| |
| |
| |
Yen suwnerlinge forhanlinge Fen Libbjen In fen Stearen.
't Izien bjuestre dwaen, dear 'k my naet noag oer forwonderje kin, dat de bodders aef aerbeiders, by minneare fen sprecken, de rin fenne Sinne forfirdigje, op datserestje mogge: dat dy Schyp-liue mei kreften syllje om ynne havne to kommen, in az jae 't lân fen fiere beloitsje jearm herts-wille uwtterje: Dat dy Bea-feart-reizgers fortoave nog rest habbe, for jearm reize fol-einge iz: In dat wy jiette (dy yn dizze wrâd fest-neille in buwn lyckje, az oon in yvigh yerd-wirck, dat fen oonhâdende onwaeren dreaun wirt, in trog so quea in hirdden wei fen kreften aef-nimme) d'einnel-pealle fen uwz op-leine slobbjen in boddjen, so werzjende oon-kommen sieane, uwz riuechte rest hâv'ne mei trienen oon-schoagje, in to uwz free, rest in lust-pleatse naet az mei ljea-schoddjen in schromjen nei ërje. Dit libben iz naet oorz az it Wob-teecke fen Penelope, dear einleaz hette oon to weevjen iz: Yen See dy oon alletouwer-wynnen oerjuwn wezzende, uws fen buwtte in fen binne on-ophâdlyck hoffnet: ien fortriettige lân-reise, dy trog oer-miert'ne kieald in hiett'ne, oer haege stege bergen, gruwweljinde woastenyen in striette scheineryen dien wirde moat. Dit witte wy wol to sizzen, az wy yn uws aerbeide binne, az wy oone rieme luwcke in disse illindighe wei lâns wânnelje. Mar az de deade uws aerbeide einghje wol, as dy uws de hân to-recket om ynne thuws-hav'ne in to helljen, az dy uws, nei soo folle pryck'le paeden in fortrietige herbergen, to uws riuechte honck-wengje bringe wol, so schoene
| |
| |
wy (yn stee fen uwz to forhuwgjen, trog it oonschoagjen fen uwz Fader-lân, in yn pleats fen sjongjen (oermits wy uwz wol-bejearde rest fest naekje) uwz aerbeid wol jearn weer-oon beginne wolle, it seil jiette reiz neye wyn keere, in (so 't uwz oarloave wier) uwz uwnck-wei oppe ny wânnelje. Den tinssje wy naet meer op uwz aerbeide, uwz fortrietten in schip-breckingen binne gled forjitten, in wy aengje for nin swierigheite meer. Mar yn jin-deel oongrynje wy de deade allyck de alderswierste pynne, schromje dy allyck in strân-klippe, in flean 'er for az for in great heapsen struwck-roavers. Wy dwae az dy lytse bern dy alle dei klaege habbe, mar az dy genez-maester komt, naet meer sjeack binne. Az dy jinge aeaeck dy de heele wycke ynne dwelm roan habbe to kiermjen, mar asse de hân-maester kommen sieane om dy uwt to luwcken, nin tosck-seertme meer fielle. Allyck aeaeck sommige klien-seerige minschen dy trog dy wamsteckende Pluwris-pynne gâlje in kiermje, jâ naet restje foor dat de Yer-litter komt; mar asse him dy fliemme hottjen sjeane om dy plaege to fornieljen, so tjeane se de earm oer beck, in bestopje him ondre wryn yn 't bod, oorz naet az aeft hy jearm salm deye woe. Wy freazje de heelmaester boppe de sjochte; dy plaester-lizzer meer az de pynne; de flieme meer az dy swolme. Wy ontsjea meer de bitterheite fen ien genez-drancke dy ringen for-by iz, den dy lang-doerjende smert-quolmende sjeacktme, meer it ein uwzer illinde, den dy tol-leaze illinden salm dy wy yn dit libben lye motte. Fen wier komt dogge dizze dwyl-in dwelm sinnige sljuecht-holligheite? Om dat wy naet witte het it libben, nog het de deade iz. Wy freazje 't jinge wy nei beheare to hoopjen, in wy bejearje 't jinge wy beheare to freazjen. Wy neamme dat libben, dat in doerheftige deade iz, in d'uwr-gong sen in langsomme slypjende deade (aef it oon-fangjen fen in yvig libben) hiette wy de deade. Lieave siz dogge reiz, het iz 'er tygges yn dit libben
dearme so jamck nei beheart to janckjen? aef het iz 'er queadz ynne deade datme so aeng beheart to ontflechtjen? Lit uwz de heele om-rin fen dit libben reiz trog noazje, Wy komme 'er yn mei gâlljen, wy troaje 't lânz mei moeite swit in slobbjen, in einigje 't mei fortriet: hoe lyts aef great, min aef folle, ryck aef earm wy binne, wy moate
| |
| |
dit deelheftig wezze, in ninter fenne heele ierd-boyeme kin hier fen ontslein wirde. De minsche (hier yn slimmer az oore cretuwren) wirt to wrâd brocht, him salm reppje, riere nog redde kinnende: hy het yn sijn eerste jieren formeits nog nochte, in det ien oorz naet az moeit in fortriet oon, trog-steande ontollycke prycklen eer hy to syn forstân komt. Yn ien saeaeck iz hy lockel lockiger az ynne oore folg-jieren, dat hy sijn illinde dan lyts fielt in jiette min begryppet. Iz 'er nu wol immen so klienmoedig dy altyd az in bern bejearje soe to libbjen, az 't him al berre moacht? aef dy socken libben hette achtje schoe? Dear uwt blycket deiklear, dat it naet inck'le goe iz to libbjen, mar wol in lockig to libbjen. Lit uwz nu ford ferre.
Az hy nu begint to waegsjen, so waegst in oon-groeit sijn aerbeid mei him. Want hy is naet so ringen fenne Amke nimd, in wit nauw het borttjen iz, aef wirt rju in schole-maester ond're hânne juwn. (ick petearje naet az fen dy jinge dy treftig op-fet wirde) Borttet hy den so bert it mei aengste. Iz 't dat hy studearet dat det hy werz-sinnigh, in al dy tyd dy hy onder in oorz bewâd trogtorssje moat, iz him naet oorz az in finzenisse. Hy peinzget nog bejearet naet den dat dy uwre komt dy im uwt in oorz betwange fryëet, op dat hy him salm rijearje mei: in forfirdget sijn jieren so folle muwglyck iz, dat hy to eere oon de bejearde fryheite reitsje mei. Einlinge hy bejeart nin saeaeck so ynfierne az it ein fen dizze bernschejeugd, om ynne jieren fenne jonge ljue to kommen. Mar lieave! het iz dog de yngong fen dy steate oorz, az de deade fenne bernscheite? it beginne fenne manlycke, aef boasckjieren de deade fenne feinte-steate? it beginne fen moarn, az de deade fen joed? Aldoz langjet hy den nei sijn deade, in achtjet sijn libben illindig. Wierom hy aeaeck naet for lockigh hâden wirde kin.
Az hy den, nei bejearte, dy fryheite forkrigge het, in komn iz to de jeld dear yn Hercules ker juwn wirde, aef 'er de wei fenne deugd, aef it paed fenne boazheite ynslaen woe, in aef 'er de reed'ne aef de herts-njue for gidze in liedsman bejeare, so moat hy aeaeck d'iene ig tsiezje. Den beginne dy flaesck-lusten in dy wrâdz-bejearten him mei tockjen, lockjen in troeteljen oon to lordigjen,
| |
| |
om him onforsioens t'oer-fâllen: In hoe lyts binn 'er dy herre dear trog wraegselje, in naet yn 't not reitsje. Mar het binne 't dogge for nochtten yn 't ein, dy-se him jane? Fordoarne formeitssen dy him altyd onrestigh meitssje. Willen, dy it berouwjen onderworpne binne, allyck de jocktme nei it kaerdjen byt-smerttet. Forblyingen dy mei pryckle in aerbeid op-spoare, yn in aegenblycke uwt-riuechtge, in mei in lang-doerjende knaeg-wierme yn 't meiwitten folge wirde. Dit iz de aerd in de natuwre fenne wrâdsche lust-luwckjende nochlyckheiten, asse mei ernstheftige nuiverheite ondertaest wirde. Want dear iz naet ien so swiet dy fen griene galle naet oerwâlge wirt. Naet ien so oongenamme fen smeits dy nin jinheit fen quea nei-smeitse jout. Jâ dat slimmer iz, dear iz naet ien so wol miett'ge dy ein-on-mietgjende pleage naet mei-in nei-slyppjende iz. Jiette spreck ick naet fen socke onnochtten, dy elckom salm klear kinnekin, az kibbjen, fiuechtjen, flechtjen, siochtgjen in oore fortrieten, dear yn de onbetochte jeugd herre sommes trog on-miettigheit, sommes aeaeck trog brea-dronckenheit bringt. Is 't nu so dat de formeitsen (dy'er yn schynne to wezzen) naet den on-nochten binne; in wirt herre pynne yn-swolge allyck dy bitte heite mei 't alssem-wetter, dear uwt is lieacht to merckjen hoe great in hoe gruwle-bitter dy onnochtten salm wezze motte. Hier habbe Y it heele libben fen in jong minsche, dy him (fen syn âders in maesters ontlestge) to alle moed-wille bejuwne, aef om syn flaesck-lusten to folgjen oonsteld het: wier trog hy naet oors dreauwn wirt az aef 'er fen in gruwlegaest besitten wier, fen waem hy sommes yn 't wetter, sommes yn 't fioer smytten, den op in toer sot, in to leste fen boppne dol hompe wirt.
Mar schien hy de reden, az in goe nolck paed-lieder, solgje wol, loitsje! so binner aeaeck biuestre swierigheiten for hânne: want den moat hy him to in doerheftig gefiuecht forfirdigje, altyd schrep in yn forwar stean, az wezzende fen fore, fen eftre, fenne ienne in oore ig, fen syn fynne beset, dy him on-ophâdlyck to keere giet. Het iz dat dogge for in fynne? Alle het im behaeget, alle het 'er siocht, einlinge dy greatste fynne dy 'er ynne wrâd het dat iz de wrâd salme. Mar dat slimmer iz, hy fielt
| |
| |
folle mock-laegen in to geare-spijlljende oer-ienluwdingen yn syn ein flaesck, dy to geare mei dy sortwyvle drift-siochtmen (dy yn dy jieren herre folle kreft in stercktme habbe) naet oorz syyckje den stuwne, uwre in for-fâlle om him to oerstjolpjen, in yn alle boazheite to dwaen om-rôaljen. Dy almoggene God, in nimmen oorz, mei him dizze wei uwt-kippjen dwaen. God allinne mei im dy dwaen to it uwt-eine bewânneljen. Dy goe God allinne kin him fen al syn strydjen in oon-fiuechtingen de oerwinninge jaen. Want wy loaitsje wol hoe lyts liue herre op dizze smôlle styckelwei bejaene, in hoe folle (fen dy jinge dy 'er al op begoast habbe) jiette weer oerbeck riggelje. Folgje nu hocker wei dat Y wolle, so moat Y jo de scheadlycke wol-lustme to buwt oer-jaen, aef in oon-hâdende gefiuecht oon-nimme. Y moate jo to moet-wolle bejaen, aef ynne teame hâde: Al swietjes sliuerckjende meye streame dôl-drieuwe, aef al wraegsiljinde in aerbeidjende dear jin opswomme. Yn 't kirte, siea Y in jong minsche, dy, yn syn jonge jieren, fenne yd'le forgoncklycke wrâdz wol-lusten, yn rommiettig heite droncken het, y sille befyne dat hy dear trog so fordoave wezze sil, allyck in dronckne bjealgert, deis nei 't gelaegjen him befielt: aef hy sil 'er socken, socken onluste fen habbe, dat hy 'er naet meer fen bejearje schil: aef hy sil 'er so wirgh fen wezze, dat hy 'er naet meer fen sprecke nog oon tinssje mei, az mei werze in leed-wezzen. Loaits'y op dy jinge dy de lusten manheftig jin-steane, Y sille befyne dat hy so aef-med iu forbritsen iz, fen on-ophâdlyck strydjen in jin-stean, dat hy ree stiet om him op to jaen, aef to stearen in him salm to forlitten. Kytse! dat sinte de willen in nochtten dy me yn dizze bloazjende jieren het, dear de bern so nei reck-halsje, in dy de âde liue so bekleye.
