| |
| |
| |
3
Mei Marij en har mem ride we yn de nijste space-wein nei Den Helder, want hjoed geane we mei de klasse nei Texel.
'Dit dinkje kin wol skeure,' seit Erwin. Omdat hy de langste is, mei hy foaryn sitte. Liban, Marij, Sjoerd en ik sitte achter.
'Ik maat him dochs even ynhâlde, jonges,' seit Marij har mem, 'oars is it sa sneu foar de oaren.'
Tof mins, sjocht der goed út. 'Ha jim der sin oan?' freget se.
'As wy no en dan mar frij binne,' seit Erwin.
'De buorkerij skynt flakby De Koog te lizzen. Dêr is altyd wat te rêden. Wy ha der faak op fakânsje west,' fertelt Sjoerd.
'It seizoen is foarby,' warskôget Marij har mem.
'Der sil dochs wol in kroech iepen wêze?' freget Erwin him ôf.
Liban swijt en sjocht nei it grize wetter fan 'e Iselmar. Ik fiel my in bytsje mislik en bin bliid as we yn Den Helder oankomme.
Marij har mem rydt ús nei it parkearplak flak nêst de yngong. 'Ik set jim hjir ôf en dan gean ik daliks werom, want ik sjoch gjin plakje dêr't ik stean kin. En oars moat ik sa'n ein rinne. Jim rêde jim wol?'
Wy pakke ús tassen en sliepsekken, Marij jout har mem in tút en wy dangelje de kant fan de yngong út. De oare auto's wurde ek útladen en it is ien en al gerop,
| |
| |
getút en geraas.
'Geane jim fêst nei de hal en wachtsje dêr op ús,' wiist Dekkers. Hy is ferfanger Ingelsk en in jonge, flotte fint. Hoedemakers en mefrou Van der Werff fan biology binne de oare begelieders.
'Earst in sigaretsje,' seit ien. De groep ferdielt him, de rokers steane bûten, de oaren geane nei binnen ta. Ik stek ek in peuk op en sjoch dat myn hannen trilje as ik de oanstekker by de sigaret hâld. Wat mankearret my dochs, senuwen? Wêrfoar? Ik ha ommers sa faak op 'e boat west en dit duorret mar in kertierke. Djip sûgje ik de reek yn en lit de smook ta de noasters útstreame. It makket my rêstiger.
'Kom mannen, froulju, it is tiid om mei de boat.'
It is in gedrang mei al dy rêchpûden en sliepsekken. Ik sykje in plak foar op de boat. Al myn sinnen steane op skerp. No kin ik gjinien om my hinne ferdrage. Ik fiel de wyn troch it hier, priuw it sâlt op 'e lippen, hear de kritende kobben.
Dit is in âlderwetse swart-wyt film. De kamera zoomt yn op it jonkje. Op 'e achtergrûn is it lûd fan de toeterjende boat te hearren. It jonkje stiet tsjin de reling. It byld is op 'e hichte fan syn eagen en registrearret de minsken dy't op it eilân achterbliuwe. De mem mei in lyts famke op 'e earm, hâldt de hân op syn skouder. Ynzoome op syn gesichtsje, har hân.
Nij shot. De boat begjint te draaien, fakânsjegongers wiuwe nei de lju op 'e wâl. It gat tusken de boat en de wâl wurdt hieltyd grutter, oant de mist de achterbliuwers opslokt.
'Hee Willem, stiest te sliepen?' Erwin stjit my oan. Ik skodzje as in hûn mei de holle en slok it soer út de kiel fuort.
'Hast in fette keet mist jong, 't wie hartstikke gesellich binnen. Kom op, we geane, de oaren binne al hast yn De Koog.'
| |
| |
Ik pak myn sliepsek en rêchpûde en gean myn klasgenoaten achternei. De busreis oer it eilân duorret net lang, want wy wurde sûnder omwegen nei de kampearbuorkerij brocht.
'Sykje earst mar in sliepplak,' ropt Hoedemakers. Gjinien dy't him heart, want elkenien is al ûnderweis nei de loads dêr't wy sliepe moatte. It kin my net safolle skele mei wa't ik op in keamer lis, it is ommers mar foar twa nachten.
Ik rin ergens yn en kwak myn sliepsek op in ûnderbêd. Marij sit op it bêd boppe my en Liban makket it oare ûnderbêd op.
