| |
| |
| |
5
De brêge, oan it begjin fan it doarp, is it wachtplak. Elkenien dy't om healwei njoggenen op skoalle wêze moat, it kin neat skele welke, wit dat we healwei achten fuortgeane.
Yn 'e maitiid en yn 'e simmer fyts ik leaver allinne om te genietsjen fan de fûgels, de skiep mei har lamkes en de hynders mei fôltsjes. Ik wit krekt de plakken dêr't einepearkes sitte en wêr't de nêsten fan in pear merkols binne.
Mar no't it moarns betiid noch skimerich is en faak damp, ryd ik leaver mei de hiele club. De jonkys fytse foaroan en hoe âlder ast bist, hoe fierder ast nei achteren ta opskoost. Elkenien hat oait wynbrekker west.
Ik sjoch hoe't Jaike laket mei in pear famkes, se hat it no hielendal nei 't sin. En ik betraapje my derop dat ik grutsk bin op myn suske, sa as se der út sjocht, hjoed mei sturtsjes yn it lange, ljochte hier, sa as se docht, aanst sil se wer plat oer it stjoer lizze en sa't se is, in frisse, flotte faam.
Se draait har om nei de rest: 'Kin it?'
De stoet set út ein.
De lessen fan Dekkers binne hiel wat saaier as ik ferwachte hie fan sa'n jonge learaar. Ingelse gedichten en literatuer kinne my dochs al net bot boeie. De famkes fan de klasse komme altyd wakker entûsjast binnen, kreas opmakke en mei strakke klean oan, omdat it sa'n aardige fint is. Ek no't it bûten behoarlik kâld is, it friest noch
| |
| |
krekt net, ha de measten hiel koarte topkes oan mei in lange broek derby dy't in flink ein ûnder de nâle begjint. By de oare leararen ha se der faak in festje oerhinne, mar dy ferdwine by de les fan Dekkers resolút yn 'e tas.
'Hallo dames, hearen,' seit er.
'Hallo menear!' gaaie de famkes werom.
Hy lit de eagen oer de klasse gean, rint nei it rút en skoot it iepen.
'Wat dogge jo no, menear?' De fammen sitte te triljen op 'e stoel.
'It skynt hjir nochal waarm te wêzen, as ik sa nei jim simmerklean sjoch. Dan komt jim neat út 'e hannen.'
'Mar menear!' protesteare se.
Wy, de jongens, gnize. Goeie aksje fan Dekkers.
'Bisto kâld, Erwin?' freget Dekkers. Erwin, dy't in dik sweatshirt oan hat, ropt daliks: 'Nee hear, hielendal net! Ik fyn it wol noflik, wat frisse lucht.'
Mei lilke gesichten helje de measte famkes in fest of in jaske foar it ljocht, wylst Dekkers sûnder der oars fan te wurden oer in gedicht begjint te eameljen. 'Wa't de opdrachten makke hat, kin fierdergean mei de wurkwizer,' seit er úteinlik.
'Asto dat rút net ticht dochst, doch ik it sels wol,' ropt Angelique en rint der hinne. Se tinkt altyd dat se wat mear by him mei omdat se soms op syn bern past. Ik ha no wol yn 'e gaten hoe't se is: gek op jonges en manlju dy't yn har eagen yntressant binne. De lêste tiid sjanst se wakker mei Dekkers, draait mei har eagen, pronket mei har boarsten en wibelt mei har kont. Spitich foar har dat er der net op reageart.
'Kinst kieze,' seit er, 'of do bliuwst yn 'e klasse op dyn plak of do giest fuort, mar it rút bliuwt iepen.'
Sacherijnich giet se wer sitten, keart him de rêch ta en begjint tsjin Eva en Marij te kear te gean.
'Ik moat noch twa ferslaggen fan jim ha, Jellema seurt der alle dagen oer. In frou en in Flaming. Wêrom nimsto Hugo Claus noait mei?' freget se Eva.
| |
| |
'Ik ferjit it hieltyd,' seit Eva. 'Moarn.'
