| |
| |
| |
Paris forlittende Enone,
In her kleyen dear oer.
DE Minne-fjoerige Paris, sijn lock, fen rjuechter dear trye godinnen weft te habben, naet kennende forswye, forhelle it oon sijn Enone, dy 'er yn forscheat, in yn 't djiepste fen het hert om suchte, her forlies alreeds tinsende. Dy tijd, dy oer al regeeret, oon-fiede Paris eergierigheyt, dat hy besleat sijn pleats yn sijn Heyte Hoaf to beklajen, dearom forsiere'er, op dat 'er sijn wijv Enone, min aeftertochtlijck, yn bewilligje soe, dat hy fen sijn Heyte ombeane wier, sijn fortjog onder teck fen yen Faderlijcke twange doz oon her ypen dwaende
Ljeave helt, de Hijmmel wol my fen dijn besittinge, nu ick 'er my maest ijn forbeerlijckje, aef stelle, op dat ick, fen dy aef-schaet, dijn uwt-nimmenheyt to libbeniger fiel; witte den dat in streng befel fen mijn Heyte, onbreckelijcke wet oon mijn gehoorsaemheyt, my fen dijn eagen, of eere fen my selme tjocht, wier fen mijn hert so pijnne fielende suchtet, dat 'et sizzen oon mijn smerte better, az it uwtdruwckjen oon mijn tonge foegget. Dizze trienen, dy ick oon dijn meylijen, in oon mijn quellinge jou, in dizze drove kley-wirdden oon alle beyde, kinne dy, ho dienigh mijn schiedingeiz, betjuwgje: 't wier, buwtte twijvel, de schiedinge fen mijn libben, az de hope fen dy weer to sjean, dy wrang idsigheyt naet forswiet'ge. Jou den to dizze wrede twange dijn bewillinge, ick siz wreade, oermits jae my fen dijn ljeafde schaet, den naet az mey it lijv', want mijn hert sil dy, to pân fen sijn djieppe genegentheyt, de helt fen sijn libben litte.
Trog dit pittear recke hy Enone soo, dat jae also daetlijck om sijn fortjean suchtje, dearom hy, om her freze to forswietjen, her yn sijn earmen fette, in sijn ljeafde lefferye mey tuwzen paetkes oerhuinigde, twingjende sijn aegen, om sijn ontrouwigheit to beschaeddjen, trienen, op dizze ljeaffters eansicht to stirtten, in her, yn sijn
| |
| |
earmen, naet noagh kinnende trjieuwkje in muwlckje, sey'er: Och! dat ick rjuechte ford de roosen fen dyn Muwlle ploytsende, soo wol de styckels fen myn oer-lyen, oermits ick dogge yenreys stearre mot, naet mjeen mey. O Sinne! het det dy de dey fortoafjen? Myn siel, sonder dy to libbjen iz meer den stearren. Lit ick naet uwt dyn eagen, de ljuechten fen myn libben, schiede. Mar myn bern-plichte twinght 'er my to, de ghehoorsaemheydt forknôttet my to dit strenge befelne fen myn Heyte; az sijn soon, in eack twingt de ljeafde my, az dyn man, syn wetten to forachtjen. Het schil ick den wezze? gehoor-famjende in tygge soon, aef Dy, mynschiene, naet forlittende, in rjeucht trou ljeaver? motick alle beyd om-klimme? O onnutte wolle! oermits twae jinstrydene naet yn yen saeck wezze kinne. Bewillighjeden, myn schiene, mar buwtte dat ick wol, dat ick de wreadheyd fen yen Heyte, dy myn wolle sijne twinght to folghjen, gehoorsamje. Dizze mistreastighe ljeaffter, dy ondertwissche, az trog to gritte quellinge stom, weyne, tocht oon Paris, dear trogh uwt to bylden, dat jae buwtte Him naet libbje koe, sizzende dear ney, mey ryzbosckjende stemme:
