omheech. 'Wa set de radio even oan?'
Hiske en ik hysje ús oerein en ûngemaklik, om myn ereksje te ferbergjen, lûk ik de klean rjocht.
Op 'e radio begjint in klok te slaan en wy telle allegear mei: 'Ien, twa, trije...!'
Ik sjoch om my hinne, nei alle fleurige gesichten, nei myn freoneploech foar ien nacht. Dit is de moaiste âldjiersjûn dy't ik meimakke ha. Bliid dat ik net nei it eilân bin.
'Alve, tolve! Segen yn 't nijjier!'
Wy slaan de blikjes en bekers tsjin inoar, wy tútsje en krûpe elkenien oan, wy diele meppen op skouders út en roppe en raze en laitsje. Wat in begjin! Wy geane nei bûten ta en stekke al ús fjoerwurk ôf. It knalt en knettert en tongert, want der is swier guod by. Keukenmeiden gille, potsjes sette de omjouwing yn grien en read ljocht en stjerrewaaiers spatte útinoar. Binnen in healoere ha wy alles de loft ynsketten.
'Kom mei,' ropt ien, 'it doarp yn. Sjen oft der wat te belibjen is.'
Wy rinne Jannemans reed ôf nei it doarp ta. 'Sjochst dat? Janneman stiet achter de glêzen om ús yn 'e gaten te hâlden!'
Tsjin it ljocht stekt de man ôf, in grauwe, fjouwerkante figuer.
'Wy moatte noch wat foar him betinke!'
Yn it doarp rinne in pear even hastich nei hûs ta om heiten en memmen it bêste ta te winskjen. Ik gean net nei Simen en Lys.
Heit wie froeger ûnrêstich, sa'n âldjiersdei. Hy brocht alles yn it hok dat los op it hiem stie. Doe't ik lyts wie, hellen se my fan 't bêd en dan mocht ik nei it fjoerwurk sjen, dat op it krúspunt yn 'e buorren ôfstutsen waard. En der wie wat dêr't ik bang fan wie, mar wat? Ssst, net oan tinke.
'Hat ien al in stunt betocht?'
Wy steane mei syn allen op it skoalplein. Oan 'e oare