Friesche rymlerye(1681)–Gysbert Japicx– Auteursrechtvrij Vorige Volgende [pagina 34] [p. 34] Minne-Fjuecht-Spil. LJEAFD' deage' in trotte my eern' uwt, Om dat ick him klien manke hiette, Bopp'-bortlijck Bernke, lijtse guwt. Hy noam sijn boage in woe my siette. Dat jilt dy Jan, sey Cypris Soon. Kom oon (ick weer) wa schoe my derre? Ick hab in stielen harnasck oon, In wol my, az in Switser, werre. Hy scheat, hy flitse pijl om pijll', By tuwzenen sijn bouten fleagen. Ick stoe allijck in yken stijl'. Hy fleag. Ick seag him onder eagen. Mar do dy Bingel al sijn reauw Forschetten hie, Hy stoe yn' dodde, In mecke' in (quansquijz) eangstig kreauw. Ick, moed-great, oon: Ick noam in Lodde, Nu schil ick dy dobbje yn yen kuwl. Doz duwckt dijn borll'-bels snorckig pochjen. (Ick wuwgs ynn' wean, ick laecke' yn tuwll', Fjuecht-winst' begoe, tocht my, to sjochjen) Gick, sey 'er, iz mijn Pijl-schie bleat, Ick meyts in Pijlle fen my selme. (De diede' op 't wird.) Hy, salm-pijll', scheat Him salm yn my. Da stoe 'k bedwelme! Da joe 'k it op. Laey' resting' dol, In kriet, mijn Fijnne fijn ick binne! Hy baernt mijn yngewand. O hol! Genaede' on-oerwinlijcke MINNE. EYN. Vorige Volgende