| |
| |
| |
25
Mei ús trijen rinne wy neist elkoar op it skoalplein, Anita, Jos en ik. Wy hawwe ûnferwacht in oere frij krigen omdat Veenstra siik is. De hele moarn haw ik amper in wurd heard fan wat der sein waard. Hieltyd hie ik Jeroen syn gesicht foar my, hoe't er seach doe't er de leagens oan Fyt fertelde. 'Wat ik dy noch fertelle soe,' begjint Jos tsjin my as wy it plein ôfrinne, 'ik sei ommers dat der wat wie dat ik dy net oer de tillefoan fertelle woe... Marjan wie bang dat se swanger wie. Witst wol, Marjan út 3c, dy lange swarte, ferline jier wie 'k ommers wol faak by har tusken de middei. Wy rookten stikem wolris in joint. Ik haw no trouwens ek wiid by my, wy kinne straks yn 't park wol even ien roke, ik wit wol in moai plakje dêr't net ien ús sjocht. Jim Brucht moat ús net sjen, wat is dat in achterbakse lui, ju, hy sit my altyd út te kloarkjen oer dy.' Jos lukt in fiis gesicht.
Ik rin oan 'e bûtenkant neist Anita.
'Tocht Marjan dat se yn ferwachting wie?' freegje ik.
'Wat praatst ynienen sacht,' seit Jos. 'Se heart it heus net.'
'Dwaal net ôf,' seit Anita.
'Dy ha 'k it ferhaal al dien. Of wolst it soms noch graach in kear hearre. Leedfermaak, bah!'
'Krij wat!' snaut Anita.
'Hâld do dy dan no even stil, dan sil ik it ferhaal oan Tessa fertelle, brave Tessa... Of net helendal wier: wêrom makkest dyn húswurk noait mear en wat wol dy filo... dy Jeroen mei dy? Dy fint is troud, net? Dat sei Anita teminsten. Hy woe mei dy prate juster, hy stie by 't fytspaad op dy te wachtsjen. It wie belangryk, sei er. De wanhoop dripte him fan 'e kop
| |
| |
ôf. Wat in kwal. Do bist dochs net swanger fan him, wol?'
'Jos, doch net sa ferfelend, doch even normaal. Tessa is de lêste dy't soles oerkomme sil, dat witst sels ek wol. Se wit noch net iens hoe't it moat. Fertel fierder.'
'Okee, Marjan hat it mei him dien, sorry, net mei Jeroen, mar mei in oarenien. Se hie neat by har en hy ek net. Se wol net sizze wa't it is. Flau, echt wer wat foar har. Se wol neffens my ynteressant dwaan. It soe my neat ferbaze as se alles gewoan út 'e tomme sûcht. Se kin heel goed lige.'
'Fierder.' Anita jout my in stomp en lûkt in gek gesicht. Se fermakket har ta de teannen út.
'Rooksto straks ek ien mei Tessa? Of hast in smoesje?' freget Jos.
'Ik rook mei.'
'Goedso. Se leart it al, se wurdt al in flinke meid. Moatst ús aanst al even fertelle wat dy Jeroen presiis wol.'
'Marjan tocht dus dat se swanger wie...' Anita palet de tried wer op foar Jos.
