koenen net mear op it gas opwaarme wurde. Hy siet al wiken te wachtsjen op in krommedief en in fentilator. Alle dagen waarden se yn 'e folders oanbean foar in spesjale priis, hie se dat soms oer de kop sjoen? Wannear kaam der in krommedief? 'Do bist myn krommedief.'
'Noait kinne je ek mar ienkear serieus mei dy prate, do makkest der altyd wer in ordinêre rúzje fan. Wêrom tochst dat ik sa faalt by Sjerda bin?'
'Sjerda hat gjin krommedief noadich, it sakket dêr wol tusken de planken. En in strykizer hoecht se ek net, want der is net ien dy't har sjocht. Hat se har eigen gebit noch?'
'Do nimst my net serieus. Dat is de deastek foar in goed houlik, witst dat wol?'
No stiet der noch mar ien adreswiziging yn 'e kompjûter. Fan 'e middei mei 't notulearjen moat se de kop der wol goed by hâlde. In skoft stoarret se nei 't byldskerm.
Wat docht se eigentlik mei him? It is noch altyd in puber, dy't tsjin 'e grutte minskewrâld oan skopt. Mei dy skripsje komt er gjin stap fierder. In pear dagen lyn hat er der foar it earst oan wurke, twa siden hat er skreaun en no moat er tinke, seit er. By guon wurksumheden koe er net tinke, by striken net, dat frege tefolle konsintraasje by de kragen en mouwen, dan kamen der falske tearen yn. Fan lekkens, skûlken en bûsdoeken waard er depressyf. 'Fan dy mochten wy gjin papieren bûsdoeken brûke.' Hy heart net iens nei wat se seit, fuort hat er wer in antwurd. 'Bûsdoeken, skûlken en lekkens strike je net, dat die ús mem ek noait. Se binne samar wer knûkelich.'
'It giet my derom dat it wat kreas yn 'e kast leit. Moatst sjen watfoar nuvere bulten it oars wurde.'