'En do?'
Marij sjocht Angelique fûl oan. 'Stiet der ek wat tsjinoer? Wy ha fan dy noch noait in ferslach sjoen.'
'Wat frou hasto?' giet Angelique fierder as hat se neat heard.
'Tessa de Loo.'
'Krastus, dochs net De Tweeling? Dat is hartstikke dik!'
'Betink sels mar wat. Skriuwende froulju genôch.'
Angelique is net wend dat ien har sa ôfbekt. Se sjocht soer.
'Menear, wy binne it net iens oer in wurd!' raast ien oan 'e oare kant fan de klasse.
'Wa kin no wurkje yn dizze shitsoai,' klaget Sjoerd. 'Sille wy in stúdzjehoeke sykje?'
'Binne allegearre beset,' seit Liban. 'Doe 't ik nei it húske moast, ha ik even sjoen.'
Ynienen hinget it my ta de kiel út. Sechstjin binne wy en wy wolle foar fol oansjoen wurde, mar wy stelle ús oan as lytse bern. Silst mar learaar wêze! Foar it earst jou ik heit gelyk dat er der út stapt is. Lûk ik it my dêrom sa oan as in learaar it dreech hat? Misferstân, wylde ferhalen, persoanlik drama, gûnzet my troch de holle.
Sagau't de belle giet, stap ik nidich op.
'Kin ik mei dy nei hûs ta?' freget Liban. 'Dan meitsje wy dy opdrachten ôf.'
'Bêst genôch,' sis ik. Wat ôflieding is net ferkeard. Boppedat moatst sa'n oanbod net ôfslaan, want Liban is goed yn Ingels en wit grif mear fan gedichten as ik.
Thús doch ik fuortdaliks de computer oan. 'Earst even in spultsje,' sis ik. 'Even myn agressy fuortspylje.'
Ik sneup yn it spultsjebestân. 'Dit is goed bluodrich. En wy kinne it tsjininoar spylje. “African war” hyt it. Kinst it op twa manieren dwaan. In hânoarloch, dan hakst inoar de ledematen ôf oant allinne de romp oerbliuwt en dan bist dea. Of gewoan mei mitrailleurs. Dan moatst inoars legers yn sa koart mooglike tiid fan 'e kaart fege.
| |
| |
Mei de hakmessen is it moaist. Alle kearen ast in earm of in foet rekkest, spatte de bloeddrippen op it skerm. Machtich!'
Ik stel de computer yn op twa spilers. Nêst my is it stil.
'Hoe liket it,' sis ik. 'Seist noch wat? Dochst mei?'
Ik draai my om nei Liban. Oer syn hûd, oars glânzjend swart, leit in grizich flues en syn eagen steane bang en boas.
'Wat is der?' freegje ik. 'Bist wol goed?'
Ik sjoch syn donkere gesicht, hoe't de adamsappel in pear kear op en del giet om te slokken foardat er wat sizze kin. Syn stim klinkt hast flústerjend: 'African war. In machtich spultsje. Dêrfoar bin ik nei Nederlân kaam. Sadat ik op 'e computer neispylje kin dêr't ik thús net oan meidwaan woe. Witst godferdomme net wêrst it oer hast!'
Swijend docht er de jas oan. Hy sjocht by my lâns. Ik gean foar it skerm stean, de eagen del en stammetje:
'Sorry Liban, ik hie der net by neitocht. En ik wist net..., do hast noait sein...'
'Nee, do witst neat en ik ha neat sein. Nim mar fan my oan, dat de measte jonges net sûnder reden nei Nederlân komme, want ús hert is noch altyd yn Afrika. En ergens oars binne wy net wolkom.'
Mei grutte stappen wâdet er de keamer út. Ik sjoch nei de tichte doar en hear hoe't er de trep ôfdindert. Even letter folget de klap fan de bûtendoar.
Ik draai my om en doch it spultsje út. Ik kin mysels wol foar de harsens slaan. Mar hoe koe ik dit witte?