'Se bestoar it fan angst, se wist net wêr't se krûpe soe. Doe hat se har suster Gonny belle, út in tillefoansel wei, har mem mocht it net hearre fansels. Gonny tocht dat der wol in kâns bestie dat it mis gongen wie, want se siet midden yn 'e syldus. Mar goed, om in koart ferhaal lang te meitsjen, ik bedoel oarsom... gatfer, wat kin it ek allegear sleele, wêrom begjin ik hjir ek oer... okee ik sil it ôfmeitsje, oars seure jim wer. Gonny sei: kom hjir mar, dan nim ik dy mei nei ús dokter en dan helje wy de Morning-afterpil. Dat hawwe se dien. Se hat twa tabletten ynnommen en har kotsmislik field, alles derút spuid en, no ja, ek poept... poepe en spuie, dêr kaam it op del. Omdat se binnen trije oeren alles derút
| |
| |
jage hie, de medisinen ek, moast se wer twa nije tabletten by de apteek ophelje. It wie in gedoch fan heb-ik-jou-daar en in gelok by in ûngelok dat it yn't wykein wie en dat Gonny sa aardich foar har wie. Har mem-en-dy ha der neat fan fernommen, se is it hele wykein by Gonny bleaun te mislik- en beroerdwêzen, se barste fan 'e pine yn 'e holle en se wie ferskriklik yn 'e war. De hormoanen fleagen har as torpedojagers troch it liif. Mear witte? Ik haw sin oan in joint straks. Kees is in pop, hy gunt my wol wat. Hjir! In pûdsje fol ha 'k fan him krigen. Doornroosje. Hy joech my dizze ek noch, in tientsje koste er, kant en klear.' Se hellet in pûdsje mei grienachtich guod en in plestyk buiske mei in sigaret deiyn út 'e bûse.
'Hoefolle fan dy Morning-afterpillen moatte je hawwe, ik bedoel hoelang en hoefolle dagen?'
'Sjochst no wol! Sei 'k it net Anita, it is wol mis mei Tessa.'
'Witst net iens hoe't de Morning-afterpil wurket?' freget Anita.
'Nee, noait fan it ding heard.'
'Moatst him fuort de oare moarns ynnimme ast bang bist dat it mis gongen is, as it kondoom stikken gongen is of sa, ik neam mar wat...'
'Fuort de oare moarns al?'
'Ja, sa gau mooglik. Dus knoopje it yn dyn reade earkes! Sjoch dy achterlike fint dêr noris, dy mient dat er leuk is,' seit Jos. Se wiist nei in jonge, dy't yn in lantearnepeal klimt. 'Kinst him net letter ynnimme, trije dagen dêrnei of sa?'
'It moat binnen twa dagen, haw ik wolris heard. En no oar praat graach. Dy hele troep hinget my de keel út en Marjan derby. Se hat der sels om frege, it is in dikke trut. Se brûkt
| |
| |
selden of noait har ferstân, ik wol ek neat mear mei har te krijen hawwe. Yn it park by de fiver, achter de beamkes, sjocht net ien ús. Tessa, it is dyn earste kear, hin? Of giest der wer foar omlizzen, sa as altyd?'
'Nee, ik doch mei.'
'Hearst net botte entûsjast, senuwen seker? Kin 'k my begripe, je kinne der de earste kear knap mislik fan wurde, foaral as je net roke. Of it docht je helendal neat, dat kin ek. Kinst ek begjinne te sweven, itselde gefoel as wannear'tst in skoft net rookt hast en foar 't earst wer in sigaret opstekst. Mar do witst fansels ek net wat dat is. It is itselde gefoel as wannear'tst op 'e merke út 'e sweef stapst en wer op 'e grûn stiest. Moatst der even trochhinne bite.'
Ik sjoch om, de skoalle is út it sicht. In lyts jonkje slingeret op syn fytske wyld om us hinne, syn mem ropt oan him. Der komt in auto fan 'e oare kant. Hy falt. Op in hier nei kin de auto him ûntwike. Heal gûlend draaft de mem nei it bern ta. Se tilt him op en hâldt him stiif tsjin har oan. Ik sakje ôf en begjin achter Jos en Anita oan te rinnen, der binne gjin trorwaars, wy nimme de heale dyk yn beslach. Yn it winkelsintrum krioelet it fan 'e minsken yn ljochte simmerklean, se lykje brún en bliid. Ik sjoch omheech, de loft is sttak blau, it is hyt, mar de sinne rekket my net. Ik rin en mear ek net, dat is it. De joint dy't op my wachtet seit my neat, oars soe 'k miskien senuwachtich west ha. Mar no is der neat dat my noch fierder yn 'e put helpe kin, ik haw de boaiem al berikt. De tiid moat om. Wêrom wit ik net dat de Morning-afterpil bestiet? Wêrom witte sy dat wol? As ik it witten hie, hie 'k it dan doard om dy pillen te heijen? En as ik spuie moatten hie, wa helle dan nije foar my?
| |
| |
Iksels. Alles is better as dizze moardzjende ûnsekerheid. Sels deagean. 'Tessa, witst wat my de lêste tiid oan dy opfalt?' freget Anita. Se bliuwt stean en sjocht my oan.
