| |
| |
| |
26
Sjerda leit langút yn 't skaad fan de appelbeam foar it keukensrút. Se sil wol wer yn 'e sliep fallen wêze. Se jout har altyd del op it plak dêr't se tafallich slûch wurdt, ek al is 't midden yn 't lân. Alle kearen skrik ik wer, dan bin ik bang dat se dea is. Diskear jout it my sa'n skok dat ik nei har ta draaf en my op knibbels by har delfalle lit. Net earder as wannear't ik sjoch dat har boarst stadich op- en delgiet, wurd ik wer rêstich. In skoftlang folgje ik it ritmyske bewegen oant de toarst my tefolle pleaget. Ik rin nei de kraan oan 'e muorre en draai him wiid iepen, it wetter kletteret yn it putsje. Ik sjoch om, soe se der net wekker fan wurde? Se beweecht net. Fan 'e hannen meitsje ik in komke, hearlik laid is it, al kâld ik gau op fan drinken, it fielt net lekker, safolle wetter yn 'e lege mage. Ik snjitterje wat tsjin 'e holle oan en helje de earmen ien foar ien, oan de skouders ta, troch de stream. Itselde doch ik mei de fuotten nei't ik de switterige skuon útskopt haw. Ik rin nei de fyts om in stik bôle út 'e tas te heljen. By Sjerda ûnder de appelbeam yt ik it op. Se is der al, mar ek wer net. It is deastil om ús hinne, sels de skiep hear ik net. It sil troch de waarmte komme, se sille wol ûnder de beamwâl lizze te hymjen. De hinnen binne ek rêstich op 'e tún, ik hear net ien tokjen. Ik sjoch omheech yn 'e beam en nei de oare beammen by de feart. Gjin fûgels. Hawwe se har ferstoppe of binne dy hjoed ek al te lui om te fluitsjen? Silke sil der wol graach út wolle. Soe Sjerda der hjoed op riden hawwe? In frjemde kribel fiel ik yn 'e mage. Doar ik derôf te fallen? Ik moat op 'e kont delkomme oars jout it neat. Ynienen wurd ik kâld, sa kâld dat it pikefel my oer de earmen krûpt.
| |
| |
Stel dat ik mei de foet yn 'e beugel hingjen bliuw en meisleept wurd troch it lân, dat it hynder oer my hinne draaft of my ful tsjin 'e holle trapet. Ik doar it net. Ik moat tinke oan de film dy't ik in healjier lyn op 'e tillevyzje seach. In frou stie boppe oan in trep en smiet harsels nei ûnderen mei de bedoeling in miskream te krijen. Ik begriep net hoe't se it doarde en ik tocht ek oan de pine dy't it berntsje hawwe moast by sa'n hurde klap.
In mich krûpt by 't kût fan Sjerda omheech, se hat de lange broek oprôle oan 'e knibbels ta, hy dûkelet oer de reade hierren. Grappich hoe handich oft er syn wei fynt. As er hast oan 'e bokse ta is, krûpt er noch in lyts eintsje fierder en bliuwt dan ynienen stean, krekt as betinkt er him oft it no al of net de muoite wurdich is om deroerhinne te klimmen. Wêrom fljocht er net omheech, freegje ik my ôf. Kinne miggen tinke? De kop is net grutter as de kop fan in spiker, mar der sille dochs synjalen komme moatte, hoe soenen se oars it beslút nimme kinne om ergens del te striken of op te fleanen? Of komt der samar in ûnferwachte prikkel? Hoe wurket it? Hy stiet noch hieltyd stil. Ik sjoch nei it sterke lichem fan Sjerda. Bearefrou, tink ik. It reade hier yn 'e nekke is donkerder as it oare; it is wiet fan 't swit. De mich nimt de hindernis, hy krûpt oer de bokse hinne en fljocht ynienen omheech. Dan hie er him dus al dy drokte besparje kinnen. Hy strykt no op har noas del, mar rint der oan 'e sydkant like hurd wer ôf. Mei it swarte pylkje pjukt er hieltyd tsjin har hûd oan. It sil wol nei sait priuwe. Wêrom docht er dat, wol er bloed hawwe? Hy is no oan 'e lippen ta, krûpt oer de boppeste hinne en belânet yn it gat fan 'e mûle! Ik swaai mei de hân boppe har gesicht hinne en wer,
| |
| |
mar de mich steurt him nergens oan. Sjerda priuwket wat mei de lippen, se trilje in bytsje, se fliberet en skoddet wyld mei de holle. Mei wenerige, reade eagen sjocht se my ynienen oan. 'Tessa...' is alles wat se seit.
