| |
| |
| |
25
Fyt stoarret nei de letters op it briefke.
Leave Jeroen
Wannear sjoch ik dy wer? Wêr wiest út skoalle? Do soest op ús plakje stean. Lk ferlang sa nei dy.
Tessa (xxx)
It is net har gewoante om Jeroen syn brieven iepen te meitsjen, mar dizze brief, dêr wie wat mei, se fielde it al doe't se him út 'e bus helle. En ja hear, Tessa har namme stie derachterop!
Soe Tessa sa dom wêze om sa'n briefke nei Jeroen te stjoeren? As je Jeroen leauden wie se sa helder, har leeftyd fier foarút, sa unyk en bysonder. Dan soe se mear ferstân ha moatte. Wat sei er ek wer oer dy broer fan har? Soe hy it dien ha? Of in oar út it doarp? Ien dy't Jeroen in streek leverje wol of har mislden? Se kin har net ien betinke, se hat mei gjinien spul. Dat tillefoantsje sil wol fan 'e selde persoan komme. Wat Jeroen mei Tessa útfret... Ik ferlang sa nei dy... Wêr wiest út skoalle? Soe Jeroen sa gek wêze en helje har út skoalle? Wêrom soe er him op glêd iis weagje, as er har alle dagen by Sjerda treffe kin? In bern fan fjirtjin! Se smyt it briefke op 'e grûn. Dêr sit se wer foar de safolste kear yn 'e ellinde. Alle dagen slagget it him wer om har mei syn soares op te sadeljen. En wat jout it har, wat se ek seit, hy rêdt him derút, alles wurdt ûnder de tafel fage en de rollen wurde omkeard,
| |
| |
sy hat it dien, hy slingeret har de iene nei de oare belediging nei de holle. Se is jaloers, bekrompen, lytsburgerlik, dom dat se op soks yngiet. Moat se dêr wer op wachtsje? Miskien kin se Tessa belje... of har broer... Lit ek mar, wat hat se ek mei dat bern en dy snotaap te meitsjen. Wêr soe Jeroen úthingje? Se moat der net oan tinke syn snút straks wer foar har te hawwen, dêr't de iene nei de oare leagen út rûgelet. In skoft sit se stil foar har út te stoarjen. Nei in skoft komt se wer wat by har sûpe en stút.
Wat hie se harsels ek al wer beloofd? Noch ien akkefytsje en hy kin move! Even twivelet se noch: stel dat it dochs ûnskuldich is en dat dat bern yndied ferlyfd op him is en hy net op har... Och, wat kin it har ek skele wat op wa is! Hy kin barste.
Fyt komt yn in soarte fan fakuüm: gjin djipten, gjin grinzen. Neat. It fielt noflik. Dan wit se wat se wol. Se sjocht om har hinne en ynventarisearret de boel. Yn gedachten giet se it hele hûs troch. Dan giet se oerein en krijt it tillefoanboek. Se siket it nûmer fan Timmerbedriuw Bekkema op.
As se de nûmers yntoetst hat, sjocht se op it horloazje. Trije oere is it, as se gelok hat, kinne se noch in timmerman stjoere. 'Timmerbedriuw Beldcema, mei Nelly,' heart se oan 'e oare leant sizzen.
'Mei Fyt Geer... eh mei Fyt. Is it ek mooglik dat hjir ien komt om nije slotten op 'e doarren te setten?'
'No fuortendaliks?'
'Ja, it is belangryk dat it sa gau mooglik gebeurt.'
'Momint, ik sil even ynformearje.'
It hert slacht har yn 'e keel. Soe se syn namme ek hast noch brûlee. Fyt Hemminga hyt se wer fan no ôf.
| |
| |
'Om healwei fjouweren ferwachtsje wy ien fan 'e manlju werom. Miskien dat dy komme kin, mar wy kinne it jo net belove, want der wie noch in karweike yn 'e wurkpleats te dwaan. It hinget der fan ôf wannear't dat klear moat.'
'Is der net in oarenien beskikber?'
'Nee, fierder is der gjinien. It spyt my foar jo. Sadree't Marten hjir is stjoer ik him nei jo ta.'
'Oant hoe let wurkje se by jim middeis?'
'Fiif oere hat er frij.'
'Dat wurdt krap dus.'
'Moarn is der wol ien.'
'Moarn is it te let.'
'Wy sille sjen wat wy foar jo dwaan kinne. Wat is it adres?'
'Lytse Buorren 18.'
'Moai, ik haw it notearre. Eh... ik wol net ûnbeskieden wêze, mar is it sa dat jo bang binne foar ynbraak, ik bedoel, is it in feilichheidskwestje?'
'Nee, in spoedsaak.'