Ho, Paris! woeney jon Enone, in du Enone! dyn Paris forlitte? Nae; nae, uwz nead-lot môt uws nead-schick folghje; myn dead, oermitsjôn libben myn deagen forljuechte, môt myn graef, in jon schiedinge myn yvige oefwezzen wezze, Ick môt oon jon lichame, az y oon myn siel, forbuwne blieuwe, op dat, az de Hymmel jo in straffe wol oplizze, ick dy mey jo besoerje. Ick wol, wier ane de Hymmel jo liedet, jon ljeave gesilne wezze. Ick sil, schien myn hert om jon wille suchtet, de smerte naet fiele, in alle onstommigheden dear see fille myn stantheftigheydt naet yens forwriggelje. Kin myn hert soo wol naet lye az jo beminne? Jae dear mey swyende, wirdde fen Paris doz beantwirde. Nae, Dyn hert iz naerne den to myn ljeafde schicke, in myn siel om dyn smerte to lyen. Ho (jae weer) libbje ick az on-kreftig ynne wrâd om to ljeafde fen jo to lyen? Ja (sey hy) oermits it de reden wol, in de swackheyt fen dyn aerd belettet. Het reden (weer-noam jae) roavet my fen myn rjuecht, in het swackbeyd fen aerd iz so kreftig dy my dear yn lette kin? Enone (sey hy) du kinste om my wollye, az ick so min ermhertigh wier dat ick itto-litte koe: Mar Dy to beminnen, en dat to bewilligjen binne twae jinstrydighe tingen. Ick leau (sey jae) dat jon forbod eere uwt haet az uwt ljeafde spruwttet. Het kâteste Enone (sey Paris) beschildigeste my onnoselijck? in twijveleste one wierheyt, soo ney by sijn fjoer, beferzen? Iz 't ljeafde (jo weer) dat me, it jinge me bemint, forlit? Mijn fortjean iz, oermits de nead wetleas iz, onschildigh, sey hy. Het de nead (sprijck jae) nin wet, jon wolle kinse wol yen jaen. Leermy dat Enone (fey hy). Het hoftme jo, 't jinghe y witte to onderrjuechtjen, in witte y 't naet dats mey jon wolle, fey jae,
| |
| |
O laesje! (hy weeroon) hestu besletten my, om myn oefwezzen foore te kommen, to deyen! mietigje de wreadheyd fen dyn wirdden hette. In Y (sey Enone) woeney dat jon schiedinge dy schiedinge fen myn libben wier, in dat y fen my foor hette tyd schiedende, ick fen jo, foor yvigh, schaet? Ach myn ljeave Helt (spryck hy) Leauweste dat ick dyn dea bejearje? is 't wier ick mot nummer nin bejearte habbe; in om dy dear fen to forsijckerjen, ick woe dat dit myn leste wirdden wierne. Y, (jae weer) soo y se naet bejearje, y foroorsaeckjese to minste. Iz dat dyn dead foroorsaecke, dat ick, soor lyts, fen dy schied, weer-helle hy. Het koe ick, az stu stoarste, oermits wy allijcke ljeafde drage, yn dyn schiedinghe oorz den sock yen lot hoopje, in lijckewol mot it schean. Sluwtte het y wolle (sey jae) forlit y my, ick forlit jo, ick sil, trogh jon ontrouwigheydt, my selme, mey my fen 't ljucht to beroavjen, ontrouw wezze. Ljeave helt (hy weer) mietighje dyn lyen, de stantheftigheydt iz 'er de rie to. Het stantheftigheydt (jae weer) iz 'er jin jôn forandringhe to setten? Hietstu my wif-holligh dat ick myn fornimmen folghje? (spryck Hy) dyn sizzen schil dy rouwe. Nim moed, ick libbje trogh d'yenige hoope fen dy weer to sjean: Och (sey jae) ick stear trogh d'yenige eangste fen jo to forliesen. AEngje naet op dat dyn smerte forlichtet, (weer noam hy). Stuttje, meye feart de oorsaeck, az y de dead keere wolle, sprijck jae. Ick wol, mar kin naet (Paris weer) Oon waem sil ick my den bejaen fregejae? Oon 't ongelock, oef learre oone hymmel schickingh, antwirdde hy. Az 't ongelock oon myn kleyen dea, inne hymmel-schickinge oon myn smarten blyn iz, schil ick den buwtte holp libbje? (jae weer.) Ja (sey hy) oermits daste dy trogh fordildigheydt heelje kinste. Ho (fey jae) jon oef-wezzen sonder stearren lye? O Hijmmel! iz dit jon wolle, soo pearje 'er in ginstigh graef mey, op dat ick naet langer inne illindighe wrâd libbje. Dat
swiere suchtjen, dat her borst benauwe, koe naet to-litte datse langer kâte. De trienen rollene her oer 't eansicht, dat om Paris, foor 't lest to paetjen, in wol-fert to winschjen, jae her, on aefter-tochtlijck, del bocke: in doz, blyn, seag naet dat hy de flucht noam. Enone! merckeste naet, dat dit de leste offerhannen binne, dy Hy ae op socke Aters offerje sil? och du kinste dyn to krefrige droafheyt naet jin-stean.