Ik wachtsje. Se sjocht ûngelokkich.
'Ik wie gjin minske hjoed, ik haw sa'n minne nacht hân.' It oereinkommen giet net sa linich as oars mei har. 'Datst my alwer betrape hast. Bist hjir allang?' freget se.
'Noch mar krekt.'
'Mitere ik my fan 'e moarn ek noch by de trep del.' Se slikket har om 'e mûle. 'Allemachtich, wat haw ik in toarst krigen.
'Hoe kaam dat?' freegje ik.
'Asto it wist, wit ik it ek. Ik lei ûnder foardat ik it yn 'e gaten hie. Fan 'e moarn gong it earst noch wol, mar ik leau dat ik hieltyd stiver wurd. Miskien komt it ek mei troch it hynsteriden fan juster.'
Se sjocht omheech. 'Ahver in moaie dei, der is no helendal gjin wolkje mear oan 'e loft. Fan 'e middei betiid seach ik noch ien. Sille wy teedrinke?'
It moat itselde wolkje west hawwe dat ik ek seach.
'Hoe giet it?'
'Goed.'
Se rint wat houterich foar my út en lûkt in bytsje mei de rjochterfoet. It hier stiet har alle kanten út. Se hat geitewollen sokken oan yn sandalen. Ik freegje my foar 't earst ôf oft ik ek safolle fan har hâlde soe as se der gewoan út seach. Dan soe it Sjerda net wêze.
'Ik haw de soldeen mar oanholden, sonder dy dingen ha je fuort blierren ûnder de fuotten. Mar it foldocht my net op
| |
| |
sandalen, ik doch se straks mar wer út,' seit se. Se skuort de achterdoar iepen en lit my der earst troch. Ik fernim dat se nei my sjocht as ik by har lâns rin. Ik sykje in plakje by 't rút en sjoch nei bûten nei it plak dêr't Sjerda krekt lein hat, it gers leit dêr plat. Krekt as by de hikke, sjit it troch my hinne.
'Hoe wie 't op skoalle?'
'Ferfelend.'
'Dat sil 't wol, mei dit waar is der ek neat oan. Straks even op Silke ride, tink?'
Ik sjoch nei Sjerda har boppe-earmen, se binne sterk en breed. It lykje wol manljusearmen mei al dat hier. Mar se docht my noait oan in man tinken, it sil wol komme omdat se sacht en rûn is. Ik haw de eagen net fan har ôf, want se docht oars as oars, se is ek stiller. Se sil it dochs net witte fan Jeroen en my? Soe Fyt har ek belle hawwe?
'Ik bin hjoed wat út myn dwaan,' seit se as se de tsjettel ûnder de kraan hâldt. 'Miskien komt it troch de dream dy't ik fannacht hie.'
Se draait har om, docht it lid derop en leit de hân beskermjend om 'e tsjettel. By de mûlhoeken trillet it.
'Soms bin ik wolris bang dat ik dy oait wer misse moat, datst hjir net mear komme meist of wolst. Miskien haw ik dêrom wol in hynder kocht. Ik bedoel eigentlik te sizzen dat ik it miskien ûnbewust ek in bytsje foar mysels dien haw.'
'Tessa net gûle, ik woe dy net yn 'e war meitsje.' Se rint om 'e tafel hinne nei my ta en giet op 'e stoel neist my sitten. Se leit de earm om my hinne.
'Ik hie it net sizze moatten... it is net goed dat ik sokke ding- | |
| |
en sis, mar ik bin sa wiis mei dy, Tessa. Ik soe it net ferdrage kinne, asto hjir net mear komme soest. It hynder die it fan 'e moarn ek al sa raar, hy pruste en skrabe hieltyd mar mei de poat troch it strie, ik koe him net ta bedarjen krije. De earen stienen him rjocht nei achteren. Even wie ik heel bang dat der ûnheil op komst wie.'