Nu komt de jelde fen in folkom'ne man, wier yn elckom op wittenschip tincket, in om sijn gemack to nimmen. Yn ien ding, 't iz wier, mei dizze âderdomme wol folkommen aef folmecke neamd wirde, om dat alle minschene on folkommenheite, (dy ondere sljuechte bernscheit aef lichtfirdige jongheite oerschuwlle wierne) yn dizze tyd ypenbierlycke to teane ontditsen wirde. Hier sille wy naet kâtje az fen dy jinge dy by de wrâde for wyz in lockig achte binne. Eerst habbe wy (so boppe forhelle iz) mei aengst- | |
| |
me bortte, in dear nei ienige kirtte nochlyckheiten nutge, dy oppe hacke mei lang-doerjende rouwe folge wirdne. Mar nu beginne dy gorrige giergheit in opblezene eer grittigheit jerm op to jaen in oon to pryzjen, belauwjende ryckdommen steat- in eeraemten az wy herre fliuechs oonbidde wolle. In, ynne wierheite, dear iz ninter fen alle (Goads tjienners uwt-nimd) dy om d'iene fen twaën, mei herre oon-lock jingen to forkryen, him naet fenne tjercke teck dôl-hompet. Mar het restlyckheite sille dy uwz yn 't lest oon-bringe? Want az in gierg minsche tuwzen reizen, to wetter in to lânne dien, folle prycklen in grymme to-fallen lit, forschate schip-breckingen mei rest-leaz aerbeid in aengste ontgien iz: so het hy trog-geans naet meer az tyd forquistgae, jâ de jichte, laemme ljea aef oore siocht-quolme oer-wonne. Habbjende om dizze rest syn gemack forlitten, in om jild in goed to gearjen syn libben forlearn. In aef hy nu al folle wonne, in 't heele aesten fenne kostlyckste pearlen ontbleate, in al it goald fenne westwrâd fuwne hie, mien Y dat 'er him der mei to rest stelle, in noeye litte schoe? Ninsinz: Want hy schil, trog al dit boddjen in slobbjen naet oorz den nye moeite for lichim in gaest forgeare habbe, yn 't to-komende: hy sil fenne iene moeite ynne oore ploffje. In it sil it ein naet wezze, mar in forwigselinge fenne iene ynne oore jaemerjende illindigheit. Want for hinne het hy se syycke to kryen, nu
gruwlet hy se to forliezjen. Eerst het hy se krigge mei in greate brân fen bejearte, nu besit hy se mei in ryzbosckjende aengste. Hy het greate pryckle fen moardners lit yn 't syyckjen, mar nu hy-se fuwn het, aenget hy for dy struwck-roavers meer az ea. Hy het greate aerbeid dien om dy uwtte ierde to dollen, in nu iz hy ommers so djoejende om dy dear yn forschuwljende to bedobbjen. Ynne somme, nei dat hy al sijn reizgjen folbrocht het so giet hy yn in finzenisse: in sijn lichemlycke aerbeide fol-einge, so wirt hy mei in on-eingjende onrest ynne gaest hoffne. In het het dizze earme bloed dogge to leste nei so folle fortrieten finzen? Naet oorz den dat dy dyvelsche giergheit 'im wijz macket, trog betauweringe in sin-begoechiljen, dat hy hette sonderlings forkrigge het: Onder diz giet 'et him allyck d'earme liue dy de deal wijz-macket, ondre schyne fen herre yn jearm
| |
| |
earmoed to holpe to wollen kommen, dy jearme hânnen fol bledden fyne, asse miendne dat it goaldne Friesche Ryders wierne. Hy besit, aef wirt besitten fen in ding, dat yn him salm kreft nog deugd het, dat nin pynne forseftje kin, jâ dat ontyger in onnutter iz den ienig kruwd oppe ierde. Einlinge hy het in heapsen tsaef in dong forgeare, dear trog hy so onforstânnig wirden iz, dat hy 'er syn holle mei kransget, hoe wol hy 't, mei riuecht wol ondre foet-sôale behearde to tredden. Mar az hy dit al het; noegget him den al wol? Jâ folle min az to fore. Wy pry zje jamck de dranck dear trog de treast steande-foets fordreauw in wei-nimd wirt: In it ytten dat (aeaeck lyts nutge) wol fet, wirt jinne hongre haeg achtge. Mar hoe-me hier meer aef drinckt hoe de toarst greater wirt, in hoe me 'er meer fen yt, hoe de hongre uwz meer pricket. It iz in wetter-sjocht, in huwnz-hongre, wier fen me eere borstje schoe den forsiedge wirde. In (dat gicker iz) dizze toarst iz so bjuester yn somge minsche, dat hy jearm dobben dolljen det, sonder herre dear fen drinck je to litten: Want yn oerfloede fen wetter in weet lye se treast in hongre. Jae habbe wol great goed, mar je doare 't naet bruwcke: it schynt dat jae it genietje, mar herre dear naet mei formeitsje. Want jae habbe 't, nogh for herre salme, nog for oore, mar fen al 't jinge jae habbe habbe se naet, in lye riu komm're fen 't jinge se jiette naet besitte. Lit uwz den sizze dat it forkryen fen dizzen falsche goedren naet iz den aerbeid yn 't lichims, in it besitten dear selle on-gerestheite ynne gaests, dy so folle greater in swier 'er iz, az de gaest spitsfynniger, inzeler in tier 'er iz den it flaesch. Mar de aller greatste illinde komt eerste oon knerssel-tosckjen, az me dizze goeden begint to forliezjen, asse trog schip-breck, plunderjen, fynschippe, brân aef herrelycke uwncken wei nimd wirde. Den begintme to gâlljen in to guwzjen allyck de lytse bern dy herre
bortreauwe forlern habbe, dat lycke-wol om naet iz. Y kinne jerm forstân naet ynprintje, dat alle wrâdz goeden forgoncklyck binne: Want jae hâde jearm naet allyck aef se beroave, mar aef s' al fild wierne. In om datse alle heel herre hoape op dizze naetige dingen set hiene, so komme se yn socken waen-hoape (trog dit forliezjen) dat me se dear naet uwt holpje kin. Jâ (dat jiette meer
| |
| |
iz) al 't jinghe datse miendne to winnen, reckenjeze forlearn to habben, az 't jier, nei jearm fornimmen naet lockt. In az herre altyd nin besondre sein to-fâllet, soo achtjese strackx gritte schea lit to habben: wier trog me sommige in socken forbiuesteringe siocht fâllen, datse herre libben dear trog sorkirttje. Kirt-om de leane fenne giergheidt, oer dy jinge dy se tjienne habbe, iz maest-tydz allyck de forjildinghe fenne dealle (dearse eerst uwt-spruwtte iz) dy, nei dat hy de wolle fen syn klircken lyts-tyds dien het, jearm dear nei oer-lieuwret ynne hânnen fenne boalle, aef salm de halze breckt. Ick forhellje jiette naet iens dy miz-dieden in boazheitten, dear to dizze gier-secken jearme bejaene, om to herre fornimmen to kommen, wier fen herre binne-witten so fol iz, dat se trog it knaegjen ninter-stuwne restje mogge. It iz uwz nôag, bewyzge to habben, dat trog dizze fyne dioejerye (wier mei folle minschen hier op ierde on-leegh sinte) it lichim oer- in uwt-kreftge, de gaest forslytten, in de siel forlern wirt, sonder ienighe nochtte aef fornoeyinghe.
Lit uwz nu hette fenne Eer-giergheitte petearje, dy trogh bejeartme om greatte maesters fenne wrâd to wirdden, jearme tyde gicklyck in onnutlyek det forslytjen: trog waem, soo wy hette meer aef syckerers miene to bekommen, sille uwz bedraegen fyne, oermits jae jiette min iz: Want allyck de Giergheit uws bedrieget, for al uwz moeite in slobbjen naet jaende az ierde, modder in waeze, also iz d'Eer-giergheite uws mei wyn in ryyck leanjende. De schins-jeften fen dizze binne ommers ydel-naetig, asse fenne oore grouw in plomp binne. Me wirt trog alle beide to ienerleye aef-gruwne laet: Mar dizze is so folle pryck'ler, az jer wettren ynne oonfange klearer in lieaflycker lyckje. Ondre jinge dy herre to de eer-giergheite bejuwn habbe, loaitsje y dat sommige by Keningen in Potesteaten great achtge binne, ienighe gebiedje oer legers in heerkreften, in y siea dat elckom nei syn steat groe ge, eere, in ontsioen wirt fen jearme dy onder herre steane. Y kytse dat se mei purpre, rea-scher-lecken in goald beklaeid geane, wier uwt it lycket datse allinne de wille fenne wrâd habbe. Mar me fielt naet hoe swier dat elcke lead
| |
| |
fen dizze yd'le eer-prealle jearm waeget. Me wit naet hoe folle dat disse eerbiedingen him wol kostje, in het yd're jelne fen disse kosslycke forwielle wol bedraeget. Want dy it witten 'er fen hie schoe se ninter-stuwne so djoer bejearje to keapjen. Want somge binne trog lange in swiere tjiensten to socken steate komn, jearm libben waege habbjende oon alle oerden, jâ folle-tydz mei forlieze fen earmen in schoncken: In dat al to bejearte fen ien Prince dy leare het tuwzen ponsmieten lân, uwt de bruwckme fen syn fynne, az it libben fen hondert-tuwzen socke minschen az jae binne: wezzende ommers wol onlockig datse sock ien tjienje dy jearm naet lieavet, in gick datse haeg achtge to wessen fen dy jinge, dy se om naet wol to traepje litte schoe. Oore binne to socken gloarje op-kleaun, om dat se de Prince neye muwlle spritsen, aef floite, in mei jearm tonge in hânnen tjienje habbe, sizzende in dwaende, sonder onderschie al het 'im behaeget, wier to in from hert him nea schoe bejaen kinne: Want jae habbe tuwzenerhânne smaed-huinjen lye motten, in jearm folle miele yn 't aensichte spye litten. In hoe gemiensem dat se aeaeck meye Prince lyckje to wezzen, lyckwol binne se as immen dy ien forschoerrende Lieuwe trog greate lysemheite, folle kaerdjen in troeteljen mack macke habbe, in dy salme ninter tyd ytten jaene, aef de hân, mei aengste oerbeck hellje, gruwjende altyd gryppe to wirdden: In jiette wirt hy wol ien reife yn 't Jier so byttne, dat hy 'er lang noag oon het. Allyck is aeaeck de uwt-komste fenne Prince-friuenen. Want as ienigh Prince, mei 'er tyd immen so haeg het dwaen klieuwen, soo iz it him in formeits, dy selle (as hy mient t'eine sen alle swierigheite to wezzen) yn kirter tyd fen boppne dol to smytten: in az hy immen mei folle ryckdomme in goeden op-folle het, so persset in knyppet hy 'im weer uwt, allyck in sponsje. Want jae lieavje nimmen az jearme salme, achtjende elck ien berne to wezzen om herre tjienst in
nochte to jaen. Dizze blynne hoavelingen meitsje jearm salm wyz dat se folle friuenen habbe, in haeg by de minschen achtge binne, in tinssje naet iensken dat (allyck jae jearm feinzje oore to beminjen in to eerjen) jearm fen ore allyk dien wirt.