'Hee Liban, 't hoecht net sa netsjes,' sis ik. 'Bist net thús.'
Liban slacht syn swarte eagen del en giet fierder as ha ik neat sein.
Foute opmerking fansels, tink ik, Liban is grif nergens thús. Hy is in ama, in allinnichsteande minderjierrige asylsiker, hat er my ris ferteld. Hoe faak soe er op ûnbekende plakken syn bêd al opmakke ha?
'Hoewol,' sis ik, 'hast gelyk. 't Sliept wol sa lekker as it netsjes is.'
Ik helje myn kessensloop út 'e rêchpûde en gean ek oan 'e slach.
Nei in lêzing oer Texel en nei de wurkferdieling binne wy tsjin fjouweren safier dat wy dwaan meie wat wy wolle, as wy om seis oere mar werom binne foar it iten.
'Giest mei nei de Slufter?' freget Sjoerd. 'Kinne wy fêst om ús hinne sjen.'
Hy rint al de hiele dei mei in kiker om 'e hals te pronkjen.
'Wy geane nei De Koog,' ropt Erwin. 'Komme jim ek? 't Is moai terraskewaar.' Der stiet in hiele ploech om him hinne.
'Nee,' sis ik, 'ik gean nei it strân. Even útwaaie. Ik kom aanst wol op it leven ôf.' Sûnder op in reaksje te
| |
| |
wachtsjen stap ik op en fyts fuort. Liban rydt achter my oan. 'Is 't goed as ik mei dy gean?'
'Bêst.'
Nêst inoar traapje wy oer de smelle paadsjes dy't troch en oer de dunen slingerje. Sa soe ik altyd trochgean kinne, wat wyn, de sinne, yn 'e fierte it rûzjen fan de see en de rook dy't in miks is fan sâlt wetter, swiete dúnbeplanting en it krûdige fan it begjin fan de hjerst.
Liban is net botte praatsk. Wat soe der yn him omgean?
'Hast wolris oan see west?'
'Skeveningen.'
'Dêr sil 't wol drokker wêze as hjir.'
'Heal Nederlân liet de hûn en de bern út.'
Ik knik. Besykje it lytse jonkje dat yn my sit en twa kear sa hurd traapje moat as syn heit te ferjitten. It slagget net en hielendal net as wy even letter op it strân binne.
It is net drok. De iene kant út kuiert in steltsje mei de earms om inoar hinne en oan de oare kant rint ien mei in hûn. Fierderop galoppearret in hynder mei in ruter. Flakby ús in man en in frou mei in lyts jonkje. De heit is mei it jonkje oan it draakjefleanen en de frou nimt alles op 'e fideo op. De draak is hast like grut as it fintsje.
'Omheech hâlde Tido, toe mar!' ropt de heit. Tido smyt de draak de loft yn en dy ploft op it strân del.
'Beethâlde!'
Tido draaft nei de frou: 'Memmy! Wol net!'
De heit sjocht nidich, dy hat grif sin oan draakjefleanen.
'Kom mei, even helpe,' sis ik tsjin Liban en in skoftsje letter stiet de draak heech yn 'e loft.
'Daak! Daak!' wiist Tido.
'Moai no?' freegje ik.
'Nee!' Hy draait him om, draaft nei syn heit en stekt de holle tusken de heit syn skonken. As ik dy net sjoch, sjochsto my ek net. De heit jout my de haspel en set dan
| |
| |
it jonkje mei in swaai op 'e skouders. 'No bist der noch tichter by, Tido!'
It jonkje skreaut it út fan wille.
'Willem! Willem!'
'Gean fuort! Hjir wei!'
Ik wurd wekker wylst ik mei de earms om my hinne mean en rjocht yn it besoarge gesicht fan Marij sjoch.
'Wat is der?' Yn ien kear sit ik oerein en stjit my de kop oan it bêd boppe my. 'Ferdomme!'
'Wat is der mei dy?' Der steane noch mear foar myn bêd nijsgjirrich te sjen.
'Wat is der gebeurd?' Ha ik wat stoms dien?
'Do raasdest. Hiel lûd.'
Heit, der wie wat mei heit!
'Wat is hjir te rêden?' komt Angelique mei in soad gebalt de keamer yn. Se klinkt net al te fris.
