| |
| |
| |
1
Fansels komt heit net mei. Hy hat in rûnlieding, sei er troch de tillefoan en hy sil itselde stomme ferhaal oer it eilän foar de tûzenste kear fertelle, fan de skiednis, de natoer, de sêgen en leginden. Elkenien: toeristen, syn wurk, de hiele wräld, giet foar by syn soan, by syn beide bern.
Moarn bringt ús mem Jaike, myn suske fan tolve. Se komt ek by Simen en Lys, ús omke en tante, te wenjen, want op it eilän is gjin gymnasium. Om't der ek gjin boppebou fan de havo is, wenje ik hjir al sûnt in jier. In ferlern jier eins, want ik bin sitten bleaun om't ik gjin flikker útfierd ha. Al myn bûsjild ha ik nei de bioskoop en it Filmhûs tôge en ademleas de iene nei de oare film besjoen. Dat is wat oars as tv en dvd!
Ik doch in bloeze oan en gniis nei mysels. Gjin gesicht: dat slûke striehier, dy blokte beugelbek en - as woene de hormoanen my ekstra peste - in glänzjend reade pûkel njonken de noas. Krekt no't ik foar it earst mei Angelique útgean sil!
De ôfrûne wike kaam ik har hieltyd tsjin yn 'e stêd. Ferline skoaljier siet se in klasse leger, mar dat feroaret aanst. Se kaam spontaan op my ôf, we ha op terraskes sitten, no en dan poold en it gesellich hân. Yn in pear dagen wie ik ferlyfd en sy grif ek op my, want oars hie se my foar jûn net útfrege. Wy sieten tegearre op in bankje en seagen út oer de gracht, wylst har tonge bedachtsum oan de iislolly slikke. Ik woe dat ik de iislolly wie!
| |
| |
Wie it mar jûn, ik wol har tútsje. Om mei te begjinnen, sis ik stikem tsjin my sels wylst myn hân nei ûnderen ta ôfdwaalt.
'Willem! Do soest toch fuort? Komst noch!' Brenda, myn skattige nichtsje fan trettjin, stiet ûnderoan de trep te razen. Ik skrik my dea en doch de broek rjocht. Mei sa'n tinte kin ik net oankomme, ôfkuolje jong!
'Jaa,' raas ik werom. Gau doch ik de bloes út, dy is net stoer, en pak in T-shirt sûnder mouwen, sadat de spieren dy't ik dizze simmer oankweekt ha goed ta har rjocht komme. Ik besprinkelje de wangen mei in lekker luchtsje en besjoch my nochris yn 'e spegel. No bin ik der klear foar.
We rinne werom nei myn fyts. Fan binnen laitsje ik: sjoch my noris, ik kin it hast net leauwe. Hân yn hân mei in famke en wat foar ien! Har donkere eagen sjogge nei my op, har reade mûle glânzet, ik wol har tútsje en streakje, dat lange hier, dy stevige boarsten, by har rêch lâns nei ûnderen nei har stevige kont.
'We binne der, Willem.'
Se laket nei my en ik sjoch de blokjes fan har beugel glinsterjen. 'Sil ik foar op 'e stange sitten gean?'
As we fytse fiel ik har hier yn myn gesicht kribeljen en snúf ik in hearlik luchtsje op.
It wie gesellich yn 'e stêd mei ferskillende iepenloft-konserten fan groepen en orkesten en koarte teateroptredens om it publyk op te waarmjen foar it nije winterseizoen.
'Hjir is it.' Angelique springt fan de fyts. Ik parkear him tsjin de strjitlampe en rin mei har nei de foardoar.
Krekt bûten it ljocht fan de lampe sjocht se my oan, ferwachtingsfol. Ik bin daliks klear om oan har ferwachtings te foldwaan en bûch my nei har ta. Har sachte lippen tsjin mines. Myn linkerhân hâld ik yn har nekke om har holle te stjoeren, wylst ik mei de rjochterhân har spikerbroek streakje. Troch de teisters sjoch ik har tichte
| |
| |
eagen, wit ik har smeekjende mûle.
Ik doch de mûle mear iepen en sykje har tonge, earst taastend, dan heftich, kronkeljend. Se smakket in bytsje swiet fan de cola mei wat sigarettereek der tuskentroch. Lekker. Ik fyn dat ik it der net raar ôfbring. It is krekt in film.