| |
| |
Want dy meer maesters binne az jae, dy groetje herre naet az oerdwerze: dy onder jearm stea groetjese om datse se fen dwaen habbe, in bewyzje jearm steate, stoele in taberte, in naet jerm persoanen de eere. Oongeande dy jinge dy fen allycke condyssje aef steate binne (onder waem de friuenschippe wol maest behearde plygge to wirden) dy benydgje, lasterje in stecke elck-oorme, in binne altyd ongerest, aef om jearm ein ongelocke, aef om in oorz wol-ferte. In dear iz ommers nin greater torminte, az dy nydigheite, dy egentlycke oorz naet iz den ien baernende kjealdsjeacktme ynne gaest. Wier uwt nu wol to forstean iz, datse nin syckre friuenschippe habbe, dy altyd by forstânnige liue for in djoer-wirdig dinge hâden west iz. Bejeare y dit jiette klearer to siean?
Lit it lock herre de reg reiz to keere, elck ien sil aeaeck stracks fen jearm aef-dwerssje: litse ienskes aef-sot wirde, ringen silmese schean oonsiean: lit jearm dy heerlycke taeberte benimd wirde, nimmen silse meer kinne. In lit 'er in onbeheinte buffle mei dy oonsieanlyck heite oon-klaeid wirde, hy sil steans-foets (uwt kreft fen dy Steat-taebbert, genietje alle eerbiedinge in oonsiog, die de oore fore hinne bewyzge wirde. Ondertwissche wirdese so haeg in littinckne op quabbe, allyck dy Ezele, it byld Isidis kritssiende, sen alle eerbiedingen dy de goadinne oondien wirde. Jae merckje naet ienskes dat naet jearm personen mar it lock so eere wirt, dat 'im solle tydz fen herre, az fen in tuwn-esel draegje lit. Hier moacht immen sizze: Jae habbe to minste jearm wille soo lang az dy steate doeret, in binne ondertwissche jamck yn herre schick: In immen dy trye, fiouwer aef meer jieren goe daegen het, is ommers al sijn libben naet ongelockig. Dat is wier az me dit goe-daegen neamje mei, altyd to aengjen om fen syn steate forsot to wirden, in alle daegen to djoejen mei great janckjen om jiette haeger to klaerdjen. Lieave friuene dizze, dy y miene yu herre schick in nei herre sin to wezzen, om dat y se allinne fen buwtte sieane, dy sinte fen binne al folle oors ontheistre. Dit lyckje wol in moai mirsle fiusenhuwsen, mei folle dobben in Saeën dy fen binne mei tiuesterheite, wiermen in pyn-bancken fold binne. Y miene datse greate romte habbe, mar jae miene dat se benypt
| |
| |
in near binne: Y achtjese yn haege steate to wezzen, mar jae hâdet for ien kliene condyssje. Nu iz immen, dy him tinckje lit dat sieaek iz, wol so herteleaz, az ien dy yn wierheite siochtjende iz: want aef it schien Keningen wierne, in jae achtne jearm salm for scheamel-ruwtters in kôaters, so binne se aeaeck yn jearm gemoed naet oorz. Want nimmen iz aet oorz az hy mient. Y loaitsje wol datse sen folle tjienners in slyppe-folgjers forsilschippe wirde, mar jae freezje aeaeck dy jinge dy se selm to jearm beschermers in lyvschutten uwt-kerd habbe. In aeft jae allinne aef yn silschip sinte, altyd aengje se. Binnese allinne so kytsese alloon om, in onder folle silschippe stier-aegje se oon alle kanten. Jae drinck je wol uwt goald in sulvere byckers, mar yn dy, in naet yn ierdne koppen, wirt it maeste fornyn schinst in de deade 'er uwt swolge. Jae habbe sefte in schiene plom-bodden, in asse bejearje to restjen so heartme naet in muwz ynne keamere risseljen, ja naet in lang-schoncke migge kin se oon-gonzje, in lyckwol kin in lân-minsche better sliepje by it ruwzjen fen in rin-streame, aef it remoerjen fen in Jier-mercke (naet habbende az hirdde ierde to syn bult-seck, in de blauwe hymmel to syn teckne) az dizze in socken greaten stiltme in macklyckheite: Want jae dwaen naet az om-wranteljen in wrotten, altyd duchtjende datse immen kommen heare, in kinne yn herre rest ninsins restje. Byjearje Y, yn ien somme, to witten het onderschie 'er twissche herre, in dy quaelckst-hânle finsene liue iz? Alle beide binne se sletten, in habbe ien swiere lest to schoaftjen. In aef nu d'iene wol mei iersen in d'oore mei goald oerlâdne iz, so iz d'iene aeaeck naet sletten az oon earmen in schoncken, mar d'oore oone gaest in siele. De finzene slyppet syn iersne kettinge, in dy hoavelinge iz aeaeck yn syn fest-fyttre. Dy finsne fortreast it lichem jiette sommes trog dy gaest, in siongt wol in reiz mids yn syn illinde: Mar de
hoavelinge, aef-medde ynne gaest, quelt syn lichim on ephâdlycke, in kin 'im naet to reste bejaen. Belang ende 't fornoeyen dat Y miene datse habbe, dear yn binne Y jiette meer forbiuestre: Want Y achtjese great om datse haeg op-tein binne: Mar dat iz ommers so gickheftig dien, aef y in dwirg-manke, so great az in rôaz'ne tomme, heel great achtne om dat 'er op in toere, stinse aef haege wiere stoe. Alsoo
| |
| |
dwaende miette y 't byld meye foet-scheamle dear 't op stiet, dat y besondre miettje moastne, om syn haegste to witten: sieande op syn haegheite allinne, in naet op de haegte fenne soet dear it op rest, jâ tjog 'er de foet ond're wei, in y sille 't heel lyts befyne. Y reckenje herre aeaeck haeg (so hier oppe ierde ienige haechheite wezze kin, dy, by de hymmel forlycke, naet meer az in stippe iz) mar wier 't dat Y se yn 't hert kytssne, trog dien dy wierheftige greatheite yn 't klien-achtjen in forsmaedjen fen alle ydle haegheiten (dear jae mar earme sletsincken fen binne) gelegen iz: Wier for datse jearm salm aeaeck naet hâde, om datse aloon haeger klieuwe wolle, in ninter-tyd jearm bejearte beklaerdje.
Y sille muwlck wol immen syne, dy socken op-sot yn syn ynborste meitse sil: Az ick to socken steat komn bin, so wol ick my to reste bejaen, in noeye litte: Mar so ringen hy dear to komd iz, kin hy quaelck so lang toavje dat hy syn amme hellet, aef hy bejearet jiette haeger to klieuwen. Want dat nu to fore so haeg schynne, dat achtjet hy nu korts naet ien treppe to wezzen. Hy achtjet him heel leeg, om dat 'er immen boppe him iz, hoe-wol hy him haeg behearde to reckenjen, om datt 'er so tol-leaze mennigte onder him iz. Hierom klieuwese so lang to dat herre de amme to leste oppe wei bejout, aef datse fen boppne dol truwzelje: In aeft se schien trog lang aerbeid al op 't haegste komme, so iz 't aeft se op 't haegste fenne Alpische snie-bergen, mar naet boppe wolckne, wynnen in twierren wierne: Wezzende az den eerst to riuechte alle onwaeren, blixme, tongre, aengste in pryckle ynne tuwt juwne, wier trog herre haegmoed wol to tygge fornaetigd wirde kin. Dit punte sil y my, muwlck, wol to stean, om dat it uwt folle schyd-schrieuwers in daegelyck sche onder synninge bewyzd wirde kin: Mar by eventuwre sil y sizze, dat dy to de kroane in haed-stoack bern' binne, in fen berns-sconcke op yn socke haegheite set sinte, buwtte dear to aerbeide to habben, dat dy to minste fry binne fen dizze quolme, in wol lockig achtge wirde mogge.