It falt my net ôf dat ik daliks reagearje: 'As ik tefolle dronken ha, begjin ik yn 'e sliep te praten of te skreauwen.'
'Do hast gjin drip hân,' seit Marij.
'Witsto wat yn myn cola siet?'
Se sil wer wat sizze, mar ik sjoch hoe't Liban nei har skodhollet. Se swijt.
'De foarstelling is foarby!' Ik doch sa fleurich as ik kin. 'Opmiterje!'
Even letter is elkenien fuort, op myn keamergenoaten nei.
'Ik jou my del,' sis ik en draai my om. Ik doch oft ik sliep, mar hieltyd sjoch ik it wer foar my: de see, it strân, it jonkje, de heit, de draak. Bin ik it jonkje? Tink ik oan ús heit sûnder dat ik der erch yn ha?
Ik lit myn dream weromkomme as de filmkes dy't heit froeger makke.
It strân leit der ferlitten by. Oan it rûzjen fan de see is te hearren dat it aardich waait. It sân draait yn sirkels oer
| |
| |
de wide flakte. Ynienen is der in man mei ljochte krollen en in burd. In jonkje draaft om him hinne. De man draacht in grutte draak, hast like grut as de jonge. Grif sels makke fan fine latsjes en trochsichtich read papier mei blauwe eagen, in laitsjende giele mûle en in lange sturt mei fleurige flachjes en oan 'e ein tûfen gers. It jonkje kin him amper tille.
'Hâld de draak heech op, Willem!' ropt de man.
Oan it earnstige gesicht is te sjen hoe't it bern syn bêst docht. Mar de draak is grut en it fintsje lyts en in fûle wynfleach pakt de draak en it jonkje op.
'Los!' raast de heit, 'lit los!'
It jonkje besiket it, mar de draak lit him net los. Se sjitte de loft yn. Hy hinget oan 'e punt, wylst de flachjes om him hinne wine. Hy himet der fan. Op 'e dunen steane ynienen protten bern en ek in pear grutte minsken. Se roppe: 'Stomme Wil-lem, stom-me Wil-lem!'
De wolken wurde donkergriis en jeie oer de see.
Ynienen is it strân leech. Der is gjin heit, gjin tou, allinne de draak dy't heger en heger fljocht en de bern dy't raze: 'Stom-me Wil-lem, stom-me Wil-lem!'
It jonkje gûlt: 'Heit, wêr bisto heit!'
Yn it tsjuster stoarje ik foar my út. Op 'e oare keamers hear ik hoe't se kete oant Dekkers lâns komt. Syn swiere stim besiket elkenien stil te krijen, mar de famkes gille noch lûder. Se binne allegearre gek fan dy fint.
It wurdt rêstiger en hy komt ús keamer yn. Hy sliept op it fjirde bêd. Sûnder it ljocht oan te dwaan klaait er him út. Dat nim ik oan teminsten, want ik hear him omskarreljen en even letter jout er him del. It duorret net lang, dan sliept er ek.
No is it stil op it sykheljen fan de oaren nei en it súntsjes praten fan Liban yn in eksoatyske taal, op de wyn en de see nei en it stimke fan it jonkje dat my alle kearen yn 'e earen klinkt.
| |
| |
Ik draai my om en om. Sliep efkes en wurd wer wekker. Is de nacht dan noait foarby?
Ik moat pisje, hiel noadich. Foarsichtich stap ik fan it bêd en gean nei de húskes. Wylst ik yn 'e bak kletterje, suchtsje ik djip. Wat kin pisjen hearlik wêze! As ik klear bin, rin ik nei de oare ein fan de gong en doch de bûtendoar iepen. It is hast ljocht, mar de sinne skynt noch net. Krekt oer seizen. Sil ik wer op bêd krûpe en sjen oft ik noch even sliepe kin? Hoewol, ik kin der ek ôf bliuwe.
Achter my fiel ik in hok mei sliepende minsken, foar my lokje de dunen dy't net prate en net freegje. Gau doch ik de klean oan en stap op 'e fyts: as ik foar healwei njoggenen mar werom bin.
Stadich traapje ik de kant fan de dunen út. Der is neat dat my jaget, ik ha alle tiid. Dochs fiel ik my ûnrêstich. Ik konsintrearje my op wat ik sjoch en hear en rûk.