Ik bliuw ek stean en sjoch har oan. Myn hert bûnzet.
'Datsto de lêste tiid heel oars bist as oars, eigendik it hele jier al, as ik der goed oer neitink. Do bist sa stil en sa, ja... wat moat ik sizze... krekt as bist der net echt. Do hearst net iens goed nei wat wy sizze. Niis ek wer mei dat gefal fan Marjan, do stelst ien of twa fragen en it is wer dien en do fertelst sels neat. Dat mei Jeroen, dêr seist helendal neat oer. Jos fynt it ek, wy hawwe it juster noch oer dy hân. Do wurdst saai, der is gewoan neat mear oan dy.'
'Ik wit net...'
'Ja!' ropt Jos. 'En do sjochst altyd like bang om dy hinne, krekt as ferwachtest elk momint dat ien dy wat oandwaan sil. Komt it soms omdatst altyd by dat gekke wiif bist? Dat Hierwiif? Wurdst krekt sa geskift as har? Sneontejûn nimme wy dy mei, dan geane wy lekker op stap mei ús trijen en dan sette wy de boel wer ris âlderwets op stelten. Nimst dyn leukste klean de middeis mei nei my ta? Anita nimt de klean ek mei, kinne wy moai wat ruilje. Us mem is op 't heden sa sunich as de neten, moatst net miene dat ik wat nijs ha mei. En sels keapet se de winkels leech mei de djoerste klean. In jas fan achthondert gûne hat se kocht yn sa'n kakwinkel. En ús heit moat sa noadich yn in nije auto ride, oars kin er net opskeppe by syn kollega's. Dat ik yn fodden rin, dat hindert neat. Sjoch, dêr achter dy beamkes kinne wy wol sitte, net ien sjocht ús dêr fan 't paad ôf. As Silia hjir mar net lâns rint, dy fertrout it fêst net as se ús sitten sjocht te roken, se giet samar nei de rektor om te klikken. It liket wol
| |
| |
as is dat bern paranormaal begaafd, se rûkt ûnrie en se is der. Se spoket hjir withoefaak allinne yn 't park om, gewoan om guon derby te lappen. Neffens my is der in stekje oan har los. Ik mei har foar myn eagen net sjen en sy my trouwens ek net. Gelokkich mar, oars soe 'k goed oan mysels twivelje. Moai plakje hjir, fine jim net?' Se ploft langút yn 't gers del.
'Even sjen oft der gjin hûnestront leit,' seit Anita. Se strúnt it gers bydel en út har dan ek sakje.
'Mar hoopje dat it spul in moai skoft wurket, dan bin ik straks ûnder Spiekstra syn les lekker dizzy, kin ik hearlik weidreame. Ik wurd spikergek fan dy kearel, jim net? Selden ha 'k ien meimakke dy't sa jeuzelt, je hâlde gewoan de eagen net iepen by dy fint. As er krekt sa neukt as dat er praat komt er noait klear.'
'Hee Jos, doch even normaal, Tessa kin net oer sok praat!'
'Tessa moat noadich in lekkere fint ha. Wistest echt net dat de Morning-afterpil bestiet, Tessa?' Jos hellet de sjek en it pûdsje mei wiid út 'e bûse. 'Ek noait fan de prediktor heard, tink?' Se hellet de wynbrau mei de piercing op en laket my gemeen oan. Anita pakt Jos de sjek ôf en begjint ien te draaien. 'Do bist knap agressyf hjoed, Jos. Hoe is 't mei dyn hormoanen?' freget se.
'Doch net sa ûnnoazel! Hjir.' Se smyt Anita de wiid ta.