It kin wol wezze datse dit ongemacke so wol naet fiele, om dat s'er yn berne in op-fet binne: Allyck dy jinge dy omtrint de
| |
| |
sluwzen fenne Nylle berne in optein binne, it ruwzjen dear salme wend binne: dy ynne finzenisse to wrâd komt nin great langjen neye fryheite het: dy by de Cimmeren, onder greate tiuesternisse tein in op-fet wirt, nei de dei naet luwckje: In dy op it Alpische bergte great-macke iz, oere miste, on-waer in snie him naet forwond'ret. Mar daerom binne se 'er naet fry aef, oermits de blixme sommes wol in pearlle fen jearme kroane buwck je, dy haed-stoack ynne fest brecke, mei in great heapsen snie oer-stoppje, in trog in onwaer fen droafheite in fortriet jearme 't forstân in de gaest fordompje in fortiuesterje kin. Jae binne wolkroane, mar mei in kroane dy, iu wierheite, fen haege-tuwcken in stycklen frissle iz. Jae habbe ien ryjear-staeve ynne hânne, mar fen reid, dat meer az ienig gewaegs ter wrâd fenne wyn hinne in weer slingre wirt. In forsyckerje jo, dat de kroane in ftaeve (yn pleats fen dit hert-swier to genezzen, in dizze sorge, in dit fortriet to fordrieuwen) de forneammeste oorsaeke in uwt-lieap iz, wier trog dy selle de minsche oon alle iggen to forzje. O kroane! (sei in Kening senne Perssen) dy wiste hoe swier du uwz oppe holle persseste, hy schoe dy naet op nimme wolle, al wier 't dat hy dy opp wei lizzen fuwn. Dizze Prince dy alle minsche lock ynne hân hie, so 't schynne: Dy elckom lock in ongelock, nei syn belieavjen, to-foegje koe: In alle liue (so 't him lit oon-siean) gerust meitse moacht: betjuwgt ommers klearlyck, dat hy fen al de wrâd (dy 'im onderdienigh wier) naet den fortriet in greate moeite hie. Het sille uwz aeaeck alle oore Vorsten sizze, asse uwz sliuechts neye wird andderdje wolle. Wy wolle naet freje dy jinge dy jearm libben, trog rampsilligheit yn ien schânlycke dead einge habbe: Nogh dy jinge dy herre Keningdomme by jearm libben bedobbjen sioene, in habbe jiette langh yn greate illinde libbe, nei datse fen jearme steate beroave wierne: Allyck Dyonyz fen Sisilien, dy better gerest
wier meye ryz-biezme ynne hân, om de bern fen Corinthen to gysseljen, az meye Steat-stoack om 't heel trye-hering Sisilien to rejearjen. AEf Sylla, dy nei dat hy 't gemiene beste fenne Reamere scheint, in de romme wrâde trogplondre in aef-schomme hie, jiette naet koe restje, eer dat hy fen salme (aeaeck mei greate pryckle) syn kreft in oerwiealdgjen del
| |
| |
leid in oerjuwn hie. Mar lit uwz dy Kening Salomon syn miengje aef-freje, dy mei sonderlinge oon-tjoglyckheite fen God begave, in ryck fen alle dinge wezzende, aeaeck it goald uwtte Ei-lannen kommen die: hy schil uwz trog ien besondre boeck onderrjuechtje, dat hy al it lock dear ierde bepreaun habbende, dear yn naet den ydel-naetigheite moeite, in knaeginge ynne gaest fuwn het. Lit uwz dy Kezer Augustum freje, dy ien fredige besittre fenne wyde wrâd wier, hy sil syn forlynne libben bekleye, dat trog brocht iz mei greate moeite, in sil de restlyckheite fen ien sliuecht minsche oppe ierde bejearje: achtjende dy dei haeg-lockig, wier yn hy him fen dizze ondraeglycke haegheite soe ontjean mogge, om ford-oon allyck in gemien man, yn rest to libbjen. Lit uwz aeaeck Tiberium, syn nei-folger freje: hy schil uwz bekin ne dat hy 't rycke az in wolve by d'earen hâdet, dat hy jearn forlitte schoe, so hy naet aenge bytten to wirdden. Wier oer hy 'im jamck beklaeget oer it Lock dat him so haeg op-tille, in dear nei de learde benimd hie dat hy naet weer dôl klieuwe koe. Foorts Deöcletianus, dy (nei de wrâd to sprecken) so wittne in deugdlycke Prince wier, sil syn salm-willige ballingschippe fen Salone haeger achtje, den it wräd-herskjende Roamsche Rycke. Einlinge Kezer Kaerl dy fijvde (dy hâdne wirt foor dy lockigste Prince dy 'er yn folle hondert jieren libbe het) sil uwz syn conquesteare oer-winsten, fictoarjen in seine-prealljen forflockje, in him naet schamje to sizzen, dat hy folle meer formeits in restlyckheit, yn it Kleastre, in yn syn ienigheite het, az yn syn alderhaegsteatlijckste libben. Sille wy nu socke liue lockigh reckenje om dizze gemiene, dy jearm salm dearom on-siliigh hôaldne, dy herre lock ijnne forleginge sijijckje, in oppe romme ierd-beame nin pleats fijne, om mei dizze haechheite restje to moggen, nog nin bod so goe dear op jae sliepje kinne? Ynne somme dy iz allinne to riuechte lockigh, dy
free in ien goe fornoeyen ijn sijn hert het: in onsillig boppe alle minschen iz dy, dy nea restlijcke in to free iz. So wier den Pier, Keninge fen Epiro wol on-lockig, dy de hele wrâd onder him twingje woe om rest to kryẽen, so hy peteare, in sijycke so fier, 't jinge nei by wol better to bekommen wier. Jiette on-silliger wier Alexandre, dy in great-machtigh Keninge bern
| |
| |
wezzende, in de hele ierdbeame, by nei, foroere habbende, so eer-giergh wier dat hy jiette meer Wrâdden sijycke, in wirde lyckewôl, binne trye daegen dear nei mei segz foetten ierde fornuwgge. Kirtom binnese oppe Alpische haegtne bern, jae wolle ynne hijmmel klieuwe: habbese alle Keningen oppe ierde tamme, soo sijyckese ynfijnjen om tjin God to plachtjen, wollende yn sijn bewâde in gebiede tredde: in hâde nin miette nog eine, to dat God jearm naetigh formiettne belaeitssjende, az jae nu oppe bopperste treppe miene to wezzen, al dizze opbliez'neheite to naete mecket, herre twang-stoacke ynne hânne sticken breckt, in herre, trog jearm ein kroane lit fordruwckje. Om den, sluwttende, mei ien wird to sizzen, het goe dat wy trogge eer-giergheite forkrye: Me lijt folle ongemack om ongemack to forgearjen: Me mient alle stuwne, mei it op klieuwjen, uwt it quea to reitsjen, mar hoe wy meer boddje om greater to wirden, hoe wy uwz salm meer ijn dit quea om-wrantelje. Ick kâtje hier naet fenne illinde dear jinger dy alle herre libben lang de kapproene neye wijn sot habbe, om dy mijldheit fenne hoassche fortuwne to ontfean, in jiette naet genietje habbe mogge, mar habbe, mei greate hertswier, oonloaitssje môaten dat it jild ynne hânnen fâln iz, fen ien dy 'er naet om aerbeide het: Nog fen dy jinge dy 'er so fioerigh om onder in oorkringje, datse 't forliezje, in to leste kommen dwaen ynne hannen fen ien tredde, dy him dearom nau iensken forrierd het: Nog fen socke dy 't al ijnne sesten habbe, dy so fest to-sluwtte dat 'et jearm trogge fingren fâlt. Want dizze binne dy ongelockigste achtge fen alle gearre, allijck se aeaeck sinte, oermits jae jearm salm dear for hâde. Hier uwt besluwtte wy dat alle dizze mijldigheiten, dy uwz fenne wijlde Wrigge (by meneare fen sprecken) to finstre ynwijd wirde, naet oorz binne az lif-leffjen, in al sijn jaen aef schinckjen naet oorz az laegen: In dat hy de
gick mei uwz schert, dy elckoorme buwtssje om socke fodderye, wier trogh dy maest-habbende dy ongelockigste iz.
Wol oon (sil Y muwlck sizze) dy gierge goarre het nin genotte fen al sijn goed: In dy eer-gierge wyn-borlle naet den on-rest in quea, In beaerbeidje jearm salme alle beid ien hol oppe wrâd. Mar
| |
| |
schoe 'er nu naet wol ien minsche wezze, dy ienige eertjienst betjiene, aef by ienige Prince him hâdende, sijn goeden swietjes schoe geniettje kinne, in sonder dizze dwelm-sinnige herts-driftmen to folgjen, ienige haechheite mei gerestheite in fornoeyinge fen sijn gaest bruwkje? Jâ yn foore-geande tyden, da de minschen dy âde ienfâdigheite in inkelheite jiette naet alleheel forlearn hiene, moacht it iensinz schean: Mar nei dy ongong fen joe-deiz siog ik nin middle om dear to to reitsjen: Want az y jo joe-deiz ynne gemiene saeken mingje, y moate ommers goe aeft quae dwaen. Dwaen y quae so habbe y God to fynne, in jon Mei-witten to in boalle, dy jo on-ophâd'lycke priem pricket. Dog y goe, so hab y de minschen, in onder dy de kreftigste to fynne, trog waems quea-wolligheite in nyde y bedjoept, in trog waems wriggerye y sonder op-hâden hoffne wirde. Behaeg e y de gemiente so behaegje y ien tuwzen-hollig on-djier, in om jerm to behaeghjen moat y jo salm mizhaeghje: Behaegje y jo salme soo mizhaegje y God: Behaegje y God, y stea yn tuwz'ne prycklen fenne wrâd, in habbe folle fortriet. In dearom azy de nolckste in nommelste liue fen dizze matearje petearjen harckje, soo sil y altyd heare datse mei op-sot, aef trogh wierheits krest dre aun, on-betochtsizze sille, dat 'er nin meer rest oppe ierde iz, az aef-sonderlyk in buwtte gemiente-tjienste to libbjen: Ja somge bekleye herre datse onder it rumoerjen fenne paleisen in hoaven libbje moatte, in tinssje op nin dinge meer az dear fen ontslein to moggen wirdden. Einlinge y siea nimmen dy nin mizhaegen het oon syn beroppinge, in winschet altyd nei ore liue betjienninge, hoe wol it nu wol ringen rouwje schoe, az hy 'er yn sot wirde. Nimmen noaget oon dy hânlinge dy syn jeld beteammet, in luwkjet aloon fen dy ontslein to wirden, hoewol hy de âderdomme jearn forlanghje schoe soo folle him muwglyck wier. Het sille wy den yn dizze fortwierringe des gaests