Us tosken reitsje inoar.
'Uuuuh,' kroant se en ik tink dat se it lekker fynt, dat ik set nochris ta, kroan ek wat. It wurdt in heftige film.
'Hosj,' gnoarret se en se besiket har werom te lûken.
'Au,' raas ik. Us beugels moatte inoar ergens rekke ha en mei de heakjes yninoar sitte.
'Uuuuh,' doch ik no ek. Ik pak Angelique har gesicht beet, want se docht my te panikerich en aanst binne ús beugels oan smots. Silst heit en mem hearre wat soks kostet!
Hiel foarsichtich, de mûle yn it wiidst iepen, manoeuvrearje ik heakjes en blokjes útinoar.
'Stommeling!' systert se. 'Kinst net iens fetsoenlik tútsje mei dyn ûnnoazele beugelbek!'
Ferbjustere lit ik it oer my hinne komme. We binne toch ferlyfd? Sy net dan? Wêrom die se dan ferline wike sa aardich? Wêrom docht se no sa? It moat de skrik wêze.
'Kom op,' sis ik, 'we besykje it noch in kear.'
'Mochtst wolle,' seit se kattich, 'ik sil de oare fammen warskôgje dat se neat mei dy hoege te begjinnen salang asto dy beugel hast. As it oait wat wurdt. Bist in achterlike eilanner dy't in bytsje swijend ynteressant en stoer besiket te dwaan, wylst hielendal neat foarstelst.'
'Hè, wat seist no? Doch net sa stom, je!' De hiele romantyk is nei de kloaten. Ik begryp net wêr't se it oer hat.
'Praat marris mei Roland, fan vwo 6, dy kin dy fertelle wat famkes lekker fine,' advisearret Angelique.
Roland? O, se hat it oer de mislearre tút. Dêr gean ik daliks op yn. 'Gjin wûnder, hy oefent alle wykeinen. Dan spilet er seksfilms nei mei in opblaaspop.' Angelique is
| |
| |
wier de iennige net, dy't rottich dwaan kin.
Mei grutte eagen sjocht se my oan. 'Opblaaspop?' Dan jout se my in dúst. 'Idioat! Hâldst my foar de gek!'
Ik narje noch even lekker troch. 'Freegje de oare famkes mar. Dan silst it hearre. Hy kin it op minstens tachtich manieren. Miskien hat er ek wat spesjaals foar beugelfamkes.'
'Klier!' Se jout my noch in stomp, draait har om en begjint yn har taske te graven. 'Wêr is dat rotding?' foetert se.
'Yn 'e bûse miskien?'
Se docht in taast. Ja! Nidich sjocht se my oan. Ik jou har in lêste tút ergens healwei it wang en it ear. 'De mazzel.'
Ik pak de fyts en stap op. Nidich traapje ik troch de stille strjitten. Wêr is it mis gien? Yn gedachten gean ik alles bylâns. De jûn wie gesellich oant de beugeltút. Ik hie der sa'n soad fan ferwachte, in nij skoaljier mei in echte freondinne!
Ien kear bûten de stêd kom ik ta rêst. Ek al is it tsjuster, ik wit de romte om my hinne, it flakke wide lân ôfwiksele mei hjir en dêr in pleats, en mei doarpen om in tsjerketoer. Ik genietsje fan de rook fan farsk meand gers.
De augustusnacht is helder en sacht. Myn gedachten geane werom nei Angelique. As se my stom fûn, wêrom socht se dan kontakt mei my? Omdat ik in jier âlder bin, omdat se my ynteressant fûn of omdat ik fan in eilân kom? Dat wol ik krekt ferjitte! Sil ik famkes oait begripe? Ik wurd wer lilk: se hat my ek noch in protte jild koste, om't ik har in pear kear traktearre ha. Wat ik dizze fakânsje fertsjinne ha moat eins by de bank op 'e rekken stean bliuwe oant it genôch is foar in fideokamera. In echt goeie, in digitale, sadat ik myn eigen films meitsje kin. Yn gedachten doch ik dat hiel faak, fan doe't ik lyts wie of as ik dreamd ha. By Brouwers yn 'e stêd ha se de bêste. En ik kin it witte, want ik stean my geregeld te fergapjen foar
| |
| |
de etalaazje. Stom dat ik net in baantsje ha mei, sa sjit it noait op.