'Nee! Nee!'
Ik wurd wekker fan myn eigen lûd. Ferskrikt sjoch ik om my hinne. Hoe hurd ha ik raasd? Ik slok en slach de hannen foar de eagen. Beikes tsjin de ruten, geskreau yn 'e gong en Jaike mei in bile, ik sjoch en hear it hieltyd wer. Stil bliuw ik lizzen om de bylden op 'e nij ôf te spyljen.
| |
| |
In lege, skimerige gong mei estriken. De belle rinkelt. De keamerdoar giet iepen. It jonkje is ûnderweis nei de doar, as er tikjen tsjin de ruten heart. Beikes, stientsjes, roazebottels? Even ferstivet er, dan ferstoppet er him hastich yn 'e jassekast. Yninoar dûkt sit er op 'e flier, de doar op in kierke, sadat er krekt net yn it tsjuster sit. Der wurdt mei de brievebus kleppere. Noch mear tikjen tsjin de ruten, krekt as hagelt it hiel hurd.
Hy docht de hannen foar de earen. Der raast ien troch de brievebus: 'Woont hier een kinderbeul?' Hy widzet hinne en wer.
De doar giet iepen. 'Wat is der mei dy?' freget de mem. It jonkje knippert tsjin it ljocht.
'O, neat,' seit er, 'ik wie myn eh..., myn autootsje kwyt en ik tocht dat er út de bûse fallen wie.'
De mem hinget de jassen fan har en in lyts famke op. 'Kom mar,' seit se en stekt de hân nei him út. 'Dan geane wy nei de keamer en dogge in spultsje.'
Wa't seis goait, moat mei in bile ien in lichemsdiel ôfhakke, in earm of in skonk. En as der fierder neat mear oer bliuwt, de holle,' leit se út.
'Spannend,' ropt it famke dat ynienen tolve is. Se klapt yn 'e hannen en smyt wyld mei de dobbelstiennen. Seis.
'In poat!' raast se en komt mei de bile heech boppe de holle op it jonkje ôf. Hy raast en skreaut. It bloed spuitet alle kanten út.
Ik kom fan 't bêd ôf en rin nei de wasktafel om wetter te drinken. Lit dy idioate gedachten en dreamen ophâlde!
By CKV moatte wy meiïnoar in toanielproduksje meitsje. Ik sit yn 'e dekôrbouploech, want in mins moat dochs wat en op it toaniel gean ik net. Wy moatte in alternatyf hingplak ûntwerpe, omdat it stik him dêr ôfspilet. Yn in tunneltsje of ûnder in fiadukt of sa. Marij is de kreativeling.
| |
| |
Se sketst en leit oer en regelt en wy fiere út.
Liban, dy't net mear mei my praat, sit by de muzykploech. Hy kin alle ynstruminten bespylje. Kinst it sa raar net betinke of hy kriget der muzyk út. By de toanielspilers hearst Angelique boppe alles út. Se moatte ymproviseare, ûnder lieding fan de regisseur. De trije skriuwers sjogge ta en oerlizze meiïnoar. It is in pokkeherry, mar wol gesellich, want elkenien docht wat.
Behalve ik. Ik fiel my rottich. It leafst soe ik de hiele fetgoare rotsoai yninoar wâdzje. Stuollen troch de ruten en tafels op in bult smite en de brân der yn, alle tassen leegje en leau mar dat ús boeken fikke wolle!
En as ik dan nóch lilk wie in pear shotguns en mitrailleurs leechsjitte. Ik wol it goed meitsje mei Liban mar ik wit net hoe.
Gelokkich is Marij der ek noch. Ik mei har graach, hiel graach! Sûnt Texel wit ik dat se har stilhâlde kin oer saken dêr't ik net oer prate wol.