dwaen? Sille wy den om de riuechte beschiedenheit, beleeftheit in friuenlykheite to fynen, it silschip fenne minschen ontflean? in uwz ynne wâden forschuwllje bye wylde in bjuestre on-djier? Om on-miettige herts-driftmen to fornyen, uwz fenne mennighte der redelycke cretuwren aef-schiede? In om de boozhete fenne wrâd to ontkommen, uwtte wrâd gean? Wier 't dat wy socx dwaende restlycke libbje
| |
| |
moachtne, so wier 't so heel jamck naet to miz-pryzjen. Mar, ô laessje! alle minschen dy 't wol soene dwaen wolle, mogge naet, in dy 't al dwaene fyn 'er jiette socke fornoeilycke reste naet asse wol syyckje. Sommige hab 'er wol njue to, mar dy wrâdsche scheamte tjochtse oerbeck. Wier yn datse greatlyckx forbiuestre binne, datse herre schamje for dy jinge dy se yn herre herten fordoemje, in to rie geane meye greatste fynne dy se habbe. Yenige oore wirt fore hädne dat me 't gemiene best heheart to tjienjen, in jae loaitsje naet ienskes, dat dizze riets-line nimmen az herre salme tjienje. In dat dy maeste heapsen sen dy, it wol-fearte fen 't gemiene minst syyckje. Sommige wirt to forstean juwn datse trogh herre goe fore-gong oore liue forbetterje mogge. In jae trog-kytse naet dat tuw zen suwne minschen, jâ de heel-maester salme, yn in onstitsene Sted folle eere de Pestsieacktme krye, az fordrieuwe sille: In dat dear yn to kommen naet oorz den Goade tentearjen iz, oermits tijn socken stjonckende lofte nin better forhoedinge wezze kin, az 'er fen dinne to blieuwen. Einlinge allyck de swiette wettren ynne See rinnende her dy sâttigheite naet benimme, also lyts schoe aeaeck Loth, mei jiette ien twae trye fromme tjierllen syns gelycke ien hoaf aef Sted fen Sodoma forbetterje kinne. Oongeande nu dy forstânnigste minschen, dy (naet litser for herre siel az licheme bekomre sinte) in suwne lofte, fier fenne jerre-sea dear quea menearen syykje, in dy trog in Ingel Goads meye hân laet wezzende, yn tydz allyck Loth yn 't lyts stedrje Zoâr, uwt dizze fordearinge dear wrâd, in uwt dy Stedden dy mei dizze Pest bescherm-slingre binne, yn ienig pleats op 't lân flechtje, om jearm aldear mei yn fiernheite to ofenien yn ienige goadsillige wittenschippen in opteine oer-tinsingen. Ick lit wol to dat dizze yn socken nead-druwckjenden steat naet binne: mar oermidz jae salme jearme pryck'e mei bringe, so kinne
se herre dear fen aeaeck quealck besrye. Jae flechtje 't hoaf in wirde jiette 'er fen oon alle kanten bestorme. Jae syyckje de wrâd to ontflechtjen, in jiette folget jearm de wrâd to de deade to nei. In jae mogghe quealck ien hernke ynne wrâd fynne dear de wrâd herre aeaeck naet fynt, soo fioerigh syycktse herre to fordearren in to for- | |
| |
nieljen. In asse trog ien suwnerlinge graessje Goads for ien tyd fen dizze oerwjealdinge schyne forlosse to wezzen, so wirde se mei ienige earmoede beswiere, aef mei on-free binne huwz hoffne, aef aeaeck fen ien quea gaest forsyycke. Ynne somme datse de wrâd her altyd yn 't ien aef yn 't oor fen herre fiele. Mar it queaste fen alle iz, dat az wy fry binne fen al dizze stryde in aerbeide, so fiele wy jiette folle heftiger fiuechtinge yn uwz salme, tochtme tjinne redne, d'ierde jinne hymmle, jâ de wrâd salme kantjet im jinne wrâd, dy him al oon djiep yn uwz hert fyne lit, hoe jamck wy aeaeck aerbeidje mogge om dy to ontrinnen. Ick sil jiette meer sizze. Sommige jaene fore datse de wrâd forlitte wolle, in syykje dear trog d'eere fenne wrâd: ienige litte herre to az aef se de wrâd fotlitte wolle in de reg keere, in geane him az to sluwp to miette: Oore wegerje haege steaten om dear to bean to wirdne: Somge forschuwllje jearme dear for om dat me se dear to komme sil to syyckjen. Also iz de wrâd sommis onder ien momme-klaed huwzfestge, by dy jinge dy se schyne to ontflechtjen. Dit iz her bedrog: Az wy by folle minschen om-geane, jae het 'er her hoaf onder, syyckje wy de woastonye, jae het 'er hoallen in schuwlhernen onder, in forsyyckt de Heere Jesum ynne woastenye: Geane wy yn uwz salme, wy fijne 't 'er so on-himmel az aerne. Wy kinne de wrâd yn uwz naet stearren dwaen, aef wy moatte salm stearre: Want wy binne ynne wrâd, in de wrâd iz yn uwz, in wae him fenne wrâd aef-suwnerje wol, moat im fen 'im salm aefschiedje:
In dizze schiedinge wirt de deade neamme. Uwz tinckt dat wy uwt de Sted (dy mei Pest befinzen iz) fortein binne, in merckje naet dat wy dy quea loft al yn slorve habbe, dat wy de pest mei uwz toarssje, in ien lid-mate fen dy fordoarne Sted sinne, soo datse uwz ynne woastenye, jae oer berge in dôlle wol silschip hâde kin. Wy habbe dy bekliemiuge fen in oore wol ontwycke, mar habbe 't quea al yn uwz salm. Wy binne fortein fenne minschen, mar habbe de minsche uwt uwz salm naet fordreaun. Dizze hôl-geande See quelle uwz so jamck, dat wy dear fen weedomme yn 't herte fieldne, in bejearrig wierne om to spyen aef oer to jaen: in dear fen ontlestge to wirdne so binne wy fen 't iene schip yn 't oore, in uwt ien great yn ien lijtser oer-tredden. Wy miend- | |
| |
ne den wol gerest to wezzen, mar 't iz om naet: Want it sinte aloon dy selle wynen dy 'er waeye, in dy selle waegen dy 'er opstômje, in dy selle sin-driftmen dy uwz beroerje. Dear iz nin ore hav'ne nogh middle to stiltme az de deade. Wy wierne sieack yn ien keamer, dy oone striette aef oone mercke stoe, in habbe uwz yn ien efter-keamerke bringe litten, dearme so folle remoerjen naet heart; Mar hoewol dear nin gedjoei iz, dearom forlit uwz dy kieald-siochtme strax naet, in het dear trog aeaeck naet fen her kreft forlern. Dearom aef wy sommes it bod, de keamer aef it huwz foranderje, jâ fen it iene Lân yn 't oor tjea, so sille wy lykwol dy selle onrestlyck heite fijne, om dat wy uwz salm oer al meibringe, in naet so gysten aerbeidje om oore minschen to wirden, az yn oore pleatsen to kommen. Wy ontjea uwz fenne gebrecklyck aef fordoarne minschen, mar wy trossje uwz giergheite, eergiergheite, on-kuwsckheite in alle fordoarne herts-drieuwingen mei uwz, dy uws stees oon knaegje, in tuwzenreis deis op sijpple in loacke fen Egipten tinssjen dwaen. Jae fearkje altijd ynne schuwtte mei uwz, wierom wy buwtte schoaftjen aef op-hâden op dizze aef dy ig fen 't wetter habbe to
fiuechtjen. Moachtne wy dit pack (wier trog uwz gaest altijd bijtne in kraege wirt) fen uwz lizze, soo soone wy buwtte twyv'le wôl greate rest habbe, naet allinne ynne woastenye, mar aeaeck mids ondere greate mennigte minschen. Ynne somme it libben fenne minsche hier oppe ierde iz ien doerjende strijde. Binne wy befrye fenne oonslagen dy fen buwttne komme, so habbe wy uwz fen binne for dy binne-schuwlljende sluwp-laegen to wachtjen. Binne dy Grajen fortein, so habbe wy ien Sinon fen binne dy herre de pleats oer-lieuwret. Wy moatte altijd weitsje, in aeg ijn 't seil, in dy wapne by 'er hânne habbe, so wy naet rimpne oerfâllen, in uwz fijnne hânnen oerlieuwre wezze wolle. Mar hoe mogge wy dogge ijn 't ein hier fen ontslein wirde? Naet trog ienge beam-boascken, rin-wettren, aef bergen, naet dear trog datme him minglen onder it kringjen fen greate heapen minschen, aef datme ijn ien hôlle kuwlle allinne in oer-schuwlle kript: Dear iz mar ien middel, neamlijcke dy deade: Dy (schiedjende de gaest fen 't flaesch, dy schiene in lottre pertye uwzer sielen, senne on-himmele bejearten, dy her al- | |
| |
oon jin uwz sot, fore wrâd) free kin meitssje, trog dizze schiedinge, twissche 't jinge dat yn ien persoane to gearre foege, buwtte forstickjinge fenne gaest, naet den ien yvige schorttinge in scheelkin wezze. Belangjende nu dy fornoeinge dy de wyz-wittne yn iensemheite libbjende, yn herre oeffninge habbe, Az yn 't lezzen fen heilige in wrâdlycke boeckea, yn 't leeren fen wittenschippen in kinsten: Ick lit wol to dat it better iz az dy rasende jachte wier trog in great deel dear minschen (dy mei socken siochtme yn 't forstân bedwelme binne) poer forwyldre wirde. Lyckewol moat socx aeaeck al onder it besluwt fen dy alderhaegst-bewittenschipte Salomon buwggje, to witten: dat 'et by dy eerste schepping des minsches naet den ydelheite in pynnigjen des gaests iz. Sommige liue leere al herre libben trog, wol in beslypne