Paris wier ondertwissche yn 't Schip, dat al ford ynne folle see sijlle. Hy forlear it sjean fen 't Lan. Lit im ferre, in uwz weer to d'Earme Enone keere, dy her kreften weernimmende, her gaest moed joe, om to her Man jiette to petearjen, d'eagen om him to sjean, oon alle kanten weynjende: mar om naet, jae freze 't jingese naet sizze doarst. Jae socht oer al, in fuwn naet dat
| |
| |
her fornuwgge, jae roon ynne binnenste schuwlhernen fen 't bolck, tinssende dat her ljeauwert him dear forstitsen hie: nu roaftse, den hercke-se; mar jae hearde naet den de weerstoyte fenne beamen, dy in fortriettigh luwd, yn her aeren mecken. Jae wirdde bedroafd, in, naet wittende to waem, om fen tjinge da 'er fen wier naet te twijveljen, jae her toflechte nimme soe, kleau oppe toppe fenne neyste berge, wer fen jae, fier fen her, her ljeavers schip bruwsjen seag. Da bekibbese her eagen fen to folle sjoen to habben, in, om dat her dy miz-grijppe berouwe, forwijsd herre om yvigh to gâljen: in, fen lyen alle heel forfierd, helle her stemme op to dock kleyen: Wrede Paris, het ljeafde mecket jo jin jon Enone soo wread, het quae so jin her goe, het foranderinge so stantheftig jin her ongelock? sizze my. Och! jon oefwezzen forbied 'et jo my to antwirdjen. Y litte my den, onder so folle deaden libbjende, in onder soo folle libbens stearrende: libbens dy ammjende suchtje, in suchtjende amje, mar 't iz naet den her eyn: eyn, swiet eyn, dat Y mijn deagen, oef, learre, mijn nachten naet eynje, op dat de dead fen mijn smerten heldey hâdt. Dead, swiete dead, dat y ney de tean fen mijn kleyen jon tredden naet spoedje, dat y dizze kliene muwlle naet stopje, in myn eagen, fen herre trienen to stirtten wirgh, naet to luwckje. Myn hert suchtet ney jôn jin wirdigheyt, om naet meer to suchjen. Wierom toavje y fen him to dwaen stearren? iz hy syn yessche, az syn graef, naet wirddigh? Graef, wolbeminne graef, y sille de yessche fen it fjoer fen myn ljeafde yvigh bewearje; y, my befetjende, sille de trouwheyt fenne wrâd begrypje: Y schille my, yn myn dead besitte, az Paris my yn myn libben, besiet; mar y schille my jiette trouwer wezze, az hy my ontrouw wier: want y schille my, yn myn nachten, naet forlitte, allyck hy my, yn myn deagen, forliet. O laesje! wer schort it oon dat ick jons naet
bin. Woloon, wol-oon smerten forgreatje sonder ophâdden. Suchtjen stoytje naet; jiemme, trienen, sille nae fordroye, in eynlinge, jiemme straffen in pynen dy ick ly, az 'er aet greats oon jiemme wezzen ontbreeckt, nim it firdig, op dat in ljeaf oer-lyen myn ljuecht uwtbliezer. Droave kerssen, dy myn nachten forljuechtje, wirdde jiemme naet wirgh fen jiemme illinde to sjean? mecket jiemme it bleakerende eagmerck fen myn ongelock naet blyn? het baet it jiemme dat jiemme de dey, oermits hy foor jiemme naet bliërket, sjeane. Forjiette jiemmé rjuecht' gebruwck den om dat fen jiemme trienen to forfolgjen; in dat da deade jiemme naet stearren, stearre trogh jiemme eyn wapenen, for drinsse myn fjoerflammen yn jiemme wetteren; forfirddigje myn schip-breck, op dat ick jiemme forlern habbende, forgongh.