'Draai fuort ek even ien foar har.'
'Moatte je foar de prediktor in resept ha?' freegje ik sa ûnopfallend mooglik. Ik sjoch net ien fan beiden oan, ik pluk it gers neist my noch koarter as dat it al is.
'Nee, dy kinst sa by de apteek wei helje, mislden ek wol by de drogist, dat wit ik net,' seit Anita. Se rost de bledsjes wiid
| |
| |
fyn tusken de fingers boppe in stik papier en lit it op 'e sjek rûgelje.
'Wannear kinne je dy prediktor brûke, fuort de oare deis al?' Myn stim trillet, ik hear it sels. Jos sjocht nei my ik fiel dat se my ûndersykjend opnimt.
'Hee Tessa, do hoechst net sa'n prediktor te brûken wol? Sis no even earlik!'
'Jos! Krekt ferwietst har noch dat se fan neat wist en no't se wat witte wol krijt se hieltyd fan dy flauwe opmerkingen fan dy!'
'Se docht sa ûnnoazel. Hoe moat ik dat trouwens allegear witte fan dy prediktor, ik bin gjin dokter. Ik soargje heus wol dat ik feilich frij en oars helje ik de Morning-afterpil, sa simpel is dat. Ik wol neat mei prediktors te krijen ha.'
'Ast net mear ûngesteld wurdst, hellest de prediktor.' Anita lûkt de tonge by it sjekje lâns. 'Sjoch, lekker, hjir hawwe jim ek noch wat flibe fan my derby.' Se stekt Jos en my in sigaret ta.
'Wêr is myn fjoeroanstekker no wer?' Jos taast drok yn alle bûsen.
'Ik haw wol ien, no panic.' Anita jout har de fjoeroanstekker.
Jos stekt de sigaret oan en lit har achteroer falle: 'O, wat is it hjir hearlik! Wat haw ik trouwens in sin oan moarntejûn. As Steven der is wurdt it in te geldce jûn, ik bin der seker fan dat er op my falt. Ik fal trouwens ek op him. In moardknul is it, ha jim sjoen hoe't er rint, mei dat seksy kontsje fan him?'
'Witst neat betters? Bah!' seit Anita. Jos sjocht nei my. 'Tessa, net te hurd en te djip ynhelje. Ast mislik wurdst,
| |
| |
moatst even wachtsje, stadich opbouwe de boel. Krekt sa as mei seks, dan bliuwt it lekker spannend. Of net Anita?' Se gychelje.
Ik lit my achteroerfalle en sjoch nei it iennichste wolkje oan 'e loft, it komt amper foarút. It is helendal rûn en krollerich oan 'e kanten. Ik hâld it mei de eagen fêst en tink oan de pillen dy't ik mist haw. Hie 'k mar in suster as Gonny! Jos en Anita soenen elkoar fêst wol helpe as se yn 'e rats sieten. Ik stean derbûten. Ik bin te braaf, Jos seit it seis. As se alles ris wist! It is omdat ik it húswurk net makke haw en dat ik spijbele, miskien ek wol omdat Jeroen op my wachte, mar oars... Dat sil it west ha! Se binne nijsgjirrich. Wat hat Brucht allegear mei Jos bepraat? Doar ik it har te freegjen? Neat freegje. Dêr komt allinne mar mear gedonder fan.
Hoe't Jos en Anita mei elkoar omgeane en tsjin elkoar prate, dat kin ik net. Hoe dogge se dat. Se hoege net iens nei te tinken oer wat se sizze sille, der komt har samar wat yn 'e holle op. Floep!, en der is praat. Hoe't Anita Jos ôfbekje doart. Dêr bin ik in stumper by. De wolk raffelet út... ik sûgje oan in sigaret en ik wit net wêrom't ik it doch. Wêrom lis ik hjir? Wat moat ik hjir? Wat doch ik sowieso op 'e wrâld? Wêrom libje wy? Sûgje en blaze om derby te hearren. Mar ik hear der net by, by net ien. Anita en Jos binne sa oars wurden. Of bin ik sels oars wurden? Oars as aile oare minsken? Minsken lykje der gjin muoite mei te hawwen, se libje der mar op los. Se dogge as hearre se der te wêzen, as is alles mar normaal. Ik woe dat ik ferdwine koe krekt as dy wolk, nei in lân sonder minsken. Nei in lân dêr't neat is, dêr't je rest hawwe, foar altyd.
