltsjes der achteroan foar de seare harsens. Ik sjoch efkes nei de tillevyzje. Wêrom moatte se altyd skânsspringe op Nijjiersdei?
As ik tsjin trijen ûnder de dûs wei kom en de donkerste wolken út 'e holle weilutsen binne, hear ik de keamerdoar gean.
'Joehoe, wy binne der wer!' âlet Lys.
Ik gean nei ûnderen om har it bêste ta te winskjen. Fan Lys krij ik in tút en fan Simen in freonskiplike mep. 'Hast it gesellich hân, justerjûn?' freget Lys.
'Bêst genôch. Jim ek?'
'Dat foel net ôf. Wy ha de Hoogenhuizen even goed ynmakke mei kaarten!' Simen sjocht der tefreden út. 'Wy wiene om in oere as twa thús. En do? Ik ha neat heard.'
'Dan hiest him seker aardich om! Oars hearst altyd alles.' It sjit der samar út, mar Simen hat in fleurich sin en docht oft it gewoan is.
'Wie ik dronken, Lys? Nee hear, mar wy ha al in pear flessen sjampanje soldaat makke.'
'Wolst noch in oaljekoek?' freget Lys. Se hâldt my in skaal foar.
'Nee danke, ik ha justerjûn genôch han.'
'Hast de hiele jûn yn 'e Keet sitten?'
| |
| |
'Ja, dat wie fet gesellich.'
'En wiesto ek by de ploech dy't al dy konteners by Janneman yn 'e tún lege hat?'
'Hè, konteners yn 'e tún?' It slagget my om in dom gesicht te setten. Teminsten, dat hoopje ik. 'Wat is der dan gebeurd?'
'Moatte wy leauwe datsto dêr net oan meidien hast, wylsto de hiele jûn de hort op wiest?'
'Dat net allinne, mar dat it jiskefetten wiene. Do moatst der mear fan witte.' Lys sjocht my ûndersykjend oan en ik hoopje dat ik net read wurd.
'Wat ha ik mei jiskefetten?'
'Witst dat net mear?'
'Hâld op, Lys. Makkest dy jonge allinnich mar yn 'e war.'
No wurd ik benijd. 'Fertel mar!'
Lys en Simen sjogge inoar even oan en dan begjint Lys: 'Doe'st lyts wiest, diene de opslûpen jonges itselde by jim. De hiele tún lei fol rotsoai en de jiskefetten stiene oant de achterdoar ta. Jim heit moast ta de foardoar út om te sjen wat der te rêden wie.'
De strôt knypt my ticht. Ik tink oan fannacht, hoe't ik ynienen al dy konteners foar my seach: netsjes yn 'e rige, as soldaten op oefening. In stream soer gjalpt my yn 'e kiel.
'Sjoch no Lys, dy jonge is der oerstjoer fan. Moatst even sitte?'
'Witst it noch?' freget Lys. Ik knik en sjoch it foar my.
De klok stiet op fiif foar tolven en tikket. It is it iennige lûd. De heit rint nei boppen, makket it jonkje wekker en hellet him fan it bêd. Op 'e earm nimt er him mei nei ûnderen ta. Gebimbam fan bûten. De âlden falle inoar om 'e hals, krûpe it jonkje oan. Achter it rút wei bewûnderje se it fjoerwurk dat bûten ôfstutsen wurdt. Se sjogge hoe't oaren inoar harmen en tuten jouwe en inoar in goed nijjier tawinskje. Der komt gjinien nei it hûs fan it jonkje en de
| |
| |
âlden geane ek net nei bûten ta. Gjin muzyk der ûnder.
It folgjende shot. De mem stiet foar it rút te razen: 'Kees, Kees, moatst noris sjen!'
It jonkje is der earder by en sjocht bulten troep yn 'e tún. De heit wol ta de achterdoar nei bûten ta, mar wurdt ergens troch opkeard. It binne rigen jiskefetten.
De mem gûlt, de heit flokt.
'Belje de plysje, Kees,' seit de mem.
De man swijt.
It bern sjocht ta.
'Dêr wist ik neat mear fan. Ik ha der justerjûn net by west.' Ik liich mar in bytsje, want ik ha der foar it grutste part net by west. Lys knikt, se akseptearret myn ferhaal. Dit gedraai giet my ferrekte maklik ôf.