As ik thúskom is fuort dúdlik dat Simen fynt dat ik te let bin. Der brâne gjin lampen mear, der stiet net in beker molke mei in pear stikken bôle foar my klear. Oars smart Lys seis broggen - moatst goed ite no'st yn 'e groei bist - mar Simen sil wol sein ha dat ik dan earder thús wêze moatten hie.
My bêst genôch, ik set de flesse cola oan 'e mûle en sûp in heale liter op om daliks in pear knallende boeren te litten. Lekker, dat jout romte. Ik doch de iterskast iepen en sneup yn 'e trompkes om. Ha, fulde koeken. It binne gewoane fabryksdingen, mar ik kin dochs wol trije op. As ik foar de nacht neat yt, wurd ik tsjin fjouweren wekker fan de honger.
Sil ik noch efkes tillevyzje sjen? Op freed is der miskien in film mei bleat en seks en dêr ha ik wol sin oan no't it út is mei Angelique. Hoewol, it hat fansels noait oan west. Stom bern, ik wyn my wer op. Dochs mar gjin tv. Al fynt Simen it foar my oan 'e lette kant, dat wol net sizze dat er sliept. En ik ha gjin nocht oan getonger oer sûnens en skoalle en dat soarte fan aaklichheden, dat ik nim noch ien fuld koekje en set ôf nei boppen ta.
'Hast al toskboarstele?' besiket er sêft te brommen.
'Doch ik daliks.'
Sjochst wol, hy sliept net.
Ik moat noch in trep heger. No't Jaike moarn komt en myn keamer oernimt, is op it dak in kapeltsje set, sadat der romte is foar in ekstra sliepkeamer.
Jaike. No tink ik dochs wer oan har. En oan mem, dy't har bringt. En oan heit dy't thús bliuwt. Ik lûk it dekbêd oer de holle. Miskien wurd ik noait mear wekker.
'Willem, jim mem is der. En it is omtrint healwei alven.' Kut. Fierste betiid. Ik wol sliepe. De ien nei lêste dei dat ik útsliepe kin, makket Lys my wekker!
Yn juny wie ús mem hjir foar it lêst. Krekt op 'e dei
| |
| |
dat ik tafallich in ôfspraak hie mei myn mentor. Of wie it in oar? It kin neat skele, ik wie net thús en mem wie teloarsteld. Sei Lys. Se is mem har iennige suster.
Dêrnei ha ik de hiele grutte fakânsje wurke: yn de blombollen, yn de kassen of op it lân, oeral dêr't wat te fertsjinjen wie. Oeral, behalve thús, wylst ik dêr fansels sa oan 'e slach kind hie. Op in eilân is simmers altyd wurk. Heit en mem fûnen it mar neat dat ik alles regele hie, mar ik wie der bliid om. Sân wike thús, ik moast der net oan tinke. Mem is okee, mar heit! As ik him yn gedachten foar my sjoch, eksplodear ik hast. Ik begryp net wêrom't er my sa lilk meitsje kin. Is it omdat ik in heal jier fuort moast?
Filmke: it jonkje hâldt de mem har hân beet en sjocht nei har op. Se giet troch de knibbels en sjocht him lyk yn 'e eagen. 'Moatst in grutte jonge wêze,' seit se.
Acht jier wie ik doe't ik pesten waard omdat der wat mei ús heit wie op de skoalle dêr't er lesjoech. Mar wat? Se ha it my net ferteld en ik ha der noait nei frege. Ik wit allinnich noch dat mem my nei Simen en Lys brocht en sels werom gie nei heit en Jaike. Doe't ik nei de simmerfakânsje wer nei it eilân mocht, siet heit altyd yn de hut fan Steatsbos en woe Gerlof, myn bêste maat, neat mear fan my witte.
'Willem!' In brul fan Brenda.
Ik stek de fuotten bûten board. Op 'e râne fan it bêd bliuw ik even sitten en kom dan foarsichtich oerein. Ik stjit de tean tsjin in kast en raas it út. Op ien foet dûnsje ik troch de keamer en knal mei in doffe klap tsjin it skeane dak oan. Ik slach de earms om 'e holle en lit my op it bêd werom sakje om even te bekommen. Dan kom ik dochs wer oerein. Hastich doch ik myn T-shirt út, set de spuitbus op 'e oksels, klets wat wetter tsjin de holle en helje de hannen troch it hier. Sa moat it mar goed wêze. Nei't ik my oanklaaid ha, gean ik nei ûnderen. Ik hear mem har stem al yn 'e gong. Har lûd sil ik altyd kenne:
| |
| |
noch ien ferhaaltsje, Willem, dan moatst echt koese. It is krekt oft se oeral om laitsje moat, oft it libben ien grutte grap is, mar ik sjoch it net.