sprecken, in bekroadgje jearm naet iens om herre libben to betterjen. Oore sin-plachtje uwt herre betiuwg kunst (Logica) fen 't petearjen in herre siz-kunst, in forliezje faeck herre natuwrlyck heit kât-uwttjende forstân. d'Yene leert trog dy kunst fen reck enjen in hier yn fiouwer-in-tryttigen brôar, mei free, ein deelje kinne. Yen oor leert trog dy Miete-kinde (Geometria) it fjild já Stedden in Lânnen miette-lynjen, in hy sil him salm naet witte to miettigjen. Yen Muwsyck-sionger sil de teanen, luwden in wyzen wol oerien bringe, in hy schil alle on-iengheite yn 't hert, in alle dwerz-drieuwende herts-op-wâllingen ynne siel habbe. Dy Styrte-kytser sil om haeg loaitsje in onder ynne dobbe ploffje: Hy sil it to-kommene fore sizze, in it jinwirdige forjitte: Jâ sil faeck it aeg neye hymmel slaen, in 't hert djiep ynne ierde bedobbe habbe. Dy Wyz-siochtigert (Philosooph) sil wirdden-kauwelje fenne aerd in natuwre fen alle dingen, in sil him salm naet kinnen leere. Dy Genez-maestre sil oore heelie, mar blyn yn syn ein siochtme wezze: hy schil dy alderlytste forânringe yn ien oorz polze taestje, in dy baernende schod-siochtme fen syn siel naet fiele. De Schydnisse-schrieuwer schil de ôarlôage fen Thebes in fen Troajen witte, in het ticht om him iz naet mierckje. Dy Riuecht-geleerde sil alle wrâd wetten in kearren jaen, mar him salm nin wetten sette kinne. Einlinge dy Goad-geleerde sil it maest-deel fense tyd heel jamck fen 't gelôave sin-twistje kinne, mar sil fenne
| |
| |
lieafde naet folle kâttjen herckje wolle: Hy sil folle fen God petearje, in lyts bekomre wezze om syn neisten to holpjen. Al dizze wittenschippen ribseckje 't forstân sonder eine, mar fornoeye 't naet: Mar hoe m'er meer fen wit, hoe m'er meer fen bejearet to witten. Jae nimme dy onrestlycke sin-plachtjerye naet wei, dy de minsche yn him salme fielt: Jae genezze de sieacktme fen syn siele naet: Jae meitssje de minsche haeg-geleerd mar naet from: scherp-sinnig mar naet wyz. Jâ dat meer iz hoe m'er meer fen wit, ho me befynt dat 'er jiette folle meer fen by-aefter, in to leeren iz. Hoe de gaest 'ir meer aef forfolle iz, hoe hy 'im leger befielt, oermidz al it jinge minsche fen ienige kunste yn dizze wrâd leere mei, jiette fier wei 't klienste dele iz fen 't jing 'er jiette naet wit. Want al syn wittenheit leit yn 't bekennen fen syn on-wittenheite, in alle syn folmackentheit yn 't betjuwgjen fen syn on-folkommenheite: Fen waem socx bekend in oon-mercke wirt dat iz yn wierheit in forstânnig in folmacke man ondere minsche bern. Ynne somme, wy moate, mei Salomon, to dizze stippe komme: Dat de freze Goads it oonfange in it eine fenne wittenheite iz. In dat dizze wyzdom bye wrâd jiette for inckel nare-wirck uwt hoalle, in fen dy salme az in dead-fynne forfolge wirt. In allyck ien minsche dy God frezet nin quea beheart to freezjen, oermits alle quea him altyd to beste tygget, alsoo sil hy aeaeck yn dizze wrâd naet folle goe's forwachtje, om dat hy de dealle for syn swern fijnne het, dy ijnne heilige bledden ien oerste fenne wrâd neamd wirt. Mei het oaffninge den, dat wy uwz tijd trog bringe, soo komt de jeld uwz jiette oer, eer wy 't merckje, dy wy nogh trog in iensem, nog trog in gemien libben ondere minschen naet ontgean mogge. Elck ien het reckninge macke om mei de âderdomme to moggen restjen fen alle moeite, in nin bekomringe meer to habben, den om suwn ik restlijcke to libbjen: Ondertwissche iz
dizze tijd naet oorz az in geate fen it fore-geande quea, in yn 't gemiene in groeiheftige maei-tijde fen alle miz-dieden in gebrecken dy-se ijn 't fore-hinne-geande libben dien habbe. Yn dizze tijd hab Y de swackheite fenne bernsheite in oon-sioen forsilschippe iz. Yn dizze wird Y leane fenne oerdiede in onkuwsheite ynne jeugd bedreaun, fenne jichte, lindne-pijne, stien aef
| |
| |
san ijnne longstâlle aef bonge, in oore quolme, dy jo, mei in lyleaze seartme fen it iene lid fore in 't ore nei beroavje. Yn dizsalme wird y betelle fen it weitsjen, sorgjen in aerbeide des gaests, dat y yn jon manlycke jieren hând habbe, mei 't fortiuesterjen fen jon gesicht, gehoare in oore sinnen, dy jo d'iene fore in d'oore nei bejaene, uit-nimd it fiele fenne pyne. Dear iz naet in lid oon uwz dat de deade naet to pân nimt, aengjende dat wy uwz dei fen betelljen quealck sille hâde wolle. Wy habbe by-nei naet folle oon uwz dat naet stoarn iz, in naet to min libbje uwz gebrecken yn uwz, ja libbje naet allinne mar forjeugdje fen dei to dei, yn spytte fenne natuwre. Want dy goarjende giergert (hoe wol korts meye iene schonck yn 't graef wezzende) bedobbet jiette syn jild, naet oorz aef hy 't 'er schier-moarn jiette reiz weer uwt dollje schoe. De eer-gierge befelt yn syn uwtterste-wolle uwt-windige steat-prealle to syn uwt-fearte, in det syn opbliezneheit nei syn deade jiette libbjen in wynfetjen. Dy dertne onkuwsske dy naet langer meye foetten donssje kin, donsset meye schofte-bledden. Al dizze suwnen habbe him bejuwne, mar hy kin 'er jiette naet fen aef-schiede. It bern het neye jeugde forlange, mar dizze beklaegetse. De jonge tjierl het libbe heapjende op it to-kommene, mar dizze fielt it jinwirddig quea, in de fore-geande ydle nochtten berouwje him, in hy beloacket naet. dear hy yn 't to-komne nei winschje mei. Hy iz gicker az in bern, oermidz hy de tyd beklaeget dy naet meer oon 't quea dat hy 'er yn lit het. Hy iz illindiger az dy jonge-tjierl, oermidz hy nei in illindig libben, niet kinnende az illindig stearre, naet siocht ruwn om him den miztreastigheite in fortwyv'linge. Oonlangjende dy jinge dy, fen syn jeug de oon, de stryde tjin it flaesch in de wrâd oon-nimd het, dy so folle moeite dien het om him salme to stearren, in de wrâde fore tyd to forlitten: Dy him, boppe gewoontlycke illinde, jiette mei
dizze greate in on-genezlycke sieacktme fenne jelde beswiere fynt, fielt jiette faeck meer kreft yn syn fortorre flaesch, az ynne gaest. Lieave siz my dogge, het formeitse kin hy 'er yn habbe? den allinne dear yn, dat hy syn eine nei by, syn stryde eingje, in him ree siocht, omtrog 'e deade uwt dizze fortrietige finzenisse ontslein to moggen wirden? Dear yn hy de heele tyd
| |
| |
fen syn libben pynge in plaege wirden iz. Ick wol hier jiette naet iens petearje fen it on-tollycke quea dat de minsche ynne for schate âderdommen oerwiealdgjen komt: Az forlies fen Aders in friuenen, fordrieuwinge, forbân-smerte uwt syn in syn for-âders lân, misginsten in oore dy ynne wrâd gemien binne: Dat d'iene klaeget oer 't forstearren fen syn bern, d'oore dat 'er dy behâdne het: Dat d'iene gâllet oer de deade fen syn wyv, d'oore datse jiette libbet: dizze klaeget dat 'er to djiep ynne hôaf-tabert steckt, dy kiermt dat 'er 'er naet fierer noag yn is. De wrâd iz so fol fen quea dat m'et yn ien wrâd fol boeck-leaven quelck beschrieuwe schoekinne. Dit is noag, dat, so de minsche dy me d'al derlockigste neamet, syn lock in on-lock tjin elckoore einsere, hy schil him salm wol illindig achtje: In dy jinge dy sock in sock ien nu so lockig ôardlet, schoe nin trye daegen yn syn pleats wezze, aef hy foe-se de eerst-kommene jearn oerjaen. Ja dat hirder troait, yndien dy jinge dy yn al syn lock in foor-spoede, dat hy ea hânde het, oer-mierckje woe het al moeite in fortriet hy lit het, om dy to bekommen: in dy forkrygge habbende, jiette al dien het om dy to bewearjen, (want ick kâttje hier naet az fen nochtten dy-me bewearje kin, in naet fen socke dy ijn ien aegenblycke forgeane) hy sil uwt in trog him salme ôardelje, dat it to wachte nimmen falme fen it greatste lock oppe ierdne iz fol illinde in fortriet. Lit uwz den besluwttjende sizze, dat de bernsckheite naet is az in gicke sliuechtigheite: De jeugde in ydel-baernende hietne: De manheite in swiere bekomringe: In de jeld in fortrietlycke quolme: Dat uwz aegen naet binne az trienen: Uws formeitsingen tjienst-siochtme ynne gaest: Uws goe naet den moeite in pijne: Uwz haechheite in eer-prealle ien swiere lest fen ydelheite: Uwz rest ien onrestlijckheite. In it kommen fenne iene âderdomme ijnne oore, naet
oorz iz den fen 't iene yn 't oore quea to reitssjen, in fen in lijts to in greater: In dat d'iene wetter-waege altijd d'oore ford schuwt, te tijde to dat wy ijnne hâv'ne des deads komme. Lit uwz den to leste, siz ick, besluwttje, dat it libben naet iz az in bejeartme nei 't to-kommene, in ien berouwe fen 't forlijnne: In klien-achtinge fen 't jinge me smecke het, in ien niue to 't jinge me jiette naet prieuwke het: Yen ydle tinssing fenne forlynne
| |
| |
in ien on-sijckre forwachtjen fen ien to-komm'ne steate. Einlinge dat 'er yn 't heele libben naet syckerer iz, den de syckerheidt des Deads, in d'onsyckerheidt dear uwre fen dy salme.
Kytse! nu komt de deade uws to: Loaitse! hier begintse to naeckjen, dat wy so aengstig freezje. Nu stiet uws trog to noazjen aeft jae aeaeck soo quea iz, az-me uws wys macket, in aef wy dy soo schrilljende fliean motte, az wy gemienlycke dwaene. Wy freezje 'er fore, mar as de lytse bern for ien siamme aef in byld fen in hixse. Wy forschrickje 'er for, om dat wy it naet begryppje allycken it ynne wierheite iz, mar achtje 't droavigh, wread, freezlycke, allyck it fenne ferve-miellers oone moerre mielle wirt. Wy fluchtje for her: mar dat is om dat wy mei socke gicklycke ynbyldinge bedjupt binne, dearom dwae wy'er de tyd naet to, dat wy se iens rjuecht oon-schoagje. Lit uws mar stean blieuwe, in her stantheftiglycke, mei beide aegen oonkytssje, wy sille se wol oorz fijne az me se schildret, jâ mei friuenlyck er oonkyts as ien illindig libben.