Wylst Simen ús mem, Jaike en Brenda fan 'e boat hellet, tink ik oer myn sitewaasje nei, wêrom't ik sa lilk bin op heit. Sûnt Jaike by ús wennet, ha ik dat al hiel wat kearen in bytsje dien, mar no twing ik mysels fragen te stellen. Wêrom kin ik my allinnich de boattocht yn it sin bringe, der moat dochs mear wêze, dingen dy't ik fergetten bin? Stjoerst in bern fan acht jier net samar in healjier fuort. It is ek apart dat ik hast neat mear fan myn bernetiid wit. Ik sil it ien freegje moatte en it leit foar de hân dat dat mem wêze moat. Sil ik it aanst doarre? As ik der oan tink, wurd ik al beroerd. Ik nim my foar om earst mar ris normaal te dwaan as se hjir is. Dus gewoan yn 'e keamer sitten bliuwe, gewoan lústerje en gewoan meiprate.
'Bist al wer langer wurden,' seit mem as se der yn komt.
'Tsja.' Ik wit net wat ik sizze moat.
'Hoe is it mei Kees?' freget Lys.
'It gewoane desimberdipke,' antwurdet mem. 'Hy slút him op mei syn foto's en wurket it argyf fan it ôfrûne jier by.'
Foto's! Seach ik heit oait sûnder fototastel?
| |
| |
Wat is it stil, sjogge se allegear nei my? Ik fiel dat ik read oanrin.
'It wie fet gaaf,' begjint Brenda drok te praten. 'Wy ha in prachtich fjoerwurk hân. No Jaike? En wy ha nei de disko west, we ha troch de dunen fytst en...'
'Wolle jim kofje?' ûnderbrekt Lys har, 'en fris?'
'Ik help wol even,' sis ik en sjit de keuken yn. Ik wol ûnder bliuwe, ik wol gewoan meidwaan mar ik wit net hoe't dat moat.
'Ik ha it har frege,' seit Jaike as se jûns op myn keamer komt.
'Wat?'
'Wêrom asto nei Simen en Lys gien bist.'
'En?'
'Wiest siik.'
'Dan hie ik dochs thúsbliuwe kinnen?'
'Heit wie ek siik. Hiel slim. En hy hie in protte problemen.'
Ik tink oan Pity har mem. Geastlik net sa sterk, sei se dochs? Wat dat dan ek betsjutte mei.
'Wêrom binne se dêr dan bleaun? De wrâld is grutter as it eilân!'
'Syn wrâld net, syn wrâld is it eilân!'
'Hmm.' Lilk lûk ik oan 'e skouders.
'Sjoch net sa somber en stel dy net oan. Gean sels nei heit en mem ta en freegje it oan harren. Moatst der net altyd foar weirinne.'
Mei fûle eagen sjocht se my oan. Wylst se nei de doar ta rint, seit se: 'Sjitst der neat mei op ast sa dochst. Stelst dy oan as in lyts bern.'
Dat kin ik opfrette.
Mar hoe't ik ek tink en prakkesearje, ik wit net hoe't ik it oanpakke moat. Alle fragen dy't ik ha, klûnterje as in ôfgryslik grutte kleaune spagetty byinoar dêr't ik hast yn stik.
Ik doch it rút iepen om frisse lucht te krijen. Wie der mar ien dy't my helpe koe.
| |
| |
Moandeitemoarns, as ik by de skoalyngong stean te roken, fiel ik my better nei in wykein nutteloas geprakkesear. Sa meiïnoar wat paffe en ouwehoere sûnder op te fallen.
Liban is stil. Ik freegje him nei syn aventoeren yn de krystfakânsje. Hy lûkt oan 'e skouders, seit fierder neat, mar sjocht broeiïerich út de eagen. It is oft wy op 'e nij begjinne moatte mei freonskip te sluten. Lit dan mar sitte.
Wy begjinne mei biology. Wat wurkje yn groepkes, wat kletse en ynformaasje opsykje op ynternet. En fansels chatte as Van der Werff net yn 'e buert is.