Ik wol graach tsjin har sizze dat ik nergens leaver kom as by har, mar it wol net. Ik skamje my tefolle foar mysels, foar wat ik allegear dien ha, foar wat ik echt bin. Sjerda wit net wat se foar hat, oars soe se it wol litte om de earm om my hinne te slaan.
'Ast problemen hast, dan kinst by my terjochte Tessa, dat witst.'
Ik krij it net oer de lippen fan Jeroen en my. Sjerda sil tinke dat it syn skuld allinne is, mar ik haw it sels like goed dien. As ik net tajûn hie dy earste kear yn 't lân, dan wie it oare ek net gebeurd.
'It hat dochs net mei Jeroen te krijen wol? Hy komt dochs net oan dy, hoopje ik?'
Ik skodzje fan nee. It gûlen is samar ynienen oer, ik haw in grouwéligen hekel oan mysels. As ik it fertelle soe, wit Sjerda watfoar slet oft ik bin. Ik gean noch leaver dea. Ik fei de triennen út 'e eagen.
'Ik fiel my hjir allinne mar thús en oars nergens. Hjir soe ik wenje wolle, foar altyd,' sis ik.
Sjerda lûkt myn holle tsjin harres. Har holle fielt waarm oan, it hier kribelet in bytsje. As Tiger op it finsterbank springt en miaukjend mei de poat oer it finster ldaut, giet Sjerda oerein.
'Ik moat it hinnehok mar even útmjoksje, dan kinne wy
| |
| |
beide wer wat ta ússels komme. Setsto even tee Tessa? Ik bin hjir oer in kertier wol wer.'
Silke liket heel kalm sa't se dêr stiet. Ik stap by him op 'e stâl en lis de hân by him op 'e kont, hy draait de kop nei my ta. Mei de trouwe, mankelike eagen sjocht er my oan. Ik jou him sachte Idopkes op 'e hals en aai him oer de kop. Ynienen skuort er wyld oan 't keatling en skrabet mei de poat oer 't beton. Samar stean ik mei de rêch tsjin 't skud. As er wat bekommen is, glûp ik hurd fan 'e stâl ôf. Ik wie bang, heel bang. Soe Silke it field ha? Sjerda seit dat hynders fernimme hoe't minsken har fiele. Silke moat yn my leauwe. Mar hoe moat er dat ha as ik net iens yn mysels leau? Ik krij de boarstel út it houten bakje, hy sit fol mei swart hier. Even wit ik net wat ik sil, mar dan fandelje ik alle moed by elkoar en stap wer by him op 'e stal. Foarsichtich lis ik de boarstel op 'e rêch en út him stadich nei ûnderen sakje, sa't Sjerda it my leard hat. As er oan 'e boarstel wend is, druk ik fulder en beweech ik him huider nei ûnderen. Hy bliuwt noch hieltyd stil stean. Mei Idopjend hert til ik ien fan 'e poaten omheech en skraabje mei in klauwerke de smoargens tusken de hoeven wei, strie en stront. Hy lit it gewurde, ien kear lûkt er al ûnferwacht oan 'e poat, mar hy docht it net oerstjoer of wyld. As alle fjouwer hoeven skjin binne, fiel ik my even grutsk. Mar fuort komt de spanning werom as ik it sadel fan it bynt til en boppe myn macht op syn rêch lis. Ik hie net tocht dat it sa swier wie. 'Silke, wy geane der straks lekker op út, nei bûten, de frisse lucht yn,' sis ik as ik de singel fêstmeitsje. Straks moat er strakker oanlutsen wurde, dêr moat ik om tinke. Sjerda hat my op it hert
| |
| |
drukt om dat noait te ferjitten. It bit gliidt maklik yn 'e mûle. It griist my wol oan, dy lange wite tosken.
Ik gean op in pak strie sitten te wachtsjen oant Sjerda komt. It sinneljocht dat troch it lytse rútsje falt, leit in blauwige gloede oer in part fan Silke syn rêch. Mei bewondering sjoch ik nei de lange swarte sturt. Soe dy ek knipt wurde moatte, krekt as minskehier? Wat wit ik eigentlik fan hynders? Neat ommers. As ik mar ienkear krekt sa goed hynsteride kin as Sjerda. It moat in geweldich fijn gefoel wêze om oer de sânpaden te draven. Ik sjoch Sjerda wer foar my, hoe hurd oft se by de beamwâl lâns stode. Soe ik it oait sa goed kinne? Soe Silke my fertrouwe? Ik sjoch nei de sterke poaten, ik moat der net oan tinke dat se oer my hinne wâdzje soenen, se ferpletterje my. Ik doar it net, derôf falle.