De dead iz it eine fen dit libben, dit libben is in illindigheite in ien doerjende on-waer, soo is de deade den de uwt-komste fen uws illinde: In de muwlle fenne hâvne, dear yn wy fen alle storm-twierren befrye sille wirde. Schille wy den schromje dy uws uwtte illinde in klip-neade ynne hâvne tjocht? Y sille muwlck sizze dat 'er pynne yn 't stearren field wirt. Az ick jo dat tojou, soo moat y bekinne dat dat selle aeaeck yn 't genezzen fen ien wuwne schydet. In minsche saeken steane soo, dat nin quea wei-nimd nogh heele wirde kin, buwtte ien oore quea. Want om ien kniesinge (contusie) to genezzen, soo moatme 't eerst yn-flymje. Mar y schille sisse dat 'er greate swierigheite yn disse trog-gongh gelegen is: Dear is aeaeck nin hâvne dy nin neare in moeilycke yn-gongh het. AEaeck is dy yngong to de deade allinne fortrietlyck, as wy uws dy selle fortrietlycke meitssje, soo wy 'er mei ien fortrietlycke Gaest, onrestlyck gemoed, in mei forsaege in wanckle moedige tinssenisse to-komme: Mar lit 'er uws ien getreaste gaest, ien stantheftigh in bewisse gemoed to bringe, wy sille 'er pryckle nog swierigheite yn fyne. Mar trouwen, het pyne det uws de deade dogge oon? het kin jae dogge
| |
| |
bette je it jinge dat wy fiele? Wy beschildigje her fen al de pyrne dy wy yn 't eine fen uws libben lye; In oon-merckje naet ienskes het wy al folle meer smert in siochten lit habbe, in dat buwtte stearren: hoe folle hetsiger in swierer pynnen wy in dit libben field habbe, so dat wy dear trog de deade om holp lioentjene. Alle pynne dy uws dit libben, op uwt-gong, oon-det, lizze wy oppe deade, in trog-mierckje naet dat it libben mei folle forschate pynnen begoast in sol-libbe wezzende, aeaeck nin-sins buwtte dy felle eingje kin. Wy begryppje naet (siz ick) dat it uwt-eine fen uws libbjen, in naet de deade, uwz so hoffnet: dat it lest ein fen uws schyp-fearte uws so soer fâlt, in naet dy rest-hâv'ne dear wy yn komme sille, dy nwz dog oors naet wezze sil az in befryinge for alle wynnen. Wy bekleye uwz oer de deade, hoe wol wy uws, mei greater riuecht oer uws libben beheardne to bejamerjen. Allyck aefien, dy lang sieack wezzen hie, in dear nei suwn wirdende, dy leste pynne naet op it oerblieuwsille fenne siuwchtme, mar oppe suwnwirdinge lizze woe. Ljeave het is dea to wezzen oors to sizzen, den naet meer to libbjen op disse wrâd? Habbe wy aeaeck ienige pynne field, dae wy hier jiette naet wierne? Naet ynne wrâd to wessen is dat pynne? Lyckje wy ea better ien dea minsche den as wy slieppje? AEf habbe wy inter tyd meer rest, as yn dy uwre? Is dit den nin pijne, wierom beschildigje wy de deade den meer fenne pijnne, dy uws fen 't ein-uwtterjen uws libbens oon-dien wirt, as de tyd for de geboarte fenne smerte dy wy ynne geboarte lye? As dy libbens ijngong mei gâlljen schijd't, is 't den wondre dat de uwtgong him dear yn lijcket? So 't oongong uws wezzens yn pijnne begint, is 't den so bjuestre dat it ein aeaeck so-dienig is? Iz 't dat de tijd for uws geboarte (dae wy jiette naet wierne) sonder pijne wezzen is, in de stuwne uwses wezzens, yn 't tjin-deele, fol pijne, op wae schille wy den mei rjuecht, fen disse leste pijne
d'oorsaeke lisse, op it jin-wirdig wessen, aef oppe to-komne tyd wier yn wy naet binne? Wy litte uws tinssje dat wy den eerste stearre as wy uws leste amme-snicke uwt-walmje, in oerkoaje naet dat wy alle daegen, uwren, in aeghenblicken stearre. Wijlst wy libbje soo stearre wy, Wijlst wy waegssje forgeane wy. Wy geane naet ien stappe ijn dit libben, aef
| |
| |
wy komme de deade in tred ney'er. Dy it tredden-deele fen syn jieren belibbe het, dy het ien trodde-perte fen syn deade bekommen. Alle forlynne tyd uw zez libbens iz dea, dy jinwirdige tyd libbet in steart to gelycke, in de to-komme sil jiette fen gelycke stearre. De forlynne tyd iz naet meer, dy to-komme iz jiette naet, dy jinwirdige iz, in iz naet. Einlinge uwz heele libben iz nâet den ien deade, jâ allyck in kersse dy yn uwz lichem ontstitsen is, dy de wyn yn somge det oerrinnen aef raenen, yn oore stjealplinge uwt-bliest eerse jiette to healle is, in yn oore to eine uwtdoerret. It schyd den so 't wol, wylst dat se lieachtget soo forbaerntse: Her klearheit iz her fortiermjen, her schyns'le ien gauw forswingkjende ryyck: her leste fioer is aeaeck it leste fen it smoar in limme. Allyck is it libben fenne minsche aeaeck, libbjen in stearren iz ien ding ynne minsche. Wolle wy de leste amme de deade neamme, soo moatte wy alle oore sijcken aeaeck soo hiette, want jae komme alle gearre uwt ien pleats, in jae schyde op allycke wyze. Yen onderschie iz 'er jiette twissche dit libben, in 't jinge wy de deade neamme, to witten: Dat wy doerjende dit libben altyd hette habbe to stearen, in nei it selle naet fynne wier fen to libbjen. Ynne somme, dy jinge aeaeck dy lauwet dat de dead inklijcke it ein fenne minsche is, dy beheart 'im jiette naet to freezjen: Want dy langh bejeart to libbjen, dy bejeart lang to stearren: In dy rimpen aenget to stearren: dy aenget (om egentlycke to sprecken) naet to habben om langer to stearren. Mar de dead iz uwz (wy dy yn ien bettre schoale onderriuechtge binne) jiette wol in heel oor dingh. Wy behoave nin fortreastinge jinne deade allyck de heidnen, mar de dead salme beheert uws treast to wezzen, tjin alle oonstiettende fortrietten. Wy moate naet alle pielje, allijck jae dwaene, dat wy de deade naet freezje, mar moatte uwz aeaeck wenne dear nei to hôappjen: Want jae iz uwz allinne nin uwt-gong in eine fen 't
quea, mar in to-gong to alle goe. Jae is uws nin eine fen 't libben mar in eine fenne dead in it begin fen 't libben. Better, seit Salomon iz de dei des deads, den de dei dear geboarte. Wierom dat? Om dat it uwz leste dei naet is, mat de geboarte fen ien yvigh-doerjende dei. Onder dizze schiene klearheite schille wy nin berouwe fen it forlynne, nog langjen
| |
| |
nei it to-kommene habbe: Want it sil uwz al to gearre jinwirdigh wesse, in dit jinwirdig schil naet forgean. Wy schille den naet meer troaye nei ydel-naetige in moei-sillige wollustne, want wy sille mei oprjuechte in folkommene nochlyckheiten oer-miettne fold wezze. Wy sille uwz naet meer wirg meitssje om de ryyck in domppe fenne ierde to forgearjen, want de hymmel schil uwzers wezze. Dizze klonte ierde, dy uws altyd neye ierde tiocht, sil den ynne ierde bedobbe wezze. Wy fille naet meer so lestige bodderye dwaen, om fenne iene trappe oppe oore, in fenne iene steate to de oore to kommen; want wy schille haeg boppe alle haechheite fenne wrâd forhaege wesse, in sille fen boppne belaeitsje dy gick heite dear jinger dear oer wy uwz nu forwonderje, dy onder inkoare plockhierje allyck de bern om in saeck dy naet in aeple wird iz. Einlinge wy sille nin stryd meer habbe yn uws salme. Want uwz flaesch sil stoarn wezze, in de gaest sil folkomlycke libbje: Uwz ien-sinnigheiten (passien) sille bedobbe wesse, in de reden schil her uwt-breidje. Uws siele forloffe weffende fen disse fuwlle on-himmele finzenisse (dear in jae trog socken langen tyd by-nei wenne, in fortiermd wier) sil weer lofte krye, her âde wen-pleats kinne, in her eerste klearheite in wirdigheite weer be inssje. Want dit flaesch (mijn friuene) dat Y fiele, in dit lichim dat Y oon-riere, dat iz de minsche naet. De minsche is ynne hymmel bern, in de hymmel is syn aef-komste-lân, in syn lofte. Dat hy yn 't lichimme is, dat is allyck aef 'er uwt-bânne in besletten wier: Want de minsche is egentlycke siele in gaest. De minsche is fen ien hymmelsche in Godlycke lijckenisse in stâlle, dy naet plomps nog grouws yn her besluwt: In dit lichem (allyck it nu iz) iz naet oots as de schille, aef baste, fore siele in gaeste, dy neadwinding britsen wirde moat, as wy ontslettne wezze wolle, aef bejearje to libbjen in de dei to siean. Uws tinckt wol dat wy ienig libben in fiele
habbe, mar wy binne al forkromme, wy mogge uwz wjuecken naet uwt-spriedje, ick swy dat wy uws flecht neye hymmle nimme soene mogge, so langh as dizze ierdklonte naet fen uws nimd is: Wy loaitsje wol, mar trog brillen dy uwz bedriegje. Wy habbe wol aegen, mar mei fliuenen beditfen. Uws tinckt wy sjea, mar dat is trog in droame, dy uwz naet
| |
| |
den lieagen fore aege guwchlet. Al uws habben in witten is naet den ydelheite in bedriegerie. De dead allinne mei uws it libben in it siean jaen: in wy binne soo onforstânnigh dat wy miene dat uws dat selle dear trogh benimd wirt: Wy sizze dat wy Kerstenen binne, wy leauwje ien yvigh libben nei dit forgonckiijcke, wy leauwje dat de deade naet oors is az in schiedinge fen lichem in siel; Dat de siele weer-keert om her sillige reste fen God to nuttigjen, dy allinne alle goeheite salme is: in dat jae to leste dei jearm lichem weer oonnimme sil, dat den it fordear naet meer onderwijd wezze schil. Wy folle al uws boecken mei dit uwt-nimmend peteare: mar az it 'it to komt, soo schoddje in ljea-lillje wy allinne fenne deads namme, az for it onjouwlijckste on-djier oppe ierde. Iz 't dat wy leauje ir jinge wy 'er fen sizze, wierom freazje wy den lockig, gerest in better to free to wezzen ijn ien aegenblijcke, az wy ijn it langste libben schoene mogge wirde? Schille wy naet jin uwz tanck bekinne moatte, dat wy sockx boppe heale naet lieauwje? dat it naet oorz az wyn-wirdden binne? Dat al uwz peteare (allyck dy great-spreckers by 'e diske) naet iz az ydelpochjend' op-jaen? Y fijn 'er wol somge dy sizze: Ick wit wol dat ick uwt dit libben yn in oor better fearje, dear oon twyvelje ick aeaeck naet, mar ick freezje allinne dy tred dy twissche twijn iz, in fen my oer-lieapt wirde moat. O earmhertige minschen! Jae sille jearm salme korts daet habbe om herre earme kost hier to bekommen, jae schille, in oor to wolle, wol tuwzne pijnnen in ontollycke wuwnen fordrein habbe: jâ schille jearm yn greate pryckle fenne deade bejaen, om forgoncklycke dwaen, dat min az naet is, in dat muwlck mei jearm sil forgean. Mar asse mar ien tred behôavje oer to staepjen om to formeitse to kommen: naet to ien gemienne wille, mar so-dienige dy ninter minsche gaest het begrypje kind, soo ontsjiet herre 't hert, den freezjese, in jiette iz it sonderligste fen jearm quea
naet az aengstme. Litse my hier naet sizze, datse allinne for dy pynne freezje. Want dat iz mar in schuwl-klaed dearse jearm swack gelôave mei sykje to befloppjen. Want jae soene learre yviglycke weinje in kiermje oone jichte bliez-stearren. Jae schoene learre al uwz tiermjende fen lea to lea stearre, in jiette (so to sprecken) nei it fiele in forstân libbje,
| |
| |
den rimpne in ringen hinne to stearren, om strackx dear nei yvig to libbjen. Datse hier naet folle wirdden meitse, zizzende: wy bejearje mar libbjen to leeren yn dizze wrâd: Want elckom iz fen salm dear yn noagh leerd, in dear iz nimmen aef hy forstiet dy hanlinge wol. Dearom leere learre stearren yn dizze wrâd: In om ienskes wol to moggen stearren, so stear yn jo salme alle daegen, in stel jo so oon allyck aef it eine fen elcke dei, it eine fen jon libben wier. Mar dear iz naet datse noder in on-leaver hertse den it kâtjen fenne deade. Oonforstânnige minschen! wy pryckletearje uwz libben ynne bloed wauweljende tuwt fenne oorloge, om sân fleamschen sôalts deis: Jâ om in kliene buwtte sille wy d'firddigste oone storme wezze, in faeck mei pryckle fen lyv'in siel gean ter pleatse dear nin hôape iz fen weerom kommen. Mar az wy uwz fen alle pryckle ontlestgje, on-wirddearlycke dingen forkrye, in yn it yvige libben komme mogge: so feinzje wy uwz it trog-geen fen ien tred to freezjen, dear lyckwol nin swierigheite yn iz, az allinne it oon-gryppjen. Ja wy feinzje uwz so jamk, dat, so wy dy naet moastne passearje, mei aef tjin wolle, in dat God uwz jin uwz tanck goe dwaen woe, me soe nauw ien ynne heele wrâd fyne (hoe illindig in ramp-sillig hy aeaek wezze moacht) dy dy wei lanz troaje wolle schoe. In oor mei sizze: Wiert dat ick fijftig, tsestig, jieren libbe hie, ick soe wol to free wezze, in naet langer bejearje to libbjen: Mar 't is nin peteare dat ik so jong stearre schoe, ick behearde de wrâd ommers kinnen to leeren, fore dat ick 'er uwt schiede. O! earme onwittne minsche az y binne, dear iz yn dizze wrâd nog jonge nog âde. Want dy aller âdste forlycke by al it jinge forlijnne aef aeaek jinwirdig is, is nammers in stipke, In az y al libbe habbe to dy bejearde tyd fen jeld, so sil al it forlynne naet wezze, in sille jiette meer bejearje. Want fen it forlynne schil Y
naet behâde as beklei in leedwezzen, fen to-kommene naet den forwachtjen, in fen 't jinwirddige schille y nin benoeyen habbe. Y sille den ommers alsoo beret wezze om nye uwtstelle to forsyyckjen as foor hinne. Y ontgeane jon Schild-aescher fen môanne to môanne, fen termyne to termyne, in y schille him oppe leste dei so nei betelle wolle az oppe eerste. Dearom twijldst y dogge betellje moatte, so iz 'er naet better az 'im dear fen quyt to meitssjen.
