tiden wurkje, hat frege oft ik de lieding op my nimme wol,' leit Lys út.
'Kinne se gjin oaren krije?' freget Brenda. 'In jongeren of sa?'
'Se wolle de bêste ha,' seit Simen. 'En dat is jim mem.'
'O,' seit Brenda en it klinkt as fynt se it mar neat. 'Geweldich. Docht mem it?'
Ik begryp har net, ik soe hartstikke grutsk wêze.
'Ik tink it wol,' seit Lys, 'mar der moat fan te foaren al it ien en oar regele wurde. Ik sil minder faak thús wêze. It is in baan fan fjouwer dagen yn 'e wike. Ien dei frij en no en dan jûns der op út.'
'Dat wurdt oanpakken, famkes. In moaie gelegenheid foar jim om it itensieden te learen,' seit Simen.
'Mocht heit wolle,' spat Brenda op. 'Doch net sa âlderwetsk. Omdat wy froulju binne seker.'
Ik gniis omdat se froulju seit, mar Brenda fernimt neat en giet troch: 'Wy ha it drok genôch mei it learen en ik ferdom it. Komt heit sels mar earder thús.'
'Dat is ek in mooglikheid,' seit Lys.
'Ho ris efkes,' ropt Simen, 'dat ha ik net sein!'
'Wy tinke der earst goed oer nei, ik hoech hjoed net te besluten.' Lys bliuwt kalm. 'Miskien kinne wy in advertinsje sette om in help te finen foar ien of twa moarntiden.'
'In frjemden oer de flier, hoe krigest it yn 'e plasse!'
Simen wynt him hieltyd mear op. 'Aanst binne der mear frjemden yn 'e hûs as ús eigen húshâlding! Do kinst tsjin gjinien nee sizze, dat is dyn kwaal!'
Wat in rotopmerking. It is yn ien kear stil. Jaike sjocht strak nei it lege komke. Tusken har teisters glinstert in trien.
Ik wit net wat ik sizze maat. It is net de earste rúzje dy't ik meimeitsje, foaral Simen en Brenda kinne flink botse, mar no is Jaike der ek by en dat is oars.
'Ik fyn it kut, dat heit dat seit. Kut, kut, kut, omdat Jaike en Willem der by sitte en neat werom sizze kinne.