Mei skrik sjoch ik dat de klink fan de syddoar stadich omheech giet. Wêrom sa foarsichtich? It is Jeroen! Hy glûpt hastich troch de doar, yn in pear stappen is er by my. 'Sjerda is mei de skieppetsizen oan 'e gong,' seit er. As ferlamme bliuw ik sitten. Hy giet stiif tsjin my oan op it pale strie sitten en docht de earm om my hinne, ik sit fêst. 'Tessa,' himet er, 'wat haw ik nei dit momint útsjoen.' Hy drukt syn lippen op myn mûle, it benimt my it sykheljen. Ik triuw syn hannen by my wei, mar se binne der like hurd wer. As ik begjin te razen, leit er syn hân op myn mûle en drukt my achteroer yn 't strie. Yn ien haal lûkt er myn T-shirt en beha omheech, mei de tonge giet er oer myn boarsten. Ik raas lûder. 'Stil... stil no, Sjerda moat ús net hearre.' Syn pet falt ôf, ik skuor him oan 't hier en lûk syn holle achteroer, sa fier dat er net mear by my komme kin. Tagelyk griis ik der- | |
| |
fan om him oan te reitsjen. Hy krijt my by de polzen en knypt der sa fûl yn, dat ik wol loslitte moat. Op knibbels kit er foar my as der in skaad oer it ljochte plak fan 'e skuorreed falt. Ik hie de doar net iepen gean heard. It is Sjerda. Ik lûk myn klean te plak. Jeroen wol hurd oereingean, mar Sjerda helpt him in hantsje, se skuort him oan 't hier omheech. 'Tocht ik it net!' raast se. It hynder wrinzget en slacht mei de kop nei achteren. 'Misliksma!' Se jout him sa'n klap mei de fûst ûnder it kin dat er yn ien kear achteroerslacht, hast leit er mei de holle yn 'e groppe. It hynder giet tekear op 'e stâl, hy skuort wyld oan it keatling om los te kommen.
Jeroen klaut wer oerein.
'Hjir bliuwe do,' byt Sjerda him ta, 'oan 'e kant.'
Se makket it hynder los en lûkt him yn ien beweging fan 'e stâl. De leie jout se my yn 'e hân. 'Nim Silke mar mei nei bûten, ik kom sa by dy. Set him mar oan 'e hikke fêst oan 'e ein fan de reed, dan heart er ús ek net.'
Ik rin de skuorre út, it kletterjen fan de hoefizers op it pún slút my ôf fan wat der yn 'e skuorre gebeurt.
Der wol mar gjin ein oan 'e reed komme, Silke skuort senuwachtich oan 'e leie, de kop lûkt er hieltyd oerdwers. Hy is net foarút te krijen.
In pear kear sjoch ik achterom. De skuordoar stiet noch iepen, mar der komt net ien út. Ik byn Silke oan 'e hikkepeal en meitsje de hikke los. Under it knoopjen fernim ik hoe't de hannen my trilje. Yn it lân prûst Silke drok, hy stekt de noas yn 'e loft en lit de noasters trilje. Sonder dat ik wit wat ik doch, lûk ik de bûgels nei ûnderen en klim ik op syn rêch. Hy stampfuottet in pear kear mei de foarpoaten, mar
| |
| |
dan set er him yn beweging, hy begjint te sjokken, sa stadich, dat er omfalle soe as er net fjouwer poaten hie. By elke stap dy't er docht skodzje ik licht hinne en wer.
Ik sjoch nei ûnderen, falle soe my neat opleverje. Silke bliuwt stean, bûcht de kop nei de grûn en begjint te gersfretten. Ik haw de earmen om syn hals lein en sjoch nei de pôltsjes dy't er der ien foar ien ôf skuort en fynmealt tusken de kiezzen. 'Silke help my!' flústerje ik, ik haw myn holle op sines lein. Wat gebeurt der yn 'e skuorre? Silke tilt de holle even omheech en fret dan wer fierder.