| |
| |
Jos sit rjochtop, Anita ek. Ik sjoch skean fan achteren wei nei Anita har gesicht. It hat in moaie foarm. Se hat moaie rûne wangen. Dy hat Jos net. Oan Jos is alles meager, bonkich en puntich, fan it kin oant en mei it hier. It hier stekt yn skerpe nuddels rjocht omheech, se hat de bokkeprúk op. Har noas is fyn en skerp, de kaak hoekich. It wite hier fan Anita leit har as in kleedsje op 'e rêch, it giet foar de helte by de wangen lâns. Nei Jos doar ik net langer te sjen, ik wol net dat se it fernimt, se soe begjinne kinne te praten. Se moat my ferjitte. Ik sjoch nei in beam in eintsje fierderop, it is in boek. Sa'nien stiet ek by Sjerda op it hiem. De blêden hingje yn 'e fiver, it is in treurboek.
'Sliepst?' freget Jos, se draait har om.
Ik skrik.
'Dat leau 'k net,' sis ik. Wer sa'n dom antwurd, ik kin mysels wol foar de kop slaan. Ik doch de eagen ticht.
Wat soe Anita sein ha op sa'n fraach, freegje ik my ôf.
Djip ynhelje, mislden is it net ferkeard om wat high te wurden. Ik doch koarte lûkjes, hieltyd djipper. Nei in skoftsje fernim ik it, ik fiel dat ik sa licht as in fearke wurd. Gedachten komme en tûmelje sa hurd oerinoar hinne dat ik se net mear folgje kin. Ik kin my net mear betinke wat ik twa tellen lyn noch tocht haw. Jos en Anita hawwe in heel skoft stil west. Wêrom binne se sa eigenaardige stil?
Krekt dan begjint Anita te praten: 'Sjochst dat dinkje dêr yn 't wetter driuwen?'
'Wat dinkje bedoelst?' freget Jos.
'Dat knûdeltsje fearren. Dêr!' Se wiist. Ik til de holle op.
Ik sjoch in ein, se moat in ein bedoek.
'Gek, sa'n beestje... sjoch, dêr hast Doornroosje ek, wat hat
| |
| |
se in dom huodsje op, net? Se hat in pûde mei bôle by har, net te leauwen.' Jos begjint te skatterjen fan 't laitsjen. 'Sjoch, se waggelet nei de eintsjes, der binne mear, folle mear fan dy dinkjes... waggel... waggeldewaggeldewaggel. Wyfkewaggel is hast by 't eintsje, godallemachtich se kinne fleane...' Nokkerje, se komme net mear by. 'Hap seit it eintsje, bôle fuort... wyfke bliid... hahahaha... kwekkwekkwekkwekkk.... waggelwaggel...' Se prate troch elkoar hinne. 'Wyfkewaggelet, eintsjewaggelet,' seit Jos. Beide bûge se har foaroer, slop, dan litte se har wer achteroerfalle, se hâlde it liif fêst, rôlje har om, triennen rinne har oer de wangen, sa laitsje se. 'Kwekkerdekwekkwekkwek... wjukkeldewjukkel, kom mar jonge... hjir jonge...' It klappen fan wjukken, it drok kwetterjen en op- en delfladderjen fan de einen meitsje dat Anita en Jos it op 'e nij útgeie fan wille. Se bewege de earmtakken op en del as wolle se ek fleane.
'Soort zoekt soort,' seit Jos. 'Wat in achterlik gesicht, dat domme minske.'