By Ingelsk slacht de sfear daliks om. Komt it om't Dekkers sa ûngeduerich op 'e gong hinne en wer rint as wy der oan dangeljen komme? Of om't de froulju om Angelique hinne drok flústerjend it lokaal yn geane? Har leafde foar him skynt oer te wêzen en dan feroaret se fuort yn in sissende slang, dêr wit ik alles fan.
'De bêste winsken, menear,' rop ik. Ik kin net oer sa'n sfear.
'Slijmbal,' hear ik achter my. Wêrom doch ik soks?
'Tankewol, tankewol.' Dekkers strykt mei de hân oer it hier. Hy liket yn neat mear op de flotte fint dy't oan it begjin fan it skoaljier mei nei Texel wie.
'Wolle de dames en hearen dy't foar de fakânsje har wurkstik net ynlevere ha, dat no dwaan?'
Syn eagen sjitte alle kanten út, behalve nei Angelique.
'Dat moast dochs al foar de fakânsje?' protesteart Erwin. 'Krije wy der dan in punt by?'
'Ik ha sein dat it hjoed de lêste gelegenheid wie.' Dekkers syn stim trillet in bytsje. 'Wa't it no net ynlevert, kriget in ien.'
'Dat hast der net by sein!' ropt Angelique.
'Dat is logysk.'
'Logysk, logysk,' prottelt Angelique. 'De kat syn kut is logysk.'
'Sok praat wol ik net hearre. Hasto dyn ferslach ynlevere?'
| |
| |
'Nee, fansels net. We hiene fakânsje, witst!'
'Wêrsto it drok mei hast, kin ik net mei sitte, Angelique. De ôfspraak wie dúdlik.'
'Asto my in ien joust, stap ik daliks nei de direkteur ta en dan sis ik datst net mei de hannen fan my ôf bliuwe koest as ik op dyn berntsjes paste. Datst altyd daliks ree wiest om my thús te bringen as der wat tsjinoer stie. Tútsje, frimelje, fingerje...'
'Wêr hast it oer?' Dekkers is yn ien kear sa wyt as sûpe.
'Dat bist no grif allegear fergetten!' Se docht skitterjend oft se gût, reaget har boek en map byinoar, troppet alles yn 'e tas en fljocht it lokaal út.
It hert bûnzet my yn 'e earen.
It is yn ien kear stil yn 'e klasse en alle eagen sjogge nei Dekkers. Dy lit him stadich op syn stoel sakje. De stilte duorret en duorret. Dan begjinne in pear famkes meiïnoar te flústerjen. Dekkers sit noch ûnbeweechlik. Ien fan de jonges seit, net te sacht: 'Dit is in bedriging.' In oar gniist: 'Dekkers as bernelokker.'
'Hâld dy de bek!'
Dekkers sjocht der út oft er der elk momint hinne falle kin, mar no't it rûzich yn 'e klasse begjint te wurden, komt er oerein oft er der net hielendal by is. Hy kuiert nei de doar en bliuwt dêr stean. Dan draait er him om en seit: 'Pak jim boeken en sjoch op de wurkwizer wat jim dizze wike dwaan moatte.'
Gjinien reageart.
'Mei ik nei de wc, menear?' freegje ik en sûnder it antwurd ôf te wachtsjen draaf ik nei de doar, de gong op. Yn de stilte en de koelte fan de lytse betegele romte kom ik by en ik lit my op it húske sakje.
De bylden fan it jonkje dat mei syn lytse suske yn 'e gong boartet, binne somber. De estriken glânzje yn it healtsjuster. De belle giet. De mem rint nei de doar en docht iepen. Skel ljocht streamt nei binnen. Der stiet in man op 'e stoepe.
| |
| |
'Is jo man thús?' De besiker hat in boas lûd.
'Ik sil even sjen. Ha jo in momintsje?'
De mem rint troch de gong nei achteren. De jonge krûpt nei syn suske en giet beskermjend foar har sitten. De mem komt werom, folge troch de heit. Hy sil mei de man fûstkje, mar dy seit: 'Hâld do de hannen mar thús!'
'Kom der yn.'
De heit troant de man it kantoar yn en de mem nimt de bern mei nei de keuken. De kamera bliuwt rjochte op de no lege gong. De mikrofoans pikke oan 'e iene kant de hege stimmen fan de mem mei har bern op, wylst de manljusstimmen oan 'e oare kant hieltyd lûder prate. Uteinlik raast de iene: 'Bliuw tenei mei de poaten fan myn dochter ôf!'