Nau hie jae dizze leste wirdden uwtspritsen, oef de droafheyd yn kreft oon-waeghsende, formindere allenckom her libben, in ontstjoerrigde her gaesten, dat her 't sprecken bejoeg, her da, al swyende, mey
| |
| |
forschate dingen, dy herre oon her eagen ypenbieren, onderhâdende, omt dat jae de sprake weer kryende, her kley-wirdden doz weernoam: Droave tinsen, dy myn rest beroerje, stoytje, onder so folle illinden, jiemme deadlijck ljeaf-lefjen, stuttje jiemme rin, in tinse op jiemme selme, litte jiemme hert krimpje oer de quellinge dy ick mey slypje. AEf, kinne de oerfloedige on resten myn smert formeerje, sparre jiemme kreft naet. It formeerjen fen myn smerte sil het forminderjen fen myn libben wezze. Libben, illindigh libben, woene y altyd libbje? Schoene y onstearlyck wezze? schoene y nea stearre? De Sinne forljuechtje naet meer jon deagen. Jon nachten, om jo yn 't graef to to jen, môtte herre rin beginne. Wer ney toaf y, de dead forachtet jo, kinne y oer jo salm naet triômfearje, in jo, trogjon eyn-del-liz, oerwinne? Het eagje y dat de Hymmel jo oonsjocht? o lasye! 't iz naet az uwt mey-lyen. Hy salme, hie hy eagen, begâlde jon ongelock. AEnget jo den naet dat hy jo jon misdiede forwytje sil? Hy schil tjuwgge, in nin rjuechter, dear fen wezze. Forhaestigje den jon oeilyen. Dogge, wreade Paris, sizze my, eer myn hân myn hert, om dat 'et jo beminne het, forkirtret, wier ane binne dy schiene wirdden dy my, oon jo forknoatten? AEf dizze trouwe dy jon ljeafde on-breckelyck mecke, oef dizze ljeafde dy jon wolle myn onderdieninge? Foy! foranderlycke Weer-hone, y forstiete my foor myn oonheljen, jane my jon yz foor myn fjoer in jon ontrouwe foor myn stantheftigheyt. O goden! schille jiemme, soo jiemme, om uwz kleyen to hearen, earen, in om uwz to straffjen blixemen habbe, oon Enonis kleyen, om dat jae oon Paris miz dieden melyig iz, onmeylyig wezze? in du onbarmhertige zee, 't is om naet dats tu dy moar fen dizze moar der ljeafde neammeste, oermits datstu de mordner fen myn ljeafde naet deyste. In jiemme Wynen, dy 't hert fen myn ontrouwe mey Wyn fiedje,
kinne jiemme him naet sizze, dat hy, az foranderjen him beheaget, jiette fen fornim men foranderje, in weer by sijn illindige wyv komt. Mar ô wreade! jiemme bliese syn seylen, mey ydele hope op. Du ondanckbare see, du biste, for syn schip, stil, in jiemme onrjuechtfirdige goden, tjienje foor stjoerbaeken him. Doz is my alles, oppe dead ney, jin. Lit uwz den stearre, ljeave Ljeaf ontfeane myn leste oef-schied: y sille jon Enone, nogh Enone her beminde Paris weer sjean: Y habbe my forlitten, ick forlit jo. Y kinne for in tyd, mar ick for yvig wezze. Libbje fen myn ongeleck lockigh, in fen myn delliz, az forwinner. Ick stear, mar, ney jon ontrouwigheyd, jiette trouw. Jon wreadheyt forgreatet myn ljeafde, it oer-lyen iz my, oermits y 't my jane, swiet; in 't iz my leed dat ick, om te meer deaden to lyen, nin meer libbens hab. Mar ick hab mar yen hert, in jiette heart it my naet to, want y besitte it; jane 't my den weer, om jo mey dit lichame, dat y eeren soo fjoerig beminnen, in nu forachtje, op to offerjen. Ferre
| |
| |
wol, de dead neaket my: mar sil ick, sonder jo to sjean, stearre? myn aegen hâdde stânne, sjeanne jemme jiette jiemme aensicht naet? Sizze de dey, to minste, feare wol, oef sizze him learre dat hy 't, for jemme, oon jiemme ljuecht siz; in du, myn hert, dearste soo ney oon dyn leste sucht biste, forsiedighje dy sen suchtjen, wez fen dyn druwck naet gierig, betjuwg oon myn man dat hy dyn oerlyen foroorseaket, in dat, soo stu jiette libbeste, dat it naerne oors om iz den om him to forfijckerjen, datste foor him stearste. In du, myn tonge, forklearje, for de leste wirdden dyste aesprecke schitte, dit oefschie, dat ick oon myn minner nim, dogge wol: ferre den wol, ljeave man, y libbje sonder my, ick stear sonder jo. Jon Enone is rjuechte ford naet meer ynne wrâd, oef so sijn deagen her ljuechtje, 't is oors naerne om, az her de wey fen 't graef, dat ick rjuechte ford ypen sjoegh, to ypenbierjen, om mey myn lichem, myn illende to bedobbjen; in jiemme, ô yensame pleatsen! dy tjuwggen fen myn formeytsen wierne, wezze nu fen myn ongelock tjuwggen foranderje, uwt droafheyt to myn ongelock, jiemme aeg-blier-mylde griente, habbe de namme fen wyldernisse, dear ford oon de ongelockige Nacht-Uwllen, jiemme drove yensaemheyt, trog herre deadlyck gesjongh in guwljen, schricklyck meytsje.
Jae spryck nauw dit leste wird uwt, oef her droafheydt trogh her kreft, her forswackjende, forbjuestere her gaesten, so dat jae, onder soo folle deaden, libbjende, altydt, sonder dat her stearren eynget, steart.
EYN.
|
|