| |
| |
| |
Foor-sis fen 't Lyen uws Sillig-meytsers, trog de Propheet jesaia, ijn sijn trye-in-fijftig ste Capittel.
Wijsen. { Psalm 118. Psalm 140. &c.
Wijfen. { Nerio schoonst van u gebuyren.
1.[regelnummer]
WA hercket to mey oon-dachts-earen?
Wa jout uwz wirdden ljeauwe' ynt hert?
Wa 's 't dy de' oer-kreftige' earm uwz Heeren,
Siel-sillig, ypenbiere wirt.
2.[regelnummer]
Hy iz for him to sljuecht op-litsen,
Allijcke' in schreall' tin rijz uwt-spruwtt',
Allijcke' in wirttel dy oer-ditsen
Mey torre' yerd', jiette' in leat sjiet uwt.
Hy hie nin oon-sjean, nin beheagen,
Gelaet fen wrâdsch' heag-wirdde' oef steat,
Yn him wier naet, az w' him oonseagen,
Dat uwz oonstoe, jâ min az neat.
3.[regelnummer]
Hy wier forhuynd, forsmaed', forsmijtt'ne
Az 't leedste' on-wirdste' earm minsche bern,
Yen man smerte' in pijnn' trog-ytt'ne,
Yen steez oon-sjocht op sjocht beschern.
| |
| |
Wy habbe' uwz fen him werz oef-weyne,
Elck yen bejeeg'ne' him stjuyrs oer-dwerz,
Hy wirdd' forachte' ynn' Namme scheyne,
Wy hiene' al oon fen him de werzz'.
4.[regelnummer]
Hy, lijcke wol, hy kritse', ynn' wierheyt,
Uwz sjochte', uwz pleag'fortriet op him,
Uwz siel-smert', seertme, lest in swierheyt
Dy hiene him lestig ynne klimm'.
Wy tochtene', az w' him doz djiep doecke
Ynn' jamm're dobb' treauwn' sjoene' ontier,
Dat him fen Goads hân hird forboecke,
Ja, om eyn schild, to martt'le wier.
5.[regelnummer]
Mar, och! hy wirdde' om uwz doz wuwnne,
Hy lie naerne' om, az om uwz quea,
Hy wirdd' to-britsen om uwz suwnne,
Uwz miz-dieds lest laey op sijn ljea.
Dy straff' dy uwz oon-brocht de frede
Laey op him all' sijn libbne stuwn',
Trog sijn bloed-striemen, wread oer wreade,
Binn' wy genezzen yvig suwn.
| |
| |
6.[regelnummer]
Wy dwaellene' all' az schiep forbjuest're,
Elck rôan sijn wey: Dogge' op sijn Soon
Liet de' HEERE' uwz on-gerjuechtheyd tjuestre,
Swalpje' in rinne' op him allinne' oon.
7.[regelnummer]
Az dy fen him scherp aesche wirdde
Do wirdde' hy hird in hird fordruwckt,
Dogge' az in Laem to slacht-bancke' firdde
Hy sijn hosck' muwlle naet op-luwckt.
Allijcke' in schiep dat for sijn scherrer
Leyt stom, in lit ho dat hy 't knoeyt,
So laey dizz' wer'leaze' on-forwerrer
Dy naet in wird Him t'uwtjen moeyt.
8.[regelnummer]
Hy 's uwtte' aengste' in 't gerjuechte onthell'ne,
Wa schil sijn libbens tijd sprecke' uwt?
Hy 's oef-sneyne', hy 's de wrâd omtstell'ne,
Hy 's 't lân dear libbene' ont-fry-buwtt'.
Om mijn folcx oer-tred laey dy pleage
Az berge' op berg' swier op him del;
9.[regelnummer]
Dat him yn 't gref to mâde dreage
By' godleaze' az herr' mey-gesel.
| |
| |
Hy 's yn sijn dea west bye rijcke,
Om dat nin on-rjuechte, wird oef died',
Yn al sijn dwaen in litten blijcke
In nea bedroch sijn muwlle' ontglied'.
10.[regelnummer]
Dogg', lijcke-wol, it wier 't beheagen
Fenne' HEER' om him allijck oon grjues
To briezjen all' sijn jamm're Deagen,
Yn sjocht' to traepjen onder 't krjeus.
Az hy him to Schild-offer stellet
Hy sjocht sijn sied, hy reckt sijn dey.
O! 's HEER'NE wol-beheagen snellet
Trog him lock-firdjende' oere wey.
11.[regelnummer]
Om 't swoeg-swier boddjen fen sijn siele,
Om 't erbeyds lestig oer-swier med,
Sjocht hy sijn sied yn oon-tall' krielen,
In wâllet freugd'-fol, oer-fol, sed.
Mijn Feynt d'rjuechtfird'ge, klear folmecke)
Het, trog sijn witt'inss' dy oer-waeg't,
Folle' earme ljoe rjuechtfirdigh mecke,
Mits hy herre' on-rjuecht op him draeg't,
| |
| |
12.[regelnummer]
Dearom sil 'k him sijn deel rom miette,
Dy kreft'ge wirt sijn roaf sijn buwt,
Om 't hy ynn' dea sijn siele uwt-jiette
In told' wirdde' ondre schom in guwt.
In doz forsmaed'ge' in doz fortredden,
Ynn' gaest, ynn' siele', yn lijve', ynn' ljea,
Kritse' oor' ljue suwnen, om to redden
d'Oertredders, dear hy hosck for bea.
UWT.
|
|