As de belle giet, slinterje ik werom, nei it leven dat yntusken losbrutsen is.
Gadferdamme, myn ûnderbroek kleeft as ik wekker wurd. Dat ek noch: in wiete dream oer Angelique, om my dea te skamjen. Wat gebeurde der presys en wa wie der by yn myn dream? Ik helje de bylden werom.
Twajonkjes, in ljochte en in donkerhierrige, lizze yn 'e boskjes fan in dúmpantsje. Se bestrune in pearke. Hiel stil lizze se, om neat te missen. De frou hat lang hier dat foar har gesicht falt, de man sjogge se op 'e rêch. Sy knopet har bloeske los. Se hat gjin himd of beha oan, sadat de jonges rjocht op har boarsten útsjogge.
It donkerhierrige jonkje stjit syn maat oan: 'Wat in grouwen!'
De frou skrikt en sjocht op.
'Angelique,' flústert it ljochte jonkje. De man draait him om. 'Heit,' suchtet de jonge. Hy komt oerein en draaft fuort.
Syn maat is der net mear en de jonge besiket yn it
| |
| |
sachte sân foarút te kommen. Hy wrot en swit en fielt hoe't de man him yn 'e nekke himet. Noch hurder besiket er te gean, mar it sân hâldt him tsjin en hy stroffelt oer in heidepôle. Hy falt en falt, djipper en djipper yn in swart gat. De man is fuort.
It byld wurdt strieljend wyt, mei in protte strikers en harpmuzyk. In ingelekoar sjongt: 'Famkesgek, famkesgek, famkesgek!'
It famke sjocht rjocht yn 'e lins, laket har beugel bleat en toant grutsk har stevige boarsten.
Wer wurd ik sa geil as in bear en ik griis fan mysels. Gau waskje ik my mei kâld wetter. Hoe kom ik by sa'n dream? En by dat gerop: famkesgek, famkesgek?
Ik rin nei it rút om it gerdyn iepen te dwaan. Bûten skynt de moanne folop en it binne allegear stjerren. It leafst soe ik nei bûten ta gean om in ein te fytsen, de greiden en de stilte yn.
It is kâld. Soe it gau frieze? Dan kinne wy reedride. Ik nim my foar om it Liban te learen as er dêr nocht oan hat.
Wat soe hy meimakke ha, dat er sa stil is? Ik huverje, ik moat wer op bêd. As ik de eagen ticht doch, sjoch ik de boarsten fan Angelique. Wat ha dy te krijen mei heit? Hoewol't ik mysels de fraach net doar te stellen dy't my it measte dwaande hâldt, doch ik it al. Hat heit froeger as learaar wat mei in learling hân?
Ik draai my om en wurd pas wekker as Lys my oan 't skouder stiet te lûken.
'Wekker wurde jong, bist al fierste let!'
'It giet oan alle kanten fout mei dy, Willem,' seit Van der Werff. 'Wat is der mei dy?'
Ik sit foar in gesprek by myn mentor. 'Neat, ik wit net wat jo bedoele.'
'Dat witst hiel goed, der is wat.'
Ik swij en wit dat se gelyk hat. Troch it akkefytsje mei
| |
| |
Angelique en Dekkers tink ik hieltyd dat heit ek soks meimakke hat. Moast ik dêrom fuort?
Yn 'e klasse is it wer rêstich, nei't Angelique in pear dagen skorst west hat. Se moast úteinlik wol tajaan dat se alles betocht hie. Likegoed lit it my net los.
'Do hoechst it net tsjin my te sizzen, ast der mar mei ien oer praatst. Hast ien dêrst dyn problemen mei besprekke kinst?'
Ik skodholje.
'Miskien kinst in ôfspraak meitsje mei Sytske, de maatskiplik wurkster.'
'In maatskiplik wurkster? Mar ik bin net gek of swier ûngelokkich!'
'Dêr hoechst ek net gek foar te wêzen. Allinnich al it ûnder wurden bringe fan dyn fragen of problemen sil dy goed dwaan. Oft der oplossingen mooglik binne, kinne jim dan besjen.'
Ik swij. De holle is my yn ien kear leech.