Ik sjoch nei de frou mei de lange plestyk pûde yn 'e hân, foar de helte fol mei stikjes wite bôle, hieltyd smyt se in hânfol nei de einen. By elke beweging dy't se makket fleane de einen fan skrik even omheech, mar se komme like hurd wer del om op 'e wite stikjes bôle ôf te stowen. Alle kearen as de frou har earm fuortsjit gûle en gjalpe Jos en Anita it út. It fielt as lûkt alle gewicht út my. Ik wol my wer swier meitsje, mar it wol net. Boppe de noas en tusken de eagen begjint it my fûl te stekken. Ik wol stean gean, mar de earmen en fuotten lykje wol losse flodders.
'Kom mar eintsjes! Kwekkerdekwekkwekkwek,' roppe se om 'e beurten. Ik rin fuort.
| |
| |
De lûden wurde swakker, ik smyt de sigaret neist it paad. Anita en Jos roppe oan my mei kwetterjende lûden dertuskentroch. It wol noch hieltyd net goed mei 't rinnen. By in bankje bliuw ik stean, dêrwei kin ik dy twa net mear sjen en hearre. Ik gean sitten. Prediktor... Morning-afterpil, de wurden fladderje my út en yn 'e holle. It is te let, ik haw der neat oan, mar se wolle likemin fuortgean, dy wurden. It sachte koarte gers bringt my yn 'e ferlieding om derop lizzen te gean. Mar ik wol fierder, sa fier mooglik by Anita en Jos wei. Stapke foar stapke folgje ik it paadsje, de eagen stiif op 'e grize modder. Dan sjoch ik tegels. It trotwaar. Ik bin út it park wei, ik rin by de Linge lâns. Yn 'e fierte is in wyt brechje, dêrachter is natuergebiet. Op in buordsje stiet dat it ferbean terrein is. Dan komt der net ien, dus. Rêst. As ik dêr mar ien kear bin, dan kin ik sliepe... hearlik sliepe. Myn fuotten geane as fansels, de linker foar de rjochter en de rjochter foar de linker. It is as bestean ik allinne noch mar út fuotten, lam en swier binne se. In sleat! Ik stean foar in smelle sleat mei dêrachter reiden en kamgers. Ik spring en lis tusken hege griene snilen.
Mei in skok wurd ik wekker. Ik sjoch oars net as loft en reid. Mar alles wat der gebeurd is gliidt fuort wer as in donkere wolk oer my hinne. De ferhalen fan Jos en Anita oer Marjan, de Morning-afterpil, de prediktor komme as in brij fan smoarge brobbels út in modderpoel omheech driuwen nei de oerflakte, se spatte út elkoar en wurde opnommen yn it smoarge, grûnige wetter. Ik bin wiet fan 't swit. De sinne stekt, hy stiet leadrjocht boppe my. Net in wolkje is der no mear oan 'e loft. Ik sjoch op it horloazje, it
| |
| |
is fiif minuten oer healwei ienen, ik hie allang op skoalle wêze moatten. Noch twa en in heal oere en dan bin ik frij. Wat betsjut frij? Jeroen stiicht foar my as in swarte moerasgeast út 'e reiden wei omheech. As ik sitten gean, kloppet it fûl boppe yn myn holle, it bloed hat him dêr ophope en kin gjin kant út, sa fielt it. In seurderich gefoel yn 'e mage pleaget my ek. Hoe lang is it wol net lyn dat ik iten hân haw? Ien stikje bôle mei pastasjoka fan 'e moarn betiid, mear net, en dêrnei dy fize sigaret. Ik moat nei skoalle. No. Net gean leveret my noch folle mear gedoch op, se begjinne wer nei hûs ta te beljen. Jos en Anita sille ûnderwilens wol yn 'e klasse sitte, dan rin ik gelokkich net folle kâns dat se my ûnderfreegje oer wêr't ik west haw. Miskien kin ik by it wikseljen fan de oeren hurd even yn 't húske glûpe.
Mei in koarte oanrin spring ik oer de sleat. Ik besykje te draven, mar it is net te dwaan, de holle slacht my sa fûl dat ik der mislik fan wurd.