'Ik sil myn bêst foar jo dwaan. Goeie, frou eh..., jo tillefoannûmer is?'
'0514 134819.'
'Tankewol. Goeie.'
Oars kin de doar altyd noch op 't slot, beslút se. Dan is it no saak om sa gau mooglik syn brot de doar út te krijen. Se rint nei de studearkeamer en sjocht nei de kompjûter. Dat ding moat der earst mar út. Soe se him allinne tille kinne?
Se skuort de snoeren út 'e muorre en makket de printer, it byldskerm en de kompjûter fan elkoar los. Dan makket se de tafel derneist leech en set dy alfêst yn 'e garaazje. Dêr
| |
| |
plantet se alle apparatuer op. Foar it buro hat se help noadich, mar earst kinne de burostoel en de draaistoel der wol út. De stoel dêr't er yn 'e keamer op sit kin der ek wol hinne. Fuort dêrnei komt se mei in hânfol klean oanrinnen en leit dy boppe op 'e stuollen yn 'e garaazje. Underguod, sokken, boesgroentsjes en T-shirts troppet se yn in grutte reistas. Dan pakt se de waskkoer en skarrelet allegear lytsguod by elkoar: it skearapparaat, toiletguod, in spegel - heel belangryk -, toffels, twa pear skuon, syn moarnsjas. De tydskriften Filosofie en Tuinieren leit se derboppe op, dan hat er wat te lêzen jûn. Hy sil it wol stil fine de kommende tiid, hy mei sa graach prate. Al syn boeken ldaut se fan 'e planken en docht se yn doazen. Dan glide har eagen troch de finsterbanken, oer it oanrjocht, by de muorren lâns omheech. Se rint nei de útfanhûzerskeamer en skuort de linnenleast iepen. Hânfollen badhandoeken, waskhantsjes, lekkens, slopen, teedoeken en echte bûsdoeken fandelet se by elkoar. Alles Idapt se op it bêd. Se hellet de oranje plunjesek fan de fliering, sûnt de ferkearingstiid hat se dy net wer brûkt. Der leit in geel spinreachachtich baltsje guod op, mei lytse aikes deiyn, dy mei er hâlde. Se rûkt oan de tas, hy rukt moassich. It past der lang net yn, se hellet in grize plestyk pûde út it oanrjochtkasdee. En foar de safolste kear rint se de hoeke om nei de garaazje ta. Even kipet se by de buorlju yn 'e tún oft se ek ien sitten sjocht. Buorman sit bûten yn 't skaad fan de parrebeam te lêzen. Dat komt net raar út, dan kin se him straks moai roppe om it buro der mei har út te sjouwen.
Se rint fan 'e keamer nei de keuken en wer werom: wat hie se noch fergetten?
It bêd krijt er net, it útfanhuzersbêd kin er meinimme. Kin
| |
| |
er fiele hoe lekker oft it leit. Mar dat kin letter wol. Se skuort it laadsje fan 't nachtkastke oan syn kant iepen en fynt in stripke piltsjes. Slieppiltsjes! Dy sil er wol noadich ha de kommende tiid. Se wist net iens dat er dy dingen brûkte. Neat foar him om keunstmjittich yn 'e sliep te fallen. Fierder is it leech. Har eagen reizgje troch de romte. Even kin se neat mear betinke. Se lit har op bêd sakje. Yn gedachten giet se de dei bylâns. Wat hat in minske allegear noadich fan moarnsier oant jûns let? Dan komt har wer wat yn 't sin: bestek, pannen. Iten!
Yn 'e bykeuken fynt se in grutte doaze. Se rint dermei nei de keuken en hellet fan alles út 'e oanrjochtkastkes: in heale bôle, sjem, pakjes sop, makaroany, in blikje corned beef, makaroanykrûden, rys, nassykrûden. Se hellet in pak molke út 'e kuolkast en pakt de nageltsjetsiis om der in beste hoeke ôf te fykjen; se wol net krinterich wêze. Syn sigaretten! Hy mei se allegear meinimme, graach sels. Kin er mar raak wolken blaze. Yn 'e kast yn 'e keamer leit noch in slof, der ek mar yn. De doaze is fol.
Mei it hege gefal foar 't boarst heart se buorman op klompen oankommen, mar se sjocht him net.
'Middei, Fyt, ek mar betiid thús hjoed. Drok sjoch 'k wol, lêst fan 'e himmelsykte?'
Se út de doaze in eintsje sakje.
'Gaatse, soenen jo my straks even helpe wolle?'
'Altyd fanke, sis mar' hoe en wannear.'
'No daliks. It buro moat derút, mar allinnich is it net te tillen.'
'Leave frede, buorfrou, jo hawwe it wol op 'e heupen net?' Hy rint har achternei en besjocht al it guod yn 'e garaazje.
| |
| |
Fuort dêrnei beprate se it swiere buro fan Jeroen.