'Do binst de iennige jonge net, dy't by har komt. Ast mei ien praatst oer wat dy dwers sit, krigest wer romte yn 'e holle en kinst de kop better by it learen hâlde.'
'Krije myn âlden it ek te hearren?'
'Allinne asto it wolst.'
Ik tink der oer nei. Dan knik ik stadich.
'Goed. Dan praat ik earst mei har en oare wike makkest sels in ôfspraak. Se is op moandei en tongersdei oanwêzich, yn 'e romte nêst de direksjekeamer. Witst dat te finen?'
Ik knik wer, bang dat myn stim it bejout of dat ik begjinne sil te gûlen.
'Moai, dan prate wy oer in pear wiken wer. En ast earder wat kwyt wolst, dan kinst al tyd by my komme.'
'Wat moast Van der Werff mei dy?'
Liban dy't wat freget! Ik lûk oan 'e skouders en rin de kant fan de hal út. Even in sigaretsje opstekke by de oaren, dan fiel ik my aanst wer better.
| |
| |
'Wat?' hâldt Liban oan.
'Minne sifers.'
'Wie dat alles? Frege se net hoe't it kaam?'
'Wêrom wolst dat witte? Wat kin it dy skele?'
Liban besiket my by te hâlden, mar ik bin noch al wat langer as hy, dat hy draaft der hast oer. Hy pakt my by de mouwe beet en lûkt my in haltsje foar twa lokalen yn, sadat wy net ûndersteboppest rûn wurde troch oaren. 'Do bist myn freon,' seit er.
Wat is dit, in leafdesferklearring? Mar as ik him oansjoch, wit ik dat er it serieus bedoelt. Even wit ik net wat ik sizze moat. Dizze jonge, dy't út in hiel oar part fan 'e wrâld komt, neamt my syn freon. Ik wurd waarm fan binnen. Ik ha in freon.
'Kom oan 'e ein fan 'e middei nei it muzyklokaal,' seit Liban, 'dan prate wy der oer.'
'It muzyklokaal?'
'Ik wol dy wat sjen litte. Of eins moatst wat hearre.'
'Goed,' sis ik. 'Fjouwer oere?'
'Ja.'
'Dan wachtsje ik aanst in oerke. Ik gean wol nei de mediateek.'
'Okee!' Hy jout in raam mei de knokkels tsjin mines en tegearre rinne wy nei de hal om by de oaren in sigaretsje op te stekken en te blaubekjen.
Tsjin fjouweren rin ik de kant fan it muzyklokaal út. It leit oan 'e ein fan 'e gong, mei in pear ekstra klapdoarren der tusken, sadat de rest fan 'e skoalle gjin lêst hat fan de muzyk. Ik wit dat Liban hjir geregeld te finen is. Hy hat muzyk as eksamenfak en sit yn ien of oar drumgroepke. As ik troch de klapdoarren gean, hear ik it getrommel al. Gjin wûnder dat dit lokaal sa fier fuortstoppe is. By de doar bliuw ik even stean; is dit wier Liban dy't ik hear? It is goed. Hy moat folslein út syn dak gean! Op 'e doar klopje hat gjin sin, dat ik stap nei binnen ta. Liban sit achter it drumstel en as er my sjocht, hâldt er
| |
| |
him yn, makket noch in roffel op 'e bekkens wylst er my taknikt. Ik slingerje myn tas yn 'e hoeke en rin nei him ta.
'Cool man. Do bist goed!'
Liban laket in bytsje.
'Hast les hân?'
'Smit fan muzyk hat my wat oanwizingen jûn.'
'Hoe kaamst der by, om te drummen?'
'It wie in idee fan Sytske.'
'Sytske?'
'De maatskiplik wurkster.'
'Hasto dêr west?'
'Ferline jier wie dat.'
Dêr hie er my neat oer sein. Wêrom hat hy mei har praten? Ik doar it him net te freegjen.
'Wêrom drumsto dan?'
'Omdat ik dêrmei sizze kin, wat my mei de mûle net slagget.'
'Omdatst ús taal net goed genôch behearskest?'
'Ik praat in hiel soad talen en ik kin my der ek goed yn útdrukke.'
Dat is wier. Liban twifelt even, rint hinne en wer wylst er troch it rút nei bûten sjocht. It is stil en ik wit net wat ik moat. Dan draait er him om nei my ta.