'Ha broer,' ropt Jaike as ik de keamer ynkom. Se draaft achter Brenda oan nei boppen ta, se wol grif har nije keamer besjen. Mem komt oerein. Alle kearen ferwûnderje ik my der oer dat se der sa jong útsjocht. It koarte, ljochte hier krôlet alle kanten út, se hat har in bytsje opmakke en se hat in read rokje mei in kleurich blommebloeske oan. Se jout my in hân en om my in tút op beide wangen te jaan, moat se al in bytsje rikke.
'Willem,' seit se, 'wat bist lang wurden.'
'En meager!' seit Lys. 'Mar wy jouwe him wier genäch te iten hear. Hoefalle broggen nimst alle dagen mei nei skoalle?'
'Fjirtjin,' antwurdzje ik en rin fierder nei de keuken.
Oars bin ik altyd roppich, mar no moat ik allinne boere. Ik hoech gjin iten, mar ik doch oft ik mei bôle oan it pielen bin, om foar te kommen dat Lys der oer begjint te seuren.
Ik set it pak molke oan 'e mûle om dochs wat yn 'e mage te hawwen en nim in pear slokken. Bah, goar. Ik wol fuort.
'Ik gean even, hear,' sis ik om 'e hoeke fan 'e doar.
'Dochst wol gesellich,' fynt Simen. 'Jim mem komt ek foar dy!'
'Fan 'e middei bliuw ik thús,' sis ik.
'Bist der iterstiid wer?' freget Lys.
'Fansels.' Ik doch posityf. 'It giet om iten, no?'
Simen laket: 'Kinst daliks sjen wat wy mei dy snotaap te stellen ha, Anne. Iten en famkes, dêr is er hyt op!'
Hastich klap ik de doar ticht, want de rest fan dat slop geouwehoer wol ik net hearre. Ik pak de fyts út it hok. It is moai waar om te fytsen. Gewoan, tusken de greiden troch en genietsje fan de fûgels dy't ik sjoch. Sûnt koart is der in mûzefalk te bewûnderjen. Alle kearen fyn ik it prachtich om te sjen hoe't er deastil yn 'e loft hinget
| |
| |
om dan mei gong nei ûnderen te dûken en even letter fuort te fleanen mei in sparteljend mûske yn 'e klauwen.
Opfrette of opfretten wurde, dêr draait it om.
De middei wol net foarby. We ite waarm, yn ferbân mei mem dy't oan 'e ein fan de middei werom giet. Lys is bliid dat mem der is en se praat en se freget, de fammen kwêkje oer famkesdingen en ik wrakselje my troch myn karbonaadsje en myn beantsjes. As heit meikaam wie, hie ik hielendal neat troch de kiel krije kind.
No en dan besiket Lys my yn it petear te belûken, mar dan ha ik hieltyd krekt de mûle fol en doch ik it ôf mei knikken en skodholjen.
Nei it iten help ik in hantsje en sis dan: 'Ik moat noch boeken kaftsje, in hiel soad.'
Mem sjocht ferslein, ik sjoch it wol, mar ik wit net wat ik sizze moat as ik yn 'e keamer bliuw. Ik ha neat te fertellen.
'As jim oan 'e kofje ta binne, dan roppe jim my mar.' Gau gean ik nei boppen, foardat ien my tsjinhâlde kin. Brenda en Jaike sitte al oeren op har keamers te kwebbeljen en te gibeljen, wêrom sil ik dan de hiele middei sosjaal wêze?
Ik set de computer oan en start in spultsje. Computerspultsjes binne gaaf ast rottige dingen ferjitte wolst. Mar al gau hear ik hoe't de keamerdoar sacht iepengiet. Ik draai my om: it is mem. Se bliuwt yn 'e doar stean.
'Kom fierder,' sis ik en kom oerein. Ik gean sels op it bêd sitten en wiis nei de burostoel. Ik fiel my stom. Hokker jonge is no ferlegen as syn eigen mem op syn keamer komt?
Mem rint de keamer yn en streaket my sêft oer it wang. 'Bist noch sacht,' seit se.