'De laden moatte der earst mar út, en dan moat it op 'e sydkant troch de doar, oars rêde wy it net,' seit er net al te oertsjûgjend. Der skimeret wat fan twivel troch yn syn eagen. Fyt skuort de laden derút en steapelet se op elkoar.
'Halde jo útferkeap, Fyt?'
'Hoe riede jo it, buorman! En Jeroen kinne se der fergees op takrije.'
'Wat hawwe wy no?'
'Jeroen giet de doar út mei al syn Dingen.'
'Jo ferbalje him tydlik nei de garaazje? Rúzje hân?' Hy jout har in knypeach.
'It is in tuskenstasjon. Krije jo him oan dy leant dan nim ik him hjir.'
'Jo binne blykber goed út 'e rie. Is it net better en sliep der noch in nacht oer?'
'Nachten genôch net fan sliept, Gaatse. Ik sko him dy kant út, nei de doar ta. As jo no lûke...'
'De jeugd kin tsjintwurdich hurd besluten nimme. Wachtsje even buorfrou, ik wol de teannen der net ûnder ha... as Gjet en ik destiids ek sa hurd út 'e rie west hienen...' Hy set beide hannen op it buro en liket ynienen net sa hastich mear. Hy lûkt de rêch rjocht en faget him mei de reade bûsdoek oer de foarholle.
'Ik haw der lang genôch oer neitocht. As jo ldear binne mei switfeien til ik him oan diskant op en dan ldpe wy him op 'e side.
'No wit ik it even net, Fyt, ik wol leau 'k leaver net mei yn 't komplot sitte.'
'Helje Gjet dan mar op.'
| |
| |
'Dan binne wy noch like fier, it is better dat wy as buorlju ús hjir mar net mei bemuoie yn dit gefal, soe 'k sa tinke.' De tillefoan rattelet. Fyt wrot har tusken it buro en de doarpost troch en draaft nei de tillefoan.
'Mei Fyt!' ropt se.
'Timmerbedriuw Bekkema, mei Nelly. Ik haw goed nijs foar jo, der kin wol even ien komme. Pyt, ien fan 'e oare wurknimmers, is kiekt werom op 'e saak. Om hoefolle slotten gong it?'
'Om twa.'
'Goed, hy nimt materiaal mei. Dan rydt er no nei jo ta.'
'Prachtich, betanke.' Fyt klapt de hoarn derop en faget har in pear kear troch 't hier. Se hat der sin oan. Gaatse kin nei hûs, kin er syn ûnskuld bewarje. Pyt helpt wol.
'Buorman, jo hoege de hannen net mear smoarch te meitsjen. Ik haw it al oars regele.'
'Ik soe my noch al in kear betinke, buorfrou... as ik jo wie.'
'Dêr bin ik fjirtjin dagen nei ús trouwen al mei begûn. Oer in pear moanne binne wy fiif jier troud.... rekkenje mar út. As dat net faak genôch is!'
'It spyt my om jo.' Hy bliuwt stean.
Fyt rint nei de keamer en sjocht de brief oer de grûn lizzen. Se stekt him yn 'e slúf dêr't er út kommen is en hellet in oare, gruttere slüf út it kammenet om him dêryn te dwaan. Twa postsegels plakt se derop. Se rjochtet de brief mar wer oan de ôfstjoerder, yn dit gefal Tessa, it adres siket se yn 't tillefoanboek op. Ek al hat Tessa de brief wierskynlik net sels skreaun, dan wit se yn alle getallen mar wat der bûten har om gebeurt. Op 'e achterkant skriuwt se: de groeten fan Fyt. In skoft lang stoarret se nei de namme op 'e foarkant: Tessa
| |
| |
Simonides. It koe syn dochter hast wêze. Mar Jeroen sil gjin bern krije. Hy doarde de ferantwurdlikheid net op him te nimmen om bern op dizze hurde, kalde, materialistyske wrâld te setten. Twa jier lyn hat er him sterilisearje litten, tsjin har sin yn. Der foel net oer te praten, kompromissen slute koe net by sokke prinsipiële kwestjes, it wie it ien of it oar. Se hie him op it hert drukt om der mei net ien oer te praten, want as ien yn it doarp it wist, wisten se it allegear. Se koe him, yn 't fjoer fan syn ferhalen oer De Dingen fan it bestean rekke er net allinne de tried kwyt, mar fergeat er ek syn ôfspraken mei har. It hindere neat mear. Hy mei no dwaan wat er net litte kin, har hat er der net mear mei. Se krijt de brief en rint nei de brievebus. Dy stiet mar in pear huzen fierderop.
|
|