Djoke stiet in ein fan ús ôf, se stoarret wêzenleas foar har út en set dan samar ynienen ek de iene poat foar de oare, se keutelet nei ús ta. Wêrom komt der net ien út 'e skuorre? Wat beprate se allegear? Soe Jeroen alles fertelle? Djoke stiet foar ús. Silke lit it gers it gers en stekt de kop nei har út. Djoke lûkt harres yn en docht in pear stappen achterút. Silke docht in stap foarút. Djoke slacht mei de sturt, miggen fleane omheech, wat begrudik sjocht se Silke oan. Ik bin bang. Der gebeurt dêr wat. It kloppet net, ien fan twaen hie al lang út 'e skuorre komme moatten. Silke snúft en gnúft oan en om Djoke hinne. Dy lit de kop hingje en wachtet oant it hynder dêrmei klear is. Silke rint in slach om har hinne en rekt de hals in pear kear fier üt, dan stekt er de kop wer út nei 't gers. Ik gean plat op him lizzen, om it rare gefoel yn 'e mage minder te fielen. In skoft bliuw ik sa lizzen. Gerattel op 'e reed skuort my omheech út 'e gedachten. Silke stekt de earen op. It is Jeroen. Hy fytst op 'e reed.
Mei ús trijen folgje wy him oant er tusken de boskjes ferdwynt, hy seach net op of om. Dan set Silke de stap der ek yn, as hie er derop wachte. Hy rint troch de hikke, dy't noch
| |
| |
iepen stiet en folget de reed as hie er it noait oars dien. Sjerda komt ta de skuorre út.
Ik fernim dat er wisser begjint te rinnen no't er Sjerda sjocht. Sjerda helpt my fan 't hynder. Se nimt de leie fan my oer en bringt Silke nei de stâl. Even glide har eagen oer myn gesicht, ik fiel my kâld wurden fan angst, mar se hâldt de lippen stiif op elkoar. As se Silke it heiter ôfnimt, praat se in pear wurden en leit dan de foarholle even tsjin de kop fan it hynder, se knypt de eagen derby ticht. Dan tilt se it sadel omheech as is it in fearke. Ik wit net oft ik fuortgean moat of bliuwe.
'Kom mei Tessa, wy geane nei bûten.' Se rekket my even oan.
'Wy kinne hjir wol yn 't gers sitte.' Se docht de klompen út en giet mei de rêch tsjin 'e muorre oan sitten. Ik lit my troch de knibbels sakje en gean neist har sitten, ik doar har net oan te sjen. As se neat seit, pluk ik in koweblomke en lûk de wite bledsjes der ien foar ien út. It gele hertsje bliuwt oer.
'Ik haw alles út him krigen. Wêr't ik sa bang foar wie... wat ik sa fier by my wei set hie, is dochs gebeurd... ik fernaam al wat, it kloppe net.' Se hâldt op fan praten en rost mei de hannen oer 't gesicht. 'Ik bin út 'e liken fan dy fint, wat moatsto wat hân ha! Hy hat in raar spultsje mei dy spile, hy hie dy yn syn macht. Mei syn praatsjes datsto ferlyfd op him wêze soest, woe er my op in ferkearde foet sette. Hy fergeat dat ik seach hoe'tsto deroan ta wiest.'
'Ik haw it in kear gewurde litten... ien kear mar, heel even,' sis ik.
'En doe koe er syn slach slaan. Hy komt hjir net wer, net
| |
| |
iens op it paad hjirhinne. As ik him hjir oait fernim, komt er der net sa foar wei as no, dan strûp ik him.' Se lûkt in pôle gers út 'e grûn, de kluten modder sitte deroan.
'Wêr sitst oer yn Tessa? Bist bang dat der wat fan kommen is, datst miskien yn ferwachting bist? Dan kin ik dy gerêst stelle, hy is sterilisearre. Niiskrekt hat er my dat ferteld.'
Ik lit my langút achteroerfalle yn 't gers.
Sjerda rint fuort op sokken.
'Ik sil jim mem belje, bliuwst hjir fannacht mar.'
Ik lis myn hannen yn har klompen.
En dan sjoch ik Djoke de reed delkuierjen. Ik hie de hikke fergetten ticht te dwaan.
|
|