in den, oon my oerseynd, hab ick dy stoutigheyt in dy moed nimd, om jon E. mey dizze myn Friessche Goads-Frjeune to benjeuncken. It is fen 't eerste Psalme-wirck by my rymmele, in, om uwz oprjuechte frjuenschip, tinckt my, it eerste komt jon E. to, &c.
Ick tins dat Y aeaeck al oors fen berie wirden binne, om (allyck Y. seyen, lest by my wezzende, fen myn FRIESSCHE PSALMEN by jon Haege-Liet Salomons to foegjen. (ick kin 't jon E. aeaeck naet riede, meytse salm hette nuttlyx.)
Mar so Y 't, evenwol, incklycke bejearje, ick sil oer-boadigh stean, om uwt myn Psalmen, dy 'k jiette hab (buwte dy 'k jon E. nu, az in besletten wirck, oerstjoerd hab) uwt to schiftjen dy 'er nolckst to befuwne wirde. So moast Y my to witten dwaen hoe folle rygglen dat jon E. tocht to bejearjen, hoe folle dat Y ynne tjocktje fen it wircks fatsoene breck hiene, om my dear ney to regelearjen. Dogh, jiette reys, ried ick Y 't salm, mey eyn ferz-wirck (dear Y lockig 'er noagh yn binne) folje. Groetje dy leaf-habbers fenne ferz- in rijmme-kunste waems tjenner ick oer-boadigh bin, in ynsonderheyte gol uwt, yn folle miette, blieuwe schil jon fliuegh-firdige
GYSBERT JAPICX.
Boalsert dizze santiende fen 't Jiers foar moanne. ciɔ iɔc lv.