| |
| |
Y habbe bepreaun al it jinge dat de wrâd nochlijck achtget, dear is naet nyys meer to forwachtjen: In schien y dear al faeck in follemiellig weer fen drinckje, y sille dear trog naet meer forsiedge wirdde: Want dit lichim dear y mei beheft binne, is allyk it boyemleaze fet fenne Danaïden, dat naet fold wirde kin. It lichim sil eere y sed binne fen it to bruwcken, aef, om better to sizzen, to mizbruwckjen. Y bejearje lang libben. Y bejearje ien lang libben om it selle to fordwaen yn onnutte nochlykheiten uwt to stirtten, in yn ydle naetigheite trog to bringen: Y binne gierg yn 't selle to bejearjen, in stirt-stjealpjende ynne bruwckme. Sizze my naet dat y it gemiene-best, jon Fader-lân, jâ God salme jearn hette langre tjienje woene. Want dy jo to wirck stelle, in dear in beroppne het, dy wit aeaeck wol hoe lang y dear yn wezze moatte, dy kin sijn wirck wol belizze: In az hy jo langer spearre, Y schoenet muwlck alle heel bedearre. Mar aef hy jo nu myldlijck for jon moeite beleanje woe, in so folle for ien heale, az in heele dei-hiere jaen woe: so folle, az y to dy mid-dei to aerbeide habbende, aeft y de lest in de hiettne fenne hele dei drein hiene, woe betellje: beheare y him des to jamcker naet to betanckjen? Mar so y de wierheit riuecht uwtterje woene: Y bekleye de saeken fenne Weduwe in Weze naet, dy y litten hebbe op it stippe fen 't wyzjen, nog it ampte dat y oon jon Heite, soone aef friuene naet woene betjienje: nog ienige geseinte boodschip, dy y willig wierne foor 't gemiene beste to dwaen. It iz jo aeaeck naet om de tjienst Goads, dy him folle better trog jo kin dwaen tjienjen, den y jo salm to tjienjen witte. Y bekleye jon huwzen, hoaven, fornimde oonslagen, mirsleryen, in jon onfolmacke libben, dat nin uwren, jieren, stuwnen nog tyden folmeitssje kin, mar y salme sille 't wol yn ien aegenblycke allinne beschickje, az y riuecht eernjende betinssje wolle, dat 'ir naet oon gelegen iz wenneer it in eine nimt, az 't
sliuechts wol eige wirt. Nu iz dit libben wol to eingjen, oorz naet den wollig to eingjen folgjende wollig de wolle Goads, in him naet luwcke to litten to 't jinge dat wezze moat. Om wollig to eingjen so moatme hôapje in naet freezje to stearren. Om to hôapjen so moatme hier neimaels, ien wisser, ien bettrer libben forwachtje: In om socx to forwachtjen so moatme God freezje, mar wae him riuecht freezet dy freezet nin ding ter
| |
| |
wrâde, in hoapjet oppet to-komne. Dy yn dizze sticken wol gruwnge iz, dy mei de deade naet oorz az ljeaf in wol-komme wezze, oermidz hy wol wit dat hy dear trog to ien wol-winsche rest komme sil. De pynne dy 'er yn wezze mei, dy schil mei swietigheite trog-huinnigge wezze: It lyen schil mei dy hôape drinst wirdde. De prieme fenne deade salme sil forstôarn wezze: Want dizze pjuecke iz naet az de aengstme: Jâ 'k sil jiette meer sizze, hy schil it quea datme ynne deade freazjet, naet allinne forachtje: mar sil aeaek tuwlckje mei alle ongelocken dear fore me yn 't libben so schrilljen de be-aengstge iz, in schil om al dizze buwze-mannen laeitssje. Want het kin hy dogge freezje dy nei 't stearen hôapjet? Wolme him uwt it Lân drieuwe? Hy wit dat hy aernze ien bettre Vader-lân het dearme him naet uwt jeye kin: In dat al dizze lânschippen naet oorz binne az herbergen dearme uwt schiede moat az 't de weerd beljeaft. Wolme him ynne finzenisse fytterje? Me kin him nin slimmer, fuwller, tjuestrer, onrestlycker in fortriettiger finzenisse jaen az sijn ein lichim. Jâ wolme him deye in fen dizze wrâd jeye? Dat iz 't jinge hy bejearet. AEf 't den trog fioer, trye daegen aef trye uwren to-giet, dear passet hy naet op. Want it iz him om 't selle, trog het portte dat hy uwt dit libben schaet, oermids syn dwaen altyd dien, in syn saeken ree binne: Wittende dat dy selle porte (wier trog hy uwt dit libben giet) ien yngong is fen ien lock-sillig yvig libben. Me kin him naet quea 'er drygje az mei 'e deade, in dat iz it dear hy 'im nei oonstellet: It queaste dat me him mei oon-dwaen iz dat me him stearren det, in dat iz 't jinge dear hy nei langjet. Dy dregeminten dear Lân-wriggen (Tyrannen) achtget hy for oon-laeitss jende belauwingen: de swirden fen syn fynne tjocht hy to sijn forndeele, want hy wit dat it dryggjen des deads oors naet is den onthiet des libbens, in dat dy aller-deadlycxte wuwnen in
quetzuren him oors naet dwaen mogge den onstearlyck meitssje. Yn 't kirt, dy God frezet dy frezet dy deade naet, in dy fore deade naet aenget dy schrommet for nin ding yn dit libbjen. Hier op sil y muwlck sizze: Iz de deade so haechlyck to winsckjen so beheartme sijn libben to forkirttjen, op dat me fen alle dizze queaën forlosse, in de to-komne goeën geniettje moachtne. Ick aengje forwier naet ienskes, dat wy trog it langh-halzjen
| |
| |
nei ienig goe, uwz libbjen ien aegenblijcke forkirttje schille. Want aeft 'er dy gaest wol nei reck-halzjet, soo sil it lichim, (dear mei de gaest befinzen iz) him jiette naet den to folle ney'e ierde tjean. AEaeck wol ick 'er dat naet uwt besluwtte: Want wy beheare to aerbeidjen om uwz flaesch to deyen in de wrâd dear uwt to jeyen, mar uwz salmeuwt de wrâd to holpjen iz uwz nin-sinz beôarlove. Yen Kerstne beheart mei njue uwt dit libben to schieden, in naet mei aengstme dear uwt to fluchtjen. Yen Kerstne iz fen God ordineare om yn dit libben to strijdjen, hy mei fijn rijgge (gelid) sonder schânne in op-spreckinge naet forlitte: mar so him dizze greate Haed-man beljeaft 'er uwt to roppen, dat hy den mei ien fry gemoed gehoarsamje, in de aef-tochte yn tanck nim. Want ien Kerstne iz naet bern, om him salme, mar om Goade to libbjen. Hy het sijn libben fen God az yn hiere, om it selle to besitten so lang az it him beljeaft, in om him dear mei to tjienjen. De egener mei 'im dat benimme az 't him beljeaft, mar de bruwcker mei 't naet forlitte az 't him to paffe komt. Stear y jong, tanckje 'er God for, allijck in Schipper dy trog ien kieljende forewijn ringen ynne behâdne hâvne komd iz. Stear y âd, tankje him lijckewol, want hab y hette min wijn in kieltme hând, muwlck hab y aeaek socke haege wetter-waegen naet field. Dearom onderlizze naet om jo to spoedjen aef to fortôavjen nei jon ein goe-tincken: Want y habbe de wijn naet yn jon mouwe, in y schoene wol licht meitse dat y (ynne pleatse fenne hâvne to foroerjen) schipbreck lye soene. God ropt somge to moarn-stuwne, ienige middeis, oore juwns fenne aerbeide. d'Yene hoffnet hy dat hy begint to swittjen, de oore lit hy forbarne ynne Sinne, yen tredde briedt in fordruwgget hy mey 'er diede. Lockel forlit hy nimmen fen de sijne, mar forgearretse all yn sijn rest-pleatse, in jouwt jearm herre leane to rjuechter stuwne. Dy nu it wirck forlit eer
hy hem ropt, dy forliest fijn aerbeid. In dy him foor de rjuechte tyd lestig fâlt, fornaetigt sijn leane in fortjienste. Dearom môate wy uwz yn sijn wolle oerjaen, dy uwz aeaeck ynne midz fen uwz aerbeidjen kin dwaen restjen. Ynne somme wy sille dit libben naet haettje om dat it fol on-ress in moeite iz, want dat iz, lôaiheit in sluygheit. Wy schill 'et aeaeck naet ljeavje omme wol-lusten, want dat iz ydel-naetige gickheit.
Mar wy môate uwz bruwcke om dear yn God to tjienjen, dy uwz nei dat selle yn sijckre rest bringe sil, in op-follje mei formeits-rycke nochten dy nea forgean schille. Wy schille dy deade aeaeck naet foor-fjuechtje, want it iz bernsckheite dear foor to aengjen, in al fljeande ontmetse uwz. Wy siile dy aeaeck naet syyckje, want dat iz onbe tochtheite, in me steart aeaeck naet az me wol. Want it iene iz in teeckne fen fortwijv'linge, in it oore fen lôamheite, in yn nin fen beide iz ien kloekhertige moed. It iz noag dat wy dy alle stuwnen frymoedlijck oerfâlle: Want allijk naet wisser iz den de deade, also iz 'er aeaeck naet on-sijkrer az dy uwre fen dy selle, dy allinne bekend iz dy yvige ienige God, wier yn wy (az wezzende dy ienige Autoare fen libben in fenne deade) alle gearre moate sijyckje to stearren, Amen.
UWT.
|
|