'Ik skear my soms al,' sis ik en ik hear sels hoe agressyf it klinkt.
'Krekt.' Se giet sitten. 'Hoe is 't mei dy? Echt?'
| |
| |
'Goed. It is wier goed.' Ik slok in dikke prop fuort.
'Dat sittenbliuwen komt omdat wy hjir hiel oars wurkje en ik moast earst wenne. Mar it komt wol goed.' Doch net sa senuweftich, stomme kloat.
'Ik bedoel net hoe't it op skoalle is, ik wol it oer dy ha.'
'It is goed, mem!'
Nei even swijen seit se: 'Wêrom hast de hiele fakânsje net thús west?'
'Ik hie it drok mei wurkjen, dat ha ik dochs útlein? As ik troch de wike in baantsje ha mei, hoech ik yn de simmerfakânsjes net sa hurd te wurkjen!'
'It is yntusken hast in jier ferlyn dat heit dy sjoen hat. Sûntsto hjir wennest hast leau ik twa kear de muoite naam om oer te kommen.'
'En dy wykeinen wiene gesellich, kom op hee! Heit siet yn de hutte en mem yn de winkel. Ik ha myn libben no hjir en dat fyn ik bêst genôch. Boppedat fynt heit it de muoite net wurdich om hjir te kommen.' Ik wit dat ik oerdriuw en dat ik ûnreedlik bin, mar ik kin net oars.
Mem suchtet en giet stean. 'Asto it sa wolst.'
'Ja, sa wol ik it.' Ik sjoch strak foar my út. Se jout my in tút en ferdwynt nei únderen ta. As Simen har in pear oeren letter nei de boat bringe sil, wol ik it leafst myn earmen om har hinne slaan en flústerje: 'Sorry mem, it spyt my, ik bin in kloat.'
Mar ik sjoch mei de bannen yn de bûsen ta hoe't se fan elkenien ôfskie nimt en hoe't Jaike har gûlend om 'e hals hinget. As se oan my ta is, gean ik even troch de knibbels sadat se my in tút jaan kin en mompelje: 'De mazzel, groeten oan heit.'
Dy jûns sitte wy ûnwennich om 'e tafel. Sa is it tenei: Lys en Jaike nêst inoar, Brenda en ik oan 'e oare kant en Simen oan it haad. De kearen dat Jaike hjir útfanhuze hat, sieten wy ek sa, mar no sil it gewoan wêze. Behalve as se op it eilân is, yn wykeinen en fakânsjes.
| |
| |
Jaike is stil, har eagen binne noch read.
Yn gedachten bin ik oan it filmjen.
Der sit in lins op de kamera dy't de bylden dizich makket. Of soest dat letter mei de computer bewurkje kinne? Ik wit it net, dat wol ik allegear leare.
Achter de reling in mem mei in berntsje op 'e earm. It jonkje stiet nêst har. Hy hat blauwe lipkes, al is er dik ynpakt. De mem knibbelt nêst him del en freget: 'Silst in grutte jonge wêze?'
Lys seit sa fleurich as se kin: 'Kom Jaike, moatst noch in stikje bôle ite. Ien brochje is net genôch.'
'Mei Jaike fannacht by my sliepe?' freget Brenda.
'Dan brûke wy de oare keamer foar de stúdzje.' Ik laitsje har rjocht yn it gesicht út. 'Sliepe op ien keamer? Studearje op ien keamer?'
Brenda is ferline jier mar krekt nei twa-havo oerkaam om't se op skoalle meast oan it keten wie. Simen wûn him doe geregeld op en se mocht de lêste moannen amper mear de doar út.
'Willem hat gelyk,' seit er dan ek daliks.
'Boppedat is it foar Jaike better as se út en troch de gelegenheid kriget om har werom te lûken,' fynt Lys.
'Miskien wol se ris nei har heit en mem skriuwe of belje en dêr hoechsto net altyd by te wêzen.'
Brenda sjocht beledige, mar nei't se even de kant fan Jaike útsjoen hat, hâldt se har stil om't dy wakker mei de eagen knippert. De triennen sitte noch heech.
'Wat mankeart jim hjoed?' freget Simen him ôf.
'Willem sit al sa mei syn bôle te boartsjen.'
'Lit dy bern,' seit Lys. 'Moarn is alles wer gewoan.'
|
|