'Der binne gjin wurden foar wat ik meimakke ha. Ik kin neat sizze oer de lilkens dy't ik fiel, de haat en de skamte.'
'Skamte?' Lilkens en haat kin ik my yntinke as ik neigean wat wy fan sommige Afrikaanse lannen sjoen ha op 'e televyzje.
Liban rint wer op en del, fan de doar nei it drumstel en werom oant er op 't lêst stean bliuwt. Hy lit de skouders hingje en syn earms wynderje slop nei ûnderen. Hy hat de eagen hast ticht en stiet in bytsje te widzjen op it plak. Dan ynienen sjocht er my rjocht oan en seit: 'Skamte ja. Ik wie der by dat ús heit en mem en suskes fermoarde waarden, dat se dingen mei myn suskes en ús mem
| |
| |
diene. Ik ha gjin hân útstutsen. Ik ha my ferstoppe en wie ferstive fan eangst en liet dy...' Hy smoart der hast yn en gromt wurden dy't ik net ferstean. 'Sorry.'
Hy draait him om en rint wer foar de ruten lâns. Syn gesicht is net sa't ik it ken, mar pynlik ferlutsen.
'Dat bedoel ik. Dan giet der sa'n soad troch my hinne, dat ik gjin wurden mear ha. Ek net yn myn eigen taal. It iennige dat dan helpt is om it fan my ôf te slaan.'
'Dan begjinst te drummen?'
'Net sa't ik dat krekt die.'
Liban dûkt de ynstrumintekast yn en hellet der fan alles út. In âld jiskefet, in pear pannen, wat deksels en in plestyk babybadsje. Hy stelt alles om him hinne op. Syn eagen sjogge my net mear, se binne nei binnen ta rjochte. Ik gean yn 'e finsterbank sitten, want hy is mei saken dwaande dêr't ik gjin weet fan ha.
Mei de tommen en in pear fingers begjint er súntsjes te trommeljen op it omkearde babybadsje. It klinkt as de tamtam dy't boadskippen trochjout yn fiere oerwâlden. It is in gerêststellend lûd, hieltyd itselde, hieltyd itselde. Wat bedoelt er hjir mei, it fredige libben? Ynienen beweecht er de tommen feniniger en de fingers flugger, hat er in houten sleef yn 'e linkerhân dêr't er mei tsjin it jiskefet klapt. Ofwikseljend roffelt er op it badsje en it jiskefet. It ritme boazet oan, it wurdt lûder en driigjend oant er yn beide hannen houten leppels hat. Hy trommelt no allinne op it jiskefet, tsjin de sydkanten, op it deksel en út en troch skerptikjend op de greep. No en dan jout er in mep op ien fan de pannen, mar it ritme bliuwt gelyk, bonkend as in hert dat oerstjoer slacht.
Ik sjoch nei syn gesicht, konsintrearre mei it swit op 'e foarholle en ûnder de noas. Soe er noch witte dat er op skoalle is? Unferwacht pakt er twa deksels en kletst se tsjininoar. Stilte. Klets. Stilte. Klets. Fiif kear, mei hieltyd minder stilte der tuskentroch. Ik krij it benaud. Hjir hoege gjin bylden by, want no binne syn âlden en suskes deasketten. Fûl begjint er it jiskefet mei de leppels ôf te
| |
| |
rênseljen, sa lûd dat it troch de hiele skoalle hinne dinderje moat.
It leafst soe ik fuortrinne fan dizze razernij, mar it gesicht fan Liban, sa fol pine, soarget derfoar dat ik bliuw. It hâldt mar net op, dit is mear as in minske ferdrage kin. Dan ynienen pakt er mei beide hannen it deksel fan it jiskefet en kletst it trije kear fet hurd ticht. De lêste kear bliuwt er mei de holle op 'e earms lizzen. It is deastil, al dreune de klappen my noch yn 'e earen nei.
De triennen rinne my oer de wangen. Doe't er begûn hie ik freegje wold wêrom't er net optreedt, mar no fiel ik dit konsert as in eare. Ik pak myn tas op en wol stil it lokaal út gean, mar as ik by de doar bin, seit er: 'Gean nei Sytske ta, it sil dy goed dwaan.'
|
|