Myn fuotstappen hearre hol op 'e stiennen neppen, ik rin heel stadich, ik haw gjin enerzjy mear. Ik tel de triemen om de oansttiid te ûnderdrukken my om te kearen en fuort te gean. Guon keare de holle om as se my foar 't rút fan har klasse lâns rinnen sjogge.
Samar doch ik de doar fan ús lokaal iepen, ik begryp sels net iens dat ik it doar.
'Wêr komsto sa let wei?' snaut Spiekstra. Ik haw de kruk noch beet. 'Wit ik net.'
'Do witst net wêr'tst wei komst? Dat tocht ik al, dêr sjochst ek nei út.'
| |
| |
De learlingen rize as in swarte muorre foar my op.
'Gean sitten, pak dyn boeken en lIt my dyn skrift sjen.'
'Ik haw it net makke, ik...'
'Se hat it net makke. Wat dochst hjir eigentlik?'
'Neat dus.' Hy keart it gesicht fan my ôf en seit:'Sandra, kinsto my útlizze hoe't in barometer wurket?'
Ik helje it boek út 'e tas en blêdzje der hurd trochhinne.
'Silst it wol net fine kinne, hast it boek wolris iepen hân?' freget er.
Ik hie net fernommen dat er noch nei my seach. Ik hâld op fan sykjen en bliuw stil sitten.
Foar my yn 't boek steane tekeningen fan de 'Maagdenburgse halve bollen'. De hele oere besykje ik sa min mooglik op te fallen. Gelokkich sit Jos mei natuerkunde net achter my en Anita is ek op feilige ôfstân.
As einlings de bel giet bin ik as earste by de doar om hurd nei it oare lokaal op 'e twadde ferdjipping te rinnen. As earste sit ik. Guon sjogge my even oan, mar sizze neat. Dan komme Jos en Anita it lokaal yn stappen, beide spatte se fuort op my ta.
'Wêr hasto west? Wy koenen dy nergens mear fine, wy tochten earst datst ek nei dy domme einen ta gongst en datst wol wer weromkomme soest,' seit Jos. Se laket in bytsje. Anita sjocht my allinne mar freegjend oan.
'Ik hie pine yn 'e holle en fielde my wat sweverich, ik tocht dat in eintsje rinne miskien wol helpe soe.'
'In eintsje? Neamst dat in eintsje? Hast wol in oere fuort west, wiest ommers hartstikke let by natuerkunde,' seit Anita.
'No en?'
| |
| |
'Ja, no en! Hast gelyk, wat kin it my ek skele, moatst it sels mar witte. Om myn part rinst nei de Noardpoal ast dat leuk fynst.' Se hellet de skouders op en rint fuort.
Jos bliuwt stean, se sil wat sizze, mar betinkt har blykber wer. Noch twa oeren en dan moat ik as de wjerljocht sjen dat ik it lokaal út kom. Ik fyts net it gewoane paad del, stel dat Jeroen wer ergens úthinget, dan sjogge Jos en Anita him ek noch. De holle knapt my hast. Yn panyk sjoch ik nei Femke, dy't neist my sit.
'Hasto tafallich ek asperyntsjes by dy?' freegje ik har.
'Nee, wat is der dan oan? Bist ûngesteld of sa?'
'Nee, dat net,' flústerje ik, 'ik bin sa...'
'Wachtsje mar, ik helje wol even ien foar dy op, de konsjerzje hat se wol.'
Se is fuort.
Se komt Withuis fan Ingelsk by de doar tsjin, hast fleane se dêr by elkoar op.
'Wat moatsto sa hurd?' freget se.
'In asperyntsje helje.'
'Hast pine yn 'e holle?' se sjocht Femke in stik freonliker oan.
'Nee, Tessa!' en fuort is se.
'Hasto pine yn 'e holle?' Withuis komt op my ta rinnen.
'Ja,' sis ik.
'Sjochst der ek net sa goed út. Wat hast hjirnei foar les?'