It is dizich. Fine dripkes hingje oan spinnewebben tusken de tûken fan de lege strúkjes. As aanst de sinne komt, sil alles glinsterje en skitterje. Ik snúf de fochtige moarnslucht djip yn en genietsje.
Oan 'e foet fan de lêste dunerige smyt ik de fyts tsjin it stek en draaf it dún op. It sân wol my beethâlde, mar ik set troch. Hymjend stean ik even letter út te sjen oer it ferlitten strân, de grize see mei de skomjende brâning. Mei grutte swiere stappen, hieltyd flugger, draaf ik nei ûnderen ta.
Ik stean op it strân dat grut en wiid en stil is no't de see him op it fierst weromlutsen hat, it strân dêr't myn dream him ôfspile.
By de linkersliep en achter it linkereach begjint in doffe pine te seuren. It siet der daliks al doe't ik wekker waard, mar no wurdt it slimmer. Ik hâld de fûst tsjin 'e sydkant fan 'e holle om it sangerjende gefoel der út te drukken.
Hie ik de learzens mar meinaam, tink ik as ik by it wetter lâns rin. Lys hie it noch sein, mar ik wie eigenwiis fansels. En as ik broadsjes by my hân hie, sakke de pine- | |
| |
holle miskien ôf. No wurdt de pine hurd slimmer, it is krekt de swiere boar fan de toskedokter dy't yn 'e sliep omwrot.
Ik bliuw stean en slach de hannen as in klem om 'e kop. De see leit foar my mei in grize loft der boppe. Troch de dize is net te sjen wêr't it wetter ophâldt, it giet fan massyf leadgriis oer yn ljochtere fleagen griis, as smoarge wynderjende fitraazje.
Heit. Mei him oer it strân rinne. Oer de weachjes springe, sadat de broek earst mei dripkes, letter mei grutte spatten, wiet waard. En as ik útboarte wie, fytsten we werom. Ik fiel noch syn grutte hân op 'e rêch. Soe hy der wolris oan werom tinke? Ik wol der in filmke fan meitsje, mar it slagget net.
It skittert my foar de eagen. Fjoerwurk yn 'e kop. Ik knyp de hannen noch stiver oan en winskje dat ik thús op bêd lei.
Ik huverje en gean werom. It rinnen falt my ôf. It kommende ljocht, de sinne dy't besiket troch de wolken te brekken, is te fûl. Mei de eagen heal ticht en flau fan de honger, strompelje ik it dún op. Boppe moat ik my oan it stek beethâlde en knoffelje dêr foarsichtich by lâns nei ûnderen ta. It hearlike gefoel dat ik fan 'e moarn betiid hie, fan frijheid en fan romte, is oer.
Mei lijen fyts ik werom. Ik mompelje yn mysels: 'Kom op, trochsette. Noch even, dan kinst lizze. Sukkel, stomkop, watsje.'
It helpt, ik kom foarút en mei in kop dy't dindert as in opstiigjende F16 ryd ik it hiem fan de pleats op.
'Hee Willem, wêr komsto wei?' ropt ien fan de jonges. Hy stiet yn 'e doariepening mei de hannen yn 'e bûse. It sicht is no sa min dat ik net sjen kin wa't it is, mar ik raam him oan 'e kant, sadat er tsjin de muorre soade-mitert.
'Godferdommese goare kloatsek, dat hoecht sa net!' raast er my nei. Ik hâld de hannen foar de earen. Ut alle keamers komt lawaai. Roppen, skreauwen, radio's, laitsjen, muzyk, sjongen. Lit it ophâlde!
| |
| |
Watfoar keamer wi e uzes, dy achteraan? Ik gryp de kruk, skuor de doar iepen en strompelje nei binnen om my op it bêd falle te litten.
'Wat is der mei Willem?' In famke.
De fjoerpylken sjitte rjocht de harsens yn om dêr mei in soad geknal útinoar te spatten. Geknetter yn 'e earen, systerjend bleekblauwe bliksemflitsen achter it linkereach. As ik de kop der ôfslaan soe, wie it oer. Achter út de kiel wei komt ûnferwachts in leech gromjen.
'Dit is net goed.' In famkesstimme. 'Moatte wy Dekkers roppe?'
'Hy is sa wyt as sûpe.' In jonge dy't besiket te flústerjen.