Se is fûl oan it wurk mei de dekôrs en se stjoert ús alle kanten ût om ark en materiaal byinoar te skarreljen. Earst hat se in makette yninoar nifele en no is se mei de echte dekôrstikken oan 'e gong. As in regisseur seit se wat wy dwaan moatte: 'Sjoerd, hâld do dat setstik oerein, dan kin Willem der in poat achter timmerje. Nee Sjoerd, in bytsje skeaner, dan liket it moaier.'
It wurdt geweldich en alle kearen as wy der oan wurkje, wurde wy entûsjaster. As wy har komplimintsjes jouwe, seit se: 'It is my noch net hielendal nei it sin. Ik kin de sfear krekt net te pakken krije. Miskien dat it ljocht it ôfmakket.'
Sjoerd en ik sjogge inoar oan. Hoe is it mooglik dat dit har net nei it sin is?
'Ik wol letter nei de keunstakademy,' leit se út. 'Dan kin ik alles bouwe wat ik yn 'e holle ha en dan wit ik krekt wêrom't it goed of ferkeard útpakt.'
Letter. De takomst. Miskien moat ik marris in serieuze stúdzje meitsje fan de Filmakademy. Ynformaasje
| |
| |
sykje op ynternet.
'Silsto de hannen ek noch wapperje litte of hoe liket dat?' freget Marij pinnich.
'Ja baas, komt klear baas!' Ik pak de hammer en driuw in pear spikers yn 'e tinne latsjes.
Novimber smyt dochs noch wat goeds op: de beugel is der út! Fan 'e middei ha ik nei de ortodontist west en mei wat gepiel en gepjuk wiene myn tosken wer frij. It liket geweldich en breed laitsjend stap ik nei bûten ta.
Earst keapje ik trije marsen. Ik set de tosken der yn en kôgje op 'e kleeftroep om. Hearlik. Kinst der fan oan it iten bliuwe, mar ik stopje neitiid in pear stikken kaugom yn 'e mûle. Allinne nachts moat ik noch in beugel yn, mar dat sjocht dochs gjinien.
'Bist in kreaze jonge, Willem,' seit Lys as se myn tosken sjocht.
''t Wurdt net minder,' bemuoit Brenda har der mei. 'Ast dyn hier koart knippe litst, wurdst in lekker ding.'
'Brenda!' Mar Lys gniist en Jaike moat ek laitsje, ik sjoch it wol.
''t Is dochs sa, mem? Hy hat ek folle minder pûkels, allinne dat hier is gjin gesicht.'
De oare deis gean ik nei de kapper. Hy makket der hiel koarte stikeltsjes fan mei ljochte puntsjes. Ik keapje daliks in pot gel, extra strong.
'Wau!' beart Brenda as ik thús bin, 'no wol ik wol in jûntsje mei dy út!'
'Mar wol ik dat mei dy?' freegje ik. 'Sa'n havopykje.'
'Puh!' Se stekt de tonge út. 'Lit mar sitte, it hoecht al net mear!' Se rint mei grutte stappen de keamer út. Flak foardat se de doar tichtdocht, sjocht se oer it skouder en laket my ta.
Dekkers wurdt der net fleuriger op en it is hieltyd faker in fette binde by him.
'Foar de krystfakânsje ferwachtsje ik jim boekfer- | |
| |
slaggen,' seit er. 'En tink derom, ik wol jim eigen analyze en jim eigen miening ha.'
Boppe myn boek hingje ik te dreamen, bliid dat ik de ferslaggen fan ferline jier noch ha. Hjir en dêr moatte se wat byskaafd wurde, mar it skeelt in protte wurk.
'Dat doch ik net!' seit Liban lûd.
Ik sjoch op. Liban lilk? Ha ik wat mist?
'Hast letterlik itselde,' seit Eva. 'Sjoch mar.'
Dekkers leit de ferslaggen nêst inoar en skodhollet.
'Dit is al te tafallich,' seit er. 'Der sille mear wêze dy't dit boek lêzen ha, mar deselde analyze en miening, dat kin net. Lês allebeide mar in oar boek.'
Ik wit daliks dat Liban dit net pikke sil.