'Wiskunde.' Ik sjoch nei de krassen op it formikablêd foar my.
'Meist wol nei hûs ta gean ast dy net goed fielst.'
'Okee,' sis ik. Ik paie de tas yn en rin troch de klasse sonder op of om te sjen.
| |
| |
De stilte folget my oan de doar ta.
'Kinst wol allinne nei hûs?' freget Withuis as ik de doar al heal iepen ha.
'Ik bring har wol even,' ropt Anita.
'Nee dat hoecht net,' rop ik. Gau doch ik de doar ticht.
Underoan de trep kom ik Femke tsjin.
Se hat in glês yn 'e iene hân en in asperyntsje yn 'e oare.
'Yn 'e wc kinst wol wetter helje of... wat dochst? Wêr giest hinne?'
'Ik mocht nei hûs,' sis ik as ik it glês mei it asperyntsje fan har oernim.
'Trefsto it even. Ik haw in gefoel dat se in s.o. jout.'
'Hast it goed leard?' freegje ik har.
''t Giet wol, rink ik. Okee... no hoi! Lekker opknappe!' ropt se. Se draaft de trep mei twa triemen tagelyk op.
Femke is folle leuker as Anita en Jos. Wat doch ik mei Jos, se bekket my allinne noch mar ôf de lêste tiid. Ik wol neat mear mei dy twa. Sneontejûn gean ik net mei. Se kinne it op-en-del krije. Ik rin nei 't húske en lit by 't fonteintsje wetter yn 't glês rinne. Ynienen moat ik oan de serestas tinke, ik hie guon meinimme moatten. Stom.
Wêrom bin ik eigentlik by Jos en Anita, krekt by dy twa, freegje ik my ôf as ik de fyts út de stalling helje. Allinne om it feit dat it fan de earste klasse ôf sa wie en omdat wy op deselde basisskoalle sitten hawwe? Moat ik dêrom ivich en altyd as in hûntsje achter har oan keutelje? Se meitsje my it leafst belachlik. Wie Femke myn freondin mar. Soe Femke dat wolle? Se sil wol wizer wêze, dy giet net mei ien om dy't mei troude manlju omslacht. Se wit it ommers net. Noch net. Wat soe se raar sjen.
| |
| |
Ik fyts it gewoane paad del, it oare is tweintich minuten langer. Jeroen tinkt dat ik letter útkom. Hy rint my lekker mis, heel even bin ik bliid.
De wyn strykt waarm oer myn hûd, mar likegoed bliuw ik klam fan 't swit.
It wol net fytse, ik hel my te slop om stevich oan te traapjen. Ik stap ôf en helje in stik bôle út 'e tas. Fuortdaliks stap ik wer op, ik mei gjin tiid fersldte. As ik de bôle op ha, is de mûle my sa droech, dat it my yn 'e keel heazet. Op healwei is in benzinestasjon, ik nim my foar om dêr in blikje cola te heljen.
Hieltyd sjoch ik achterom, as ferwachtsje ik dat Jeroen achter my wêze sil. Soms is it gefoel sa sterk, dat ik as in gek begjin te traapjen oant ik fan wurgens net mear kin. It swit rint my yn tinne strieltsjes ûnder de earmen wei. Op 'e nij sjoch ik om, achter my is net ien op it lange rjochte ein.
It benzinestasjon komt yn 't sicht. De blikjes fris steane opsteapele foar it sydrút, ik kin hast net wachtsje. Mei de tonge slikje ik oer de droege, sâlte lippen.
Fytsend drink ik de cola op, ik fiel it kâld yn 'e mage rinnen. De kjeld slacht my tsjin 'e foarholle by elke slok dy't ik nim, it docht sear. De pine stekt my troch de holle. In heel skoft slagget it my om itselde tempo fêst te hâlden en net om te sjen. By it buordsje 'Buorfinnewei' slaan ik rjochts ôf. Feilich! Hjir komt er net. It is ien ôfslach earder as dy't ik oars altyd nim.
Sa kin ik ek wol by Sjerda komme.
|
|