Der sit my ien oan 'e fuotten. De fiters wurde losmakke, skuon útdien. Lekker foar myn fersoargers, dy stjonkpoaten fan my.
Sachte hannen helje de rits fan 'e jas nei ûnderen en mei syn twaën besykje se myn earms út de mouwen te krijen. In tredde tilt my in eintsje op en mei in soad gestin krije se my út de jas.
'Moat de broek ek út?' freget ien. Ik skodholje en kroan. It slacht my yn 'e kop. Lit my. Lit my mei rêst en lit my stjerre. Ien docht in lekken oer my hinne. Koele fingers strike oer de foarholle.
'Willem,' hear ik sêft in stimme. Marij. Hat grif te folle sikehûssearjes sjoen. 'Sis even wat der is. Dan kinne wy wat dwaan.'
'Pineholle,' mompelje ik.
'Wolst in paracetamoltsje?'
'Earst wat ite.' Miskien dat dan it sangerjende gefoel yn it liif ophâldt.
Mei in klap giet de doar iepen. 'Is Willem dronken?' ropt ien.
'Ssst, hâld dy de bek. Hy is siik.' In donker lûd. Moat Liban wêze. Dy ha ik soks noch noait sizzen heard. De doar giet súntsjes ticht. Gemompel op 'e gong.
'Sil ik in pear beskútsjes foar dy smarre, Willem? Dy
| |
| |
yt ús mem ek altyd as se in migrêne-oanfal hat,' flústert Marij.
Foarsichtich knik ik, mar ûnderwilens tink ik: migrêne? Wat in âldewivekwaal. Dat ha ik noch noait hân!
'Ek wat tee?'
Ik knik wer. Bonk-bonk-bonk. Marij komt oerein en giet fuort.
'Kin ik noch wat dwaan?' freget Liban.
'Neat,' sis ik. Lit elkenien ophoepelje! Rêst wol ik!
'Sterkte,' seit Liban. Hy docht de doar achter him ticht en dan bin ik allinne.
Ik lis de earms oer de eagen en fernim dat der triennen ûnder de eachleden weikrûpe. Wie ik mar dea.
In lange dei. Brokkelich. Sa no en dan komt Marij lâns om te freegjen oft ik ergens ferlet fan ha. Nee. Gjin iten.
Ik jei alles der út.
In nije holle soe net ferkeard wêze.
De middeis is it stil. Se binne mei de wurkstikken dwaande, ergens op it eilân.
Ut en troch fal ik yn 'e sliep. Moat der geregeld ôf te pisjen. Dan wankelje ik nei de húskes. De mage stiet op 'e kop, mar ik wit dat ik gjin finger yn 'e kiel stekke moat. Der komt allinnich goare, bittere galle, dat ha ik fan 'e moarn al fernaam.
As ik wer wekker wurd, sit Marij op 'e râne fan it bêd. Se sjocht my earnstich oan.
'Wol it wer in bytsje?' freget se.
Foarsichtich beweech ik de holle. Ik fiel neat.
'Better,' antwurdzje ik. It klinkt rau. Dat komt fan it spuien. Krastus, wat stjonk ik út 'e bek, ik skamje my dea.
'Hoe kaam dit sa?'
'Ik hie dreamd, fan ús heit. We wiene oan it draakjefleanen op it strân en doe...'
'En doe?'
'Liet er my yn 'e steek.' Ik kear de holle ôf.
It is stil, oant Marij freget: 'Wolst wat ite?'
| |
| |
'Ik ha wol honger.'
'Goed, dan helje ik wat.'
As se fuort is, freegje ik my ôf hoe't ik it yn 'e holle krige om oer heit te begjinnen. Ik ha der daliks spyt fan, want wa wit begjint se der mei oaren oer te praten. Tagelyk bin ik te wurch om my der drok oer te meitsjen.
Fan it iten, in jirpeltsje en appelsmots mei as neigesetsje wat fla, knap ik op. Boppe it linkereach driuwt allinne noch in donker wolkje.
Ik kom fan 't bêd ôf as in âld mantsje, pak in handoek en klean en gean nei de dûsen. De doar lit ik iepen want as ik der hinne fal, jout it sa'n gesoademiter. In kertierke letter lis ik wer op bêd, triljend fan slopte, mar skjin en fris. Daliks fal ik yn 'e sliep.
|
|