'Dat doch ik net,' seit er wer. De lilkens spat him út de eagen. 'It wie in dikke pil en dêr begjin ik net nochris oan. Hoe't Eva oan myn ferslach komt, wit ik net.'
'Moatst ris hearre,' moartet sy. 'No ha ik it dien! Ik ha it boek út de mediateek helle, sjoch mar nei!'
Se steane rjocht foarinoar oer, in pear tafels mei de ferslaggen tusken har yn. Der komme oaren by dy't it razende duo oanfjurje. Dekkers sjocht om him hinne as wit er net wat er dwaan moat.
'Ik gean hjir mei nei Van der Werff,' seit Liban. Hy is no wer kalm. 'Ik ha myn wurk dien en ik doch it net oer.'
Hy lit him sakje op syn stoel. In jonge nêst him flústert him wat yn 't ear en fuort stoot Liban oerein.
'Dat lit ik my net sizze!'
Hiel leech is syn stim no. Hy sil oer de tafels hinne nei Eva ta. De oare jonge stoppet him wat yn 'e hannen, in mes. Yn ien kear is it stil, alle oandacht is foar him. In pear famkes gille, Dekkers jout in skreau en Liban lit it mes falle, oft der stream op stiet. Hy gromt ûnfersteanbere klanken, reaget de jonges dy't achter him steane oan 'e kant en is yn in pear stappen de klas út. De doar dindert achter him ticht.
'Hy hie my deastutsen,' hear ik Eva roppen.
'Kinst se net fertrouwe,' seit in oar. Elkenien ropt wat.
| |
| |
Ik tink nei wêr't it oer gie, it Ingels boekferslach. Dêr hat Liban dochs hiel faak mei oan it wurk west by ús thús? It ferslach hat er op myn computer typt.
Yn gedachten gean ik stadich de bylden nei. It wie Steven dy't Liban it mes yn 'e hân stoppe. Der sille dochs mear wêze dy't dat sjoen ha? Wêrom seit gjin ien wat?
'Jo melde dit by de direkteur, nim ik oan,' seit Angelique. 'En oars dogge wy it, no Eva?'
Dy knikt stadich, oft se dêr gjin nocht oan hat.
Angelique giet fierder: 'Dy lul mient dat er even in ferslach kopieare kin en falt dan ek noch in famke mei in mes oan. Hy woe har deastekke, dat hy wurdt fansels daliks fan skoalle trape.'
'It komt wol goed, Angelique,' seit Dekkers. It liket oft er hast flaufalle sil. 'Dat losse wy wol op.'
Ynienen begjin ik te praten. It is krekt oft in oar dat foar my docht. 'Liban hat it ferslach op myn computer typt. Ik wie der sels by. En hy hat it boek foar in part by ús thús lêzen. It wie my te dik, mar Liban fûn it prachtich. Hy mei graach lêze en hy is goed yn talen.'
'Kin wêze,' seit Dekkers, 'mar dat mes hie er yn 'e hân.'
'Steven joech dat mes,' sis ik. 'Hy flústere Liban wat yn it ear, sadat dy noch lilker waard en doe joech er him dat mes.'
'Goare flikker,' systert Steven út 'e mûlhoeke wei. Hy gniist wat dom nei Dekkers en Eva. 'In geintsje menear, mear net. Even sjen hoe handich as er der mei omsprong.'
De belle giet en elkenien stommelt oerein, pakt de tas en set ôf nei de doar.
'Jongelju,' ropt Dekkers, mar gjinien heart him of wol him hearre. It lokaal is samar leech. Ik sjoch Liban syn tas stean en pak alles yn.
'Kensto Liban goed?' freget Dekkers.
'Hy komt faak by ús,' sis ik. 'En Steven is in kloat.'
Dekkers skodhollet. Ik pak beide tassen en kuierje it lokaal út. Ik nim my foar Liban syn tas werom te bringen, no kin ik it goedmeitsje.
| |
| |
Ik lis Van der Werff de saak út en rin even letter op it plein. De rêchpûden triuw ik yn 'e fytstassen. Stadich fyts ik fuort. Liban sil wol nei hûs ta gien wêze. Ik wit wêr't er wennet, want ik ha der al in pear kear west. It hûs stiet oan de bûtenkant fan de stêd, net fier fan ús doarp.
