Wy geane nei de souder. 'Moaie platen,' seit Liban en wiist nei de posters mei fûgels. 'Moaie keamer.'
Hy sjocht ta it rút út. 'Moai útsicht.'
'Alles moai?' freegje ik spotsk, mar Liban fernimt it net en seit earnstich: 'Prachtich.' Syn eagen steane donker.
'Hast dyn eigen computer?' freget er. 'Mei ynternet?'
'Ynternet is ûnder yn 'e keamer. Spultsjes ha ik wol.'
Wy begjinne mei in computerspultsje oant Lys ropt: 'Willem, ite!'
'No al?' Ik sjoch op myn horloazje; it is oer seizen. Noait heard dat elkenien thúskaam is. 'Wolst by ús ite?'
Liban skodhollet. 'Kin net. In oare kear. Ik moat myn klean noch waskje.'
Yn 'e keuken rint er op Lys ôf en jout har in hân. 'Ik bin Liban, mefrou.'
'Ik bin Willem syn tante, Lys. Bliuwst te iten?'
'Nee, tankewol mefrou.'
Simen komt de keuken ek yn. 'Wa ha wy hjir?'
'Ik bin Liban, menear.'
Simen sjocht nei de hân dy't Liban útstekt. Hy hat noch krekt it fatsoen om him oan te nimmen. Ik tink oan alle kearen dat er kommentaar hat op elkenien mei in eksoatyske namme of in oar uterlik.
'Ik sil dy der út litte,' sis ik.
'Wenje dyn omke en tante by jim?' freget Liban.
'Nee, ik wenje by harren. Myn suske ek.'
'O.'
'De mazzel.'
'Ek sa.'
Nei it iten, krekt as ik op myn keamer oan it wurk sil, hear ik Jaike roppen: 'Willem, Willem, mem oan 'e tillefoan!'
'Gjin tiid,' raas ik werom, 'ik belje moarn wol even.'
Mem sil oan myn stim hearre dat der wat is en dan wit ik net wat ik sizze moat. Freegje wat der mei heit wie? Wat der froeger gebeurd is? Ik hear wer dat skelle lûd: wylde