Ibrahim docht iepen as ik belje. 'Heu-hoi,' seit er. 'Liban,' en hy wiist nei boppen. Ibrahim wennet hjir noch net sa lang en kin him amper fersteanber meitsje. Mei fjouwer jonges, Rachid en Juan binne de oare bewenners, wenje se yn in rychjehûs. Oant se achttjin binne, dan wurde se útwiisd en moatte se werom nei har eigen lân. Of se wurde yllegaal. Dêrom is Liban sa fanatyk op skoalle, want hy wol foar syn achttjinde slagge wêze. Dat diploma pakt gjinien him mear ôf, seit er. En fierder wol er net prate oer syn sitewaasje, al fernim ik wol dat it him dwaande hâldt.
Mei it nedige geweld dinderje ik de trep op, sadat Liban my oankommen heart. Hoe sil ik him oantreffe? Wol er mei my prate? Op 'e doar jou ik in roffel.
Liban docht iepen. Syn eagen glânzje readich. Hat er gûld?
'Hoi,' seit er. Syn stim klinkt dof.
'Ik soe dyn tas even bringe,' sis ik en jou him it ding.
'Thanks,' seit er. Hy sil him hast wer omdraaie om de keamer yn te gean as ik hastich sis: 'It spyt my.'
We steane wat kloatich foarinoar oer, ik mei myn lange slungelearms en Liban mei de doar yn 'e hân, klear om my der net yn te litten. Hy hat it measte each foar syn skuon, glânzjend poetst sa't ik fan him wend bin. Ik sko him oan 'e kant en fal op de iennige stoel del. Liban giet op it bêd sitten. Nei in stilte dy't te lang duorret, begjin ik dom: 'It spyt my fan “African War”.'
'Wat? O, dat spultsje.' Hy docht oft it him neat skele kin.
'It wie stom fan my, ik hie der net by neitocht.'
Trochprate.
'As ik lilk bin en der mei gjinien oer prate kin, dan
| |
| |
doch ik sokke domme spultsjes. Hoe agressiver, hoe better. En foaral as ik myn punte-oantal ferbetterje.' Jezus, wat klinkt dat bernich. Ik gean stean en sis: 'Ik wol dy graach helpe, mar ik wit it allegear ek net.'
Liban swijt. Pas by de trep seit er: 'Do en ik, ús bloed is like read. Dochs is der ferskil.' Hy tinkt even nei en giet dan fierder: 'Dy eigenwizens, dy heechhertigens fan wite minsken. Se rôpen dat hjir net diskrimineard wurdt en oars kinst nei in buro om it te melden, mar se brûke wol altyd de wurden kriminelen en allochtoanen yn ien sin. En altyd dy tankberheid. Ik hear fan jonges dy't hjir al jierren binne, dat se noch altyd tankber wêze moatte. Se wurkje, se leare, se binne beleefd en freonlik, se slove har oan alle kanten út, mar har hiele libben, salang't se hjir wenje, sille se tankber wêze moatte. It iennige dat ik wol is libje en dat is dochs in rjocht? It rjocht om te libjen!'
Ik wit net wat ik dwaan moat. Famkes slane de earms ominoar hinne, dat sjoch ik wol by Brenda en Jaike. Jonges jouwe inoar in klets op it skouder, mar sa kinst dit net oplosse, toch?
Liban jout my in stomp. 'Lit mar sitte. Bedankt foar it bringen fan de tas.'
'Bist altyd wolkom by ús.'
'Ik wit it. Dyn tante is aardich en de famkes ek.'
Bûten is it hast tsjuster en it is wetterkâld. Klappertoskjend sit ik op 'e fyts. Ik woe dat ik wanten hie en in mûtse en in sjaal om de kjeld te ferdriuwen.
|
|